How to Train Your Dragon: Homecoming

How to Train Your Dragon: Homecoming is in Amerikaanske histoaryske fantasy-komeedzjefilm út 2019, yn 'e foarm fan in kompjûteranimearre koarte tekenfilm foar de hiele famylje. De film stie ûnder rezjy fan Tim Johnson, en de haadrollen waarden ynsprutsen troch Jay Baruchel en America Ferrera. De titel betsjut "Hoe'tst dyn Draak Beleare Moatst: Thúskomst". Dizze koarte film hat in spyldoer fan 22 minuten en is in oanfolling op 'e trêde lange film út 'e How to Train Your Dragon-franchise, How to Train Your Dragon: The Hidden World, dy't ek yn 2019 útkaam. It ferhaal folget de freonen Hik en Toskeleas en har húshâldings as se troch tadwaan fan har bern/jongen wer byinoar brocht wurde. How to Train Your Dragon: Homecoming waard makke yn it ramt fan 'e kryst, hoewol't dy hjeldei fansels net iepentlik yn 'e film neamd wurde kin om't How to Train Your Dragon yn in pre-kristlike Wytsingtiid spilet. De film waard foar it earst útstjoerd troch NBC op 3 desimber 2019.

How to Train Your Dragon:
Homecoming
film
(Filmposter yn 'e Ingelske Wikipedy)
makkers
regisseur Tim Johnson
produsint Craig Rittenbauren
senario Jonathan Groff
Jon Pollack
muzyk Anthony B. Willis
filmstudio DreamWork Animation
distribúsje NBCUniversal TV Distribution
spilers
haadrollen Jay Baruchel
America Ferrera
byrollen Madalyn González
Craig Ferguson
Liam Ferguson
skaaimerken
lân/lannen Feriene Steaten
premiêre 3 desimber 2019
foarm koarte tekenfilm
sjenre histoaryske fantasyfilm
taal Ingelsk
spyltiid 22 minuten
filmsearje
filmsearje How to Train Your Dragon

How to Train Your Dragon: Homecoming spilet nei de wichtichste foarfallen yn 'e film How to Train Your Dragon: The Hidden World, mar foàr de epilooch fan dy film.

It is tsien jier nei't de Wytsingen fan Nij-Berk en harren draken útinoar gien binne. Draken sille yn 'e minsklike wrâld nammentlik nea wier feilich wêze, mei't der altyd wol in op jild of macht beluste drakefanger efter harren oan komme sil. Hik en Astrid binne no tsien jier troud en hawwe twa bern: in dochter, de njoggenjierrige Zephyr, en in soan, de seisjierrige Nuffink. Fjouwer dagen foar Snoggletog, de gesellige winterhjeldei fan 'e Wytsingen dêr't eltsenien nei útsjocht, ûntdekke Hik en Astrid dat Zephyr benaud is fan draken.

It famke hat nammentlik op 'e souder de âlde notysjeboeken fan har pake Stompum de Mânske silger fûn, dy't datearje út 'e tiid dat de Wytsingen fan Berk en de draken noch swarde fijannen wiene. Zephyr fynt har heite langst nei syn âlde freon Toskeleas sadwaande mar healwiis. Alle beskriuwings fan draken dy't yn 'e boeken fan Stompum fêstlein binne, doge fan gjin kant, om't de Wytsingen de draken doedestiden alhiel misbegriepen. Dat kinne Hik en Astrid de lytse Zephyr lykwols net oan it ferstân krije. Krektoarsom, Zephyr jout har eangst foar draken troch oan har bruorke Nuffink. As de bern om 'e hûs hinne ferrassend effektive fâlen foar draken begjinne te bouwen (dêr't Hik hieltyd it slachtoffer fan wurdt), is dúdlik dat it tiid wurdt om dizze kwestje serieus oan te pakken.

Underwilens mist Rachelman Krôk, de smid fan Nij-Berk en eardere mentor fan Hik, syn âlde freon Stompum. De pleatslike bern sjogge it stânbyld fan 'e eardere Wytsinglieder op Nij-Berk lykwols inkeld as in gaadlik doelwyt foar it goaien mei ballen. Om twa miggen mei yn ien klap te slaan, beslute Hik en Rachelman, nei't Astrid harren op dat idee brocht hat, om in âlde tradysje wer yn te fieren, nammentlik om mei Snoggletog in toanielfoarstelling te hâlden, dy't diskear it ferhaal fan Stompum en de draken fertelle sil.

