Tsjippewa's fan Rama Earste Naasje

(Trochferwiisd fan Mnjikaning Reservaat 32)

De Tsjippewa's fan Rama Earste Naasje (Ingelsk: Chippewa's of Rama First Nation; Odjibwe: M'njikaning of Mnjikaning) is in Yndiaanske stamme-organisaasje yn Kanada, mei eigen reservaten yn it suden fan 'e provinsje Ontario. De Tsjippewa's fan Rama binne etnyske Odjibwe, en neamden har yn it ferline in skoft de M'njikaning Earste Naasje ('earste naasje' is in typysk Kanadeeske oantsjutting foar in Yndianestamme of -troep), oant de leden fan 'e stamme by in referindum besleaten om 'e âlde Ingelske namme wer oan te nimmen. It haadkertier fan 'e stamme is fêstige yn Rama.

Tsjippewa's fan Rama Earste Naasje
Ingelsk Chippewas of Rama First Nation
lânseigen M'njikaning
flagge
algemiene ynformaasje
lân Kanada
provinsje Ontario
haadkertier Rama (Ontario)
etnisiteit Odjibwe
ledetal 1.500 (2011)
oprjochting 1836
status erkend
erkenning Kanada
reservaat
reservaat Mnjikaning Reservaat 32
Chippewa Island Reservaat
Indian River Reservaat
5 oare perselen
lokaasje súdlik Ontario
oerflak 9,5 km²
ynwennertal 870 (2011)
offisjele webside
www.mnjikaning.ca
kaart
Tsjippewa's fan Rama Earste Naasje (Ontario)
Tsjippewa's fan Rama Earste Naasje
Lokaasje yn Ontario.

De Tsjippewa's fan Rama Earste Naasje is sitewearre yn súdlik Ontario, likernôch 110 km rjocht benoarden fan Toronto, yn Simcoe County, eastlik fan 'e súdpunt fan 'e Georgiaanske Baai, dy't ûnderdiel útmakket fan 'e Hueronmar (ien fan 'e Grutte Marren). De stamme is fêstige yn it plattelânsdistrikt Ramara, mar stiet dêr bestjoerlik los fan. De lânseigen namme M'njikaning of Mnjikaning (of mei stim Minjikaning), betsjut "by it stek", en ferwiist nei de Mnjikaning Fish Weirs, in 5.300 jier âlde tradisjonele fûke (yn 'e foarm fan in stek) dy't yn 'e smelle ferbining tusken de grutte Simcoe-mar en de lytsere Couchiching-mar stiet.

De Tsjippewa's fan Rama Earste Naasje hat 951 ha oan reservaatlân, ferdield oer acht ûnderskate perselen. Fierwei it grutst en it wichtichst is it Mnjikaning Reservaat 32, dat in oerflak fan 908,4 ha hat en 6 km noardeastlik fan 'e stêd Orillia leit. De restearjende 42,6 ha is ferdield oer de oare sân perselen. Dêrûnder binne it ûnbewenne Chippewa Island Reservaat, dat de Tsjippewa's fan Rama Earste Naasje dielt mei twa oare Odjibwe-stammen (de Beausoleil Earste Naasje en de Tsjippewa's fan Georgina Island Earste Naasje), en it krektlyk ûnbewenne Indian River Reservaat dat de Tsjippewa's fan Rama Earste Naasje dielt mei de Wahta Mohôks. It haadkertier fan 'e stamme is fêstige yn Rama, dat yn it Mnjikaning Reservaat 32 leit. Dêr runt de Tsjippewa's fan Rama Earste Naasje in eigen kasino, it Casino Rama and Entertainment Complex, dat in oerflak fan 18.100 m² hat.

