Stoarm fan 25 jannewaris 1990

(Trochferwiisd fan Orkaan Daria)

De stoarm fan 25 jannewaris 1990 wie in tige harde stoarm dy't Noardwest-Jeropa teheistere. It wie ien fan de slimste wynstoarmen yn Jeropa, dy't wol 97 totaal deaden feroarsake, wêrfan 47 yn Grut-Brittanje, 17 yn Nederlân, 11 yn Belgje en 12 yn Frankryk. De stoarm hat ferskate nammen, om't doetiids foar sokke foarfallen noch gjin offisjele nammen bestiene. Yn Frankryk en Dútslân waard er Orkaan Daria neamd en yn Grut-Brittanje Burns' Day Storm, nei de jierdei fan Robert Burns.

Stoarm fan 25 jannewaris 1990
Orkaan Daria
Burns' Day Storm
Sânstoarm op bûlevaar yn Bloemendaal oan See
Sânstoarm op bûlevaar yn Bloemendaal oan See
bysûnderheden
type ramp orkaan
datum 25 jannewaris 1990
lân Belgje, Denemark, East-Dútslân, Feriene Keninkryk, Frankryk, Ierlân, Nederlân en West-Dútslân
statistiken
deaden 47 GB[1], 17 NL[2], 12 Fr[3]

De heechste wynfaasje waard mjitten by Belfast yn Noard-Ierlân mei in wynfaasje fan 190 km yn 't oere. It slimst troffen wie Grut-Brittanje.

Yn 'e rin fan de rampdei waard der in trochsneed wynkrêft fan 8 oant 9 mjitten mei útsjitters ta dy't in wynkrêft fan 12 helle, de heechste skaal dy't berikt wurde kin. Op de fleanbasis Ljouwert waard om 18:30 oere in wynfaasje fan 71 knopen (131 km/oere) en op de Brandaris op Skylge waard om 23:00 oere in wynfaasje fan 72 knopen (133 km/oere) berikt.[4] De measte skea bestie út omwaaide beammen en lantearnepeallen en fallende dakpannen en skoarstiennen.

It nuvere fan de stoarm wie dat it fierder it lân yn hurder waaide as oan 'e kust en op 'e eilannen. Benammen yn 'e Súdeasthoeke, lykas yn De Haule en Drachten rûnen in soad gebouwen grutte skea op. In protte pleatsen rekken skansearre dêr't dakken fan lisboksstâlen ôfwaaiden. In pleats yn Aldeboarn ferlear it dak. Yn Sondel stoarte it dak fan in pikestâl yn, dêr't hûnderten piken by omkamen.[5]

Yn Harns bedrigen fallende stiennen fan de wettertoer it rêsthûs Almenum. It dak fan de Titus Brandsmaskoalle yn Boalsert rekke foar it grutste part skeind. Yn Nijeholtpea rekke in trein fêst mei 50 passazjiers, dy't fiif oeren lang wachtsje moasten op fierder ferfier. De stoarm ûntregele fierders de feartsjinsten nei de Waadeilannen en de postfersoarging. It Russyske frachtskip Brimz rekke op 'e drift. De bemanningslju waarden troch Skylger rêdingsploegen holpen en oan wâl brocht. Fan dêrwei waarden se nei de fleanbasis Ljouwert flein.[6]

De monumintale kleasterpoldermûne De Non, justjes súdeastlik fan Ferwert baarnde folslein ôf. Troch de stoarm giene de wjukken om 20:30 oere troch de fang en begûnen as in gek te draaien. Om't de mûne mei de efterkant yn 'e wyn stie, draaiden de wjukken tsjin de normale draairjochting yn. Troch de wriuwingshjitte dy't dêrtroch ûntstie, rekke de mûne yn 'e brân. De Wolvegeaster mûne Windlust rekke skeind, om't de wjukken ek as in gek begûnen te draaien. Dêrtroch waard in stik fan de stelling meinommen en in gat yn it reidtek slein. De mûnders koene op tiid de mûne rêde.[7]

 
Stoarmskea yn Haarlim

De rest fan Nederlân hie ek in ûnbidich soad lêst fan de stoarm. De swierste wynstjit yn Nederlân waard mjitten yn IJmuiden mei 158 km/oere. De gefolgen wiene it grutst doe't de jûnsspits wie. Op Skiphol bleaune fleantugen inkelde oeren op 'e grûn. It iepenbier ferfier mei treinen, trams en fearponten waarden jûns troch de orkaan sa goed as alhiel hoholden. Yn Amsterdam koene trams net ride omreden omfallen beammen en brutsen boppeliedingen. Tûzenen reizgers rekken fêst yn 'e grutte stêden en moasten dêr út need de nacht trochbringe. Op autosneldiken waard it ferkear stillein troch omwaaide frachtauto's, lantearnepeallen en beammen. De Lekbrêge by Fianen waard yn alletwa rjochtingen ôfsletten. Yn Noardwyk oan See kamen trije brânwachtlju om it libben by in grutte brân yn hotel Huis ter Duin. Yn Apeldoarn waarden tanks fan it leger ynset om strjitten skjin te feien. Op de brêge oer de Isel by Arnhim rekke in soad ferkear stil.

Noardwest-Dútslân wie it slimst troffen yn Dútslân. Yn Hamburch en Eastfryslân waard de dykbewekking ynsteld. Yn Noardryn-Westfalen, Hessen en Saksen waard it ferkear troch omfallen beammen behindere. Yn 'e bistetún yn Hannover stoarte in wolvehok yn, dêr't trije wolven troch útbrieken. De swierste wynstjit yn Dútslân waard op 'e berch Brocken metten mei in faasje fan 230 km/oere.

Grut-Brittanje en Ierlân

bewurkje seksje
 
Stoarm fan 25 jannewaris 1990

Yn Grut-Brittanje kamen 47 minsken om it libben en foelen der tsientallen ferwûnen. Dakken waarden fan 'e huzen ôfskuord, beammen ûntwoartele, muorren en stigers omwaaid en ek brêgen en spoarferbinings rekken skansearre, benammen yn Wales, Cornwall, Súd-Ingelân, Súd-Ierlân en Skotlân, dêr't trije deaden foelen fan de sniestoarmen. Likernôch miljoen Britske húshâldings kamen sûnder stream te sitten om't elektrisiteitsmêsten knapten, wylst justjes foar de jûnsspits in soad treinen útfoelen. Londen rekke hast ta in folsleine stilstân, de measte stasjons, allyk dy fan de ûndergûnske giene ticht, wylst Westminster Bridge en Tower Bridge, de twa drokste brêgen fan de stêd, blokkearre rekken troch in frachtwein en in bus dy't om leine.

Heechste wynstjit it lân

bewurkje seksje
Lân Heechste wynstjit Plak
  Ierlân 168 km/h Dunmore Head
  Grut-Brittanje 172 km/h Aberporth & Gwennap Head
  Frankryk 164 km/h Sangatte
  Belgje 168 km/h Beauvechain
  Lúksemboarch 162 km/h Wincrange
  Nederlân 159 km/h IJmuiden & Westkapelle
  Dútslân 230 km/h Brocken
   Denemark 166 km/h Gedser Odde & Nykøbing Falster

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes: