Shay Evans, echte namme: Cherokee Neal (yn Porto Riko, 27 septimber 1991), is in Portorikaansk neakenmodel en pornografysk aktrise. Hja makket ek wol gebrûk fan 'e artystenamme Gia Milana. Evans sette yn 2015 útein mei in wurkpaad yn 'e Amerikaanske pornoyndustry en spile sûnt yn frijwat films.

Shay Evans
persoan yn de seksyndustry
persoanlike bysûnderheden
oare artyste-
       nammen
Gia Milana
echte namme Cherokee Neal
nasjonaliteit Portorikaansk
berne 27 septimber 1991
berteplak ûnbekend (Porto Riko)
etnisiteit Portorikaansk
wurkpaad
wurksum as neakenmodel, pornoaktrise
jierren aktyf 2015 – no
offisjele webside
Shay Evans op Twitter

Libben en karriêre bewurkje seksje

Evans waard yn 1991 berne op Porto Riko, in ôfhinklik territoarium ûnder Amerikaanske soevereiniteit. Yn 2015, doe't se 24 jier wie, makke se yn 'e Feriene Steaten har debút yn in pornografyske film. Neffens de Internet Adult Film Database (IAFD) hie se ein 2019 yn likernôch 75 films spile.

Dêrby hie Evans wurke foar sokke foaroansteande labels as Wicked Pictures, Evil Angel, New Sensations, Digital Playground, Devil's Film en Digital Sin. Fierders hat se ek wol wurke foar minder bekende studio's, lykas Mile High Media, Pierre Woodman Entertainment en Pure Play Media. En teffens hat se in protte yn 't spier west foar pornowebsiden op it ynternet, wêrûnder BangBros, Reality Kings, Brazzers, Naughty America en Kink.com.

Under har karriêre hat Evans gearwurke mei kollega-aktrises as Cassidy Banks, Abella Danger en Nicolette Shea, en mei manlike tsjinspilers as Mike Adriano, Mick Blue, Sean Lawless, Keiran Lee, Logan Long, J. Mac, Ramon Nomar, Mark Wood en Pierre Woodman.

Lichemsskaaimerken bewurkje seksje

Shay Evans is in Latina mei in blanke hûdskleur, brune eagen en brún hier. Neffens har offisjele opjefte is se 1.53 m lang, mei in gewicht fan 41 kg, en cupmaat 34D, dêr't se in boarstfergruttingsoperaasje foar ûndergien hat. Op 'e wenstige gatsjes troch de earlellen nei hat Evans gjin piercings, mar wol hat se in tatoeaazje fan in tekst op har rjochterside.

Keppelings om utens bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes: