Jehannestsjerke (Lahnstein)
De Jehannestsjerke (Dútsk: Johanniskirche) is in roomske tsjerke yn Niederlahnstein, in stedsdiel fan de Dútske stêd Lahnstein (Rynlân-Palts). De letromaanske basilyk datearret út de 12e iuw en grinzget oan it eardere Jehanneskleaster fan de Kongregaasje fan de Hillige Herten fan Jezus en Marije. Net fier fan de tsjerke leit de mûning fan de Lahn yn 'e Ryn. It is ien fan de tsjerken fan de Martinus- en Damianusparochy fan Lahnstein, dy't ûnder it bisdom Limburg falt.
Jehannestsjerke | ||
![]() | ||
![]() | ||
De Jehannestsjerke yn 2023 | ||
Lokaasje | ||
lân | ![]() | |
dielsteat | ![]() | |
plak | Lahnstein | |
koördinaten | 50° 18' N 7° 35' E | |
Tsjerklike gegevens | ||
tsjerkegenoatskip | Roomsk-Katolike Tsjerke | |
bisdom | Limburg | |
patroanhillige | Jehannes de Doper | |
Arsjitektuer | ||
boujier | 12e iuw | |
boustyl | romaansk | |
Webside | ||
Parochy Sint-Martinus en Sint-Damianus | ||
Kaart | ||
Skiednis Bewurkje
De Johannestsjerke stiet op it plak fan resten fan in Burgus, in lyts romeinsk fort dy't de Romeinen yn 369 oan de mûning fan de Lahn bouden om de grins te beweitsjen en in soarte fan wachtpost wie foar it Castrum Confluentes, it tsjintwurdige Koblenz. Nei de Romeinen bouden Frankyske eallju it kompleks om ta in soarte fan stins en healwei de 9e iuw waard dêr in lytse tsjerke by boud, werfan't fûneminten yn it middenskip fan de hjoeddeiske tsjerke fûn binne. De westlike toer datearret al fan foar it jier 1000 en stie los fan de sealtsjerke dy't tusken 950 en 970 de earste tsjerke ferfong.
De tredde tsjerke waard yn 1136 foltôge en oan de toer fêstboud. Noardlik fan de tsjerke waard wat letter by it koer noch in twadde toer oanboud, dy't yn 1844 ynstoartte. De Jehannestsjerke hie slim te lijen fan ferskillende oarloggen en sa ek yn de Tritichjierrige Kriich, doe't de Frânsen efter de tsjerkhôfmuorren fochten mei de keizerlike troepen. Nei de oarloch waard de tsjerke yn barokke styl werboud. Mar by de oermastering fan Kar-Trier troch de Frânske revolúsjetroepen yn 1795-1797 waard de tsjerke by de ferdigening troch keizerlike troepen as in wachtlokaal brûkt. It hiele ynterieur, fan de banken oant de preekstoel, de alters en it oargel waard doe as branje ferneatige. De skea wie sa slim dat de tsjerke net mear brûkt wurde koe en it gebou stie dêrnei hast 60 jier stie te fertutearzgjen.
Yn 1844 stoartte de noardlike toer yn en de Prusyske kening Freark Willem IV, dy't simmerdeis fan syn Slot Stolzenfels oan de oare kant fan de Ryn op de ruïne útseach, trune op in restauraasje oan, mar de tsjerklike gemeente hie gjin jild dêrfoar. Pas doe't de Verein für Nassauische Altertumskunde und Geschichtsforschung út Wiesbaden ree wie om de weropbou te beteljen folge der tusken 1856 en 1866 in restauraasje.
Doe't der tusken 1906 en 1907 noardlik fan de tsjerke in Benediktynsk nonnekleaster boud waard folge in ferbouwing fan de tsjerke. Dat kleaster waard yn 1920 troch de paters fan de Kongregaasje fan de Hillige Herten fan Jezus en Marije oernommen. By de bou fan it kleaster waarden resten fan in letgoatyske sakristy fûn en in tagong yn de muorren fan it koer fan de tsjerke útbrutsen (tsjintwurdich wer tichtmitsele), dy't de kapel fan de Benediktynske nonnen mei de tsjerke ferbûn. Mei't de kleastermienskip fergriizge waard it kleaster yn 2010 ferkocht om der wentes mei praktykromten yn ûnder te bringen.
Sûnt 2002 is de Jehannestsjerke ûnderdiel fan it UNESCO-wrâldergoed Bopperin fan de Midden-Ryndelling.
Ynrjochting Bewurkje
Fan de 12e-iuwske tsjerke bleau allinne noch it stiennen letromaanske doopfont oer. De houten ynrjochting waard oan it ein fan de 18e iuw by de oarloch tsjin de Frânsen folslein ferneatige. Oare âldere keunstwurken binne fan jongere datum of ôfkomstich fan oare plakken. Yn de Keulske Sint-Andréastsjerke stiet yn it heechalter noch in apostelskryn, dy't oarspronklik yn de Lahnsteiner Jehannestsjerke thús heart.
Njonken it alter stiet sûnt de lêste renovaasje in 15e-iuwsk byld fan Marije mei Bern. De grutte bylden fan Jehannes de Doper en Jehannes Nepomuk by de tagong fan de doopkapel binne barok en komme lykas it missykrús yn it lofter sydskip út de tsjintwurdich net mear besteande Barbarakapel fan Lahnstein.
Modern is it triomfkrús, in wurk fan Hubert Elsässer út 2005. It tabernakel stiet sûnt 2005 yn it rjochter sydskip.
Njonken de tagong ta de krypte hinget in epitaaf út 1048. Mear epitafen hingje yn de krypte sels. Fierder stiet yn de krypte fan de tsjerke noch in lytse piëta.
Yn de toer hinget in klok, dy't nei alle gedachten yn 1320 getten waard.
Oargel Bewurkje
It oargel waard troch de oargelbouwer Claudius Winterhalter út Oberharmersbach boud en op 13 oktober 2013 ynwijd. Foar dy tiid hie de Jehannestsjerke in oargel út 1924 fan Peter Klein út Obersteinebach. It nije oargel hat 21 registers op twa manualen en pedaal. De spyltraktueren binne mechanysk, de registertraktueren elektrysk.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Dizze side is foar in part in oersetting fan de Dútsktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis de:Johanniskirche (Lahnstein)
|