Sansibaroarloch

De harem fan 'e sultan fan Sansibar nei de Britske oanfal.
datum: 9.02 – 9.40 oere EAT, 27 augustus 1896
plak: Sansibar-Stêd, yn it Sultanaat Sansibar
útkomst: Britske oerwinning
konfliktpartijen
Sultanaat Sansibar Feriene Keninkryk
befelhawwers
Kalyd bin Bargasj Harry Rawson
Lloyd Mathews
sterkte
2.800 man
3 bewapene boaten
1.050 man
3 krusers
2 kanonnearboaten
ferliezen
500 deaden en ferwûnen
2 boaten ta sinken brocht
1 ferwûne

De Sansibaroarloch, dy't plakfûn op 'e moarn fan 27 augustus 1896, wie de koartst dokumintearre oarloch út 'e skiednis fan 'e wrâld, mei in doer fan 38 minuten. Dizze oarloch waard útfochten tusken it Sultanaat Sansibar en it Feriene Keninkryk, en wie yn alle aspekten in koloniale oarloch, wêryn't in Jeropeeske grutmacht koarte metten makke mei in opstannich lânseigen bewâld. De útkomst wie in Britske oerwinning, en tenei wie de wil fan 'e Britten yn Sansibar wet.

Sûnt de 1880-er jierren wie it Sultanaat Sansibar, dat de Sansibareilannen foar de kust fan East-Afrika omfieme, binnen de Britske ynfloedssfear kommen. Yn 1890 sleaten de Britten mei Dútslân it Hilgelân-Sansibar-ferdrach, wêrby't Dútslân syn koloniale oanspraken op Sansibar opjoech yn ruil foar de oerdracht troch Grut-Brittanje fan it eilân Hilgelân, yn 'e Dútske Bocht, dat oant doe ta yn Britske hannen west hie. Dêrtroch waard de wei frijmakke foar in formeel Britsk koloniaal bestjoer fan Sansibar, en noch datselde jiers waard it sultanaat in Britsk protektoraat, wêrby't it yn namme soeverein bleau, mar yn 'e praktyk ta in koloanje degradearre waard.

 
It Sultanaat Sansibar foar de kust fan East-Afrika.

Op 25 augustus 1896 kaam hommels sultan Hamyd bin Tûwaini fan Sansibar te ferstjerren. Dy hie de Britten geunstich tagedien west en goed mei harren gearwurke. Syn 29-jierrige omkesizzer Kalyd bin Bargasj krong dêrop it paleis binnen en liet himsels ta Hamyd syn opfolger beneame sûnder oerlis mei de Britten, wat tsjin alle ôfspraken yn gie. De Britten fertochten Kalyd derfan dat er de hân yn 'e hommelse dea fan syn omke hân hie, en seagen him as in usurpator om't er sûnder harren tastimming de troan grypt hie. Boppedat joegen se út praktyske omtinkens de foarkar oan in oare kandidaat foar de troan, Hamûd bin Mohammed, fan wa't se tochten dat er folle better dwaan soe wat him sein waard as de koppige Kalyd.

De nije sultan waard troch de Britske konsul Basil Cave, en troch brigadegeneraal Lloyd Mathews, dy't oan it haad fan it Sansibareeske leger stie, warskôge om nochris goed nei te tinken oft er him wol foar de macht fan it Britske Ryk oer pleatse woe, mar Kalyd wegere om sizzen te jaan en liet witte dat er de Britske bemuoienis mei de ynterne saken fan Sansibar net akseptearre. De Britten beskôgen dat as in casus belli, en stjoerden him in ultimatum dat ôfrinne soe op 27 augustus, de moarns om 9.00 oere. As reäksje dêrop begûn Kalyd by it keninklik paleis yn 'e haven fan Sansibar-Stêd troepen gear te lûken dy't trou oan him wiene, yn totaal sa'n 2.800 man. Boppedat bewapene er it keninklike jacht de Glasgow en twa oare boaten, en rjochte er de kanonnen fan it havengeskut op 'e Britske marineskippen yn 'e haven.

Om 9.02 oere op 'e moarn fan 27 augustus 1896, twa minuten nei't it Britske ultimatum ôfrûn wie, joech skout-by-nacht Harry Rawson de twa Britske krusers en trije kanonnearboaten yn 'e haven it befel om it fjoer te iepenjen. Se stelden it Sansibareeske geskut bûten wurking, brochten de Glasgow ta sinken en ferrinnewearren it Beit al-Hukum-paleis, dêr't de harem fan 'e sultan fêstige wie. In troepemacht fan 1.050 man ûnder brigadegeneraal Mathews, foar it meastepart besteande út lânseigen Sansibareeske soldaten, kaam neitiid fanwegen en dweilde de restanten fan Kalyd syn leger op. Tsjin dy tiid wiene der sa'n 500 deaden en ferwûnen fallen, en wie de wjerstân brutsen. Om 9.40 oer, 38 minuten nei it begjin fan 'e oarloch, waard der in wapenstilstân sletten en wie de oarloch praktysk sprutsen foarby. De Britten hiene sjen litten wa't it yn Sansibar foar it sizzen hie, en harren kandidaat Hamûd bin Mohammed waard neitiid ta sultan kroane. Kalyd bin Bargasj gie yn ballingskip yn it oanswettende Dútsk East-Afrika. It Sultanaat Sansibar soe oant 1963 ûnder Britsk bestjoer bliuwe, en in koloanje wêze yn alles útsein namme.

 
In foto fan 'e haven fan Sansibar yn 1902, mei op 'e foargrûn de beide mêsten fan 'e sonken Glasgow.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, Bibliography en Further reading, op dizze side.