Rhona Mitra
Rhona Mitra (soms misstavere as Rona Mitra; folút: Rhona Natasha Mitra; Londen, 9 augustus 1976) is in Britsk aktrise, model en sjongster fan mingd Bingaalsk-Iersk etnysk komôf. Hja waard bekend doe't hja ein njoggentiger jierren it Lara Croft-model wie. Neitiid sette se útein mei in karriêre as aktrise, wêrby't se û.m. op 'e tillefyzje te sjen wie yn searjes as Party of Five, The Practice, Boston Legal, Strike Back en The Last Ship. Ek spile se yn films as Beowulf (1999), Doomsday en Underworld: Rise of the Lycans.
Rhona Mitra | ||
![]() | ||
![]() | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
echte namme | Rhona Natasha Mitra | |
nasjonaliteit | ![]() | |
berne | 9 augustus 1976 | |
berteplak | Londen (Ingelân) | |
etnisiteit | ![]() ![]() | |
jierren aktyf | 1995 – no | |
offisjele webside | ||
gjint |
Libben en karriêreBewurkje
Jonkheid en opliedingBewurkje
Rhona Mitra waard yn 1976 berne yn 'e Londenske wyk Paddington, as de dochter fan 'e plastysk sjirurch Anthony Mitra, dy't fan Yndiaask-Bingaalsk komôf is, en dy syn frou Nora Downey, wa har famylje oft út Ierlân stammet. Mitra hat twa bruorren: Jason, dy't twa jier âlder is, en Guyan, dy't jonger as har is en as skriuwer wurket foar Lonely Planet en de Sunday Times.
AktearkarriêreBewurkje
Mitra, dy't al fan bern ôf oan as model aktyf wie, waard ein njoggentiger jierren útkeazen om 'e libbene ferpersoanliking te wurden fan it populêre personaazje Lara Croft, út it fideospultsje Tomb Raider. Dat wie foar't aktrise Angelina Jolie dy rol op har naam yn 'e beide Tomb Raider-films (2001 en 2003). Mitra tsjinne as Lara Croft fan 1997 oant 1998, doe't se opfolge waard troch Nell McAndrew. Dêrnei besocht Mitra in karriêre as sjongster fan 'e grûn te krijen, mar dat slagge net.
Mitra hie har earste filmrol as in groupie yn Eddie Izzard: Glorious, út 1997, wylst se al yn 1995 har tillefyzjedebút makke hie yn in ôflevering fan 'e searje Ghost Busters of East Finchley. Yn 1999 wie se mei Chistopher Lambert te sjen yn Beowulf, en datselde jiers krige se in weromkearende rol yn it lêste seizoen fan 'e Amerikaanske dramasearje Party of Five, as Holly Marie Beggins, de geheime leafde fan haadrolspiler Scott Wolf. Fanôf 2003 spile se twa seizoenen lang Tara Wilson yn 'e rjochtbanksearje The Practice en de spin-off dêrfan, Boston Legal. Yn 2004 hie se haadrollen yn 'e film Highwaymen en de minysearje Spartacus, wylst se yn 2005 te sjen wie yn 'e searje Nip/Tuck.
Yn 2008 hie Mitra de haadrol yn 'e science fiction-aksjefilm Doomsday, as majoar Eden Sinclair, wylst se yn 2009 yn 'e fantasyfilm Underworld: Rise of the Lycans it personaazje Sonja spile, de dochter fan 'e machtige fampier Viktor, dy't fereale rekket op in wearwolf. Under it opnimmen fan dy lêste film rekke Mitra ferslingere oan it dragen fan har lange fampierhoektosken, dy't se ek ynhold as dat net hoegde om't se op 'e bylden dochs net te sjen wiene. Hja sei: "Ik die dy hoektosken op 'e earste dei yn, en hie it gefoel dat ik se altyd al hawwe moatten hie; hiel nuver. Dat ik hold se yn salang't we mei de film oan 'e gong wiene, by myn dialooch en alles."
Mitra spile yn 2010 yn 'e skriller Stolen, mei û.m. James Van Der Beek. Yn 2012-2013 fertolke se yn it trêde en fjirde seizoen fan 'e searje Strike Back: Project Dawn de rol fan majoar Rachel Dalton, wêrby't se aktrise Amanda Mealing ferfong. Fanôf 2014 hat Mitra yn 'e post-apokalyptyske tillefyzjesearje The Last Ship de rol fan dr. Rachel Scott.
DiskografyBewurkje
- studio-albums
● 1998 – Come Alive
● 1999 – Female Icon
- singles
● 1997 – Getting Naked
Keppelings om utensBewurkje
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.
|