Wolkom by de Fryske Wikipedy!
As jo noch gjin ûnderfining hawwe mei Wikipedia, dan binne hjir in pear oanwiizings wêr't de saken by de Fryske Wikipedy te plak binne:

  • Ynformaasjesiden oer de Wikipedy en behearsiden kinne jo fine fia de keppeling Wikipedy-mienskip (lofts boppenoan op eltse side).
  • Jo fragen, oer wat ek mar, kinne jo skriuwe op Wikipedy:Oerlis side.
  • Foar in sinjatuer by oerlis kinne jo trije of fjouwer golfkes brûke: ~~~~. As jo in oare sinjatuer hawwe wolle, dan kinne jo dy noch oanpasse by jo Ynstellings - Alias.

Aliter 17.00, 3 jun 2005 (UTC)

De tekst op jo meidoggerside liket in moai stik wurk oer Westergeast te wurden. As jo tefreden binne oer jo tekst, dan kinne jo dy op de side oer Westergeast oernimme. Under oaren de side Kollumerlân hat in keppeling nei dy side, mar ik kin no likegoed hjir in keppeling nei dy noch lege side meitsje: Westergeast.
Aliter 17.00, 3 jun 2005 (UTC) e Trieme ==

Noch wolkom op de wikipedy, Ik haw de opmaak fan jo tekst oer De Trieme, in bytsje oanpast neffens ik tink dat de bedoeling wie.

  • It kopke mei de tekst De Trieme haw ik fuorthelle om dat de namme fan de side automatys al grut en fet boppe oan de side komt te stien (No stiene der twa kopkes).
  • By de ferwizings hiene jo inkele heaken om de plaknammen te stean. Dit moatte dûbele heaken wêze. Dûbele heaken kinne jo ek meitsje troch it wurd(en) te selekteren en op de tredde Knop Ab te drukken. (eerste knop is foar fet, twadde knop foar skean.
  • Ik haw jo signatuer by de side oar De Trieme weihelle. Dit is bedoeld foar de Oerlis-siden. Op de artikel siden kin eltsenien op it Skiednis tabblêd sjen wa't oan it artikel wurke hat, wa't wat feroare/taheakke hat en hjir binne ek de âldere fersjes te besjen (troch op de tiid/datum yn de list te klikken).

Theun 17.59, 19 jun 2005 (UTC)

Ik haw ek noch de side De Triemen werneamd ta De Trieme. Sûnder n like my ek better en de list fan Fryske plaknammen fan de Fryske Akademy hat it ek sa. Theun 18.10, 19 jun 2005 (UTC)

Theun: Dat wie Westra net - Tusken dat er de keppeling makke en dy folge om de side te skriuwen, hie ik de namme oanpast om't op de webstee fan Kollummerlân ien namme jûn wurdt foar beide talen, sa't dy "Triemen" hawwe, lykas it Frysk Wurdboek (7e printinge). Mar as de gemeente de Akademy folge, en it eachpunt fan de Akademy feroare is, dan moatte wy ek mar folgje. Aliter 19.51, 19 jun 2005 (UTC)

Lytse saken bewurkje seksje

Ik haw de tekst wat oanpast, mar der binne noch in pear saken dêr't ik net wis fan bin. Ik bin der noch net út wêr dy loane leit, en wêrom dy neamd is efter dy iene ynwenner. En ik wit ek net of it part oer de (nije) skoalle sa yn oarder is. At jo hjir mear oer wiite, kinne jo der dan nochris nei sjen? Aliter 19.51, 19 jun 2005 (UTC)

Myn tank bewurkje seksje

Betanke foar it oanpassen fan it stikje oer de Trieme. Ik sil de kneepkes fan it fak noch leare moatte. By it wurkjen foar kranten jilde oare rigels. Ik sil myn bêst dwaan, mar ik wie it wurkjen mei ASCI wer wat ferleard, no't ik al wer in skoftsje mei Windows oan 'e slach bin.

Wat dy Van Hanecrootloane oangiet. Dizze rint neffens my nei it eardere Sweagerfeen. Ik hie yndied de Migchelbrinkloane ek noch neame kinnen. Mar dan wie ik yn inoar syn flaters fallen. Master Migchelbrink wie net, sa as wol sein wurdt, it earste haad fan de Kristlike Skoalle fan De Trieme. Hy wie haad fan de Iepenbiere Skoalle yn Aldwâld. Us mem hat noch by him op skoalle sitten. It misferstân sil komme út dat ds. Politiek en hy tige befreone wienen. Politiek hie syn kas en Migchelbrink wie mei nije ierappelrassen dwaande. Boppedat wie ús pake by beide túnman.

Myn bedoeling is om fierder te gean mei de doarpsbeskriuwings. Jimme krije sa wolris wat. It is no ienige wêr't ik mei dwaande bin. It nije boek fan Peter Karstkarel hat my ynspiraasje jûn. Alles wurdt troch my as op 'e nij besjoen. Troch boeken en ynternet nei te sjen. Abe Westra 19.56 20 juny 2005

Ik leau de algemiene oantsjutting De "Van Hanecrootsingel" fan it doarp moat dan mar stean bliuwe. Lykwols, fiel jo frij om it kopke "Van Hanecroot" te feroarjen ta "Strjitnammen", en dan de Migchelbrinkloane ta te foegjen, fansels mei de krekte útlis.
Wat it ferskil mei de krant oanbelanget: de measte ferskillen hawwe ien fan twa oarsaken:
  • It gearwurkjen. Bygelyks, bydragen op de gewoane siden hawwe gjin sinjatuer om't wy de tekst tegearre skriuwe en oanpasse; yn stee dêrfan is der de sideskiednis, dêr't eltsenien sjen kin wa bydroegen hat, en wat dy presys dien hat.
  • De jildigens: De siden wurde mear skreaun om jieren jildich te bliuwen. Bygelyks, op de side oer De Trieme soenen wy noch skriuwe moatte krekt, of likernôch, hoenear at dy nije skoalle boud is.
Mar net ien side is daalks perfekt; it moaie fan Wikpedia is dat wy allegear flaters meitsje kinne, mar dat wy dy ek allegear ferbetterje kinne, en dat makket de siden hieltiid better. Aliter 22.32, 20 jun 2005 (UTC)

Ik haw noch wat skave oan de side Westergeast. It slagget my net om dy nei de side Westergeast te ferpleatsen. Soene jimme dat eefkes dwaan kinne? Dan is de side Westergeast ek wer ynfolt. Ik skarrelje dan wer rêstich fierder. Meidogger: Abe Westra 14.53 18 aug. 2005

Is dien (mei knippe en plakke).Theun 15:03, 2005 jul 18 (UTC)
Theun, ik haw it op 'e nij dien; dizze kear troch it werneamen fan de side. By werneamen wurdt de sideskiednis ek meinaam. Jo wizigings haw ik wer tafoege. Aliter 17:23, jul 18, 2005 (UTC)

By Ljussens haw ik in aardige foto fan it âlde stasjontsje fûn.

Ik haw besocht om it GIMP-programma op myn pc te laden.

Ik út op Sourceforce en dan begjint it. Ik krij bij mear dan ien fan myn kar de meidieling dat it net bestiet of beskadige is.

Ik haw hjirby helpmiddels fisy 18 des. 2003 brûkt. Is dy feroare?

Graach soe ik jimme advys hjiroer hawwe.


Meidogger: Abe Westra 12.46 25 july 2005

Peazens (doarp) bewurkje seksje

Ik haw de side Oerlis:Peazens (doarp) werneamt ta Peazens (doarp). Ik tocht dat de side der no wol aardich op like. Wy it mei opset sin earst dat jo dit earst op de Oerlis side begon binne?Theun 20:43, 2005 jul 29 (UTC)

Nim my net kwea ôf. Dit hat in bedriuwsûngfal west. Ik wie der efkes úthelle. Meidogger Abe Westra 17.22 31 july 2005

Sa as ik 25 july l.l. al skreau, wie ik dwaande mei de GIMP. Dat is is mislearre. Neffens saakkundigen koe it wolris lein hawwe oan dat de GIMP oarspronklik makke is foar Linux en dat it oersetten nei Windows net hielendal slagge is. Ik haw no in nij sytsteem Fotobewerking yn gebrûk nommen. Dit systeem wurket op spp, in sytsteem dat dúdlik better is. Allinne as ik wat oersette wol nei in pagina dan krij ik by it meitsjen fan de triem de meidieling dat spp net sa geskikt is. Ik begryp dat net. Ik haw der no in wike mei oan 'e gong west. Myn resultaten binne dúdlik better as yn jpg. Ik lies sels earne dat jpg eins syn tiid al hân hat. It wurdt dan noch wol brûkt, mar der binne bettere systemen. Spp is dêr ien fan. It liket my ta dat jimme jimme sytsteem oanpasse moatte. In oare mooglikheid is dat ik sels myn printsjes ynplak. Fotobewerking is ôflaat fan Windows. Alle mooglikheden fan knippe en plakke sitte der op. De gegevens soe ik dan yn oerlis jaan kinne. Ik bin noch mei guon oan 'e praar hjiroer. Wat hjir útkomt, wit ik noch net. Ik hear graag jimme miening hjiroer. Wy sille der op iene of oare wize útkomme moatte. [Meidogger Abe Westra] 16.23 27 augustus 2005

Ik snap net hielendal wat jo bedoele mei spp. Ik haw efkes mei google probearre en it ienigste dat ik tsjinkom by dizze term is in soarte fan parallelle poart. Is dit in ofbyld-formaat? It giet der by de ofbylden op de wikipedia naturlik wol om om in ofbyldformaat te brûken dy't oeral en troch alle websneupers brûkt wurdt, dus .jpg of .png (opfolger fan .gif). Fierders wit ik net wat foar fotobewerkings-programma jo no brûke mar neffens my moatte al sok soarte fan programma's eksportearje kinne nei .jpg formaat (Sit der net in export-opsje yn it menu).
Hawwe jo no problemen om ofbylden om te setten nei it jpg formaat, of hiene jo probleamen mei de GIMP om plaatsjes yn te scannen mei in scanner??Theun 09:00, 2005 aug 28 (UTC)

