Olaf's Frozen Adventure

Olaf's Frozen Adventure is in Amerikaanske koarte fantasyfilm út 2015 yn 'e foarm fan in kompjûteranimearre tekenfilmmusical fan 'e Walt Disney Animation Studios. De film, dy't in spyldoer hat fan 21 minuten, waard regissearre troch Kevin Deters en Stevie Wermers. Olaf's Frozen Adventure heart ta de súksesfolle Frozen-franchise. De titel betsjut "Olaf syn Beferzen Aventoer". Yn it filmke giet de snieman Olaf op 'e siik nei krysttradysjes foar syn freonen Elsa en Anna. Olaf's Frozen Adventure krige oer it algemien tuskenbeiden resinsjes fan 'e filmkritisy.

Olaf's Frozen Adventure
film
(Filmposter yn 'e Ingelske Wikipedy)
makkers
regisseur Kevin Deters
Stevie Wermers
produsint Roy Conli
senario Jac Schaeffer
kamerarezjy Alessandro Jacomini (beljochting)
Cory Rocco Florimonte (lay-out)
muzyk Christophe Beck (soundtrack)
Jeff Morrow (soundtrack)
Elyssa Samsel (lieten)
Kate Anderson (lieten)
filmstudio Walt Disney Animation Studios
Walt Disney Pictures
distribúsje Walt Disney Studio
   Motion Pictures
spilers
haadrollen Josh Gad
byrollen Kristen Bell
Idina Menzel
Jonathan Groff
skaaimerken
lân/lannen Feriene Steaten
premiêre 22 novimber 2017
foarm koarte tekenfilmmusical
sjenre fantasyfilm
taal Ingelsk
spyltiid 21 minuten
filmsearje
filmsearje Frozen

It is de earste kryst dy't keninginne Elsa fan Arendelle en har jongere suster, prinsesse Anna, belibje sûnt de foarfallen yn Frozen. No't Elsa har boppenatuerlike krêften net mear geheim hoecht te hâlden, kinne de susters foar it earst mei-inoar kryst fiere, en dat dogge se troch in grut feest yn it kastiel te organisearjen foar alle ynwenners fan Arendelle. As de minsken lykwols ûnferwachts betiid nei hûs geane om't se allegear harren eigen famyljekrysttradysjes hawwe, beseffe de susters ynienen dat sysels alhiel gjin famyljetradysjes hawwe.

Elsa beklaget har oer it feit dat se harsels foar it meastepart fan har libben isolearre hat om har boppenatuerlike krêften geheim te hâlden, mei't dat de reden is dat sy en Anna noch nea earder wier kryst fierd hawwe. De snieman Olaf, in freon fan Elsa en Anna, nimt it op him om mei help fan it rindier Sven op 'e sneup te gean nei eigen krysttradysjes foar de beide susters.

Tink derom: Yn de tekst hjirûnder wurdt de ôfrin fan de film beskreaun.
As jo de film sels sjen wolle, is it mooglik better dat jo it no folgjende diel fan 'e plotbeskriuwing (earst noch) net lêze.

Op reis troch Arendelle komt Olaf yn oanrekking mei ferskate famyljetradysjes, dy't net inkeld mei kryst, mar ek mei chanoeka en it midwinterfeest te krijen hawwe. Nei in besyk oan Oaken, dy't in de hannelspost (en sauna) driuwt, giet de reis fierder oer de beferzen toendra. Mar in lytse glodze (fan in draachbere sauna dy't Olaf by Oaken kocht hat) set de hiele slide yn ljochte lôge, en alle gearfandele tradysjes geane yn reek op. As se by in heuvel del glydzje, reitsje Olaf en Sven faninoar skaat troch in djippe kleau. Mei in fruchtecake (de iennichste krysttradysje dy't er fan it fjoer rêde kinnen hat) besiket Olaf de stêd wer te berikken, mar yn it wâld wurdt er oanfallen troch wolven.

Wilens ûntdekke Elsa en Anna op 'e rommelsouder fan it kastiel ferskate fergetten foarwerpen. Sven komt allinne wer yn 'e stêd werom en besiket om 'e nocht en warskôgje syn freon Kristoff en de beide susters oer it lot fan Olaf. Uteinlik krije se foar it ferstân dat der wat mis is en wurdt der in grutte sykaksje op tou set. Olaf wit ûnderwilens oan 'e wolven te ûntkommen, mar ferliest syn fruchtecake ynstee oan in hauk. Dan jout er it oer, mar al rillegau dêrnei wurdt er fûn troch Elsa en Anna. Dy fleurje him op troch te fertellen dat se dochs ien famyljekrysttradysje hawwe: hysels. Want as jonge bern makke se mei de kryst altyd in snieman. Nei't Elsa harsels weromlutsen hie, begûn Anna elts jier kaartsjes en poppen ûnder har keamersdoar troch te skowen.

Se keare mei syn allen werom nei it kastiel, dêr't se de kryst begjinne te fieren. De hauk fljocht oer en lit de fruchtecake op Olaf syn holle falle, wêrnei't dy útropt dat it "In krystwûnder!" is.

Rolferdieling

bewurkje seksje
 
Josh Gad.
haadrollen
personaazje akteur/aktrise
Olaf Josh Gad


byrollen
personaazje akteur/aktrise
prinsesse Anna fan Arendelle Kristen Bell
keninginne Elsa fan Arendelle Idina Menzel
Kristoff Jonathan Groff
Oaken Chris Williams
Olsen John de Lancie
frou Olsen Lauri Fraser
de jonge Elsa Eva Bella

Produksje en distribúsje

bewurkje seksje

Olaf's Frozen Adventure is in koarte film mei in spyldoer 21 minuten, dy't regissearre waard troch Kevin Deters en Stevie Wermers nei in senario fan Jac Schaeffer. As produsint wie Roy Conli by it projekt belutsen foar de filmstudio's Walt Disney Animation Studios en Walt Disney Pictures. De kamerarezjy wie yn 'e hannen fan Alessandro Jacomini (beljochting) en Cory Rocco Florimonte (lay-out). De soundtrack waard fersoarge troch Christophe Beck en Jeff Morrow (dy't gjin fermelding op 'e ôftiteling krige), mei lieten makke troch Elyssa Samsel en Kate Anderson (de suster fan Kristen Anderson-Lopez, de lietsjeskriuwster fan Frozen).

Distribúsje

bewurkje seksje

De distribúsje fan Olaf's Frozen Adventure waard fersoarge troch Walt Disney Studio Motion Pictures, de distribúsjepoat fan The Walt Disney Company. De film wie eins in krystspecial foar op 'e tillefyzje, mar waard op 22 novimber 2017 útbrocht yn in beheind tal bioskopen yn 'e Feriene Steaten as foarfilm fan Coco. De film hie syn debút op 'e tillefyzje op 14 desimber 2017 op it tillefyzjenetwurk ABC.

It byhearrende soundtrackalbum ferskynde op 3 novimber 2017 by platemaatskippij Walt Disney Records, en befettet fjouwer orizjinele lieten: Ring in the Season, The Ballad of Flemmingrad, That Time of Year en When We're Together.

Olaf's Frozen Adventure waard op 7 desimber 2017 yn it Feriene Keninkryk eksklusyf by de supermerkkeatling Tesco op dvd útbrocht. Op 19 desimber fan datselde jier kaam er beskikber as digitale download. De film waard op 18 novimber 2018 yn Noard-Amearika op dvd en blu-ray útbrocht. Sawol de digitale download as de dvd/blu-ray omfiemet ek seis oare, âldere koarte films mei in winter- en/of krysttema fan Disney: Winter (1930), Polar Trappers (1938), The Hockey Champ (1939), The Art of Skiing (1941), Pluto's Christmas Tree (1952) en Once Upon a Wintertime (1954).

Fan 'e filmkritisy krige Olaf's Frozen Adventure oer it algemien tuskenbeiden resinsjes. De webside Indiewire seach de koarte film fral as in "brechje" en in "opbou" nei Frozen II. De Britske krante de Daily Mirror ornearre dat fans "dermei takoene" oant de folgjende lange film fan 'e Frozen-franchise.

It tydskrift Slate hie fral krityk op it iepentlike kommersjalisearring fan Olaf's Frozen Adventure, en teffens op it feit dat de film fan in komyske byrol (Olaf de snieman) in haadpersonaazje besiket te meitsjen. It omskreau dy gong fan saken as "in almar wanhopiger onemanshow".

Op 'e webside Rotten Tomatoes, dy't resinsjes sammelet, hat Olaf's Frozen Adventure in goedkarringspersintaazje fan 57%, basearre op 7 ûnderskate resinsjes.

Olaf's Frozen Adventure waard yn 2018 nominearre foar trije Annie Awards, de Amerikaanske prizen foar animaasjefilms. De nominaasjes wiene foar bêste animearre spesjale produksje, bêste animearre effekten yn in animaasjeproduksje en bêste muzyk yn in animearre filmproduksje.

Keppelings om utens

bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.

Frozen (filmsearje)
lange films
Frozen (2013) • Frozen II (2019)
koarte films
Frozen Fever (2015) • Olaf's Frozen Adventure (2017) • Myth: A Frozen Tale (2020) • Once Upon a Snowman (2020)
oar
The Story of Frozen: Making a Disney Animated Classic (2014) • At Home with Olaf (2020)