Rama (Ontario)
Rama is in doarp yn it suden fan 'e Kanadeeske provinsje Ontario.
Rama | ||
It pleatslike kasino. | ||
Bestjoer | ||
Lân | Kanada | |
Provinsje | Ontario | |
County | Simcoe County | |
Sifers | ||
Ynwennertal | 870 (2011) | |
Oerflak | 9,1 km² | |
Befolkingsticht. | 95,6 / km² | |
Oar | ||
Stifting | ±1836 | |
Tiidsône | UTC –5 | |
Simmertiid | UTC –4 | |
Koördinaten | 44°70′27″N 79°33′96″W | |
Kaart | ||
Lokaasje yn Ontario.
|
Geografy
bewurkje seksjeRama leit likernôch 110 km rjocht benoarden fan Toronto, yn Simcoe County, eastlik fan 'e súdpunt fan 'e Georgiaanske Baai, dy't ûnderdiel útmakket fan 'e Hueronmar (ien fan 'e Grutte Marren).
Demografy
bewurkje seksjeRama is it haadplak fan it Mnjikaning Reservaat 32 fan 'e Tsjippewa's fan Rama Earste Naasje, in Yndiaanske stamme-organisaasje wêrfan't de leden ta it folk fan 'e Odjibwe (Ojibwe) of Tsjippewa (Chippewa) hearre. Neffens in offisjele skatting út 2011 hie Rama doe 870 ynwenners, wêrfan likernôch 700 (of 80,5%) leden fan 'e Tsjippewa's fan Rama Earste Naasje.
Besjensweardichheden
bewurkje seksjeRama stiet bekend om twa dingen. Yn it foarste plak giet it dêrby om it Casino Rama and Entertainment Complex, it eigen kasino fan 'e Tsjippewa's fan Rama Earse Naasje, dat in oerflak fan 18.100 m² hat. Fierders binne yn 'e neite fan it doarp ek de Mnjikaning Fish Weirs sitewearre. Dat is in 4.500 jier âlde tradisjonele fûke (yn 'e foarm fan in stek) dy't yn 'e smelle ferbining tusken de grutte Simcoe-mar en de lytsere Couchiching-mar stiet. Yn 1982 erkende it Kanadeeske regear de oerâlde fûke as in nasjonaal histoarysk monumint. Yn 1993 rjochten leden fan 'e Tsjippewa's fan Rama Earste Naasje de Mnjikaning Fish Fence Circle op, in organisaasje dy't tawijd is oan 'e beskerming en it behâld fan 'e fûke.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: External links, op dizze side.
|