Raarderterp is in buorskip dy’t yn de gemeente Noardeast-Fryslân leit. Raarderterp leit súdeastlik fan Hantum en benoarden Dokkum. Raarderterp leit yn de himrik fan Hantumerútbuorren.

De bebouwing fan de buorskip leit oan de Dokkumerwei, Griene Reed en de Miedwei.

Besuden lâns de buorskip rint de Alde Peazens dy’t ek de grins foarmet mei de himrik fan Ealsum. De kearn bestiet út 2 adressen oan de Dokkumerwei, 2 adressen oan de Griene Reed en 1 adres oan de Miedwei.

De namme komt ek foar as Raerderterp, Readerterp, Raard terp, Roorderterp en Rhoderterp. De Bosatlas fan Fryslân hat Rhoderterp.

Sûnt 2019 leit Raarderterp yn de gemeente Noardeast-Fryslân, dêrfoar lei it yn de gemeente Dongeradiel en foar 1984 lei de buorskip yn sawol de gritenij as de gemeente West-Dongeradiel.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes: