Misdiefilm

(Trochferwiisd fan Misdiekomeedzjefilm)

De misdiefilm (ek stavere as misdiedfilm) is in filmsjenre wêryn’t misdie en de bestrinding dêrfan in wichtige tematyske rol spylje. It is de filmfariant fan 'e bredere misdiefiksje, dêr't ek misdiesearjes op 'e tillefyzje en misdieromans ta hearre. Yn sokke films kin kriminaliteit beljochte wurde út it perspektyf fan 'e dieders wei (lykas gangsters, bankrôvers of ynbrekkers), mar ek út it perspektyf fan 'e bestriders wei. Dat lêste feit soarget foar in beskate oerlaping mei oare sjenres, lykas de plysjefilm en it rjochtbankdrama. As tema lit misdie him maklik kombinearje mei in ferskaat oan stylistyske werjeften, mei as gefolch dat de misdiefilm in soad subsjenres hat, lykas de skriller, de detektivefilm, de gangsterfilm, de heistfilm, it misdiedrama, de film noir en de misdiekomeedzje.

It logo fan 'e Godfather-trilogy, dy't ta de bekendste misdiefilms út 'e filmskiednis hearre.

Boarne fan plots

bewurkje seksje

Misdiefilms binne gauris basearre op wierbarde foarfallen, of oars, wat ek faak foarkomt, kinne se adaptaasjes wêze fan toanielstikken of romans. Sa is de film Witness for the Prosecution (1957) in ferfilming fan it toanielstik út 1953 mei deselde namme, dat wer basearre wie op in koart ferhaal fan misdieskriuwster Agatha Christie út 1933. Yn 1982 waard der in noch wer in remake fan 'e film makke. Elts medium hat syn eigen beheinings, en yn it gefal fan film giet it dan benammen om tiidkrapte.

Aksjemisdiefilm

bewurkje seksje

De aksjemisdiefilm is in mingsjenre fan 'e aksjefilm en de misdiefilm, en dêrmei in subsjenre fan beiden. De measte films fan dit subsjenre binne heistfilms, plysjefilms, finzenisfilms en soms gangsterfilms. Auto-efterfolgings en sjitpartijen binne faak foarkommende ploteleminten. Foarbylden binne de Police Story-filmrige (1985-2013), Heat (1995), Collateral (2004), Master (2016), en Baby Driver (2017).

Dektektivefilm

bewurkje seksje

De detektivefilm is in subsjenre fan 'e misdiefilm dat him taleit op kundich en fernimstich ûndersyk troch in privee-detektive, in plysjeresjersjeur of in amateurûndersiker nei in misdie (ornaris in moard). Dêrby moatte mysterieuze omstannichheden oplost wurde troch it gearfandeljen en ynterpretearjen fan oanwizings. Foarbylden fan dit subsjenre binne: The Sign of Four (1932), Dial M for Murder (1954), Rear Window (1954), Vertigo (1958), Murder on the Orient Express (1974), Death on the Nile (1978), en The Usual Suspects (1995).

De film noir is in misdiesjenre dat benammen yn 'e 1940-er en 1950-er jierren populêr wie. It wurdt karakterisearre troch swart-wytbylden, ferlitten nachtlike strjitten en in almeast sigaretsmokende privee-detektive dy't ynhierd wurdt om in misdie op te lossen. Foarbylden binne The Maltese Falcon (1941), The Big Sleep (1946), Kiss Me Deadly (1955), The Long Goodbye (1973), Chinatown (1974), en L.A. Confidential (1990). Sjoch ek: neo-noir.

Gangsterfilm

bewurkje seksje

De gangsterfilm is in subsjenre fan 'e misdiefilm dat him taleit op ferhalen oer bindes en de organisearre misdie yn it algemien. Der binne ferskate subsjenres fan 'e gangsterfilm dy't geane oer spesifike misdie-organisaasjes. Sa leit de maffiafilm him ta op 'e Italjaanske organisearre misdie, de maffia, wylst de yakuzafilm giet oer de Japanske organisearre misdie, de yakuza. De saneamde Mumbai-ûnderwrâldfilms út Bollywood geane oer de Yndiaaske organisearre misdie. Foarbylden fan maffiafilms binne: The Godfather (1972), Scarface (1983), Once Upon a Time in America (1984), The Untouchables (1987), Goodfellas (1990), Bugsy (1991), en The Departed (2006). Foarbylden fan yakuzafilms binne: Abashiri Prison (1965), Branded to Kill (1967), Battles Without Honor and Humanity (1973), en Sonatine (1993). Foarbylden fan Mumbai-ûnderwrâldfilms binne Deewaar (1975), de Don-filmrige (1978-2012), Salaam Bombay! (1988), Black Friday (2004), Slumdog Millionaire (2008) en Once Upon a Time in Mumbaai (2010).