Myn probleen mei de GIMP wie dat ik dy der noait hilendal opkrige. Dan ûntbriek dat wer en dan wegere Windows om it op te laden. Ik haw dus mar nei wat oars socht en sa bin ik op Fotobewerking kommen. Ik haw hjoed oerlis mei de makkers hân en se hawwe my in goede rei jûn. No moat ik it ferpleatsen noch ûnder de knibbel krije. Der sille ynearsten noch wol ris bernesykten komme. Ik haw hjoed in foto fan Balthaser Bekker trochstjoerd. Hielendal goed is it noch gien. De foto is bedoeld foar Mitselwier, Bekker syn berteplak. As ik oerdwaan moat, hear ik dat graach. Mei de tiid sil Piter wol yn 'e broek komme. Betanke foar jo goede rie.Meidogger Abe Westra18.15 30 augustus 2005

Ik hy nei jo earste berjocht de GIMP ek efkes probearre te ynstallearjen op in WindowsXP masine en dat wy einst gjin probleem. It wie wol sa dat der twa programma's ynstallearre wurde moasten. GTK+ en de GIMP, mei it betingst dat de GTK+ earst ynstallearre wurde moast. Ik haw jo der doe ek noch in mailtsje oar besocht te stjoeren (fia it Skriuw meidogger helpmiddel oan de linkerside ) mar ik hie al it idee dat dit mislearre wie. Ik haw it programma fierder net echt besocht, allinich efkes in foto ynlaadden en bytsje feroare (net mei de scanner ompielt) mar ik krige it idee dat dit wol in goed alternatyf wie foar programma's sa as Adobe Photoshop.
It ofbyld fan Balthaser Bekker kinne jo miskien ek wat detailleerder (en grutter) ynlade. At it no op in side plaatst wurd is it wat oan de lytse kant tink ik (sjoch Mitselwier). Plaatsje kinne lytser (en grutter) makke wurde, mar by it fergrutsjen fan in ofbyld wurd de kwaliteit hurd minder.Theun 18:03, 2005 aug 31 (UTC)

Mitselwier, Ropta bewurkje seksje

Wat wiene jo fan doel mei de teksten &dagger op de side Mitselwier? Bedoele jo bygelyks . Fierder is it neffens wat ik lêzen haw sa dat Joeke fan Helbada út Ingwierrum kaam instea fan Hegebeintum. Se moatte harren ik kear by Hegebeintum troffen hawwe.Theun 19:07, 2005 aug 31 (UTC)

Ik bedoelde yndie it krúske. Neffens wat ik lêzen haw kaam Joeke fan Helbada út Hegebeintum. Ik haw dat mar sa holden. Wy lûke der gjin messen oer. Yn myn krantetiid haw ik leard, dat de einredakteur meastentiids gelyk hat. Jo meie it feroarje. Ik lit ek wol ris in stek falle. Goed dat it neilêzen wurdt. meidogger Abe Westra 17.36 1 septimber 2005

No hawwe we op in mienskipsprojekt sa as dizze wikipedy natuerlik gjin einredakteuren (en dat bin ik sekers net) mar ik sil noch wol neisjen hoe at dit sit. Wat foar bron hiene jo hjir foar. Ik sil it ek noch wol neisykje. Ik tink wol dat dit stukje oer Worp fan Ropta better nei de side fan Ropta ferplakt wurde kin en miskien wol in eigen side at der noch wat mear oer te skriuwen is.Theun 07:55, 2005 sep 3 (UTC)

Wat doch ik no wer ferekeard? bewurkje seksje

Ik haw in skoft dwaande west mei it ferstjoeren in foto. By it oanbieden fan in triem krij ik bladeren. Ik sykje dan in ôfbyld út. Dan klik derop. Ik krij in dialoochfinster. Ik klik dan op iepenjen. Dan krij ik de filenamme. Dy is sa lang dat it ek yn 't oare finster komt. Ik haw ütfûn om dat stik nei it boppeste stik oer te bringen. Dan tik of plak ik de URL yn. As ik de tekst yn summary ynfierd haw, klik ik op Bied triem oan. Ik krij dan in skerm wêr't opstiet dat dit gjin oanrette foarm is. Hoe moat ik dan wol? Yn 't foar betanke foar it advys. Yn Foudgum haw ik de c dië mar ferfolle litten en dat feroare. Ik tink dat it systeem net op Word reagearret. Ik haw dan by ynternetten ek alris meimakke. meidogger Abe Westra 13.19 2 septimber 2005

Ik tink dat it úteinlik al slagge is om it plaatsje fan Westergeast oan te bieden. Jo hiene by't taheakjen fan it ofbyld op de side fan westergeast net deselde namme brûkt dy't jo oan it ofbyld joen hiene, dan kin it plaatsje net fûn wurde. Ik haw it mar efkes oanpast. Jo kinne op de nederlânske wiki sjen foar oanwizings oer it taheakjen (tink der wol om om Afbeelding te ferfangen troch Ofbyld).
Foudgum, ik hy &cir al ferfongen troch ç en it part oer haversmidt yn in aparte side set. De wiki syntax is oars as Word, ik tink dat we op de frysk wiki noch wol wat mear oer útlizze kinne en moatte. Jo kinne foareerst wol efkes op de nederlânsk wiki rûnstrune by de útlis oer opmaak ensf.
Ik sjoch ek dat jo jo fraach undertekene hawwe mei wat liket in link nei jo meidoggerside, sit in tikflater yn. Jo wite dat jo mei ~~~~ yn te foljen automatysk undertekenje kinne mei datum en tiid derby?Theun 07:39, 2005 sep 3 (UTC)

In pear opmerkings en fraachjes bewurkje seksje

east kom ik efkes wer om cpp. Ik haw it ek noch ris yn it kompjûperwurdboek neisjoen. It wurkboek jout oan: in bestandsbron. Google wit dus ek net alles.

