Kroanein

(Trochferwiisd fan Netta rufina)

De kroanein (Netta rufina) is in fûgelsoarte út 'e famylje einfûgels (Anatidae). In folwoeksen kroanein is likernôch like grut as de wylde ein. It is net in talrike briedfûgel, mar sûnt it earste briedgefal yn 1942 binne de oantallen tanommen.

kroanein

Jerkje

wyfke
taksonomy
ryk dieren (Animalia)
stamme rêchstringdieren (Chordata)
klasse fûgels (Aves)
skift goeseftigen (Anseriformes)
famylje einfûgels (Anatidae)
skaai kroaneinen (Netta)
soarte
Netta rufina
Pallas, 1773
IUCN-status: net bedrige
ferspriedingsgebiet
     briedfûgel
     stânfûgel
     wintergast

De fûgels binne 53 oant 57 sm lang en hawwe in spanwiidte fan 85 oant 90 sm.

 
Jerkje en wyfke.

De ein hat in opfallend grutte rûne kop en like opfallend is de brede ljochte streek op 'e wjukken mei in smelle, swarte efterrâne. It jerkje hat in readbrune kop, in koraalreade snaffel en in swarte boarst en búk. De rêch is ljochtbrún en de flanken smoarchwyt fan kleur.

It wyfke is effen griisbrún, fan boppe donkerde en op 'e flanken wat ljochter. De krún oant it each is donkerbrún en dêrûnder is de kop wer folle ljochter griisbrún. It wyfke hat in donkere snaffel. It jerkje sjocht der nei it ferfearjen hast itselde út, mar hat dan as ûnderskied noch wol de reade snaffel.

It iten bestiet út wetterplanten, dy't er yn ûndjip wetter siket, lytse fiskjes, ynsekten en oare lytse wetterdierkes.

It nêst wurdt op in eilantsje boud by wetter. It lechsel bestiet út seis oant tolve griiseftige oant ljochtgriene aaien, dy't nei 28 dagen útkomme.

Fersprieding

bewurkje seksje
 
Fleanend jerkje.

Yn West-Europa is it briedgebiet tesnipele mei in soad lokale populaasjes. De kroanein komt fierder yn dielen fan Lyts-Aazje, Midden-Aazje oant noadwest Sina en it west fan Mongoalje foar. De Aziatyske fûgels oerwinterje op 'e Swarte en de Kaspyske See, mar ek op it Yndyske subkontinint en fierder eastlik oant yn Birma.

De kroanein mei graach oer grutte plassen mei brede reitkragen en begroeiing, baaien, lagunes en sâlte sompen.

De kroanein komt yn Nederlân net in hiel soad foar. Sûnt 1942 is der foar it earst mei wissen in briedend pearke fêststeld. Fral tusken 1990 en 2010 binne it tal briedpearkes tanommen oant likernôch 440 oant 520. De fûgel komt frâl yn Súd-Hollân, de Finkefeanske Plassen en de Iselmarkust foar. Yn Fryslân briede kroaneinen yn 'e Makkumerwaard en it Hegewiersterfjild ûnder Harns.

De kroanein hat in grut ferspriedingsgebiet. It is net bekend hoefolle fûgels der binne, mar it ferspriedingsgebiet is grut en de populaasje is yn alle gefallen sa grut, dat de kâns op útstjerren lyts is. Rûge rûzings geane fan in wrâldpopulaasje fan 420.000-600.000 yndividuën út. De Europeeske populaasje soe delkomme op 55.000-86.000 folwoeksen fûgels.[1]

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes: