Dragons: Dawn of the Dragon Racers

Dragons: Dawn of the Dragon Racers, ek wol koartwei Dawn of the Dragon Racers neamd, is in Amerikaanske histoaryske fantasy-aventoerefilm út 2014 yn 'e foarm fan in kompjûteranimearre koarte tekenfilm foar de hiele famylje. De film stie ûnder rezjy fan Elaine Bogan en John Sanford, en de haadrollen waarden ynsprutsen troch Jay Baruchel en America Ferrera. De titel betsjut "Dage fan 'e Drakeracers" (wêrby't "dage" in oerdrachtlike oantsjutting foar "begjin" is). Dragons: Dawn of the Dragon Racers heart ta de How to Train Your Dragon-filmsearje, en falt yn 'e gronology fan dy rige tusken de earste en de twadde lange film yn. It ferhaal folget de jonge Hik, syn draak Toskeleas, syn faam Astrid en harren freonen as in syktocht nei ôfdwaalde skiep him ûntjout ta de earste drakerace fan it eilân Berk. Dragons: Dawn of the Dragon Racers waard oarspronklik publisearre as bonusfilm op 'e earste dvd- en blu-ray-edysje fan 'e lange film How to Train Your Dragon 2.

Dragons:
Dawn of the Dragon Racers
film
(Filmposter yn 'e Ingelske Wikipedy)
makkers
regisseur Elaine Bogan
John Sanford
produsint Chad Hammes
senario Art Brown
Douglas Sloan
muzyk John Paesano
filmstudio DreamWorks Animation
distribúsje 20th Century Fox
spilers
haadrollen Jay Baruchel
America Ferrera
byrollen Christopher Mintz-Plasse
T.J. Miller
Andrée Vermeulen
Zack Pearlman
Chris Edgerly
skaaimerken
lân/lannen Feriene Steaten
direkt op fideo 11 novimber 2014
foarm koarte tekenfilm
sjenre histoaryske fantasy-
   aventoerefilm
taal Ingelsk
spyltiid 26 minuten
filmsearje
filmsearje How to Train Your Dragon

Dragons: Dawn of the Dragon Racers spilet trije jier nei How to Train Your Dragon, wêryn't de Wytsingen fan it ôfhandige eilân Berk en de draken dêr't se al withoelang mei yn ûnmin libben, troch tadwaan fan Hik, de jonge soan fan 'e haadman Stompum de Mânske, frede sleaten. De film begjint as Hik, syn faam Astrid en harren freonen Snotbongel Jorgenson, Fiskepoat Ingerman en de twilling Skoarre en Moarje Thorston rûzje krije oer de fraach wa't de nije sport fan it drakeracen eins betocht hat. (Dêrby fleane se op harren draken oer it eilân om út 'e loft wei ôfdwaalde skiep te fangen en nei it doarp te bringen om in punt te skoaren.) Astrid besiket har tebinnen te bringen hoe't it drakeracen ek alwer begûn is, wat ta in lange flashback liedt.

It wie yn in snuorje dat de frede tusken Wytsingen en draken noch net sa lang bestie, doe't Berk tariedings makke foar de jierlikse drakeskiprace yn 'e haven. Stille Sven, dy't no Net Sa Stille Sven hjit, ferbriek nei jierren syn stilswijen en makke dêrmei syn skiep sa kjel dat se alle kanten út spatten en fersille rekken. Haadman Stompum en syn maat, de pleatslike smid Rachelman Krôk, hawwe der klauwen oan om 'e skiep wer gear te driuwen, en dat docht Stompum him no, sa koart foar de boatrace, net oan tiid. Dat dêrom jout er syn soan Hik en dy syn freonen opdracht om 'e skiep te sykjen. De jonge drakeriders beävensearje it putsje dat oan harren tawiisd is op in sa handich mooglik manear: út 'e loft wei. Al rillegau rint de syktocht, ta frustraasje fan Hik, út op in wedstryd tusken harren om safolle mooglik skiep te finen en gear te bringen.

Tink derom: Yn de tekst hjirûnder wurdt de ôfrin fan de film beskreaun.
As jo de film sels sjen wolle, is it mooglik better dat jo it no folgjende diel fan 'e plotbeskriuwing (earst noch) net lêze.

As alle (wite) skiep gearbrocht binne, docht bliken dat de drakeriders elts trije skiep fûn hawwe, wat betsjut dat der gjin winner is. Hik wiist der nochris op dat it alhiel gjin wedstryd wie, mar de oaren negearje him. Dan arrivearret Sven, dy't alhiel oerémis is dat syn favorite (swarte) skiep noch altyd mist. Hy hopet mar dat it knoffelige bist net wer yn in put fallen is. Dêrop roppe de drakeriders (minus Hik) it swarte skiep út ta tie-breaker. Se sette gau-gau wer ôf, wêrnei't Snotbongel úteinlik it swarte skiep wit te fangen. Underwilens wurdt Hik by syn heit Stompum roppen, dy't him fertelt dat hy in pear dagen fuort moat. Hy draacht de ferantwurdlikheid foar de organisaasje fan 'e boatrace oan syn soan oer. Hik is dêr net botte entûsjast oer om't er boatraces saai en traach fynt, mar Stompum wiist derop dat it in tradysje is en boppedat in goede manear foar de Wytsingen om steam ôf te blazen; oars soene se mar ûnderling slaande deilis reitsje.

Yn 'e folgjende dagen docht lykwols bliken dat Fiskepoat de iennichste Wytsing op it hiele eilân is, dy't útsjocht nei de boatrace. Hy en syn draak Fleisblok wurkje oan in nij drakeskip dêr't se de race mei winne sille. Underwilens besiket Hik it near te lizzen op fierdere wedstrydsjes skieppefangen fan syn freonen, om't alle enerzjy yn 'e tariedings foar de boatrace stutsen wurde moatte. Syn maten, en sels syn faam Astrid, slane syn oarders yn 'e wyn en geane de oare deis dochs wer oan it skieppefangen, wylst de oare Wytsingen út it doarp tasjogge en tsjininoar opmerke hoefolste spannender sa'n drakefleanderskompetysje is as de tradisjonele boatrace. As Hik harren letter yn 'e grutte seal tasprekt en waarm besiket te krijen foar de boatrace, berikt er alhiel neat.

Nei't Astrid op him ynpraat hat en derop wiisd hat dat Stompum de earste pear dagen noch fuort is, stimt Hik úteinlik yn mei ien drakerace. Snotbongel en de twilling beslute dat sy ien team foarmje sille, en dat se it tsjin Hik, Astrid en Fiskepoat opnimme sille. Mei't Fiskepoat it fierstente drok hat mei it risselwearjen foar de boatrace, wurdt it twadde team inkeld troch Hik en Astrid foarme. Op 'e nij driget de race yn in gelykspul te einigjen, dat it swarte skiep is wer de tie-breaker. Astrid en Snotbongel komme yn botsing as se allebeide besykje it swarte skiep te pakken te krijen, en dêrby brekt Astrid har earm. Snotbongel fljocht mei it swarte skiep fuort, mar wurdt troch in leechhingjende beamtûke fan syn draak reage.

De ûnbesliste drakerace liedt ûnder it Wytsingpublyk ta in oprop om in nije race, mar Hik wol dêr neat fan witte, om't de ôfspraak wie: ien drakerace en dan wer oer nei de boatrace. As Snotbongel lykwols seit dat Hik syn team dochs net ferslaan kin, wol Hik it tsjindiel bewize. Om't Astrid omreden fan har brutsen earm net mear meidwaan kin, giet Hik wer nei Fiskepoat ta om dy nochris te freegjen en doch mei. Fiskepoat hat dêr gjin belang by, mei't er krekt klear is mei it opkallefaterjen fan syn boat foar de boatrace. As hy en syn draak Fleisblok lykwols in proeffeart meitsje, rekket Fleisblok seesiik en begjint lava te koarjen, mei as gefolch dat de boat lek rekket en fuortendaliks sinkt. Dêrnei feroaret Fiskepoat fan gedachten oer de drakerace.

As de nije drakerace fan start gean sil, keart Stompum de Mânske ûnferwachts ier werom op Berk. Hy wol fan Hik witte wat dit allegearre sil en wêrom't der gjin risselwaasje makke is foar de boatrace. Mei't de oare drakeriders dogge as witte se fan neat, nimt Hik alle skuld op him en fertelt er syn heit dat er, as plakferfangend haadman, guon beslissings nimme moatten hat dy't yn it belang fan 'e hiele mienskip wiene. En ien dêrfan wie it ferfangen fan 'e tradisjonele boatrace troch in drakerace. Ynstee dat Stompum him dêrfoar bestraft, sa't er ferwachte hie, is er eins grutsk op Hik en jout er him opdracht om troch te gean. De beide teams dogge ferskillende kleuren gesichtsferve op (Snotbongel en de twilling grien; Hik en Fiskepoat read) en geane fan start.

