Mantsjoerijske hazze

De Mantsjoerijske hazze (wittenskiplike namme: Lepus mandshuricus) is in sûchdier út it skift fan 'e hazze-eftigen (Lagomorpha), de famylje fan 'e hazzen en kninen (Leporidae) en it skaai fan 'e echte hazzen (Lepus). It is lânseigen yn it Mantsjoerije (noardeastlik Sina) en it Fiere Easten fan Sibearje. Mei û.o. de (gewoane) hazze (Lepus europaeus) heart dizze soarte ta it ûnderskaai fan 'e echte hazzen (Eulagos). De Mantsjoerijske hazze is in nachtdier dat de foarkar jout oan mingd wâld as biotoop. De IUCN klassifisearret dit bist as net bedrige.

Mantsjoerijske hazze
taksonomy
ryk dieren (Animalia)
stamme rêchstringdieren (Chordata)
klasse sûchdieren (Mammalia)
skift hazze-eftigen (Lagomorpha)
famylje hazzen en kninen (Leporidae)
skaai echte hazzen (Lepus)
soarte
Lepus mandshuricus
Radde, 1861
IUCN-status: net bedrige
ferspriedingsgebiet

Fersprieding

bewurkje seksje

De Mantsjoerijske hazze is lânseigen yn it noardeasten fan 'e Folksrepublyk Sina, in útstrutsen gebiet dat in grut diel fan it histoaryske Mantsjoerije beslacht. Tsjintwurdich is it bestjoerlik opdield oer de provinsjes Heilongjiang, Jilin en Liaoning en de autonome regio Binnen-Mongoalje. Dêrnjonken komt de Mantsjoerijske hazze ek foar yn in grut diel fan it Russyske Fiere Easten fan Sibearje, dat ta de Russyske Federaasje heart. It giet dêrby om 'e kriten fan 'e rivieren de Ussoeri en de Amoer, ynkl. it Kustterritoarium oan 'e Japanske See oan Vladivostok ta. Dêropta heart ek in lyts diel fan it noardeasten fan Noard-Koreä ta it ferspriedingsgebiet fan 'e Mantsjoerijske hazze. Dêre en yn eastlik Mantsjoerije oerlapet it areaal fan dit bist dat fan 'e nau besibbe Koreaanske hazze (Lepus coreanus).

Uterlike skaaimerken

bewurkje seksje

De Mantsjoerijske hazze hat trochinoar in kop-romplingte fan 40–48 sm, mei in sturtlingte fan 41/2–71/2 sm en in gewicht fan likernôch 2 kg (by folwoeksen eksimplaren). De earen binne ornaris 71/2–101/2 sm lang. Yn ferhâlding ta de nau besibbe Koreaanske hazze (Lepus coreanus) binne de efterpoaten fan 'e Mantsjoerijske hazze relatyf koart en de earen relatyf lyts.

De pels is oer it meastepart fan it lichem ljochtbrún, mar op 'e bealch, kiel en fangen boppe de efterpoaten wyt. Om 'e eagen hinne sit in wyt of krêmkleurich mar yn elts gefal ljocht kleure rântsje. De earen hawwe swarte puntsjes. Der bestiet fan 'e Mantsjoerijske hazze in melanistyske (swarte) fariant, dy't foarhinne (by fersin) wittenskiplik beskreaun is as in aparte soarte, Lepus melainus.

Mantsjoerijske hazzen libje yn wâldbiotopen, dêr't se de foarkar jouwe oan mingd wâld oer nullewâld. Se mije iepen romten oer it algemien en rinne mei in bôge om minsklike delsettings hinne. Yn bercheftich gebiet komt de Mantsjoerijske hazze foar oant in hichte fan 900 m.

Hâlden en dragen

bewurkje seksje

Oer it hâlden en dragen fan dit skrutene bist, dat yn in ôfhandige krite libbet, is net safolle bekend, hoewol't men derfan útgean kin dat it net sa'n rare soad ferskille sil fan it hâlden en dragen fan nau besibbe soarten út it ûnderskaai fan 'e echte hazzen (Eulagos). De Mantsjoerijske hazze is in nachtdier, dat him oerdeis almeast weromlûkt yn in leger, in ûndjip dobke yn it strewelleguod. It menu fan dit perfoarst herbivoare bist bestiet foar it neist út krûden en beamskoars. Oer de fuortplanting is hast neat bekend. Natuerlike fijannen binne û.o. de foks (Vulpes vulpes), de grize wolf (Canis lupus), de Jeraziatyske lynks (Lynx lynx), de Amoerpanter (Panthera pardus orientalis) en de Sibearyske tiger (Panthera tigris tigris).

De Mantsjoerijske hazze hat de IUCN-status fan "net bedrige", mei't er yn syn ferspriedingsgebiet noch rûnom foarkomt en om't de populaasje stabyl liket te wêzen. De grutste bedriging foar dizze soarte is de houtkap en dêrmei habitatferlies om't de Mantsjoerijske hazze bûten syn wâldbiotoop net konkurrearje kin mei de Tolaihazze (Lepus tolai). Dat is in minder nau besibbe soarte dy't ek yn Mantsjoerije foarkomt en better oanpast is foar in libben bûten it wâld. Dit bist plantet him boppedat folle flugger fuort as de Mantsjoerijske hazze.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.