Ik tink dat wy wat bijinoar del prate. Ik wit net wat foar programma at jo brûke mar ik slagget wol om .jpg files te meitsjen. (cpp kin ik wol, is it triem-formaat fan C++, mar bin noch steed nijsgjirrich nei .spp). Tink der by it oanroppen fan de ôfbyld precies deselde namme te brûken at jo opjoen hawwe by it oanbieden.Theun

Foar wat Windows neamt: bysûndere tekens, brûk ik, wat ik fan jimme side helle haw as ûnder helpmiddels Koart oersjoch sa as dat fêstlein is op 12 maaie. Op blêd 4 steane dy yn in koade.

Ik tink dat it komt om't de ; oan it ein fan de koade moat. Bygelyks &dagger wurd in †.Theun

Dan haw ik fan Tresoar it Aardrijkskundig Wordenboek fan v.d. Aa sa setten dat ik dat by de hân haw. Der steane hiel goede foto's op. Hoe stiet dat mei it auteursrjocht? Kin ik by de oerheid rekkenje en it beskôgje as frij? De foto's binne allegearre te downloaden. It soe my in protte sykjen besparje en e-post foar tastimming. Graach hear ik hoe't is krekt sit.

Hjir is in protte diskusje oar op de wikipedia's. It útgongspunt is dat alles frij fan rjochten is sûnder beheinings. Dus de makker moat de rjochten frij jaan oft it moat in ôfbyld wêze wat troch âlderdom frij kaam is fan rjochten (is per lân ferskillend). Om der wat mear oar te lêzen soene jo efkes op nl sjen kinne.Theun

Yn Westdongeradiel sit ik mei Betterwurd. Ik haw oan de plaknammen tafoege, mar wêr kin ik it mei keppelje? Ik haw begrepen dat Betterwurd troch Dokkum opslokt is. Mar ik moat de 9de stim yn Westdongeradiel earne ûnderbringe.

Jo kinne bygelyks yn de side oer West-Dongeradiel it eardere doarp Betterwerd fine.Theun

Dan noch wat. Oer in skoftsje begjin ik mei Ferwerderadiel. Dan kom ik trije kleasters tsjin. Foral Mariëngaarde is tige wichtich west. As ik it ûnder Hallum set, krij in ûnbiedich lang ein. Witte jo hjirfoar in gaadlik oplossing?[[Abe Westra 16:53, sep 6, 2005 (UTC)]]

Jo kinne altiten wêr oare siden derby meitsje. Set yn it stik oar Hallum in pear sinnen oer it kleaster Mariëngaard en jo kinne at de side Hallum festlein is de ferwizing fan it kleaster oanklikke en dan op de side fan it kleaster wer fierdergean. Sjoch bygelyks de side oer Bartlehiem mei de ferwizing nei Kleaster Bethlehem.Theun 20:39, sep 9, 2005 (UTC)

Hantumerútbuorren bewurkje seksje

Ik seach op it stik oer Hantumerútbuorren dat jo sizze dat Anders Minnes Wijbenga hjir berne is. It húske stie op de grins fan Wetzens en Nijewier (krekt yn Nijewier) yn East-Dongeradiel (oan de eastkant fan de Peazens). De wie dêr it húske oan stiet hiet tsjinwurdich ek de Anders Minneswei.Theun 20:50, sep 9, 2005 (UTC)
Dit wie ligen yn kommisje. De side fan H4 wêr't ik it wie helle haw, like my tige betrouber. Ik hie myn twifels, mar it wie sa dúdlik dat ik it mar oernommen haw. Betanke foar de koreksje. [[[Meidogger:Abe Westra|Abe Westra]] 12:55, sep 12, 2005 (UTC)]]

Fet Fet Fet Fet bewurkje seksje

Ik haw it alris demonstrearre yn in side dy't ik foar jo oanpast hie, mar jo skriuw oan it sidebegjin hieltiid as

  • "De '''Fette tekst'''Kristlik Ofschieden Gemeente'''Fette tekst''',".

Dat liket op de side dan:

    • "De Fette tekstKristlik Ofschieden GemeenteFette tekst,"

It soe wêze moatte:

  • "De '''Kristlik Ofschieden Gemeente''',"

Dat liket dan sa:

    • "De Kristlik Ofschieden Gemeente,".

Dat is foar eltsenien minder wurk. Aliter 04.44, jan 26, 2006 (UTC)

It spyt my dat ik jo ekstra wurk jûn haw. Dy feroaring(s) dy't jo earder oanbrocht hawwe, is my ûntgien. Ik besykje om myn libben te betterjen. Ik wie net fan dy mooglikheid net op de hichte. It sil der fan kommen wêze dat it oanbringen fan " yn myn krantetiid troch de printerij as in daesûnde beskôge waard. Jo binne noait te âld om wat te learen.
Meidogger (Abe Westra 13.41, jan 26, 2006 (UTC))
Jo hawwe dochs gjin spyt fan jo wurkjen oan de wikipedy, wy binne der bliid mei dat it waakst. Mar je binne nea te âld om te learen der hawwe jo gelyk yn.
Jo brûke ek wol gau is <<br>> om in regel of te brekken. No moat dit mei inkele heaken <br>, oars stean der oan de ein fan de foarige en it begjin fan de nije regel ek noch heaken, <
> sa at jo sjen kinne. Ik soe sizze gewoan sa trochbuorkje en at der ris wat mislearret dan kin it altiten wer oanpast wurde. Jo kinne fansels ek jo siden nochris neilêze en yn de skiednis fan de side de ferskillen besjen.Theun 19.44, jan 26, 2006 (UTC)