De leden fan 'e Tsjippewa's fan Rama Earste Naasje besteane út etnyske Odjibwe (Ojibwe), ek wol Tsjippewa (Chippewa) neamd, in Algonkwynsktalich folk dat de talrykste Yndiaanske groep is yn 'e krite fan 'e Grutte Marren fan Kanada en de Feriene Steaten. Neffens gegevens út 2011 hie de Tsjippewa's fan Rama Earste Naasje doe 1.500 leden, wêrfan't likernôch 700 yn it eigen reservaat wenje, wylst 800 derbûten libje. Datselde jiers hie it reservaat 870 ynwenners, wêrfan't 80,5% út leden fan 'e stamme bestie. De rest waard opmakke troch blanken en oare Yndianen.

Oarspronklik foarmen de Tsjippewa's fan Rama ien Odjibwe-troep mei de mienskippen dy't no bekendsteane as de Beausoleil Earste Naasje en de Tsjippewa's fan Georgina Island Earste Naasje. Fan 1818 oant 1844 waard de troep laat troch it opperhaad Gielholle of Musquakie. Doe't de earste blanke kolonisten har yn 'e krite nei wenjen setten, holpen de pleatslike Odjibwe harren om har oan te passen oan it winterdeis strange klimaat en troch harren medisinen te bringen dy't makke wiene fan yn it wyld libjende planten. Yn 1830 waard de Yndianetroep lykwols fan oerheidswegen fan syn tradisjonele wenplak ferwidere en yn it Coldwater Narrows Yndianereservaat pleatst.

 
It Casino Rama and Entertainment Complex.

Yn 1836 waard it Coldwater Narrows Reservaat troch de oerheid wer ûnteigene by wat no beskôge wurdt as in yllegale konfiskaasje. De Yndianen waarden fan it reservaatlân ôf set, en moasten yn 't earstoan mar sjen dat se har rêden, wat ta gefolch hie dat de troep yn trije lytsere groepen útinoarfoel. Ien fan dy groepen, dy't him letter ûntjaan soe ta de Tsjippewa's fan Rama, kocht lân oan yn it eardere Rama Township en begûn dêr op 'e nij. Yn 1923 ferlearen de Odjibwe troch it kontroversjele Williams Ferdrach ek it rjocht om yn har wengebiet frij te fiskjen en te jeien. Mei't de grûn net botte gaadlik wie om te bebuorkjen, ûntjoegen se har neitiid benammen ta ûndernimmers, û.o. op it mêd fan it oanwaaksende toerisme.

Yn 1982 erkende it Kanadeeske regear it oerâlde fûkestek, de Mnjikaning Fish Weirs, as in nasjonaal histoarysk monumint. Yn 1993 rjochten leden fan 'e Tsjippewa's fan Rama Earste Naasje de Mnjikaning Fish Fence Circle op, in organisaasje dy't tawijd is oan 'e beskerming en it behâld fan 'e fûke.

It bestjoer fan 'e Tsjippewa's fan Rama Earste Naasje bestiet út in opperhaad en in bestjoersrie mei seis leden, dy't alle sân mei geregelde tuskenskoften by demokratyske ferkiezings ûnder de leden fan 'e stamme keazen wurde. De ferkiezings wurde organisearre ûnder de bepalings fan it elektorale systeem dat it Kanadeeske regear yn 'e 1930-er jierren ynfierde om in ein te meitsjen oan 'e macht fan erflike opperhaden.

De Tsjippewa's fan Rama Earste Naasje is lid fan 'e Ogemawahj Stammeried, dat in regionaal gearwurkingsferbân fan keazen opperhaden is. Hoewol't de measte leden fan 'e Ogemawahj Stammeried ek lid binne fan 'e Uny fan Ontariaanske Yndianen, is de Tsjippewa's fan Rama Earste Naasje dat net. Wol foarmet de stamme yn 'e mande mei de Beausoleil Earste Naasje en de Tsjippewa's fan Georgina Island Earste Naasje, dêr't histoaryske bannen mei besteane, de saneamde Chippewa Tri-Council.

Keppelings om utens

bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.