Lofts riden

(Trochferwiisd fan Links riden)

Yn trijekwart fan de lannen yn de wrâld wurdt rjochts fan de dyk riden. Der is lykwols in grut oantal lannen dêr't men oan de lofkerkant fan de dyk rydt. Sa wurdt rjochts riden yn Arûba, Belgje, Kongo-Kinshasa, Nederlân en de Nederlânske Antillen, mar lofts yn Suriname, Yndoneezje, Namybje en Súd-Afrika. Lannen dêr't lofts riden wurdt binne faak eardere koloanjes fan Grut-Brittanje en/of eilannen.

Read: Rjochts ferkear
Blau: Links ferkear
 

Read: rjochts ferkear
Oranje: Rjochts ferkear, eartiids links
Blau: lofts ferkear
Pears: Lofts ferkear, eartiids rjochts
Grien: rjochts ferkear, eartiids ferskillende regels nei lokaasje

Inkelde iuwen ferlyn waard der yn folle mear lannen lofts riden omdat doe't noch op hynders riden waard en de measte minsken in swurd droegen. Der waard meastentiids mei de rjochterhân fochten, lykas de measte minsken no rjochts skriuwe. Om in slach ôfwarre te kinnen wie it dus makliker om lofts te riden, sa't de mooglike oanfallers oan de kant fan it swurd naderje moasten.

Doe't weinen mei meardere hynders neist inoar brûkt waarden, wie it lykwols nofliker om rjochts te riden. De faak rjochtshandige bestjoerder siet dan mei syn swipe graach lofts op de bok sa't er de hynders oan de kant hie fan syn (rjochter)hân, dêr't er de swipe mei fêst hie. Logyskerwize gie er oar ferkear dan rjochts foarby sa't er better ôfstân hâlde koe by it ynheljen. Yn Frankryk waard begûn mei it rjochtsriden tanksij Napoleon, dy praktyk hat Napoleon yn in soad oare lannen ynfierd. Omdat it wikseljen fan rydkant oan de grins lestich is, binne yn de rin fan de tiid mear lannen oerskeakele op rjochts ride.
Yn Japan wurdt lofts riden om't de Samurais harren swurd lofts drage (se binne dus rjochtshandich), en it oanreitsjen fan in Samuraiswurd gou as in swier fergryp. Troch lofts lâns in Samurai te rinnen (as men inoar temjitte rint) gie men by syn rjochterkant lâns en is der dus net folle kâns om it swurd te reitsjen. Ek dêr jildt lykwols wer dat it foar de drager fan it swurd makliker is om in slach ôf te warren of ta te bringen troch lofts oan te hâlden.

 
Warskôgingsboerd foar it wikseljen fan de kant fan de wei, op de grins tusken Laos en Tailân.

Yn Sweden waard oant 1967 oan de lofterkant fan de dyk riden. Om't yn de buorlannnen rjochts riden waard, besleat it Sweedske parlemint om yn Sweden ek rjochtsridend ferkear yn te fieren. Dat barde op 3 septimber 1967, de dei dy't bekend stiet as Dagen H. In jier letter (1968) folge Yslân. Op 2 april 1973 barde itselde yn Nigearia en op 4 augustus 1974 in Gana. Begjin septimber 2009 feroare yn Samoa de ferplichte rydrjochting fan rjochts nei lofts, dat, om de ynfier fan auto's út oanbuorjende lannen (Austraalje, Nij-Seelân) makliker te meitsjen.

Yn in pear lannen ride de treinen lofts, wylst it dykferkear rjochts rydt. Soks is bygelyks sa yn Belgje, Frankryk (útsûnderre de Elzas), Itaalje en Switserlân. De reden wêrom't treinen lofts ride yn dy lannen komt nei alle gedachten trochdat de trein oarspronklik út it Feriene Keninkryk komt, dêr't it dykferkear al lofts ried. Yn Sweden kin de ferklearring fûn wurde meidat it autoferkear oant 1967 ek lofts ried en der foar it treinferkear gjin reden wie om de rydrjochting te wizigjen.

It makket foar treinen net folle út oft der lofts of rjochts riden wurdt (de trein folget de rails en de masinist kin him net fersinne) en dêrom is der komselden in reden om dêr wat oan te feroarjen.

Lannen en gebieten dêr't lofts riden wurdt

bewurkje seksje


Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes: