Andorra

(Trochferwiisd fan Prinsdom Andorra)
Principat d'Andorra (kat)
Flagge fan Andorra Wapen fan Andorra
Biedwurd: Virtus Unita Fortior
"Feriene deugd is krêftiger"
Folksliet: El Gran Carlemany
Haadstêd Andorra la Vella
Offisjele taal Katalaansk
Steatsfoarm Foarstedom
Unôfhinklikheid 1278
Oerflak 467,63 km²
- wetter 0,26%
Ynwennertal 77.281 (2016)
Befolkingstichtens 179,8 ynw./km²
Muntienheid Euro (EUR; €)
Tiidsône MET (UTC+1)
- simmertiid MEST (UTC+2)
Nasjonale feestdei 8 septimber
Ynternetdomein .ad
Telefoan +376
ISO 3166 AD, AND, 020

Andorra is in lân yn Súd-Jeropa. De haadstêd is Andorra la Vella en de ko-prinsen fan it prinsdom binne sûnt 2003 Joan Enric Vives Sicília, biskop fan Seu d'Urgel en François Hollande, presidint fan Frankryk.

 
Andorra

It lân Andorra bestiet sûnt 1278. Yn dat jier kaam der in ein oan in rige fan gewelddiedige konflikten tusken de biskop fan Urgel en de greve fan Foiks. De beide tsjinstanners slute frede, dy't besegele wurdt yn in dokumint dat bekend stiet ûnder de namme Pareages. De ôfspraken dy't doe makke binne, foarmje noch altyd de basis fan it tsjintwurdige politike stelsel.

Fan it begjin ôf oan wurdt Andorra regearre troch twa steatshaden. Dat wienen ynearsten de biskop fan Urgel en de greve fan Foiks, mar troch erfopfolging gong de ko-funksje fan de greve oer op it Frânske keningshûs. Doe't yn de 19e iuw in ein kaam oan de Frânske monargy, gong de funksje oer op de presidint fan Frankryk.

Tsjintwurdich is Andorra op it politike mêd sterk ferbûn mei de Jeropeeske Uny, sûnder dat it der lid fan is. Sa brûkt it de euro as betelmiddel, mar slacht it sels gjin eigen munten. Foar de ynfiering fan de euro wienen de Frânske frank en de Spaanske peseta beide wettich betelmiddel.

 
Satellytfoto fan Andorra

Andorra leit yn it suden fan Europa, yn de Pyreneeën, ynklamme tusken it Frânske departemint Ariège yn it noarden en de Spaanske provinsje Kataloanje yn it suden. It lân hat in oerflak fan sa’n 468 km2, likernôch like grut as de Noardeastpolder; der wenje likernôch 80.000 minsken. Andorra hat in grinslingte fan 120,3 kilometer, wêrfan 56,6 kilometer mei Frankryk en 63,7 kilometer mei Spanje.[1]

It foarstedom leit heech yn de Pyreneeën en bestiet benammen út rûge bergen mei in trochsneed hichte fan 1.996 meter, wêrmei't it it heechste lân fan Europa is. It leechste punt fan Andorra leit op 840 meter, oan de grins mei Spanje, it heechste punt is de 2.942 meter hege berch Coma Pedrosa yn it uterste westen fan it lân.[2] Yn totaal binne der 65 berchtoppen dy’t boppe de 2.000 meter útstekke.[2] La Massana befettet de fiif heechste piken fan it lân.

De bergen wurde faninoar skaat troch trije dellings dy’t yn in Y-foarm lizze. Dy dellings falle gear op it punt dêr't de grutste rivier, de Gran Valira, de grins mei Spanje oergiet. Dat is ek it leechste punt fan it lân, op in hichte fan 840 meter.

Yn Andorra binne in stikmannich lytse en gruttere marren dy’t foarme wurde troch teiwetter fan gletsjers. Yn Enkamp lizze de grutste marren. De minst oantaaste natuer is te finen yn Grau Roig, yn de parochy Enkamp.

It klimaat fan Andorra komt fierhinne oerien mei it evenredige klimaat fan de omlizzende lannen, mar troch har hegere lizzing falt der winterdeis trochstrings mear snie en is it simmerdeis wat koeler. Andorra hat in tuskenbeiden klimaat, al binne der grutte ferskillen fanwegen de hichteferskillen. De winters yn Andorra binne kâld mei in soad snie en in trochsneed temperatuer fan 4 °C. Simmers binne drûch mei in trochsneed temperatuer fan 18 °C.[3] Trochstrings skynt de sinne 300 dagen yn it jier.

It klimaat yn it lân ferskilt nochal neffens de hichte fan it gebiet. De legere gebieten hawwe in klimaat dat te ferlykjen is mei de buorlannen, mei lytse ferskillen yn temperatuer en luchtfochtigens. De gebieten boppe de beammegrins hawwe in heechberchtmeklimaat.

Jierliks falt der trochstrings 1.071,9 mm delslach. Dochs binne der grutte ferskillen. Sa falt yn it súdlike Sant Julià de Lòria 800 mm delslach it jier, wylst yn it noardlike Canillo 1.100 mm delslach falt. De drûchste moannen binne jannewaris en febrewaris, wylst de wietste moannen maaie, juny en novimber binne. Al ier yn de hjerst, oktober, falt de earste snie yn Andorra. Boppe de 1.500 meter falt mear as de helte fan de delslach yn fêste foarm. [3]

Neffens de grûnwet fan 1993 is Andorra in parlemintêre demokrasy. It lân hat in bysûndere politike relaasje mei Frankryk en Spanje. Andorra hat gjin eigen postfoarsjenning, dy wurdt troch de beide lannen dien, en de postbedriuwen út dy beide lannen hawwe ek aparte postsegels foar Andorra. Neffens kêst 43 fan de grûnwet hat Andorra twa ko-prinsen dy't tegearre steatshaden binne fan Andorra.[4] Dy steatshaden binne de biskop fan Urgell en de presidint fan Frankryk.

De útfierende macht omfettet de minister-presidint en sân ministers en wurdt de Utfierende Ried neamd. De wetjaande macht (it parlemint) hat 28 (kin oprinne oant 42[5]) sitten en wurdt de Algemiene Ried neamd. Nei de ferkiezings foar it parlemint kieze de 28 nij keazen leden fan de Algemiene Ried de minister-presidint. De minister-presidint kiest dêrnei syn sân ministers foar de Utfierende Ried. It juridyske systeem is ûnôfhinklik en makket sawol gebrûk fan de Spaanske as Frânske wetjouwing. It boargerstrafrjocht wurdt dien troch it Hôf fan Batlles - in groep fan fjouwer rjochters, dêr't twa fan keazen binne troch de ko-prins. Hegere beroppen wurde dien yn it Hôf fan Berop. It heechste orgaan binne de fiif leden fan de Hege Ried.

Bestjoerlike yndieling

bewurkje seksje
 
Kaart fan Andorra

Andorra bestiet út sân parochys (parròquia yn it Katalaansk; meartal: parròquies ). Oant 1978 bestie it lân út seis fan sokke parochys, mar yn dat jier waard de parochy Escaldes-Engordany stifte.

Guon parochys binne noch wer fierder opdield. Sa binne Ordino, La Massana en Sant Julià de Lòria opdield yn saneamde quarts (kertieren), wylst Canillo opdield is yn tsien veïnats (wiken). Dy gebieten omfetsje meastentiids plakken.

Eltse parochy hat syn eigen keazen boargemaster.

Nr. Parochy Gebiet
km²
Ynwenners
1990 2000 2007
1   Canillo 121 1.290 2.706 5.422
2   Encamp 74 7.119 10.595 14.029
3   Ordino 89 1.289 2.283 3.685
4   La Massana 65 3.868 6.276 9.357
5  Andorra la Vella* 12 19.022 21.189 24.574
6   Sant Julià de Lòria 60 6.012 7.623 9.595
7   Escaldes-Engordany 47 12.235 15.299 16.475
    Andorra 468 50.835 65.971 83.137

* Haadstêd fan Andorra

Militêr en plysje

bewurkje seksje

Andorra hat in lyts leger en sa'n 240 man plysje. In plysje-ienheid mei spesjale taken, bygelyks op it mêd fan anty-terrorisme, is de Grup d'Intervenció Policia d'Andorra (GIPA). Frankryk en Spanje binne neffens in ferdrach fan 1993 beide ferplichte om Andorra militêre beskerming te jaan. Andorra hat gjin legerorganisaasje.

Ynternasjonale gearwurking/lidmaatskip

bewurkje seksje

Andorra is gjin lid fan de Schengensône. Der binne kontrôles oan de grins, mar ornaris meie boargers út de Schengensône wol it lân yn. Andorra makket gebrûk fan de euro sûnder offisjeel akkoart. Andorra is gjin lid fan de Europeeske Uny. Andorra is ek gjin NAFO-lid, militêr wurdt it lân neffens in ferdrach fan 1993 beskerme troch Frankryk en Spanje. Andorra is sûnt 1994 lid fan de Ried fan Europa.

 
Andorra

Andorra hat in ynwennertal fan 84.082 (31 desimber 2009).[6] De Andorezen foarmje yn harren eigen lân in minderheid. Mar 33% fan de ynwenners hat de Andorese nasjonaliteit. Njonken Andorezen wenje der grutte mannichten Spanjerts (43%), Portegezen (11%), Frânsen (7%) en oare nasjonaliteiten (6%).[1]

De trochsneed âlderdomsferwachting is 82,36 jier en heart dêrmei ta de heechsten fan de wrâld.[7] De poppestjerte leit op 0,6%, de bernestjerte op 0,7%. 89% fan de befolking wennet yn stêden.

De befolkingsopbou sjocht der sa út:[1]

  • 0-14 jier: 15,5% (wêrfan manlik 6.710 en froulik 6.305)
  • 15-64 jier: 72,2% (wêrfan manlik 31.604 en froulik 28.925)
  • 65 jier en âlder: 12,3% (wêrfan manlik 5.113 en froulik 5.231)

De oerhearskjende godstsjinst is it Roomsk-katolisisme, dat troch 90% fan de minsken oanhongen wurdt.

De amtlike taal en iennichste offisjele taal fan Andorra is Katalaansk. It brûken fan dy taal wurdt befoardere troch de oerheid. Sa wurdt in kommisje ta it befoarderjen fan Katalaanske toponymy yn Andorra stipe en binne der fergeze lessen foar ymmigranten. Telefyzje en radio is benammen yn it Katalaansk.

Troch ymmigraasje fan Spanjerts, Frânsen en Portegezen wurde de talen fan dy lannen ek in soad praat yn Andorra. It Katalaansk is foar 38,8% fan de minsken de memmetaal, Spaansk foar 35,4%, Portegeesk foar 15% en Frânsk foar 5,4%. As deistige sprektaal wurdt Katalaansk troch 58,3% fan de minsken brûkt, 37,3% Spaansk, 3,5% Portegeesk en 2,2% Frânsk.[8]

De toeristeyndustry foarmet de wichtichste boarne fan ynkomsten foar Andorra. Leafst 80% fan it GDP komt fan de toeristesektor. Yn 2008 besochten likernôch 10,2 miljoen toeristen it lân. [9] De toeristen komme ôf op de belestingfrije status fan Andorra en de winter- en simmerakkomodaasjes yn it lân.

De bankesektor spilet, fanwegen de status fan Andorra as belestingparadys, ek in wichtige rol yn de ekonomy. De lânbousektor is mei 2% lyts, it measte iten wurdt dan ek ynfierd.

Natuerlike boarnen fan Andorra binne wetterkrêftelektrisiteit, mineraal wetter, hout, izererts en lead.

Andorra is gjin lid fan de Europeeske Uny, mar hat dêr wol spesjale bannen mei. Sa wurdt Andorra lyk behannele as it giet om hannel yn eigenmakke produkten mei oare EU-lannen, mar net as it giet oer lânbouprodukten. Fan 1 july 2013 ôf mei Andorra syn eigen euro-munten slaan. Dêrfoar makke it lân ek al gebrûk fan de euro, mar mocht it syn eigen munten net meitsje. Foardat de euro ynfierd waard, makke Andorra gebrûk fan de muntienheden fan Frankryk en Spanje.

Der is gjin treinspoar yn Andorra. Al rint it treinspoar tusken Latour-de-Carol en Toulouse op twa kilometer fan de grins mei Andorra. Twa stasjons dêroan hawwe in busferbining mei Andorra la Vella.

It wegenet fan Andorra hat in lingte fan 269 kilometer, dêr't 198 kilometer fan ferhurde is. De twa wichtichste diken yn Andorra la Vella binne de CG-1 nei de Spaanske grins en de GC-2 nei de grins mei Frankryk. Yn de wintertiid wurde de diken oer it algemien flot sniefrij makke en bliuwe dan ek iepen. Al is it sa dat de GC-2 oan de Frânske kant fan de grins minder faak sniefrij makke wurdt en sadwaande nei lawinen noch wolris ticht is.

Der binne busferbinings mei alle bewenne gebieten yn Andorra. Op de wichtichste rûten komt alle healoeren in bus en yn de drokkere tiden faker. Der binne langeôfstânsferbinings mei de fleanfjilden fan Toulouse en Barselona, in rit nei ien fan dy fleanfjilden duorret likernôch trije oeren. De measte buslinen binne yn behear by kommersjele bedriuwen, mar guon lokale rûten binne allinnich yn hannen fan de oerheid.

Mei it fleantúch is Andorra net te berikken. De fleanfjilden dy’t it deunstby lizze, binne dy fan Perpignan yn Frankryk op 156 kilometer en Lleida yn Spanje op 160 kilometer. De twa grutste fleanfjilden dy't it tichtsteby lizze, binne dy fan Toulouse yn Frankryk en Barselona yn Spanje. Alle oeren ride der bussen nei de fleanfjilden fan Barselona en Toulouse.

Andorra hat wol de beskikking oer trije helikopterhavens yn de plakken Arinsal, La Massana en Escaldes-Engordany. Dêrwei wurde kommersjele helikopterflechten organisearre.

Der binne plannen om fan it fleanfjild fan La Seu d'Urgell, tolve kilometer oer de grins mei Spanje, in kommersjele lofthaven te meitsjen om Andorra en de Pyreneeën better berikke te kinnen.

Keppeling om utens

bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. 1,0 1,1 1,2 CIA Factbook (sjoen op 18 novimber 2010)
  2. 2,0 2,1 Geografie, Andorra Toerisme (sjoen op 18 novimber 2010)
  3. 3,0 3,1 Klimaat, Landenweb.net (sjoen op 18 novimber 2010)
  4. The Constitution of the Principality of Andorra grûnwet fan Andorra (sjoen op 19-11-2010)
  5. Politieke informatie op andorratoerisme.com (sjoen op 19-11-2010)
  6. Dades de població any 2009: 1- Població per parròquies al 31 de desembre del 2009, Departament d'Estadística, Govern d'Andorra (sjoen op 18 novimber 2010).
  7. CIA Factbook (sjoen op 18 novimber 2010)
  8. Llengua catalana, Centre de Recerca Sociològica (sjoen op 18 novimber 2010)
  9. Departament D'Estadistica(sjoen op 28 febrewaris 2013)