Fidan Ekiz (Rozenburg, 10 desimber 1976) is in Nederlânsk sjoernaliste, dokumintêremakster en presintatrise fan Turksk komôf.

Fidan Ekiz
tillefyzje- en/of radiopersoanlikheid
Ekiz (2016)
Ekiz (2016)
persoanlike bysûnderheden
echte namme Fidan Ekiz
nasjonaliteit Nederlânsk
berne 10 desimber 1976
berteplak Rozenburg (Súd-Hollân)
etnisiteit Turksk
wurkpaad
wurksum as ferslachjouster, presintatrise,
dokumintêremakster
medium tillefyzje
wurksum by VARA
bekend fan De Wereld Draait Door
De Nieuwe Maan
jierren aktyf 2003 – no
offisjele webside
www.fidanekiz.nl

Libben en karriêre

bewurkje seksje

Jonkheid en oplieding

bewurkje seksje

Ekiz waard yn 1976 berne yn Rozenburg, yn Súd-Hollân, as de dochter fan etnysk Turkske âlden dy't nei Nederlân emigrearre wiene. Hja groeide op yn in húshâlding mei ien broer en ferskate susters. Har âlden wiene islamitysk, mar ridlik frijsinnich. Neffens Ekiz sels moasten sy en har broer en susters inkeld nei koraanles fanwegen de sosjale druk fan 'e Turkske mienskip dêr't se diel fan útmakken. Letter soe it foar har as sjoernaliste goed fan pas komme dat se op koraanles leard hie om it Arabysk-Perzysk skrift te lêzen.

Ekiz studearre oan 'e Skoalle foar Sjoernalistyk yn Utert en fûn yn 2000 wurk as sjoernaliste by it Rotterdams Dagblad. Yn 2003 folge se Jessica Lutz op as ferslachjouster foar it RTL Nieuws, BNR Nieuwsradio en de kranten fan 'e GPD yn 'e Turkske metropoal Istanbûl. Dy funksje behold se oant en mei 2007. Nei de Amerikaanske ynfal yn Irak, yn 2003, die hja ferslach fanôf de Turksk-Iraakske grins.

Yn 2008 joech Ekiz har ferslachjouwerskip op en gie se oan 'e slach as redakteur by it VARA-praatprogramma Pauw en Witteman, dêr't se oant 2011 bleau. Under de simmerstop fan dat programma makke hja yn 2010, mei Kees Schaap, en by wize fan oade oan har Turkske famylje, de fiifdielige dokumintêresearje Veerboot naar Holland oer fiif Turkske gesinnen dy't nei Nederlân ta emigrearre wiene en no yn Rozenburg wennen, ûnder Rotterdam. Dêrfoar ynterviewde Ekiz û.o. har eigen âlden. Foar Veerboot naar Holland wûn se sawol de Erasmus EuroMedia Award as de Rotterdamske Parsepriis.

Ekiz makke dêrnjonken ek de dokumintêres Ik Zie een Verre Reis (2012), De Pen & het Zwaard (2016) en Alles Komt Goed? (2016). Yn 2018 folge de seisdielige dokumintêrerige Vrouw op Mars, oer de Nederlânske frouljusbeweging. Fierders wie Fidan Ekiz as presintatrise aktyf yn programma's as Let's Make Love en Storm op Komst. Se wurke mei oan it diskusjeprogramma Vrouw & Paard, en sûnt 2012 skoot hja geregeldwei oan by Matthijs van Nieuwkerk as dy syn tafeldame yn it praatprogramma De Wereld Draait Door. Fierders skriuwt se kollumns yn it Algemeen Dagblad, Vrij Nederland en Talkies Magazine. Op freelance-basis is se ek te boeken as petearlieder en deifoarsitter. Yn 2017 waard har de Duidelijketaalprijs takend. Yn septimber 2018 folge se Nadia Moussaid op as presintatrise fan it praatprogramma De Nieuwe Maan, fan 'e NTR.

Priveelibben

bewurkje seksje

Ekiz wie fan 2013 oant 2017 troud mei har (út Fryske âlden berne) kollega-sjoernalist Wierd Duk, mei wa't hja in soan krige mei de namme Ferran. Harren houlik einige yn in skieding. Yn har kollumns is Ekiz kritysk oer Turkije (benammen oangeande it rezjym fan Recep Tayyip Erdoğan) en oer de islaam, wat har ferskate kearen op lulke reäksjes en sels bedrigings kaam te stean fan oare Turkske Nederlanners. Yn in fraachpetear mei de Ljouwerter Krante omskreau se harsels as net botte religieus: "Ik kin net hielendal sûnder it leauwe, allinnich jou ik it gjin namme. Der is wat fan myn islamityske opfieding hingjen bleaun, dy hat my dochs foarme."

Keppelings om utens

bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes: