Legend of the BoneKnapper Dragon

Legend of the BoneKnapper Dragon is in Amerikaanske histoaryske fantasy-aventoerefilm út 2010 yn 'e foarm fan in kompjûteranimearre koarte tekenfilm foar de hiele famylje. De film stie ûnder rezjy fan John Puglisi, en de haadrollen waarden ynsprutsen troch Jay Baruchel en Craig Ferguson. De titel betsjut "Leginde fan 'e BonkeKlopperdraak". Dizze koarte film hat in spyldoer fan 16 minuten en heart ta de How to Train Your Dragon-franchise. Yn 'e ynterne gronology fan 'e searje folget Legend of the BoneKnapper Dragon fuort nei de earste lange film, How to Train Your Dragon, dy't ek yn 2010 útkaam. It ferhaal folget Hik en syn freonen as se mei harren mentor, de smid Rachelman Krôk, op 'e siik geane nei de bonkeklopperdraak, in drakesoarte wêrfan't Hik-en-dy oertsjûge binne dat dy inkeld yn 'e fantasij fan Rachelman bestiet. De film waard foar it earst útstjoerd troch Cartoon Network op 14 oktober 2010.

Legend of the
BoneKnapper Dragon
film
(Filmposter yn 'e IMDb)
makkers
regisseur John Puglisi
produsint Bruce Seifert
senario Peter Steinfeld
basearre op de romansearje
   fan Cressida Cowell
muzyk John Powell
filmstudio DreamWorks Animation
distribúsje Paramount Home Entertainment
spilers
haadrollen Jay Baruchel
Craig Ferguson
byrollen America Ferrera
Christopher Mintz-Plasse
Jonah Hill
skaaimerken
lân/lannen Feriene Steaten
premiêre 14 oktober 2010
foarm koarte tekenfilm
sjenre histoaryske fantasy-aventoerefilm
taal Ingelsk
spyltiid 16 minuten
filmsearje
filmsearje How to Train Your Dragon

Op in nacht, net lang nei't de Wytsingen fan it ôfhandige eilân Berk frede sletten hawwe mei de draken dy't harren sa lang teheistere hawwe (sjoch: How to Train Your Dragon), rekket it hûs fan smid Rachelman Krôk yn 'e brân. Rachelman is derfan oertsjûge dat syn âlde aartsfijân, de bonkeklopperdraak, derefter sit, hoewol't der oanwizings binne dat er syn ûnderbroek te ticht by de iepen hurd hingje litten hat te drûgjen.

De oare Wytsingen leauwe net yn it bestean fan 'e bonkeklopperdraak, dat in soarte draak is dy't nimmen oars as Rachelman ea sjoen hat. It bist is (neffens Rachelman) reuseftige grut, mar makket gjin lûd. De namme komt fan it feit dat it bist himsels in harnas oanmjit dat bestiet út 'e bonken fan oare bisten. As de oare Wytsingen de gek mei him hawwe, beslút Rachelman der mei syn húsdier, it stoïsynske skiep Phil, op út te gean om 'e bonkeklopperdraak te fangen, sadat er foar ienris en foar altyd syn gelyk bewize sil. Syn learling Hik, dy syn faam Astrid en harren freonen Fiskepoat, Snotbongel, Skoarre en Moarje beselskipje him út begrutsjen.

Wylst Hik en syn maten Rachelman nei it eilân ta roeie dêr't de bonkeklopperdraak tahâlde soe, ferhellet Rachelman it jongfolk oer syn eardere konfrontaasjes mei it bist. Hy mette de bonkeklopperdraak foar it earst doe't er as jongfeint mei syn heit en mem op en út wie en himsels eefkes ôfsûndere om mei syn sweager te fûstkjen. Dêrfoar klom er út harren drakeskip op in iisberch, dêr't lykwols de stoflike omskotten fan in stikmannich Wytsingen yn beferzen sieten. In lyts blinkend gouden doaske siet ek yn it iis beferzen, en dat houde Rachelman derút. De bonkeklopperdraak ferskynde wylst de beferzen Wytsing, fan wa't Rachelman it doaske stiel, him tsjin 'e tsjeafte fersette troch Rachelman ytlike kearen yn it gesicht te stompen (hoewol't it yn 'e bygeande bylden dúdlik Rachelman sels is dy't de earm fan 'e beferzen Wytsing hinne en wer beweecht).

Troch syn kjeltme oer de oanfal fan 'e draak ferlear Rachelman it doaske, dat yn 'e see rûgele, mar hy koe it krekt op 'e tiid wer opfiskje (wêrby't de beferzen Wytsing, dy't troch tadwaan fan 'e bonkeklopperdraak los kommen wie fan 'e rest fan 'e iisberch, him op 'e nij yn it gesicht stompte). Neitiid waard Rachelman efterfolge troch de bonkeklopperdraak oant er op spektakulêre wize wist te ûntsnappen nei de boat fan syn âldelju, dy't nearne gjin euvelmoed yn hiene. Yn it doaske siet in lyts bonkje dat Rachelman sûnt brûkt hat as gasp foar syn mulrym.

Tink derom: Yn de tekst hjirûnder wurdt de ôfrin fan de film beskreaun.
As jo de film sels sjen wolle, is it mooglik better dat jo it no folgjende diel fan 'e plotbeskriuwing (earst noch) net lêze.

Nei't harren boat troch de ûnoplettendheid fan 'e opfarrenden op 'e rotsen fearn en te sink gien is, komme Rachelman, Phil en de jonge Wytsingen fêst te sitten op it eilân fan 'e bonkeklopperdraak. Dêr fertelt Rachelman oer syn fierdere moetings mei de bonkeklopperdraak, dy't wat langer wat healwizer wurde. In kear doe't Rachelman yn 'e tropen skipbrek lit hie op in minuskúl ûnbewenne eilantsje omjûn troch bloedtoarstige hammerhaaien, fûn de bonkeklopperdraak him dêr. It smoarge bist soe him deadien hawwe as er net oer de see fuortdraafd wie nei in oar, grutter, ûnbewenne eilân, troch de hammerhaaien as ûnwillige stapstiennen te brûken. Likegoed hied er it gruttere eilantsje net berikt as der op it lêste momint, doe't de bonkeklopperdraak him hàst te pakken hie, net in reuseftige hammerwalfisk út 'e see opsprongen wie dy't de draak opfrette woe. Spitigernôch slagge it de bonkeklopperdraak om te ûntkommen.

In oare kear, jierren letter, fûn de bonkeklopperdraak Rachelman wer en jage him it oerwâld yn en by de skeante fan in fulkaan op. Doe't er dwers oer de krater sprong, dy't fol siet mei boarreljende lava, hie de draak him wer op in hier nei te pakken, mar op it lêste momint sprong der in hammerjak út 'e lava omheech dy't de draak opfrette woe. Spitigernôch slagge it de bonkeklopperdraak op 'e nij om te ûntkommen.

Om't Rachelman wol foar it ferstân hie dat syn fijân it nea opjaan soe, pleatste er in wiere obstakelbaan fan fâlen en wachte it bist doe ôf. Doe't de bonkeklopperdraak lang om let opdaagjen kaam, late Rachelman him by alle fâlen lâns, mar de draak wie se allegear te fluch ôf en wist Rachelman te pakken te krijen. Dy joech dêrop in gjalp fan om help. De goaden moasten him heard hawwe, want de tongergod Thor ferskynde en smiet in wjerljochtslach. Hoewol't dy by de draak troch gie, boarre de wjerljocht in djip gat yn 'e grûn nei de midden fan 'e Ierde, dêr't de hammerwalfisk út te foarskyn sprong mei de hammerjak op 'e rêch. De hammerjak hufte de bonkeklopperdraak yninoar en de hammerwalfisk friet him hàst op, mar spitigernôch slagge it de bonkeklopperdraak wèr om te ûntkommen.