Op himsels net sa'n grut probleem; it fernúvere my mear dat jo net sjoen hienen hoe it oanpast wie. Faaks moatte wy, no't der wat mear minsken bykomme de side Ienfâldich begjinne ris wat oanpasse ta in slachs 1 2 3 - side. (Nije titel?) Dy moat dan earne komme dêr't eltsenien dy fine kin. Kinne jo der nochris nei sjen en oanpasse, of oanjaan, wat dêr net dúdlik is foar de nijkommer, of oars better kin? Foar immen dy't al wit wêr't op doeld wurdt binne de tûkelteammen net sa dúdlik mear. Aliter 21.52, jan 27, 2006 (UTC)

Tige tank foar jimme opmurkings. Ik wurke oant no ta noch mei de fersy sa as ik dy op 30 maaie 2005 ophelle hie. Ik haw no it nijste ophelle. Dy is yndie feroare. Ik moat jimme gelyk jaan dat ik faak myn bydragen earste letter wer ris werom sjoch. It komt om't ik dan al wer mei wat oars oan 'e gong bin. Mei jo foarstel om it ien en oar te feroarjen, kin ik it iens wêze. Soe it ek mooglik wêze om feroarings fia de epost oan de dielnimmer mei te dielen? Dan witte wy wer oft der wat feroare of oanpast is.
Meidooger:(Abe Westra 15.30, jan 28, 2006 (UTC))

Ja, at in wikipedy goed funksjonearret binne der hieltiid lytse feroarings en oanpassings op de siden, dat in wikipedy is net sa geskikt foar gebrûk mei fêstleine ferzjes fan siden. Dat hat laat ta de ûntwikling fan de folchlist. Op alle siden kinne jo oanjaan dat jo dy side folchje wolle. By jo ynstellings kinne jo sels oanjaan dat jo alle siden dy't jo bewurkje fansels ek folchje wolle. At jo dan jo folchlist besjogge kinne jo sjen hokfoar siden dêrfan de lêste tiid oanpast binne. Der is in útwreiding skreaun foar it wikiprogramma dat wy brûke dat it mûglik makket en stjoer ek netpost at in side op jo folchlist feroare wurdt, mar dy útwreiding wurdt by Wikipedia (noch) net brûkt.

Yn july haw wy it ris oer foto's en auteursrjocht hân. Ik bin der no efterkommen dat de foto's fan Tresoar meastentiids frij fan auteursrjochten binne. As dit net sa is, stiet it der by.

Ik hoopje jimme hjirmei fan tsjinst te wêzen.

Meidogger (Abe Westra 14.12, feb 15, 2006 (UTC))

Hommema-sate bewurkje seksje

At ik it goed sjoch hawwe jo it meastepart fan de tekst op Hommema-sate skreaun, doe noch op Arjen Roelofs. Hoe moat ik "ûnder Hijum" krekt lêze? Underoan de terp? Rekkene ta Hijum? Besúden Hijum? - It kin ek wêze dat ik it ferkeard doch, mar sa't it der no stiet kin ik it op de kaart net fine. Kinne jo útlizze krekt wêr at dit is? Mysha

Om te begjinnen ûnder ûnder fersteane wy: In pleats of in buorskip dat bûten de doarpskom leit. It heart dus wol ta it doarpsgebiet fan sa'n doarp. As foarbyld neam ik Snakkerbuorren. Snakkerbuorren is earst letter in selsstannich doarp wurden. Foar dy tiid hearde men as adres op te jaan: Pôlepaad 4 Snakkerbuorren ûnder Lekkum. Foar in pleats jilde dat ek. Wy sprekke sa fan Haskersate ûnder Jelsum. Rekkene ta Hijum is dêrom goed.
Foar myn tekst oer Arjen Roelofs bin wat de biografykske gegevens fan G. Abma Ljouwerteradiel (side 453).
Jo koene de pleats net op jo kaart fine. Dat kin strike. De saten 1 en 2 (Hommema sate) fan Hijum binne al lang ôfbrutsen. Ik haw de pleatsen fine kinne yn de Grote Historische Provincie Atlas Fryslân (útjefte fan 1848). Der is in repro fan makke. Ik seach dizze lêsten noch by de Slegte yn Ljouwert lizzen.
De pleats hat tsjin Aldeleije oan en tsjin de Hijumfeart oan. No wurdt dit ta Aldeleije rekkene. Doetiids hearde it ta Hijum.(Sjoch side 32 fan de atlas).
Meidogger(Abe Westra 17.00, mar 17, 2006 (UTC))