De heistfilm is in subsjenre fan 'e misdiefilm wêrby't it ferhaal giet oer it plannen en útfieren fan in grutte berôving (Ingelsk: heist), bgl. fan in bank of kasino. Heistfilms mei in lichtfuottige toan, dy't suver oerhingje nei in misdiekomeedzje, wurde caperfilms neamd. Foarbylden fan heistfilms binne: The Killing (1956), Oceans 11 (1960), Dog Day Afternoon (1975), Oceans Eleven (2001), Reservoir Dogs (1992), en The Town (2010).

Heroic bloodshed

bewurkje seksje

Heroic bloodshed (Ingelsk foar "heldhaftich bloedferjitten") is in tige gewelddiedich Hongkongsk subsjenre fan 'e misdiefilm dêr't regisseurs John Woo en Ringo Lam yn 'e 1980-er jierren de grûnslach foar leine mei harren films A Better Tomorrow (1986), resp. City on Fire (1987). Eleminten fan 'e heroic bloodshed sjocht men tsjintwurdich ek yn Hollywoodfilms fan regisseurs as Woo en Quentin Tarantino.

De hoodfilm is in subsjenre fan 'e misdiefilm dat him taleit op Afro-Amerikaanske kwestjes en swarte efterstânswiken yn 'e Feriene Steaten. De term 'hood' is in ôfkoarting fan neighborhood ("buert"). Films fan dit subsjenre draaie net altyd om misdie, mar yn 'e regel foarmje kriminele aktiviteiten wol in krúsjaal elemint fan 'e plot. Foarbylden binne Do the Right Thing (1989), Boyz n the Hood (1991), Menace II Society (1993) en Training Day (2001).

It misdiedrama is in mingsjenre fan 'e misdiefilm en de dramafilm, en in subsjenre fan dy beide sjenres. Foarbylden binne Badlands (1973) en Straight Time (1978).

Misdiekomeedzje

bewurkje seksje

De misdiekomeedzje is in mingsjenre fan 'e misdiefilm en de komeedzjefilm en in subsjenre fan dy beide sjenres. Der kin lake wurde om kriminelen en/of om misdiebestriders, wêrby't de humor fuortkomt út 'e ynkompetinsje fan beide groepen. Faak is der ek sprake fan swarte humor. De maffiakomeedzje is in spesifike foarm fan 'e misdiekomeedzje, dy't de organisearre misdie mei de gek beslacht. Foarbylden misdiekomeedzjes binne: The Pope of Greenwich Village (1984), Lock, Stock and Two Smoking Barrels (1998), Mafia! (1998), Analyze This (1999), en Tower Heist (2011).

Misdieskriller

bewurkje seksje

De misdieskriller of misdiethriller is in skrillerfilm wêryn't de wichtichste personaazjes belutsen binne by misdie, itsij as dieder, itsij as bestrider, itsij as slachtoffer, hoewol't dat lêste net faak foarkomt. De klam leit by dit subsjenre op dramatyk en ûndersyk. As der tefolle aksje yn sit, wurdt it al gau in aksjemisdiefilm. Foarbylden fan misdieskrillers binne Witness (1985), The Silence of the Lambs (1991), Seven (1995), Running Scared (2006), Untraceable (2008), en The Call (2013).

De neo-noir is in modern misdiesjenre dat weromgrypt op 'e âlde film noirs út 'e 1940-er en 1950-er jierren. Neo-noirs binne lykwols yn 'e regel folle gewelddiediger as de âlde film noirs. Foarbylden binne Blue Velvet (1986), Angel Heart (1987), Leon (1994), Fargo (1996), Jackie Brown (1997), Sin City (2005), en Sin City: A Dame to Kill For (2014).

De plysjefilm wurdt yn 'e regel net as in subsjenre fan 'e misdiefilm beskôge, mar kin soms, ôfhinklik fan 'e plot en de ferhaaleleminten dy't dêryn opnommen binne, wol as sadanich yndield wurde. Foarbylden fan plysjefilms dy't ek as misdiefilms sjoen wurde kinne, binne: He Walked by Night (1948), In the Heat of the Night (1967), Madigan (1968), en The French Connection (1971).

Rjochtbankdrama

bewurkje seksje

It rjochtbankdrama giet ornaris net sasear oer de eigentlike misdie, mar mear oer de rjochtsaak dy't dêrút fuortkomt. As sadanich kin it dochs as in subsjenre beskôge wurde fan sawol de misdiefilm as de dramafilm (en soms ek fan 'e plysjefilm, ôfhinklik fan hokker rol oft de plysje yn 'e plot spilet). Yn rjochtbankdrama's draait it derom om in snoade krimineel feroardiele te krijen, of krekt om in ûnskuldige fertochte frijsprutsen te krijen. Foarbylden binne 12 Angry Men (1957) en A Time to Kill (1996).

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References en Further reading, op dizze side.