Tsjin 'e ein fan dat ferhaal hawwe Hik en de oaren sa njonkelytsen skjin har nocht fan wat dúdlik flauwe optinksels binne, dat se sprekke op tsjin Rachelman en besykje him tajaan te litten dat de bonkeklopperdraak inkeld yn syn (tajûn, libbene) fantasij bestiet. Dat rêde se net op; ynstee set Rachelman op it eilân in fâle foar de bonkeklopperdraak op mei Fiskepoat as lokies. De oaren binne it dêr net mei iens en wylst se noch oan it redendielen binne, ferskynt efter harren de bonkeklopperdraak, dy't yndie reuseftige grut en sa stil as in mûs is. As it bist besiket te brullen, komt der inkeld in heechtoanich piiplûd. Rachelman en it jongfolk sykje beskûl yn 'e mislearre fâle dy't se opset hiene, wylst de lulke draak fjoer nei harren spuit. Hik beseft dat it bist ferlet hat fan it lytse bonkje, dat Rachelman al dy jierren as gasp brûkt hat, om syn bonkige harnas kompleet te meitsjen. Hy besiket syn mentor fan 'e needsaak te oertsjûgjen om 'e gasp op te jaan.

Rachelman wol dêr earst net oan, mar as er troch de draak út syn skûlplak sleept wurdt om opfretten te wurden, giet er dochs troch de bocht. As er it bonkje nei de draak ta smyt, komt dat op in leech plakje op syn boarst telâne, dêr't it sekuer tusken de oare bonken yn past. Dêrnei bewiist de bonkeklopperdraak dat er no wol brulle kin. Hik ornearret dat soks in faai teken is, mar it docht bliken dat de bonkeklopperdraak eins in hiel freonlik en oanhellerich bist is, no't er it missende diel fan syn útris werom hat. Se slute freonskip mei de draak en litte har troch it bist weromfleane nei Berk. Underweis brult de bonkeklopperdraak dat it in aard hat. Wylst Fiskepoat de oaren ynformearret dat dit neffens syn ynformaasje de pearrop fan 'e draak is, ferskine fjouwer oare bonkeklopperdraken dy't efter harren oan komme. Rachelman merkt op dat no net ien him mear ligen hjitte sil.

Rolferdieling

bewurkje seksje
haadrollen
personaazje akteur/aktrise
Hik Heislike Heilbot III Jay Baruchel
Rachelman Krôk Craig Ferguson


byrollen
personaazje akteur/aktrise
Astrid Hofferson America Ferrera
Fiskepoat Ingerman Christopher Mintz-Plasse
Snotbongel Jorgenson Jonah Hill
Stompum de Mânske Gerard Butler
Skoarre Thorston T.J. Miller
Moarje Thorston Kristen Wiig

Produksje en distribúsje

bewurkje seksje

Legend of the BoneKnapper Dragon waard regissearre troch John Puglisi nei in senario fan Peter Steinfeld dat basearre wie op personaazjes en settings út 'e romansearje How to Train Your Dragon, fan 'e Britske skriuwster Cressida Cowell. As produsint wie Bruce Seifert by it projekt belutsen foar de filmstudio DreamWorks Animation. De filmmuzyk waard fersoarge troch John Powell.

Legend of the BoneKnapper Dragon is in koarte film mei in spyldoer fan 16 minuten, dy't foar goed de helte makke is mei kompjûteranimaasje, lykas de rest fan 'e How to Train Your Dragon-films. De flashbacks nei it ferline fan Rachelman Krôk, dy't wat minder as de helte fan 'e film útmeitsje, binne makke mei tradisjonele, hântekene animaasje.

Distribúsje

bewurkje seksje

Legend of the BoneKnapper Dragon waard op 14 oktober 2010 foar it earst op 'e Amerikaanske tillefyzje útstjoerd troch it tillefyzjestasjon Cartoon Network. Foar de rest waard de distribúsje fan 'e koarte film fersoarge troch Paramount Home Entertainment. Op 15 oktober 2010 waard Legend of the BoneKnapper Dragon op dvd en blu-ray útbrocht as bonusfilm by How to Train Your Dragon

Keppelings om utens

bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.

How to Train Your Dragon (filmsearje)
lange films
How to Train Your Dragon (2010) • How to Train Your Dragon 2 (2014) • How to Train Your Dragon: The Hidden World (2019)
koarte films
Legend of the BoneKnapper Dragon (2010) • Book of Dragons (2011) • Dragons: Gift of the Night Fury (2011) • Dragons: Dawn of the Dragon Racers (2014) • How to Train Your Dragon: Homecoming (2019) • Snoggletog Log (2019)