Pieter Cornelis Boutens

Pieter Cornelis Boutens[1] (Middelburch, 20 febrewaris 1870Den Haach, 14 maart 1943) wie in Nederlânsk dichter en klassikus.

P.C. Boutens

Boutens waard grut yn in Siuwsk, strang protestantsk middenstânslaach. Op it gymnasium die syn talint foar Latyn en Gryksk bliken en sette er Plato's Symposion oer. Dat hy sette útein mei de stúdzje klassike talen yn 1890 oan de Universiteit Utert. Yn 1899 promovearre Boutens op in ûndersyk nei de Grykske komeedzjeskriuwer Aristophanes.

As dichter debutearre Boutens yn 1891 yn de Utrechtse Studenten Almanak. Syn earste wurk waard ynspirearre troch de Verzen fan Herman Gorter. Neist de Tachtigers, wiene Plato, Sappho en de Bibel ynspiraasjeboarnen foar Boutens. Syn styl is in besykjen om it idee fan in 'hegere werklikheid' te berikken, yn Boutens' fyzje ien dy't "Gods geheim" benei komme soe. Teffens klinkt yn de poëzij fan Boutens in hingjen oer nei Plato en de leafde foar Eros. Dúdlike homo-erotyk klinkt troch yn de Strophen van Andries de Hoghe (1919), dy't presintearre waarden as dat se troch in jongferstoarne dichter skreaun wiene en allinne mar troch Boutens útjûn wiene. Earst yn 1983 bewiisde prof. Wouter Blok dat Boutens wol de auteur fan dizze gedichten wie. Iepentlik homoseksueel wie Boutens net; hy wenne wol mei syn freon Cornelis van Duyvenbode, mar dy gie troch foar syn húsfeint.

Yn 1894 waard er learaar klassike talen oan de jongeskostskoalle 'Noorthey' te Voorschoten. Dat wie yn dy tiid in ferneamd ynstitút dy't jongelju út aristokratyske fermiddens luts, dêr't Boutens it goed mei fine koe. Nei't er lichaamlik ynstoart wie yn 1904 en nei in dêrop folgjende fakânsje yn Tirol fêstige er him yn Den Haach. Hy kaam troch de tiid mei it jaan fan priveelessen en troch stipe fan aristokratyske freonen dêr't er kunde oan hie fia Noorthey. Foar dit 'freonefûns' sette de fabrikant en skriuwer Arij Prins him letter ek tige yn. Boutens makke him yn de literêre wrâld fertsjinstlik by de yn 1905 oprjochte Vereeniging van Letterkundigen. Yn 1918 waard er foarsitter. Boutens wie in frijwat nofteren ûndernimmer en makke sa it Ondersteuningsfonds voor behoeftige letterkundigen ta in súkses. Itselde mei sein wurde fan syn warberens foar it yn 1919 stichte Willem Kloosfûns, dat ek bedoeld wie foar finansjele stipe oan letterkundigen. It wurdt de dichter wolris kwea ôfnaam dat er yn syn lêste libbensjierren lid waard fan de troch de Dútske besetter (Twadde Wrâldkriich) oprjochte Kultuerkeamer. Dit lidmaatskip wie lykwols troch Boutens, dy't altyd a-polityk wêze woe, bedoeld om it jild fan it Willem Kloosfûns te rêden. Dochs is dit foar in soad minsken hieltyd in besmoarging fan Boutens' blazoen bleaun.

De estetyske 'wurdkeunst' en syn foarleafde foar neologismen (krekt sa as by de Tachtigers) kin men Boutens' wurk oan werom. De ympresjonistyske beskriuwingskeunst fan dy generaasje dichters wie him lykwols frjemd. Stadichoan bejoech er him op in eigen paad, ynspirearre troch syn filosofyske ynsjoch: de lear fan Plato hat syn dichtsjen sin en ynhâld jûn.

  • 1898 - Verzen
  • 1902 - Praeludiën
  • 1904 - Naenia
  • 1907 - Stemmen
  • 1908 - Beatrijs
  • 1908 - Spel van Platoons leven
  • 1909 - Vergeten liedjes
  • 1910 - Alianora
  • 1912 - Carmina
  • 1916 - Lente-maan
  • 1919 - Strophen uit de nalatenschap van Andries de Hoghe
  • 1920 - Sonnetten
  • 1921 - Liederen van Isoude
  • 1922 - Zomerwolken
  • 1926 - De sonnetten van Louis Labé
  • 1930 - Oud-Perzische kwatrijnen
  • 1931 - Bezonnen verzen
  • 1932 - Honderd Hollandsche kwatrijnen
  • 1932 - Strophen en andere verzen uit de nalatenschap van Andries de Hoghe
  • 1942 - Tusschenspelen
  • 1942 - Gegeven keur
  • 1943-1954 - Verzameld werk (sân dielen, postúm útbrocht)

Keppelings om utens

bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. De oarsronklike namme fan syn laach Bouters, waard wizige yn Boutens; útspraak fan de Arrondissemints Rjochtbank Middelburch fan 14 maart 1898, akte nr. 79