Jeropa
Jeropa of Europa wurdt almeast sjoen as in apart wrâlddiel, al foarmet it tegearre mei Aazje ien grutte lânmassa dy't Jeraazje neamd wurdt. Ta Jeropa wurdt it gebiet rekkene tusken yn it suden de Middellânske See, yn it westen de Atlantyske Oseaan, ynklusyf Yslân, yn it noarden de Poalsee en yn it easten de Oeral, de Uralrivier, de Kaspyske See, de Kaukasus, de Swarte See en de Bosporus. De lange skiednis fan behearsking fan de Middellânske see troch Grikelân en it Romeinske Ryk hat ta gefolch hân dat alle eilannen yn de Middellânske see dy't net tsjin de kust oan lizze ek ta Jeropa rekkene wurde.
Jeropa hie in befolking fan likernôch 666.498.000 ynwenners yn 2001 en 741.447.158 yn 2016. It oerflak fan Jeropa beslacht sawat 10.400.000 km2.
Lannen
bewurkje seksjeDer lizze 50 selsstannige lannen hielendal of foar in part yn Jeropa (hjirûnder mei haadstêd werjûn):
- Albaanje - Tirana
- Andorra - Andorra la Vella
- Armeenje* - Jerevan
- Azerbeidzjan* - Bakû
- Belgje - Brussel
- Bosnje - Sarajevo
- Bulgarije - Sofia
- Denemark - Kopenhagen
- Dútslân - Berlyn
- Eastenryk - Wenen
- Estlân - Tallinn
- Fatikaanstêd - Fatikaanstêd
- Finlân - Helsinki
- Frankryk - Parys
- Georgje* - Tbilisi
- Grikelân - Atene
- Grut-Brittanje - Londen
- Hongarije - Boedapest
- Ierlân - Dublin
- Yslân - Reykjavík
- Itaalje - Rome
- Kazakstan - Noer-Sûltan (Astana)
- Kroaasje - Zagreb
- Letlân - Riga
- Lychtenstein - Vaduz
- Litouwen - Vilnius
- Lúksemboarch - Lúksemboarch
- Malta - Valetta
- Moldaavje - Chişinău
- Monako - Monako
- Montenegro - Podgorica
- Nederlân - Amsterdam
- Noard-Masedoanje - Skopje
- Noarwegen - Oslo
- Oekraïne - Kiëv
- Poalen - Warsjau
- Portegal - Lissabon
- Roemeenje - Boekarest
- Ruslân - Moskou
- San Marino - San Marino
- Servje - Belgrado
- Syprus - Nikosia
- Sloveenje - Ljubljana
- Slowakije - Bratislava
- Spanje - Madrid
- Sweden - Stokholm
- Switserlân - Bern
- Tsjechje - Praach
- Turkije - Ankara
- Wyt-Ruslân - Minsk
(lannen mei in * lizze geografysk sjoen hielendal yn Aazje, mar wurde kultureel oer it algemien ta Jeropa rekkene)
Ofhinklike territoaria en oare gebieten
bewurkje seksjeDer lizze njoggen ôfhinklike territoaria yn Jeropa:
Gibraltar, Guernsey, Jersey en Man binne allegearre saneamde crown dependencies ("gebieten dy't ôfhinklik binne fan de Kroan") fan Grut-Brittanje. Yn it gefal fan Gibraltar giet it om in eardere koloanje, wylst Guernsey en Jersey (dy't mei-inoar de Kanaaleilannen foarmje) en it eilân Man, yn de Ierske See, fanâlds kroandomeinen wienen. Akrotiri en Dhekelia binne soevereine Britske legerbases op Syprus. De berch Athos, yn noardlik Grikelân, ek wol bekend as Agion Oros ("Hillige Berch"), foarmet in semy-autonome mûntserepublyk. De Faeröer binne in oerseesk gebietsdiel fan Denemarken mei folslein selsbestjoer. En Jan Mayen en Spitsbergen binne - ôfsjoen fan ûndersikers, militêr personiel en mynwurkers - ûnbewenne gebietsdielen fan Noarwegen.
Fierders binne der noch in tal gebieten mei in ûnwisse status:
- Abgaazje, dat him yn 1991 ûnôfhinklik ferklearre fan Georgje, Georgje yn in iepen oarloch fersloech en sûnt de Georgjers mei Russyske stipe bûtendoar witten hat te hâlden
- Kosovo, dat sûnt 1999 bestjoerd wurdt troch de Jeropeeske Uny
- Nagorno Karabach, in Armeenske enklave yn Azerbeidzjan, dy't him yn 1992 ûnôfhinklik ferklearre en sûnt ûnder beskerming fan Armeenje stiet
- Noard-Syprus, it Turkske diel fan Syprus, dat him yn 1983 ûnôfhinklik ferklearre hat, mar dat allinne mar troch Turkije en Pakistan erkend wurdt (en ûnder Turkske beskerming stiet).
- Súd-Osseesje, dat him yn 1991 losmakke fan Georgje en by Ruslân hearre wol.
- Transdnjestrje, op de eastlike wâl fan de rivier de Dnjestr, dat him yn 1991 fan Moldaavje ôfskaat hat en troch nimmen erkend wurdt (mar ûnder Russyske beskerming stiet).
Jeropeeske organisaasjes
bewurkje seksjeDe lannen yn Jeropa binne ferbûn troch tal fan ferdraggen en organisaasjes. Op lânnivo binne dat ûnder oaren de neikommende:
Namme
bewurkje seksjeIt komôf fan de namme "Jeropa" is net wis. It liket dat it eartiids it Grykske lân oantsjut hat, tsjinoer de Grykske eilânen, en dan letter it noarden fan Grykelân dat sels gjin eilân is, en sa letter gâns it wrâlddiel. Mar neffens de myte fan Europa wie se in famke út Fenisje, dat nei it westen nei Kreta brocht waard. De betsjutting wurdt hjoed dan ek wol socht yn it Semityske wurd ereb, sinne-ûndergong. Jeropa wurdt dan it lân nei it westen. Yn it Heine Easten moat Kreta it lân west hawwe dêr't de sinne ûndergie, en sa fierder foar Grykelân en it suden en westen fan Jeropa. Sa is Jeropa dus it Jûntiidslân.
Sjoch ek
bewurkje seksjeKaarten
bewurkje seksje-
Taalkunde
-
Regio's
-
1000