Ritske fan Eysinga
Ritske fan Eysinga (latinisearring: Richeo ab Eissinga) (Ljouwert, doopt 18 maart 1603 – Kollum, 19 desimber 1652) wie in Nederlânske bestjoerder fan Frysk komôf.
Ritske fan Eysinga | ||
politikus | ||
Ritske fan Eysinga (l.) yn de begraffenisstoet fan Ernst Kasimir fan Nassau-Dietz yn 1632. | ||
bertedatum | maart 1603 | |
berteplak | Ljouwert | |
stjerdatum | 19 desimber 1652 | |
stjerplak | Kollum | |
etnisiteit | Frysk | |
Folmacht op de Lândei foar Kollumerlân | ||
amtsperioade | 1631-1634 1637-1645 | |
Grytman fan Kollumerlân en Nijkrúslân | ||
amtsperioade | 1639-1652 |
Biografy
bewurkje seksjeFan Eysinga wie in soan fan Aede fan Eysinga (1560-1619), riedshear by it Hof fan Fryslân, en Foeck van Eelsma († 1626). Ritske wie lid fan de famylje Fan Eysinga. Ritske syn bruorren hiene ek wichtige amten. Jelte fan Eysinga wie hofjonker fan Ernst Kasimir fan Nassau-Dietz, Frans fan Eysinga wie grytman fan Tytsjerksteradiel en Juw fan Eysinga wie Volmacht ten Landsdage en dykgraaf fan Wymbritseradiel.[1]
Ritske fan Eysinga waard yn 1622 ynskreaun as studint oan de universiteit fan Grins en yn it jier dêrnei as studint rjochten oan de universiteit fan Leien. Syn namme waard dêrby latinisearre ta Richardus of Richaeus.[2] Al yn 1627 tinge Van Eysinga nei it grytmanskip fan Kollumerlân. Dy ferkiezing waard wûn troch Hayo fan Rinia, mar Fan Eysinga moast him wol ferwarre tsjin oantigingen dat er syn stimmen kocht hawwe soe. [3] Fan 1631 ôf kaam fan Eysinga foar as Volmacht ten Landsdage út namme fan Kollumerlân. Fan Eysinga hearde op de Lândei fan de Steaten fan Fryslân ta de Eysinga-fraksje fan syn broer Frâns en omke Pieter fan Eysinga, grytman fan Raarderhim.[3] Yn 1633 resultearre de ynfiering fan nije belestingen yn lilkens ûnder de pleatslike befolking dy't him ûnder mear rjochte tsjin folmacht Fan Eysinga en ûntfanger Jacob Jilderts Rosema.[4]Van Eysinga en Rosema wiene op 'e tiid op 'e hichte fan it oankommende opskuor en stjoerden tonnen bier nei de herberch yn Kollum dêr't oproppen waard ta in oanslach. In nije oanslach waard foarkaam troch it arrivearjen fan soldaten út Ljouwert. [3] Op 28 maart 1639 waard Fan Eysinga beneamd ta grytman fan Kollumerlân en Nijkrúslân. Under syn grytmanskip waard Kollumerlân troffen troch de Sint-Pitersfloed. Dêrby waard de slûs fan Aldwâldmersyl fuortslein.[4]
Fia syn suster Lysck, dy't troud wie mei Hessel fan Meckema, kaam Van Eysinga yn it besit fan de state Nij Meckema te Kollum dy't er om 1640 hinne kocht.[5]
De famylje Van Meckema hie yn it ferline twa kear de grytman fan Kollumerlân levere. Om 1640 hinne skynt de ferhâlding fan Fan Eysinga mei syn bruorren minder wurden te wêzen. Sa besocht er harren in hak te setten troch syn oandiel yn de Papingastate te Weidum (allyksa út de neilittenskip fan Lysck) bûten de famylje te ferkeapjen.[6]Na Ritsckes ferstjerre bleau syn widdo op de state Nij Meckema wenjen.[7]
Fan Fan Eysinga is in roukaart bewarre bleaun mei in list fan útnûge minsken foar de begraffenis. [8] Fan Eysinga waard as grytman opfolge troch in sibbe, Feye fan Scheltema. De âldmuoike fan Fan Scheltema wie de skoanmem fan Fan Eysinga en Fan Eysingas soan Jelte wie troud mei in nicht fan de frou fan Fan Scheltema.
-
It yn 1841 fuorthelle oargel út 1636 yn de tsjerke fan Kollum mei Ritscke (Richeo ab Eissinga) fermeld as ien fan de opdrachtjouwers.[9]
-
De Nij Meckemastate, bewenne troch Fan Eysinga.
-
Epitaaf foar Gellius (Jelte) fan Eisinga in de Marijetsjerke yn Oentsjerk, makke fanwege de bruorren Julius (Juw), Fransiscus (Frans) en Richæus (Ritscke) fan Eysinga.
Houlik en bern
bewurkje seksjeFan Eysinga boaske yn 1633 oan Bauck fan Roorda (1638-1718), dochter fan Watze fan Roorda en Ursel van Scheltema. It pear krige tsien bern, ûnder mear:
- Aede fan Eysinga, (†1635), jong stoarn.
- Foeck fan Eysinga (1635-1677), troude mei Douwe van Sytzama, militêr.
- Ursel fan Eysinga (1638-1693), har rouboerd is yn it Frysk Museum.
- Luts fan Eysinga (1643-1718), stichte yn Kollum it gasthûs "de Zeven Kamers" dat yn 1961 ôfbrutsen waard.
- Machteld fan Eysinga (1645-1684), troude mei Jan Matthijs van Feugen, ritmaster. Se urf de Sierxma State te Deinum fan har muoike Machteld fan Roorda.[10]
- Wick fan Eysinga (1648-1691), troude mei Caspar fan Feugen, militêr.
- Juw fan Eysinga (1650-1666), militêr. Hy urf de Feytsmastate te Hallum fan syn muoike Machteld fan Roorda at er him Feytsma skriuwe soe.[10]
- Jelte van Eysinga (1653-1674), boaske mei Luts fan Aylva (1652-1730). Nei syn ferstjerre troude Luts fannijs mei Douwe Carel fan Unia (1649-1708), grytman fan Tytsjerksteradiel. De soan fan Douwe en Luts, Willem Aemilius fan Unia, waard ek grytman fan Kollumerlân.
-
Tinkstien mei it alliânsjewapen Van Eysinga-Roorda, ôfkomstich fan út it gasthûs de Zeven Kamers, letter ynmitsele yn de konsistoarjekeamer fan de tsjerke fan Kollum.
Sjoch ek
bewurkje seksjeBoarnen, noaten en/as referinsjes: |
|