Reşat Amet, ek wol bekend ûnder syn oekraïnisearre namme Resjat Medatovytsj Ametov (Oekraynsk: Решат Медатович Аметов; sekuere transliteraasje: Rešat Medatovyč Ametov), (27 jannewaris 197515 maart 2014) wie in Oekraynsk minskerjochte-aktivist fan etnysk Krimtataarsk komôf. Hy waard yn 2014 fermoarde troch de Russyske autoriteiten op 'e Krim nei't dat Oekraynske skiereilân troch Ruslân beset waard.

Reşat Amet
persoanlike bysûnderheden
echte namme Reşat Amet
oare namme Resjat Medatovytsj Ametov
nasjonaliteit Oekraynsk
berne 27 jannewaris 1975
stoarn 15 maart 2014
etnisiteit Krimtataarsk
wurkpaad
aktyf as polityk aktivist
jierren aktyf 2014
reden
  bekendheid
fermoarde troch de
   Russyske oerheid

Reşat Amet wie in etnyske Krimtataar en in steatsboarger fan 'e Oekraïne dy't yn 1975 berne waard. Hy wie troud mei in jonge frou, Zarina, mei wa't er trije bern hie, in soan (Ali) en twa dochters (Hatiğe en Húsniye).

De Russyske besetting fan de Krim, in diel fan 'e Oekraïne, begûn op 27 febrewaris 2014, doe't swierbewapene Russyske militêren, klaaid yn unifoarmen dy't fan alle emblemen en nammen ûntdien wiene, it parlemint fan 'e Krim en oare strategyske posysjes op it skiereilân ynnamen. De ynfallers hiene de stipe fan it meastepart fan 'e etnyske Russen, dy't op 'e Krim de grutste etnyske groep foarmen en de oarspronklike befolking, de Krimtataren, altyd harren rjochten ûntsein hiene. De Oekraïne bliek machteleas om wat te dwaan tsjin 'e skamteleas útfierde ynvaazje sûnder dat in oarloch mei Ruslân útlokke waard dêr't it lân net klear foar wie.

Amet sette op 3 maart 2014 allinnich útein mei in freedsume protestaksje tsjin 'e Russyske besetting, troch op it Leninplein yn 'e Krimske haadstêd Simferopol foar it gebou fan 'e Rie fan Ministers te demonstrearjen. Dyseldichste deis noch waard er troch trije ûnidentifisearre manlju yn embleemleaze militêre unifoarmen fuortfierd.

Tolve dagen letter, op 15 maart, waard it stoflik omskot fan Amet troch de Krimske plysje weromfûn yn in bosk yn 'e neite fan it doarp Zemljanytsjne, op likernôch 60 km ôfstân fan Simferopol. Op it lichem waarden bewizen fan geweld en martelings oantroffen. Syn holle wie omwuolle mei ducttape en syn ankels wiene mei keatlings oaninoar set. In pear hânboeiens waard fuortby it stoflik omskot oantroffen. Neffens Amet syn broer Refat Amet wie de deadsoarsaak in stekwûne, oanbrocht troch in mês of in oar puntich foarwerp, dat ien fan 'e eagen trochboarre hie.

Amet waard op 18 maart 2014 begroeven op it Islamitysk Begraafplak Abdalı yn Simferopol. Syn dea is anno 2021 noch altyd ûnoplost, benammen om't de (Russyske) autoriteiten op 'e Krim der gjin ûndersyk nei dwaan wolle. Dyselde autoriteiten ûntkenne fierders eltse belutsenens by de moard. De dea fan Reşat Amet waard rûnom opfet as in warskôging oan it adres fan Krimtataarske mienskip om har net tsjin 'e Russyske besetting en de lettere Russyske anneksaasje fan 'e Krim te fersetten.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Sources, op dizze side.