Mahoanje (kleur)
Mahoanje of mahoanjebrún is in kleur dy't yn 'e regel beskôge wurdt as in tint fan brún of ek wol fan oranje. It is in oranjich brún dat basearre is op 'e kleur fan 'e houtsoarte mahoanje. Sok hout hat lykwols net ien unifoarme kleur, en moat dêrom net mei de kleur betize wurde. As kleuroantsjutting wurdt 'mahoanje' teminsten al brûkt sûnt 1737, doe't it foar it earst as sadanich optekene waard yn 'e Ingelske foarm mahogany.
mahoanje | ||
kleurkoördinaten | ||
heksadesimaal | #C04000 | |
RGBª (r, g, b) | (192, 64, 0) | |
CMYKº (c, m, y, k) | (0, 67, 100, 25) | |
ª) normalisearre nei [0-255] (byte) º) normalisearre nei [0-100] (%) |
Kleurtechnyk
bewurkje seksjeBy additive kleurminging (bgl. op tillefyzjes en kompjûterskermen) is mahoanje in sekundêre kleur, dy't produsearre troch it mingen fan read en grien. By subtraktive kleurminging (bgl. yn 'e druktechnyk) is it in tertiêre kleur, dy't yn teory kreëarre wurdt út it mingen fan syaan, maginta en giel. Yn 'e praktyk wurdt lykwols swart tafoege ynstee fan syaan, om't dat bettere resultaten jout.
Besibbe kleuren
bewurkje seksjeMahoanjeread is in kleur dy't readiger is as mahoanje.
mahoanjeread | #CD4A4C | |
ljochtmahoanjeread | #DD6D5B | |
donkermahoanjeread | #9D3C27 |
Sjoch ek
bewurkje seksjeBoarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side. |