Nadia Moussaid
Nadia Moussaid (Skiedam, 30 maaie 1984) is in Nederlânsk presintatrise en programmamakster fan mingd Nederlânsk, Eastenryksk-Dútsk en Marokkaansk-Arabysk etnysk komôf.
Nadia Moussaid | ||
tillefyzje- en/of radiopersoanlikheid | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
echte namme | Nadia Moussaid | |
nasjonaliteit | Nederlânsk | |
berne | 30 maaie 1984 | |
berteplak | Skiedam (Súd-Hollân) | |
etnisiteit | Dútsk Nederlânsk Marokkaansk Arabysk | |
wurkpaad | ||
wurksum as | presintatrise, programmamakster | |
medium | tillefyzje, radio | |
wurksum by | VPRO, NTR | |
jierren aktyf | 2010 – no | |
offisjele webside | ||
Nadia Moussaid |
Libben en karriêre
bewurkje seksjeMoussaid waard yn 1984 berne yn Skiedam, as de dochter fan in heal-Nederlânske, heal-Eastenrykske mem en in Marokkaanske heit. Yn 2009 studearre se ôf yn sosjale en kulturele antropology oan 'e Frije Universiteit yn Amsterdam.
Yn 2010 kaam Moussaid by op 'e redaksje en de researchôfdieling te wurkjen fan 'e MTNL/VPRO. Yn 2012 stapte se oer nei de redaksje fan AT5, de pleatslike tillefyzjestjoerder fan Amsterdam.
Moussaid makke ferskate dokumintêres. Yn Leven, Liefde & HIV, út 2015, dat útstjoerd waard troch de NCRV, portrettearre se twa froulju dy't oanhelle rekke wiene mei it HIV-firus. Yn Lost Generation, ek út 2015, folge se wurkleaze jongerein yn Bosnje-Hertsegovina.
Yn 2016 wurke Moussaid mei oan it radioprogramma Nieuws en Co, fan 'e NPO. Datselde jiers krige se in eigen wykliks praatprogramma by de NTR op 'e tillefyzje, mei as namme De Nieuwe Maan.
Fan 30 july oant en mei 31 augustus 2018 presintearre se op NPO 1 it lettejûnspraatprogramma Laat op één dat yn 't plak kaam fan Eva Jinek har programma. Jinek moast ferlof nimme út reden fan har swierwêzen. Yn septimber 2018 droech Moussaid de presintaasje fan De Nieuwe Maan oer oan Fidan Ekiz.
Yn de maitiid fan 2019 stapte hja oer fan KRO-NCRV nei de VPRO, dêr't se sawol op de radio as de telefyzje programma’s makket.[1] Se presintearre Bureau Buitenland en die ferslach fan it Holland Festival. Fan 4 jannewaris 2020 ôf oan presintearret Moussaid it nij boeke-, film- en muzykprogramma dat Boeken en Vrije Geluiden ferfong mei de titel Mondo.[2]
Keppelings om utens
bewurkje seksje- (ned) Nadia Moussaid op Twitter
- (ned) Nadia Moussaid op Facebook
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Bronnen, noten en/of referenties, op dizze side. |