Nijekleaster (kleaster)

Nijekleaster wie de gongbere namme foar it eardere Kleaster Aula Dei of Godshôf, in nonnekleaster fan de Bernardiner oarder by Skearnegoutum. Der steane no allinnich noch mar in pear pleatsen, dy't de buorskip Nijekleaster foarmje.

"De nonnen fan it Nijkleaster" troch Annet Haring (1996)

It kleaster waard yn 1233 stiften troch Dodo, de abt fan Kleaster Blomkamp op de lannen en út de middelen fan Ubald. Ubald hie syn belofte dien yn Blomkamp en doe't hy ferstoar op 28 augustus 1240 waard yn it kleaster Aula Dei begroeven. Doe't it Nije Kleaster klear wie kamen de susters fan it kleaster Sion út Nijewier der yn.

Douwe fan Burmania liet it kleaster yn 1516 fersterke om fan dêrút mei 500 man de stêd Snits yn te nimmen. De stêd wie him lykwols yn 't foar en mei in leger fan 1500 man besocht Snits Burmania dêr wei te krijen. De Snitsers krigen dat lykwols net foar inoar en jei him fuort, mar it slagge Burmania likemin om Snits te oermasterjen. De nonnen moasten de manlju in heal jier om harren hinne ferneare en doe't hja lang om let fuort wiene kaam Grutte Pier, dy't de fersterkings sljochte en de poarte yn 'e brân stiek. It Hospitaalkleaster, dat tichter by de stêd lei, ûndergyng in slimmer lot en waard hielendal platbaarnd.[1]

It Nijekleaster stie ûnder tafersjoch fan Bloemkamp oant 1572, doe't it ferwoaste waard troch de geuzen. Yn 1956 binne oerbliuwsels fan it kleaster opgroeven. Ta neitins oan de nonnen stiet yn Skearnegoutum it keunstwurk 'De nonnen fan it Nijkleaster'.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Wymbritseradiel, Skiednis fan Gea en Minsken, K.F. Gildemacher