Ja, sa hie ik ûnder earst ek lêzen, mar om't ik it doe net fine koe, wie ik der net wis fan. Ik haw it no fûn. Meidogger:Theun hie my al holpen trochdat er sein hie dat it op it noard-súd part fan de feart wie. Mar no koe ik der ek hinne fytse. Ien ding: Ik wit fierders neat oer dy brêge. Fan dy atlas fan 1848 wit ik net hoe at it der stiet, mar ik haw de Grote historische provincie atlas, Friesland 1853 - 1856 (Oef, it komt wol krekt mei al dy nammen.) en dêr stiet al in brêge op; is dat de brêge dy't jo neamje? No wie der allinnich mar in dûker, dat ik wit net wat de namme west hat. Ek hjir hiet it paad nei de (Roels)pôle fan Pôlepaad - no ja: "Pôllepaed". (-: Mar at ik op it rjochte plak wie, dan is der net mear oer as in lege pôle. Mysha


In noch bettere boarne is de Atlas fan Eekhoff. Dizze is eins út deselde tiid as de Grote Historische Atlas. Dizze is te finen op de siden fan it Aardrijkskundig Woordenboek fan van der Aa op Tresoar. Mei de Adobe reader kinne jo dy flink fergrutsje.
Jo binne der ticht by yn 'e buert west. De beide pleatsen binne ôfbrutsen. Ik hie der in foto by dien mei as ûndersktrift: 'Arjen Roelofs pleats. Foto út 1941. De pleats is yn de fyftiger jierren fan de foarige ieu ôfbrutsen.' Dizze foto stiet der noch net by. De lege pôle is dus it plak.
Sels bin ik meastentiids ek ôfhinklik fan âlde kaarten. Fia Google Earth kom ik der hast altyd út. Boppedat haw ik ik de nijste topografyske kaart noait fier fan de kompjûter ôflizzen.
Meidogger: (Abe Westra 18.02, mar 26, 2006 (UTC))

Ik haw der grif tichtby west; ik haw in foto makke fan dy lege pôle dêr't ik by stie. Mar ja, sjochst der net folle op, fansels. Dy foto fan 1941, dy sjoch ik gewoan op de side, ûnderoan.
Tús haw ik ek ferskate atlassen fan Fryslân. Ik soe graach nochris in Schotanus atlas (replika) derby hawwe wolle, mar ja. Hoe hawwe jo dy atlas fan Eekhoff yn de Adobe reader krigen? By my iepenet er fan it ynternet ôf en dan hellet er neffens my hieltiid nij stikjes op at ik der djipper yn gean. Mysha

De Eekhoff atlas is te finen op www.Tresoar.nl. yn het Sykje by de yn it Aardrijkskundig Woordenboek fan van der Aa. Klik de gemeentenamme yn de ynhâldsopjefte in gemeentenamme op. It stik wurdst dan iepene mei Eekhoff. Dit oanklikke en dan komt der in kaart fan de hiele gemeente. Dan op it stik fan de kaart klikke. Earst sjogge jo in read fjouwerkant. Dêrop klikke oant it grut genôch is. Meastentiids komt der noch wat skowwurk by. It moat mooglik wêze om stikken sels te reproduseerjen. Dêr haw ik noch net mei dwaande west. Ik haw de orisjinele reader. Dizze is fergees te krijen op www.adobe.com. Om de safolle tiid krij ik in seintsje dat der wer in nijere fersy is fan Adobe. Ik haw no nûmer 7. Fierders is dit ek op Adobe nei te sjen. Is der wer in nije fersy dan is dy fergees te downloaden. De schotanus atlas sjoch ik nei by Tresoar. As jo in reproduksje, as dy der is, hawwe wolle, dan ried ik jo oan om ris by de Tille yn 'e Weart te sjen. Ik haw flústerjen heard dat it moochlik is dat Schotanus ynkoarten op ynternet komt as mienskiplik projekt fan Tresoar en de Fryske Akademy. Wat dêrfan oan is, wit ik net. Meidogger: (Abe Westra 16.10, mar 29, 2006 (UTC))

Neffens my is de kaart fan Tresoar ek allinich op internet te besjen, en dêr brûke se neffens my net Adobe foar. It hinne en wer skowen op de kaart mei dat hântsje docht wol wat tinken oan Adobe Reader mar is neffens my ek de ienichste oerienkomst.
At der ien wat witte wol hoe at bepaalde saken yn de Schotanus steane, ik haw hjir thús in eksimplaar. Gjin orsjineel fansels mar de fascimile útjefte fan 1970 mei beskriuwing derby fan Kalma.Theun 17.48, mar 29, 2006 (UTC)

Ik haw it noch ris neisjoen. Tresoar brûkt de Flashplayer fan Macromedia. Macromedia is no in part fan Adobe en de flashplayer stiet no by Adobe. Hjir bin ik troch op 'e doele rekke. Sille wy no de diskusje mar slute?. Meidogger:(Abe Westra 13.14, apr 5, 2006 (UTC))

Ik soe sizze dat it in Flash-animaasje is. Ik haw de foto's fan dy fytstocht op huizen.deds.nl/~mysha delset. Dêr is ek in foto fan wat ik tocht dat de Roelspôle wie by, mar der is net in soad op te sjen. Mysha
Spitich. Om't jo it oer de (Acrobat) reader hienen, tocht ik dat jo fûn hienen hoe't de hiele atlas yn ien kear ophelle wurde moast. Hawar, wy moatte ús mar rêde mei wat wy al hawwe (sei de Wikipediaan en hy hie it hiele ynternet ta beskikking). Mysha

Jo skriuwe hjirboppe dat in foto der noch net by stiet. It is lykwols almeast sa dat de foto's daalks op de side stean nei't de foto's oanbean binne en de side oanpast is. It kin al wêze dat de gong fan saken foar jo oars liket, mar dat is om't jo gauris in tikflater meitsje by de nammen fan de foto's, wat betsjut dat dy net sichtber binne oant immen dat feroaret. Mar at jo in foto net sjogge kinne jo der hast wis fan wêze dat der by it bewurkjen eat skeef gongen is.

Dat wie op de side Hijum ek sa, en dêr haw ik twa fan de foto's no sichtber makke, mar foar de tredde moat der wat oars barre: Jo hawwe twa kear it ôfbyld fan de tsjerke oanbean, ûnder in oare namme as wat op de side stie, en net ien kear it Nijehûs. Dat kin ik fansels net foar jo oanpasse.

Ik kin al noch sizze dat it makliker is at jo earst de ôfbylden oanbiede, en dan de tekst skriuwe: om't de ôfbylden der dan al wêze moatte, sjogge jo dan daalks by it oerlêzen of alles goed gongen is. Aliter 21.06, mar 29, 2006 (UTC)

Betanke foar jo oanmerking. Ik haw sa krekt it goede ôfbyld trochjûn. Ik waard der wer ris efkes by weihelle. Ik haw noch wer in flater úthelle. Ik haw de tekening fan de tsjerke ek noch ris trochjûn. Nim my net kweaôf.Ik sil besykje om myn libben te betterenjen. Myn probleem is ek dat ik meastentiids eins tefolle ôfbylden haw en dan komt it útsykjen wolris yn 'e bekniping. Dêrby komt dat ik meastentiids by it opsykjen koades brûk. Ik bin der mei dwaande om hjir in gaadlike oplossing foar te finen. Meidogger: (Abe Westra 10.21, apr 4, 2006

(UTC))

Ik haw it ôfbyld Arjen Roelofs noch ris trochjûn. Dêrnei kaam ik ta de konklúsje dat jimme in aparte side Hommea sate makke hawwe. Dêr stiet de foarein yn alle gloarje of wat der noch fan oer wie op. Ik hie dat net troch. Dêrtroch is myn misbegryp ûntstien. Meidogger: (Abe Westra 13.21, apr 5, 2006 (UTC))

Arjen Roelofs bewurkje seksje

Goeie Abe, Ik tink net dat jo it opmurken hawwe mar Aliter hie nei oanlieding fan de side oer Arjen Roelofs noch wat ekstra ynformaasje opfrege by Nieuwenhuis fan it Planetarium om wat mear te witten te kommen oer Arjen Roelofs plannen foar de seediken (en relaasje ta Willem Lorés wurk). Nieuwenhuis woe graach wat mei de post stjoere en om't Aliter hielendal anomnym bliuwe wol hie der frege of't ien syn postadres beskikber stelle woe. Ik haw dy ynformaasje no tasjoert krigen en ik hie it idee dat dizze ynformaasje ek de boarne wie foar jo ferhaal. Kloppet dat?
Miskien is it in idee om mekoar ris te moetsjen. Ik haw it idee dat jo somtiden wol wat mei de wikipedy/kompjûter wraksjelje en dan kin ik miskien wat saken útlizze. En kinne wy wat ideeën útwikselje oer it útwreidzjen fan dizze boarne fan kennis. At jo hjir wol idee by hawwe stjoer my dan mar in mailtjse [1]. Theun 13.22, apr 8, 2006 (UTC) Bêste Theun,

Dit liket my net sa min ta. Ik krige in berjocht dat myn epost noch net befêstige wie. Dat haw ik no yn 'e oarder brocht. Ik wie fan provider feroare. Dat kin de reden west hawwe. Kom ik by jo of jo by my? Beide kin. Allinne bin ik op tiisdei en freed net beskikber. Ik wachtsje jo berjocht ôf. Oant sjen. Meidogger: (Abe Westra 10.36, apr 10, 2006 (UTC))

Juster moast ik fuort. Sa bin ik net fierder yngien oer de ferhâlding tusken Willem Loré en Arjen Roelofs. Neffens my bin der noait kontakten tusken Loré en Roelofs west. Loré is yn 1744 ferstoarn, Roelofs is yn 1754 berne. Wol hat Loré dwaande west mei de feilichheid fan de diken. Loré wie dus fan in âldere generaasje. Roelofs soe dus fan dy rapporten brûk meitsje kinnen hawwe. Foar myn artikel haw ik brûk makke fan G. Abma Ljouwerteradiel en in artikel fan H. Nieuwenhuis yn it blêd Weer fan desimber 2003. Yn 2004 is Arjen Roelofs betocht mei tentoanstellings, û.o. yn it Planetarium yn Frjentsjer, oer syn wurk. Dit artikel is by it KNMI op te freegjen. De maklikse wize is om earst by Google nei Arjen Roelofs te sykjen en dan troch te klikken nei de side fan it KNMI.
As der socht wurde moat nei gearwukrking mei inoar, dan soe ik sykje yn 'e rjochting fan Worp fan Peyma. Worp fan Peyma hat ek tige drok makke oer wettersteatssaken. Se wennen ek net iens safier faninoar. Ternaard en Hijum lizze net safier faninoar. Meidogger: (Abe Westra 10.15, apr 11, 2006 (UTC))

Aldeleie bewurkje seksje

Ik haw noch wat fragen oer Aldeleie:

  • Jo skriuwe fan Aldeleie dat it yn 1981 doarp wurden is, by de weryndieling. Mar de weryndieling wie yn 1984. Is it letter in doarp wurden, of al foar de weryndieling?
  • "In feart wurdt no noch De Slinke neamd." Is dit in spesyfyke feart?
  • Hoe wie dat krekt mei dy ferbiningsfeart? De Hijumer Feart begjint (no) yn de Feinsumer Feart, dat wêrom moast der in ferbining komme? En hokfoar feart kaam dan út by dat syl?
  • Mar Ljouwert lei dochs al oan de Middelsee? Hoe sit dat dan krekt?

Mysha

Ik haw hjir in pear korreksjes oanbrocht oer Aldeleie as doarp. Der wienen in pear tikflaters stean bleaun. Slinke. De encyclopie van Friesland seit: Slenk (fr.slinke)Geul door de wadgronden, gevormd en vervoormd de de getijdestromen, die het water bij vloed aan- en bij eb naar zee afvoeren. (...) Op Friese klei zijn er vele oude slenken te herkennen uit de tijd van voor de bedijking. De Hijumerfeart wie in mear, in grinsfeart, dizze koe dus net yn Ljouwerteradiel rinne. Der is dus letter in ferbingsfeart groeven tusken de Feinsumerfeart dy't in Aldeleie út kaam en de Hijumerfeart.De Feinsumerfeart kaam en komt út by de syl. Ljowert oan de Middelsee. De ferbining tusken de Middelsee wie der yn 't lêst net mear. Foar in ferbining mei see moast Ljouwert brûk meitsje fan de Dokkumer Ie. Wolle jo dêr mear oer witte dan ried ik jo oan om Eekhoff hjir ris oer troch te nimmen. Meidogger: (Abe Westra 12.16, mai 9, 2006 (UTC))

Hallo, Ja, ik wit wat in slinke is. Mar ik woe sizze: wêrom stiet der op de side oer Aldeleie "In feart wurdt no noch De Slinke neamd."? Wat de Feinsumer en Hijumer Feart oangiet: oan de kant fan Aldeleie lizze dy fearten sa: -| mar ik begryp net wat foar doel it hie foar Ljouwert om dêr in ferbining fan de Hijumer Feart/Mear nei de Feinsumer Feart/Mear te meitsjen?. Ommers, oan de eastein begjint de Hijumer Feart ek by de Feisumer Feart, dat immen dy't nei Aldeleie wol kin gewoan yn de Feinsumer Feart bliuwe. By dat oer de ferbining mei de Middelsee koe noch in jiertal. Witte jo hoenear Ljouwert de ferbining oer de Middelsee kwytrekke is, of hoenear dy ferbining tusken de fearten groeven is? Eekhoff? De kaart haw ik al sjoen (Tresoar hat no ek de Schotanus!) mar doele jo op in boek? (Myn broer tinkt no grif: "Hy seit it wer sa yngewikkeld dat gjin minks it folgje kin." Mar ik kin it no ien kear net maklik skriuwe.) Mysha Om te begjinnen. Ik haw noch wat âlde kaarten besjoen en sjoch dat op earne op 'e doele brocht bin. De Hijumerfeart rint troch Aldeleije.De Feinsumerfeart komt dus yn de Hijumer út. Dat der ek fan de Hijumerfeart brûk makke is, is ek my net hielendal dúdlik. It soe oan it ûnderhâld lizze kinne en de Hijumerfeart is in grinsfeart. Faaks wie de tol dêr leger.
Jo twadde opmurking: Der wurdt oannommen dat Ljouwert al gau de faarferbining mei de Middelsee kwyt rekke is.Hoenear is net dúdlik. De Middelsee moat al gau tichtslibbe wêze. It nijlân sil der al gau west hawwe, ynearsten noch ûnbedike. Dan Eekhoff. As wy oer Eekhoff sprekke, giet it meastentiids oer syn boek oer Ljouwert, dat er as stêdsargifaris skreaun hat. Inoar punt is dat Wopke ek in boekhannel hie. De kaart is sa in goed kommersjeel produkt wurden. De fraach is altyd noch oft hy him sels makke hat of dat er alinne of foar in grut part meidien hat. Ik soe sizze dat der dêr syn mantsjes foar hân hat. Wopke de profeet koe sels ek net alles dwaan. Meidogger (Abe Westra 12.49, mai 22, 2006 (CEST))

Tiid foar Wopke Eekhoff? Aliter 4 jan 2008, 03.00 (CET)Beäntwurdzje

Wolkom werom bewurkje seksje

Goeie Abe,
Goed jo hjir wer te sjen. Noch in goed nijjier tawinske. It is hjir de lêste tiid wol in stik drokker, dus ik hoopje dat jo jo paad noch wat fine kinne. At der wat is litte jo it wol witte. Theun 5 jan 2007, 20.38 (CET)Beäntwurdzje

Helte Hantumhuzen bewurkje seksje

Op Hantumhuzen skriuwe jo "Yn de earste helte is de oan St. Anna wijde tsjerke boud." Witte jo ek de earste helte fan hokfoar ieu at dat wie? Aliter 4 jan 2008, 03.00 (CET)Beäntwurdzje