Yn 'e Ferburgen Wrâld langet de nachtfuery Toskeleas wilens krekt sa'n soad nei syn freon Hik as dat Hik nei him langet. Hy tekenet mei in stôk yn it sân in ôfbylding fan Hik op Nij-Berk, en fan in draak (hysels) dy't nei Hik ta fljocht. Dy tekening lit er sjen oan syn wyfke, de Ljochtfuery, en oan harren trije jongen. Ien fan 'e drakejongen rekket nijsgjirrich nei Hik en Nij-Berk, en keart nachts werom om 'e ôfbylding yngeand te bestudearjen, oant er ynienen in helder idee kriget. Hy makket syn bruorke en suske wekker, en wylst harren âlden sliepe, sette de jonge draakjes trijeresom al fleanende út 'e Ferburgen Wrâld ôf om Nij-Berk te sykjen.

Tink derom: Yn de tekst hjirûnder wurdt de ôfrin fan de film beskreaun.
As jo de film sels sjen wolle, is it mooglik better dat jo it no folgjende diel fan 'e plotbeskriuwing (earst noch) net lêze.

De toanielfoarstelling mei Snoggletog is troch Hik bedoeld om 'e bern fan it eilân sjen te litten dat draken harren freonen binne. De prioriteit fan Rachelman Krôk is lykwols om 'e bern dúdlik te meitsjen hoe'n grutte man Stompum de Mânske wie. Mei't Rachelman it skript foar de foarstelling skriuwt, liedt dat ta in toanielstikje oer de befreoning fan Wytsingen en draken wêryn't Stompum de held is. Hik hat muoite mei dy ferdraaiïng fan 'e wurklikheid, mei't it sluten fan freonskip eins syn eigen fertsjinste wie, wêrby't er troch syn heit Stompum oanhâldend tsjinwurke waard. Yn it toanielstik komt it personaazje fan Hik der mar tige bekaaid ôf en wurdt it weiset as in knoffelige leffert.

Nei in petear mei Astrid, dy't him freget oft it him no wier safolle skele kin dat er sels net de held is, beslút Hik om Rachelman mar gewurde te litten by syn besykjen om 'e helderol oan syn freon Stompum ta te partsjen. Rachelman beslút dat er sels de bêste kar is om Stompum te spyljen, wylst er de ûnnoazele Skoarre Thorston yn 'e rol fan Hik cast. Hik sels smeit in meganysk betsjinber metalen drakepak mei in kop dy't dúdlik bedoeld is om op Toskeleas te lykjen.

Yn 'e Ferburgen Wrâld reitsje Toskeleas en de Ljochtfuery yn panyk as se wekker wurde en ûntdekke dat harren jongen poater binne. Nei't se de Ferburgen Wrâld trochsocht hawwe, beslute se dat der mar ien plak is dêr't se hinne gien wêze kinne: Nij-Berk. Underwilens arrivearje de trije drakejongen nei in lange en wurchsume flecht op Nij-Berk, dêr't se foar it earst snie sjogge. Se slûpe ûnopmurken it Wytsingdoarp yn en fange in glim fan Hik op, hoewol't se tebekskrilje as se it metalen drakepak fan 'e meganyske 'Toskeleas' sjogge. As se letter it Wytsingdoarp bespionearje fan in richel yn 'e omlizzende heuvels ôf, komme Toskeleas en de Ljochtfuery har ûndogenske jongen oer it mad en komt it útpiken de jongen op in flinke beskrobbing te stean. Ear't de beide draken de jongen mei weromnimme kinne nei de Ferburgen Wrâld, begjint yn it doarp lykwols de toanielfoarstelling, dêr't alle fiif draken troch fassinearre reitsje.

De foarstelling is behoarlik amateuristysk en Zephyr en de oare bern binne der net fan ûnder de yndruk. Rachelman stekt ûnder it aktearjen by fersin it dekôr yn 'e brân, wêrnei't it fjoer fierder ferspraat wurdt troch de knoffelige toanielfeint Fiskepoat Ingerman en sûffleur Snotbongel Jorgenson syn ûnbeholpen besykjen om it te blussen. Wylst de oare akteurs it ynstoartende dekôr ûntflechtsje, sit Hik finzen yn it metalen Toskeleas-pak, dêr't er oan 'e efterkant fan it poadium mei fan it klif kneppelet. De echte Toskeleas grypt yn en skuort de sabeare draak wer op it poadium, en Hik, dy't yn it pak neat sjen kin, wit nea hoe ticht er by syn dea kommen is. Hoewol't it dekôr fol reek stiet, beslút Rachelman om de foarstelling dochs út te spyljen, mar as 'Stompum' frede slút mei 'Toskeleas' is it net Hik yn it drakepak, mar de echte Toskeleas dy't syn snút tsjin 'e hân fan 'e Wytsinghaadman oan leit. Alle oanwêzigen miene mar dat it drakepak fan Hik ferrassend libbensecht is. Allinne Zephyr, dy't nei de sydkant fan it poadium draaft, beseft dat it de echte Toskeleas is, en rekket alhiel ûnder de tsjoen fan 'e freonlike en nijsgjirrige draak.

Nei't er op dizze wize syn wyfke en jongen de freonskip tusken Wytsingen en draken sjen litten hat, keart Toskeleas werom nei syn gesin. As Hik en Astrid letter mei Zephyr en Nuffink nei hûs rinne, rattelet it fanke oan ien stik troch oer de geweldichheid fan draken. Hik kin allinne mar fêststelle dat de mislearre foarstelling effektiver wie as dat hy tocht hie. Rachelman beselskippet harren as se it stânbyld fan Stompum foarby komme, dat no troch de pleatslike bern earbiedich behongen wurdt mei slingers. Rachelman, in frijfeint op jierren, hat nimmen om 'e hjeldagen mei troch te bringen, dat Hik en Astrid nûgje him út om by harren thús te feestfieren.

As se thús komme, sjogge se dat de tradisjonele petielje mei fisk, dy't Hik mei de hjeldagen altyd by de iepen hurd foar Toskeleas reeset, leechiten is, wylst der op 'e skoarstienmantel in kristal út 'e Ferburgen Wrâld efterlitten is. De hiele húshâlding draaft wer nei bûten ta en is krekt op 'e tiid om te sjen hoe't de beide nachtfuerys en har trije jongen foar de folle moanne lâns fleane ûnderweis werom nei de Ferburgen Wrâld. Hik beslút dat dejingen fan wa't jo hâlde altyd deunby binne salang't jo se mar yn jo hert bewarje. Astrid oppenearret dat it miskien tiid is om 'e draken by de yngong fan 'e Ferburgen Wrâld in tsjinbesyk te bringen, en hoe't dat ferrint, is te sjen yn 'e epilooch fan How to Train Your Dragon: The Hidden World.

Rolferdieling

bewurkje seksje
 
Jay Baruchel.
 
America Ferrera.
haadrollen
personaazje akteur/aktrise
Hik Heislike Heilbot III Jay Baruchel
Astrid Hofferson America Ferrera


byrollen
personaazje akteur/aktrise
Zephyr Heilbot Madalyn González
Rachelman Krôk Craig Ferguson
Nuffink Heilbot Liam Ferguson
Fiskepoat Ingerman Christopher Mintz-Plasse
Snotbongel Jorgenson Zack Pearlman
Skoarre Thorston Justin Rupple
Stompum de Mânske Gerard Butler

Produksje en distribúsje

bewurkje seksje

How to Train Your Dragon: Homecoming waard regissearre troch Tim Johnson nei in senario fan Jonathan Groff en Jon Pollack. It is in koarte, kompjûteranimearre tekenfilm mei in spyldoer fan 22 minuten, dêr't Craig Rittenbauren as produsint by belutsen wie foar de filmstudio DreamWork Animation. De filmmuzyk waard fersoarge troch Anthony B. Willis.

Distribúsje

bewurkje seksje

De distribúsje fan How to Train Your Dragon: Homecoming waard fersoarge troch NBCUniversal Television Distribution. De film waard foar it earst útstjoerd op 3 desimber 2019, yn it ramt fan 'e oankommende krystdagen, troch it Amerikaanske tillefyzjenetwurk NBC.

Fan 'e filmkritisy krige How to Train Your Dragon: Homecoming oer it algemien positive resinsjes. Sa parte Emily Ashby fan Common Sense Media de koarte film 4 fan 5 stjerren ta. Hja skreau: "Fans dy't sjoen hawwe hoe't de relaasje tusken Hik en Toskeleas him geandewei de filmtrilogy ûntjoech, sille dit in hertferwaarmjende oanfolling op it ferhaal fine, mei oangripend sentimint oer it koesterjen fan 'e minsken (en draken) fan wa't we hâlde, yn 't bysûnder om 'e krystdagen hinne."

Keppelings om utens

bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.

How to Train Your Dragon (filmsearje)
lange films
How to Train Your Dragon (2010) • How to Train Your Dragon 2 (2014) • How to Train Your Dragon: The Hidden World (2019)
koarte films
Legend of the BoneKnapper Dragon (2010) • Book of Dragons (2011) • Dragons: Gift of the Night Fury (2011) • Dragons: Dawn of the Dragon Racers (2014) • How to Train Your Dragon: Homecoming (2019) • Snoggletog Log (2019)