Keiko Agena (folút: Christine Keiko Agena; Honolulu, 3 oktober 1973) is in Amerikaansk aktrise fan etnysk Japansk komôf, dy't benammen bekend wurden is mei har rol yn 'e soapsearje Gilmore Girls.

Keiko Agena
akteur
persoanlike bysûnderheden
echte namme Christine Keiko Agena
nasjonaliteit Amerikaansk
berne 3 oktober 1973
berteplak Honolulu (Hawaï)
etnisiteit Japansk
jierren aktyf 1993 – no
prizen Young Artist Award 2002
offisjele webside
www.keikoagena.com

Libben en karriêre

bewurkje seksje

Jonkheid en oplieding

bewurkje seksje

Agena waard yn 1973 berne yn 'e Hawaïaanske haadstêd Honolulu, as de dochter fan etnysk Japanske âlden. Hja sette al útein mei aktearjen doe't hja noch mar tsien jier wie. Agena gie nei de middelbere skoalle oan it Mid-Pasifysk Ynstitút op it eilân Oähû, en folge dêrnei in aktearoplieding oan it Whitman Kolleezje yn Walla Walla, yn 'e steat Washington.

Aktearkarriêre

bewurkje seksje

Har tillefyzjedebút makke Agena yn 1993, mei in roltsje yn in ôflevering fan 'e rige Renegade. Neitiid hie se gastroltsjes yn searjes as ER, Felicity en Beverly Hills, 90210. Har trochbraak kaam yn 2000, doe't se cast waard yn 'e fêste rol fan Lane Kim, de Koreaansk-Amerikaanske bêste freondinne fan haadpersoan Rory Gilmore (spile troch Alexis Bledel), yn 'e soapsearje Gilmore Girls. Dy rige rûn oant 2007. Agena wie yn it earste seizoen 27 jier, mar spile in famke fan 16, wat in oansjenlike aktearprestaasje west hawwe moat. Yn 2002 wûn hja foar dizze rol in Young Artist Award yn 'e kategory bêste froulike byrol. Teffens waard se trije kear (yn 2001, 2002 en 2003) yn in ferlykbere kategory nominearre foar in Teen Choice Award.

Fierders wie Agena yn dyselde snuorje ek trije seizoenen lang as stimaktrise aktyf, troch de stim fan it personaazje Yori yn te sprekken yn 'e Disney-tekenfilmsearje Kim Possible. Ek hie se gastrollen yn û.m. de plysjesearje Without a Trace, de abbekatesearje Private Practice en de sikehûssearje House.

Yn 2009 spile Agena in froulike soldaat yn Private Valentine: Blonde & Dangerous, mei Jessica Simpson. Yn 2010 stie se yn Santa Monica op 'e planken yn it toanielstik No-No Boy. Yn 2011 hie se in byrol yn Transformers: Dark of the Moon. Yn 'e film Hair Show (2004) fertolke se rol fan Jun Ni. Sûnt hat Agena noch ferskate gastrollen hân, û.m. yn 'e searjes Scandal en Shameless. Fan 2013 oant no (2016) ferfollet se in byrol yn 'e rige Twisted.

Priveelibben

bewurkje seksje

Agena troude op 19 desimber 2005 mei in Shin Kawasaki, dy't ek fan etnysk Japansk komôf is. De houliksplechtichheid fûn plak yn in helikopter boppe Las Vegas.

Keppelings om utens

bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.