Patrice Martinez

Patrice Martinez (Albuquerque (Nij-Meksiko), 12 juny 1963Burbank (Kalifornje), 24 desimber 2018) wie in Amerikaansk aktrise op 'e tillefyzje, yn films en op it toaniel fan Meksikaansk etnysk komôf. Hja waard benammen bekend troch har rol as Victoria Escalante yn 'e tillefyzjesearje Zorro, út 'e earste helte fan 'e 1990-er jierren.

Patrice Martinez
Filmklapper.png akteur
Patrice Martinez yn har bekendste rol: as Victoria Escalante yn Zorro (begjin 1990-er jierren).
Patrice Martinez yn har bekendste rol: as Victoria Escalante yn Zorro (begjin 1990-er jierren).
persoanlike bysûnderheden
echte namme Patrice Martinez
nasjonaliteit Flag of the United States.svg Amerikaansk
berne 12 juny 1963
berteplak Albuquerque (Nij-Meksiko)
stoarn 24 desimber 2018
stjerplak Burbank (Kalifornje)
etnisiteit Flagge fan Latino's (FS).png Latino
reg. identiteit Flag of Mexico.svg Meksikaansk
jierren aktyf 19861999
offisjele webside
Patrice Martinez yn 'e IMDb

Libben en karriêreBewurkje

Jonkheid en opliedingBewurkje

Martinez waard yn 1963 berne yn Albuquerque, yn 'e Amerikaanske steat Nij-Meksiko. Hja wie de suster fan akteur Benito Martinez. Ek har jongere suster Benita, mei wa't Martinez twa jier skeelde, hat wat aktearwurk dien. As bern trede Martinez al op yn pleatslike teäters. Se sette har karriêre as filmaktrise yn 1978 yn har teenagejierren útein, as figurante yn 'e film Convoy, fan 'e ferneamde regisseur Sam Peckinpah. Nei't se de middelbere skoalle yn Albuquerque ôfrûne hie, ferfear Martinez nei de Britske haadstêd Londen om toaniel te studearjen oan 'e prestizjeuze Royal Academy of Dramatic Art (RADA).

AktearkarriêreBewurkje

Doe't se as folleard aktrise weromkeard wie yn 'e Feriene Steaten, sette Martinez har nei wenjen yn Los Angeles. Dêr hie se yn 1987 har earste echte filmrol yn A Walk on the Moon. Yn 1986 hie se in lytse trochbraak mei har rol as Carmen yn 'e film ¡Three Amigos!, mei Steve Martin, Chevy Chase en Martin Short. Op basis dêrfan waard har de rol fan Linda Lee Ellison oanbean trije ôfleverings fan 'e detektivesearje Magnum, P.I., as tsjinspylster fan Tom Selleck. Ek hie se rollen yn oare searjes, lykas Miami Vice en Air America, yn tillefyzjefilms as Gunsmoke: Return to Dodge en it Dútsktalige (neisyngronisearre) Winnetous Rückkehr, en yn films as Beetlejuice, en The Effects of Magic.

It bekendst waard Martinez lykwols fan 1990 ôf mei har rol yn 'e rige Zorro. Dêryn fertolke hja de rol fan Victoria Escalante, de weardinne fan 'e pleatslike herberge, op wa't de maskere held in eachje hat, mar mei wa't er hieltyd krekt gjin relaasje kriget. Nei't Zorro yn 1993 einige, lei Martinez har benammen ta op aktearwurk op 'e planken. Yn 1999 breide se in ein oan har aktearkarriêre.

PriveelibbenBewurkje

Martinez wie ferskate jierren troud mei regisseur en tillefyzjeprodusint Daniel Camhi. Dêrfandinne dat hja yn 'e earste twa seizoenen fan Zorro yn 'e begjintitels neamd waard as 'Patrice Camhi'. Nei harren skieding, yn 1991, waard se fan seizoen 3 ôf 'Patrice Martinez' neamd.

FerstjerrenBewurkje

Martinez rekke yn 'e 2010-er jierren slim yn 'e minnichte. Nei in lang siikbêd kaam se yn desimber 2018 dochs noch hommels te ferstjerren yn har wente yn Burbank, yn Súdlik Kalifornje. Martinez waard 55 jier.

FilmografyBewurkje

Filmografy as aktrise
jier titel rol of funksje opmerkings
films
1978 Convoy Maria figurante
1986 ¡Three Amigos! Carmen
1987 A Walk on the Moon India
1988 Beetlejuice resepsjoniste
1998 The Effects of Magic Beatrice
tillefyzje
1986 Miami Vice Maria Escobar gastrol; ôfl. Baby Blues
1987 Gunsmoke: Return to Dodge    Bright Water tillefyzjefilm
1987–1988 Magnum, P.I. Linda Lee Ellison weromkearende rol; 3 ôfl.
1990–1993 Zorro Victoria Escalante    fêste rol; 89 ôfl.
1994 Phantom 2040 Esteban Aguilar as stimaktrise; gastrol; ôfl. The Gauntlet
1998 Winnetous Rückkehr Kish-Kao-Ko Dútsktalige (neisyngronisearre) tillefyzjefilm
1999 Air America Mandy gastrol; ôfl. Heartbreak Hotel

Keppelings om utensBewurkje

Boarnen, noaten en referinsjesBewurkje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.