Neder-Michigan
Neder-Michigan (Ingelsk: Lower Michigan), of it Neder-Michigan-skiereilân (Ingelsk: Lower Michigan Peninsula of Lower Peninsula of Michigan), is in grut skiereilân yn it gebiet fan 'e Grutte Marren, oan 'e Amerikaansk-Kanadeeske grins. Tegearre mei Opper-Michigan foarmet dizze kontrei de Amerikaanske steat Michigan.
Geografy
bewurkje seksjeNeder-Michigan beslacht 133.161 km² en mjit 446 km fan noard nei súd en 314 km fan east nei west. It gebiet wurdt omjûn troch de Michiganmar yn it westen, de Strjitte fan Machinac yn it noarden, de Hueronmar yn it noardeasten, de Kanadeeske provinsje Ontario yn it easten, de Earymar yn it eastsúdeasten en de Amerikaanske steaten Ohio yn it súdsúdeasten en Indiana yn it súdwesten. De súdgrins bestiet út rjochte linen, wylst de lângrins mei Kanada de rivier de Detroit folget dy't de Hueronmar mei de Earymar ferbynt.
Neder-Michigan is fierhinne flak. It heechste punt is net offisjeel fêststeld, mar it is nei gedachten de top fan Briar Hill, dy't op 520 m boppe seenivo leit. It leechste punt is it wetteroerflak fan 'e Earymar. Yn it noardlike part fan it skiereilân binne noch ûnûntgûne wâlden te finen. Oan 'e westkust, by de Michiganmar lâns, lizze strannen dy't by't simmer in protte toeristen lûke. De grutste rivier is de 420 km lange Grand River, dy't by Grand Rapids yn 'e Michiganmar útmûnet.
Neder-Michigan bestiet út fjouwer fan 'e fiif offisjele regio's fan Michigan: Noard-Michigan, Midden-Michigan, Súdeast-Michigan en West-Michigan. De hiele kontrei beslacht fierwei it grutste part fan it lân fan 'e steat Michigan. De rest fan 'e steat wurdt foarme troch Opper-Michigan, in oar skiereilân, dat mear nei it noardwesten ta ynklamme leit tusken de Boppemar, de Michiganmar en de steat Wiskonsin. De beide dielen fan 'e steat steane yn kontakt troch de Mackinac Brêge oer de smelle Strjitte fan Mackinac. Sadwaande wurde de ynwenners fan Neder-Michigan troch de Yoopers fan Opper-Michigan wol 'trollen' neamd, om't se 'ûnder de brêge' wenje (it tradisjonele wenplak fan sokke mytyske wêzens).
Demografy
bewurkje seksjeNeder-Michigan omfiemet 71% fan it lânoerflak fan Michigan, mar hat 9,6 miljoen ynwenners (teljier 2014), oftewol 97% fan 'e totale befolking fan 'e steat. It steatsbestjoer en frijwol alle steatsynstellings hawwe dan ek har sit yn Neder-Michigan. Ek de tweintich grutste stêden fan Michigan lizze yn Neder-Michigan, wêrûnder Detroit, it sintrum fan 'e Amerikaanske autoyndustry en de steatshaadstêd Lansing.
Yn etnysk opsjoch foarmje blanken de grutte mearderheid fan 'e befolking fan Neder-Michigan, behalven yn Detroit en guon fan syn foarstêden, dêr't de Afro-Amerikanen de oerhân hawwe. Yn Detroit en in oare yndustrystêd, Flint, hawwe har fierders ek in protte Arabieren nei wenjen set. De blanke ynwenners fan Neder-Michigan binne fierhinne fan Noardwest-, Midden- en Noardjeropeeske orizjine, mei as grutste oarsprongsgroepen Dútsers, Ieren, Ingelsen, Poalen en Angelsaksyske Amerikanen.
De oarspronklike befolking fan Neder-Michigan waard foarme troch ferskate Yndiaanske folken dy't foar it meastepart Algonkwynske talen sprieken. De wichtichsten wiene de nau besibbe Odjibwe (Ojibwe), Ottawa en Potawatomy (Potawatomi), dy't de midden, it noarden, easten, westen en súdwesten fan Neder-Michigan bewennen. Yn it súdeasten libben fierders ek oare Algonkwynske folken, te witten de Menominy (Menominee), Majêmy (Miami), Sôk (Sauk), Foks (Fox) en de no útstoarne Maskouten (Mascouten), mei dêropta de Irokeesktalige Huroanen of Wiandot.
Neder-Michigan omfiemet tsjintwurdich 7 Yndianereservaten:
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Notes, op dizze side.
|