Seattle
Seattle, byneamd Emerald City (de "Smaragden Stêd"), is de grutste stêd en it ekonomyske sintrum fan 'e steat Washington, it haadplak fan King County, en ien fan de wichtichste havenstêden oan de westkust fan 'e Feriene Steaten. Mei in befolking fan goed 630.000 minsken hat it krekt justjes mear ynwenners as Portland, yn de oangrinzjende steat Oregon, wat it teffens ta de grutste stêd fan it Amerikaanske Noardwesten (de steaten Washington, Oregon en Idaho) makket. De stêdekloft dêr't Seattle ta heart, telt neffens in offisjele skatting út 2012 mear as 3,9 miljoen ynwenners. De stêd leit likernôch 160 km besuden de Kanadeeske grins, op in smelle lâningte dy't oan 'e eastkant begrinzge wurdt troch Lake Washington. Yn it westen leit Seattle oan 'e Puget Sound, in seeëarm fan de Stille Oseaan dy't in natuerlike haven foarmet.
Seattle | ||
Emblemen | ||
Bestjoer | ||
Lân | Feriene Steaten | |
Steat | Washington | |
County | King County | |
Sifers | ||
Ynwennertal | 634.535 (2012) | |
Oerflak | 369,2 km² (ynkl. wetter) 217,2 km² (allinnich lân) | |
Befolkingsticht. | 2.858 / km² | |
Stêdekloft | 3.905.026 (2012) | |
Hichte | 0-158 m | |
Oar | ||
Stifting | 1853 | |
Tiidsône | UTC -8 | |
Simmertiid | UTC -7 | |
Koördinaten | 47°36′35″N 122°19′59″W | |
Offisjele webside | ||
www.seattle.gov | ||
Kaart | ||
De lizzing fan Seattle yn King County en yn 'e steat Washington. |
- Dizze side giet oer de stêd yn 'e Amerikaanske steat Washington. Foar oare betsjuttings, sjoch: Seattle (betsjuttingsside).
Skiednis
bewurkje seksjeSeattle, dat op in plak leit dat al op syn minsten 4.000 jier bewenne waard troch Yndiaanske folken ear't kolonisten fan Jeropeeske oarsprong har der nei wenjen setten, waard stifte yn 1853. De stêd is neamd nei Seattle, it opperhaad fan 'e pleatslike Djûwamisj- en Sukwamisj-stammen. Lange tiid wie de houtkap de wichtichste boarne fan ynkomsten foar de stêd, mar tsjin 'e ein fan 'e njoggentjinde iuw wie Seattle teffens in sintrum fan hannel en skipsbou wurden om't it as de poarte ta Alaska fungearre ûnder de Goudkoarts fan Klondike. Tsjin 1910 wie de stêd sasear groeid, dat er ta de 25 grutste stêden fan 'e Feriene Steaten hearde.
Yn de Krisisjierren rekke de ekonomy fan Seattle bot yn it neigean, mar nei de Twadde Wrâldoarloch bettere dat al rillegau wer oer, foar in part trochdat fleantúchmakker Boeing Seattle ta syn thúsbasis makke en der ferskate fabriken iepene. Nei't fan it begjin fan de santiger jierren ôf in nije delgong ynsette dy't benammen feroarsake waard troch meganisearring en automatisearring fan de yndustry, ûntjoech Seattle him yn 'e tachtiger jierren ta in sintrum fan kompjûter-, software- en letter ek ynternettechnology. Sûnt de iuwwiksel hat Seattle him wer op 'e nij útfûn, diskear as in sintrum fan "griene" yndustry en as in model foar ferantwurde ûntwikkeling.
Muzyk
bewurkje seksjeYn it twadde fearn fan de tweintichste iuw wie Seattle wichtich foar de ûntjouwing fan de jazz. Ray Charles begûn bygelyks syn karriêre yn Seattle. Begjin jierren njoggentich wie de stêd de bertegrûn fan de muzykstreaming grunge. Nirvana, Pearl Jam, Soundgarden, Breeders en Alice in Chains wiene de wichtichste fertsjintwurdigers fan dat sjenre. Seattle wie ek it berteplak fan de ikoanyske gitarist Jimi Hendrix, dy't in ûnbidige ynfloed op 'e popmuzyk hân hat.
Seattle hjoed de dei
bewurkje seksjeHjoed de dei stipet de ekonomy fan Seattle op trije pylders. Yn it foarste plak is der de hannel, mei't de stêd mei San Fransisko, yn Kalifornje, de wichtichste Amerikaanske trochfierhaven is foar ymport út en eksport nei Aazje. Oard is der de fleantúchyndustry, dy't noch altyd in grutte wurkjouwer is. Boeing hat omfangrike produksjefasiliteiten yn Seattle en omkriten, benammen yn Everett, al is it haadkantoar ûnderwilens ferpleatst nei Chicago. En trêd is der de kompjûtertechnology, mei Microsoft as wichtichste wurkjouwer, dat syn haadkertier hat yn Redmond, in foarstêd fan Seattle. Fierders binne der dan noch de "griene" yndustry (dan moat men tinke oan de produksje fan sinnepanielen en sa), dy't noch yn opkomst is, en ek it toerisme is net ûnbelangryk foar de wurkgelegenheid yn de regio.
Ien fan de grutste jierliks weromkearende eveneminten dy't yn Seattle holden wurde, is it Ynternasjonaal Filmfestival fan Seattle (Seattle International Film Festival, SIFF) yn maaie en/of juny, dat yn 1976 foar de earste kear organisearre waard. Sûnt de 1980-er jierren hat it him ûntjûn ta ien fan 'e wichtichste filmfestivals fan de Feriene Steaten. Yn Seattle wurdt yn maart en/of april fierders de Emerald City Comic Con holden, in grutte konvinsje op it mêd fan strips en fideospultsjes.
Ynwenners
bewurkje seksjeBefolkingsgroei
bewurkje seksjeJier | Ynwennertal |
---|---|
1900 | 80.671 |
1910 | 237.194 |
1920 | 315.312 |
1930 | 365.583 |
1940 | 368.302 |
1950 | 467.591 |
1960 | 557.087 |
1970 | 530.831 |
1980 | 493.846 |
1990 | 516.259 |
2000 | 563.374 |
2010 | 608.660 |
Berne yn Seattle
bewurkje seksje- Chester Carlson (1906-1968), wittenskipper en útfiner
- Kevin McCarthy (1914-2010), akteur
- Jimi Hendrix (1942-1970), gitarist
- John Aylward (1946), akteur
- Jennifer Warnes (1947), sjongster
- Paul Allen (1953), ûndernimmer (Microsoft)
- Bill Gates (1955), ûndernimmer (Microsoft)
- Richard Karn (1956), akteur
- Ryan Stiles (1959), komyk en akteur
- Kim Thayil (1960), gitarist fan Yndiaask komôf
- Chris Cornell (1964), muzikant
- Stone Gossard (1966), gitarist
- Marcus Chong (1967), akteur
- Josie Bissett (1970), aktrise
- Gianna Michaels (1983), pornoaktrise
- Chastity Lynn (1987), pornoaktrise
- Tori Black (1988), pornoaktrise
- London Keyes (1989), pornoaktrise
Stoarn yn Seattle
bewurkje seksje- Jon Brower Minnoch (1941-1983), swierste man fan 'e wrâld
- Kurt Cobain (1967-1994), sjonger
- Sheila Benson (1930-2022), filmkritika
Klimaat
bewurkje seksjeSeattle hat in Mediterraan klimaat, mei waarme, relatyf drûge simmers en koele, wiete winters. Yn augustus, de waarmste moanne, is de trochsneed temperatuer oerdeis 24,6 °C, en yn jannewaris, de kâldste moanne, is dat 8,4 °C. Rekôrtemperatueren wiene 42 °C op 28 juny 2021 en –18 °C op 31 jannewaris 1950. Hoewol't Seattle derom bekend stiet dat it der "altyd" reint, kriget de stêd feitliks jiers trochinoar net mear as 952,2 mm delslach, mei dêrûnder oer it hiele winterhealjier ferdield 17,3 sm snie.
Trivia
bewurkje seksje- Seattle is troch de loft te berikken fia Seattle-Tacoma International Airport.
- De tillefyzjesearjes Frasier, iCarly, 4400 en Grey's Anatomy spylje/spilen yn Seattle.
Keppelings om utens
bewurkje seksjeBoarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, Bibliography en Further Reading, op dizze side.
|