Marije-Himelfearttsjerke (Marienbaum)
De Marije-Himelfearttsjerke (Dútsk: Kirche St. Mariä Himmelfahrt) is in beafeartstsjerke yn Marienbaum, in stedsdiel fan Xanten yn 'e Dútske dielsteat Noardryn-Westfalen. De tsjerke waard oarspronklik as kleastertsjerke boud fan in yn 1460 stifte Brigittenabdij, dat yn 'e tiid fan 'e sekularisaasje (1802) sletten waard. Sûnt dy tiid is de tsjerke in parochytsjerke.
Marije-Himelfearttsjerke
Kirche St. Mariä Himmelfahrt | ||
Lokaasje | ||
lân | Dútslân | |
dielsteat | Noardryn-Westfalen | |
Kreis | Wesel | |
plak | Xanten-Marienbaum | |
adres | Klosterstraße 23 | |
koördinaten | 51° 41' N 6° 22' E | |
Tsjerklike gegevens | ||
tsjerkegenoatskip | Roomsk-Katolike Tsjerke | |
bisdom | Múnster | |
patroanhillige | Marije | |
Arsjitektuer | ||
boujier | tsjerke: 1712-1714 toer 1898-1900 | |
boustyl | barok, neogotyk | |
Kaart | ||
De tsjerke wurdt tsjintwurdich alle jierren troch likernoch 15.000 pylgers besocht.
Beafeart
bewurkje seksjeDe beafeart is basearre op it ferhaal oer in genedebyld fan Marije út de iere 14e iuw. Neffens dat ferhaal krige yn 1430 in skieppehoeder mei ferlammingsferskynsels oant trije kear ta in dream oer in ikebeam. De beam hie de foarm fan in trep mei yn 'e top in ôfbyld fan Marije, de mem fan Jezus. De skieppehoeder besocht dêrnei de beam mei dy foarm te finen en hy slagge dêr yn. By de beam fûn er in byld, dat er fereare en as in mirakel waard de hoeder wer hielendal better. It plak krige dêrnei de namme "An gen Trappenboom" en al gau teagen nijsgjirrige minsken nei it plak, dêr't yn 'e jierren 1438-1441 troch graaf Adolf II in oan Marije en de evangelist Jehannes wijde kapel boud waard. Fan dy kapel bestiet it goatyske koer noch.
Kleastertsjerke
bewurkje seksjeMarije fan Boergonje stifte yn it jier 1460 in dûbelkleaster neffens de oarderregels fan Birgitta. It kleaster waard ynearsten troch sân nonnen en twa preesters bewenne. Nei lytse útwreidings koene yn 1611 yn Kalkar en yn 1625 yn Kaldenkirchen dochterkleasters stifte wurde.
Yn 'e jierren 1650-1688 waard it kleaster grutter makke. Der wennen no 60 nonnen en 25 geastliken, dy't de stream pylgers nei Marienbaum fersoargen. Yn dy tiid moast Marienbaum it lykwols al jimmeroan mear ôflizze tsjin net fier ôflizzende Kevelaer, in beafeartsplak dat hjoeddedei ien fan de meast besochte beafeartsplakken fan Dútslân is.
Fan 1712 oant 1714 waard de brekfallige kapel yn dielen ôfbrutsen; it koer fan de kapel en de yn 1710 boude barokke kleastergong waard yn 'e nije tsjerke yntegrearre.
Sekularisaasje
bewurkje seksjeYn it ramt fan 'e sekularisaasje waard it kleaster yn 1802 ûnder Frânske besetting opheft. De tsjerke waard in parochytsjerke, de kleasterbibleteek waard gearfoege mei de stiftsbibleteek fan Xanten, wylst de kleastergebouwen foar it measte ferneatige waarden. Allinne de twa ferdjippings tellende kapittelseal bleau sparre en tsjinnet hjoeddedei as sakristy. De tsjerketoer waard pas yn 'e jierren 1898-1900 yn neogoatyske styl boud. Yn 1898 waard de toer útrist mei sân brûnzen klokken.
Nei't in smeulende brân op Jiskewoansdei yn 2017 it ynterieur skeinde troch roetôfsetting, folge in restauraasje dy't in jier duorre. De parochy hie foar it earst wer op Palmsnein in tsjinst.
Ynrjochting
bewurkje seksjeIt genedebyld fan Marije út de 14e iuw yn 'e kapel foarmet it meast wichtige hillichdom fan 'e tsjerke.
It heechalter út 1441 is fersierd mei wurk fan Barthel Bruyn de Aldere (* 1493 yn Wesel; † 1555 yn Keulen), dy't ek in soad skilderijen foar de dom yn Xanten makke. Fierder binne der fresko's fan ingels en apostels út it jier 1460. De tsjerke besit ek in troch de nonnen makke fêsteldoek út de 17e iuw.
De hjoeddeiske klokken koene makke wurde nei't de famylje Underberg yn 1980 in skinking oan 'e parochy die. De sân brûnzen klokken waarden getten troch klokkejitterij Petit & Edelbrock yn Gescher.
Oargel
bewurkje seksjeIt oargel waard yn 1894 troch de Ljouwerter oargelboufirma Van Dam boud. It ynstrumint stie oant de ôfbraak yn 1970 yn 'e grifformearde Oosterkerk fan Arnhim,[1] en waard yn 1971 troch de oargelboufirma Romanus Seifert & Sohn út Kevelaer útboud, renovearre en op 'e galerij fan de Marije-Himelfearttsjerke ynboud. It suver mechanyske oargel hat 25 registers yn de styl fan de neorokoko.
-
Mirakelbyld.
-
Van Dam-oargel.
-
Lofter sydalter.
-
Haadalter.
-
Rjochter sydalter. -
Kristus op de kâlde Stien.
-
Byld Sint-Anne mei Jongfaam en Bern.
Keppeling om utens
bewurkje seksjeBoarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Dútsktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: de:St. Mariä Himmelfahrt (Marienbaum)
|