Elts wyt skiep dat fongen en yn 'e arena ôflevere wurdt, is ien punt wurdich, mar it swarte skiep hat in wearde fan fiif punten. Nei in spektakulêre race wêrby't alle wite skiep fongen binne, hawwe beide teams wer itselde oantal punten. Dat betsjut dat it team winne sil dat it swarte skiep fangt. Fiskepoat komme de wurden fan Net Sa Stille Sven yn it sin, dat it swarte skiep gauris yn 'e put knoffelet. Dat hy giet derop út om dêr te sykjen. Underwilens arrivearret de twilling mei it swarte skiep yn 'e arena. Stompum ropt Snotbongel en de twilling út ta winners, mar dan komt Fiskepoat werom mei it swarte skiep, wat ta grutte betizing liedt as Net Sa Stille Sven ferkundiget dat der mar ien swart skiep op it hiele eilân is. Skoarre werhellet nochris dat syn team wûn hat en krûpt syn swarte skiep oan. Dat lit lykwols in swart plak op syn gesicht efter. It docht bliken dat de twilling in wyt skiep dat net ta Sven syn keppel hearde, swart ferve hat, mei as gefolch dat se diskwalifisearre wurde. Stompum ropt Hik en Fiskepoat út ta de wiere winners fan 'e earste jierlikse drakerace fan Berk. Dêrnei nimt Stompum einlings it haadmanskip wer werom fan Hik, en dyselde naait mei syn draak Toskeleas út foar't syn heit him betinke kin.

De flashback einiget en it ferhaal keart werom nei de hjoeddeistige tiid. Hik konkludearret dat it eins Skoarre wie dy't it drakeracen betocht hat, om't hy dejinge wie dy't mei de regels op 'e lapen kaam (dy't er dêrnei mei falskspyljen besocht te brekken).

Rolferdieling

bewurkje seksje
haadrollen
personaazje akteur/aktrise
Hik Heislike Heilbot III Jay Baruchel
Astrid Hofferson America Ferrera


byrollen
personaazje akteur/aktrise
Fiskepoat Ingerman Christopher Mintz-Plasse
Skoarre Thorston T.J. Miller
Moarje Thorston Andrée Vermeulen
Snotbongel Jorgenson Zack Pearlman
Rachelman Krôk Chris Edgerly
Stompum de Mânske Nolan North
Stille Sven Tom Kenny
Modder Tim Conway

Produksje en distribúsje

bewurkje seksje

Dragons: Dawn of the Dragon Racers is in koarte film mei in spyldoer fan 26 minuten, dy't regissearre waard troch Elaine Bogan en John Sanford nei in senario fan Art Brown en Douglas Sloan. Krekt as de rest fan 'e How to Train Your Dragon-franchise wie de film basearre op 'e romansearje How to Train Your Dragon fan 'e Britske berneboekeskriuwster Cressida Cowell. As produsint wie Chad Hammes by it projekt belutsen foar de filmstudio DreamWorks Animation. De filmmuzyk waard fersoarge troch John Paesano.

Distribúsje

bewurkje seksje

De distribúsje fan Dragons: Dawn of the Dragon Racers waard fersoarge troch 20th Century Fox. De film waard op 11 novimber 2014 publisearre as bonusfilmke op 'e earste dvd- en blu-ray-edysjes en as taheakke by de earste digitale download fan 'e lange film How to Train Your Dragon 2. Op 3 maart 2015 waard Dragons: Dawn of the Dragon Racers ek apart op dvd útbrocht, yn 'e mande mei twa oare koarte films út 'e How to Train Your Dragon-franchise, te witten: Book of Dragons en Legend of the Boneknapper Dragon.

Keppelings om utens

bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.

How to Train Your Dragon (filmsearje)
lange films
How to Train Your Dragon (2010) • How to Train Your Dragon 2 (2014) • How to Train Your Dragon: The Hidden World (2019)
koarte films
Legend of the BoneKnapper Dragon (2010) • Book of Dragons (2011) • Dragons: Gift of the Night Fury (2011) • Dragons: Dawn of the Dragon Racers (2014) • How to Train Your Dragon: Homecoming (2019) • Snoggletog Log (2019)