Rock 'n Roll Festival Frjentsjer
It Rock 'n Roll Festival Frjentsjer (Nederlânsk en offisjeel: Rock 'n Roll Festival Franeker) wie in twadeisk muzykfestival yn 'e Fryske stêd Frjentsjer, dat ienris yn 't jier holden waard, yn begjin juny. Dit evenemint bestie sûnt 2009 en lei him ta op it oanbieden fan, sa't de namme al seit, rock 'n roll-muzyk. It begûn op freedtejûn en gie de hiele sneon troch. It wie fergees tagonklik, wat mooglik makke waard troch finansjele stipe fan in grut tal sponsors.
Rock 'n Roll Festival Frjentsjer Rock 'n Roll Festival Franeker | ||
plak en tiid | ||
lân | Nederlân | |
provinsje | Fryslân | |
gemeente | De Waadhoeke | |
plak | Frjentsjer | |
holden yn | binnenstêd | |
tiid fan it jier | begjin juny | |
bysûnderheden | ||
soarte evenemint | muzykfestival | |
sjenre | rock 'n roll | |
bestean | 2009 – 2019 | |
offisjele webside | ||
www.rocknrollfraneker.nl |
It festival fûn plak yn 'e iepen loft yn 'e Frjentsjerter binnenstêd, mei as festivalterrein It Sjûkelân, dêr't yn augustus de PC ferkeatst wurdt. It haadpoadium stie lykwols op it Riedhûsplein, lyk foar it Stedhûs fan Frjentsjer, en ek yn 'e Dykstrjitte wiene optredens.
Behalven muzyk bea it Rock 'n Roll Festival Frjentsjer ek Amerikaanske oldtimers en hotrods, en in bernemiddei mei û.m. in hoelahoopwedstryd. Fierders binne der rock 'n roll-dûnslessen te folgjen, en wie der in merke mei in rock 'n roll-hierknipper. Dêr koene froulju harren hier yn jierrensechstichstyl opföhne litte, wylst manlju har in Elvistûf oanmjitte litte koene. Yn 'e earste jierren makke ek in drive-inbioskoop ûnderdiel út fan it festival, mar dêr wie de organisaasje fan ôfstapt, om't men seach dat films it publyk op in stuit begûnen te ferfelen. Men besleat dêrop om it mar fral by muzykoptredens te hâlden.
Yn maart 1919 waard bekendmakke dat de tsiende edysje fan it Rock 'n Roll Festival Frjentsjer mei-iens ek de lêste wêze soe. "Om ferskate redens" hie it bestjoer besletten om op it hichtepunt op te hâlden.
Keppelings om utens
bewurkje seksjeBoarnen, noaten en/as referinsjes: |
|