Marije Magdalena

(Trochferwiisd fan Marije fan Magdala)

Marije Magdalena (ek: Marije fan Magdala, Maria Magdalena en Maria fan Magdala) is in persoan út it Nije Testamint. Marije Magdalena wie oanwêzich by it krúsigjen fan Kristus en wie njonken de Faam Marije en Marije Salomé ien fan de trije Marijes, dy't tsjûge wiene fan de ferrizenis fan Jezus. De namme Magdala ferwiist nei it plak Magdala oan de Mar fan Galilea yn Israel. Har feestdei is op 22 july fêststeld.

Marije Magdalena
skildere troch Frederick Sandys

Bibelske beskriuwing

bewurkje seksje
 
Marije Magdalena foar har bekearing (James Tissot)
 
De ferskining fan Kristus foar Marije Magdalena (Alexander Ivanov, 1834-1836)
 
Marije Magdalena (Julio Romero de Torres)

Marije Magdalena wie ien fan de froulju dy't Kristus en syn apostelen folge, wylst Kristus it bliid boadkip ferkundige. Neffens Lukas 8:2 en Markus 15:47 hie Kristus earder by har sân demonen útband. De Skrift jout fierder net folle ynformaasje oer Marije Magdalena, mar hja fersoarge mei in tal oare froulju Jezus en syn dissipels en bleau Jezus oant Jeruzalim folgjen.

Tegearre mei inkelde oaren seach Marije Magdalena op in ôfstân ta hoe't Jezus oan it krús stoar (Markus 15:40, Mattéus 27:56). It boek Jehannes (19:25) stelt dat Marije Magdalena tegearre mei Jezus' mem en Marije Klopas by it krús stiene. Marije Magdalena wie ien fan de froulju, dy't de grêflizzing bywennen (Markus 15:47 en Mattéus 27:61). Ek wie hja ien fan de froulju dy't trije dagen letter, op peaskesnein, nei it grêf reizge om it lichem fan Kristus te salvjen en ûntdiek dat it grêf leech wie. Yn it grêf troffen de froulju in ingel oan, dy't tynge die dat Jezus net dea wie en dy't sei wêr't Jezus te finen wie. Dêrnei ferskynde de Hear sels oan Marije Magdalena. Marije fertelde doe de oaren wat hja meimakke hie, mar it woe harren ynearsten net oan dat Jezus wer libbe (Markus 16:5-11).

Jehannes skriuwt oer it lege grêf dat der twa ingels oan Marije Magdalena ferskynden, nei't hja earder yn panyk guon apostels warskôge hie dat it lichem fan Jezus der net mear wie. As Marije Magdalena in andert jout op de fraach fan de ingels wêrom't hja sa oerémus is, heart hja de stim fan de man dy't hja yn it grêf socht. Hja sjocht en wol Him oanreitsje. Mar Jezus sei: reitsje my net oan, want ik moat noch opfarre nei myn Heit. Dêrnei gyng Marije Magdalena nei de learlingen mei it boadkip dat hja de Hear sjoen hie (Jehannes 20:1-18).

Marije Magdalena yn de gnostyske apokryfen

bewurkje seksje

Utsein yn it Nije Testamint, komt Marije Magdalena ek yn fjouwer gnostyske boeken foar:

Lyk oan de apostels

bewurkje seksje

Okkerlêsten hat it Fatikaan Marije Magdalena opwurdearre en har lyksteld oan de apostels. De dei dat Marije Magdalena betocht wurdt is feroare yn in feestdei. De paus hat him hjir sels foar yn set en de stap moat sjoen wurde yn it ramt fan de ferbettering fan de posysje fan de frou yn de tsjerke.[1]

Oars as yn de ottordokske tsjerken krige Marije Magdalena yn it westerske kristendom al yn de 3e iuw in reputaasje fan in beroufolle prostituee. Nearne yn de fjouwer evangeeljes is lykwols in ekplisite ferwizing fan Marije Magdalena nei in sûndich libben te finen. Mooglik waard Marije Magdalena fertiisd mei de sûndige frou dy't yn Lukas 7:36-50 Jezus' fuotten salve. Ek is der betizing mei Marije fan Betanië, de suster fan Marta, dy't yn Jehannes 11:1-2 ek de fuotten fan Jezus salve en lang waarden Marije fan Betanië en Marije Magdalena troch guon as ien en deselde persoan sjoen.

Oan de betizing is û.o. ek in preek fan paus Gregorius I yn 591 skuldich. Yn dizze ynfloedrike preek identifisearre de paus Marije Magdalena as de sûnderes sûnder namme dy't Kristus's fuotten mei balsem salve. De sân demoanen dy't Jezus út Marije Magdalena bande waarden sân haadsûnden.[2] Alhoewol't de tsjerke hjir al lang ôfstân fan nommen hat, komme der om de persoan fan Marije Magdalena hinne ek tsjintwurdich noch nije optinksels by. Sa woe de skriuwer Dan Brown yn de bestseller de Da Vinci Code ha, dat Marije Magdalena de frou fan Jezus wie. Ek dizze bewearing mist alle grûn.[3]

Oerleverings

bewurkje seksje

Ynfloed hie ek in ferhaal oer Marije Magdalena yn de Legenda aurea (Latynsk foar "Gouden leginden"), in godstsjinstich folksboek út de lette midsiuwen. Neffens dit ferhaal soe Marije Magdalena mei Marije fan Klopas, Marta en Lazarus troch in mennich joaden op in skip sûnder seil setten wêze. It skip kaam úteinliks yn it Frânske Saintes-Maries-de-la-Mer by Marseille oan en fan dêr út brochten hja it kristendom yn de Provence. Dêr wurdt ek nog in tsjinsfaam fereare, dy't mei de trije Marijes meireizge hie: de swarte Sara, in beskermhillige fan de Roma en Sinti. In oare oerlevering woe ha dat Marije Magdalena nei de opstanning fan Kristus mei de apostel Jehannes en Marije, de mem fan Jezus, nei Efeze reizge en dêr stoar.

Yn de keunst wurdt Marije Magdalena faak mei in skedel, in pot salve, in gisel, in skriftrol of in krús útbylde. Somtiden is hja ryk yn de klean, somtiden ek - as boetling - yn in rûch bistefel of neaken (dit lêste is in gefolch fan de betizing mei Marije fan Egypte, in frou dy't fanwegen har sûnden har neaken yn de woastyn ophold). Op guon foarstellings wurdt Marije Magdalena knibbeljend oantroffen by it krús mei har hannen om de fuotten fan Kristus, somtiden ek as de frou by it lege grêf.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes: