Sibearysk grûniikhoarntsje

(Trochferwiisd fan Sibearyske grûniikhoarntsje)

It Sibearyske grûniikhoarntsje (Latynske namme: Eutamias sibiricus; foarhinne Tamias sibiricus) is in sûchdier út it skift fan 'e kjifdieren (Rodentia), de famylje fan 'e iikhoarntsjes (Sciuridae), it boppeskaai fan 'e wangpûdiikhoarntsjes (Tamias) en it skaai fan 'e Jeraziatyske wangpûdiikhoarntsjes (Eutamias). Dit bist wurdt ek wol it Aziatyske streekte grûniihoarntsje, it Koreaanske grûniikhoarntsje of de boerûndûk neamd. It is de iennichste libbene fertsjintwurdiger fan syn skaai, en dêrnjonken is it ek it iennichste libbene wangpûdiikhoarntsje dat lânseigen is bûten Noard-Amearika. It Sibearyske grûniikhoarntsje komt fan natuere foar yn grutte parten fan Sibearje en East-Aazje, mar libbet tsjintwurdich as eksoat ek op guon plakken yn westlik Jeropa, wêrûnder dielen fan Nederlân (mar Fryslân net).

Sibearysk grûniikhoarntsje
taksonomy
ryk dieren (Animalia)
stamme rêchstringdieren (Chordata)
klasse sûchdieren (Mammalia)
skift kjifdieren (Rodentia)
famylje iikhoarntsjes (Sciuridae)
skaai Jeraziatyske wangpûd-
   iikhoarntsjes
(Eutamias)
soarte
Eutamias sibiricus
Laxmann, 1769
IUCN-status: net bedrige
ferspriedingsgebiet
     lânseigen foarkommen
     foarkommen as eksoat

Fersprieding bewurkje seksje

It Sibearyske grûniikhoarntsje is lânseigen yn it grutste part fan Sibearje, mei útsûndering fan it Arktyske noarden, dielen fan it súdwesten en it eastlike skiereilân Kamtsjatka. Op it grutte eilân Sachalin, yn 'e See fan Ochotsk, komt er wer wol foar. Fierders libbet dit bistke yn it uterste easten fan Kazachstan, dielen fan noardlik en westlik Mongoalje en it noardlike diel fan Sinkiang-Oeigoerje. Yn East-Aazje komt er foar yn hiel Mantsjoerije, op it Koreaanske Skiereilân, yn dielen fan noardeastlik en sintraal Sina en op it noardlike Japanske eilân Hokkaido. Bewesten de Oeral, ta einbeslút, komt er yn Jeropa foar yn in grut diel fan noardeastlik Ruslân.

 
In Sibearysk grûniikhoarntsje oan it miel.

Yn 'e 1960-er jierren waard it Sibearyske grûniikhoarntsje út Súd-Koreä wei yn Jeropa ymportearre as húsdier. Op ferskate plakken hawwe ûntsnapte of loslitten eksimplaren stabile populaasjes yn it wyld witten te ûntwikkeljen: ûnder Nantes, yn westlik Frankryk, en yn it Bois de Boulogne, by Parys; yn Belgje yn it Soniënwâld by Brussel, de omkriten fan Westerlo, de Kalmeybosk by De Panne en de kastielbosk te Zwijnaarde; yn Dútslân op it Breisgauer tsjerkhôf yn Freiburch; yn Eastenryk op it Ottakringer tsjerkhôf yn 'e omkriten fan Wenen; en fierders op ferskate plakken yn Switserlân en Itaalje. Yn Nederlân komme populaasjes Sibearyske grûniikhoarntsjes foar by Lochem, yn 'e Achterhoeke, en by Moergestel, eastlik fan Tilburch, yn Noard-Brabân.

Uterlike skaaimerken bewurkje seksje

It Sibearyske grûniikhoarntsje hat trochinoar in kop-romplingte fan 12-17 sm, mei in sturtlingte fan 8-11½ sm en in gewicht fan 50-120 g. De pels is op 'e rêch brúngriis oant sânkleurich, mei dêrtrochhinne yn 'e lingterjochting fiif swartbrune streken, wêrfan't de middelste persiis oer de wringe rint, fan 'e efterkant fan 'e kop oant de sturt, wylst de beide dêrnjonken yn 'e nekke begjinne, en de bûtenste beide op 'e skouderblêden. De bealch is wytgrizich, mei op 'e fangen in stadige oergong nei de rêchkleur. De kop is yn 'e regel wat rodzich, mei in wite streek dy't fan 'e snút boppe de eagen lâns nei de earen rint, en in twadde, soartgelikense streek dy't oer de wangen, ûnder de eagen troch nei de earen rint. Sibearyske grûniikhoarntsjes beskikke oer grutte wangpûden, dy't brûkt wurde om fluch-fluch iten yn op te slaan dat letter op in feiliger plak yn alle rêst bepluze wurde kin. De brunige plomsturt, dy't wite sydkanten hat en wêroer't oan 'e boppekant yn 'e lingterjochting trije ljochte streken rinne, is frij kwetsber en ferliest maklik de hûd.

 
In Sibearysk grûniikhoarntsje sil oer in stik âlde bôle gear.

Biotoop bewurkje seksje

Hoewol't se ornaris yn nullewâlden foarkomme, kinne Sibearyske grûniikhoarntsjes yn in ferskaat oan biotopen oerlibje. Se jouwe lykwols de foarkar oan beskate nullebeammen, yn Jeropeesk Ruslân de din en yn Sibearje de liere. Ek komme se in protte foar op hurde ûndergrûnen, lykas rotsige terreinen yn bosken en bercheftige gebieten. Fierdersoan libje se ek yn gebieten mei strewelleguod, by oerflaktewetters of wegen lâns en yn dielen fan ikkers. Yn westlik Jeropa hawwe se har oanpast oan leafwâld en mingd wâld, en teffens oan stedsparken.

Hâlden en dragen bewurkje seksje

It Sibearyske grûniikhoarntsje is útslutend deis warber. Nachts lûkt er him werom yn syn eigengroeven boarch, dy't oant 50 sm djip wêze kin en bestiet út 1-2 lange gongen mei in trochsneed fan 4-6 sm, in nêstromte, in foarrieromte en ien of soms twa útgongen. Hoewol't sokke boargen yn koloanjes byinoar lizze, binne se ûndergrûnsk net mei-inoar ferbûn en hat elts bist syn eigen territoarium. It wengebiet is by Sibearyske grûniikhoarntsjes ½-4 ha grut, en by de wyfkes grutter as by de mantsjes. Utsein yn 'e peartiid libje se solitêr en binne se frij territoriaal.

 
In Sibearysk grûniikhoarntsje stoppet syn wangpûden fol.

Hjerstmis leit it Sibearyske grûniikhoarntsje in itensfoarrie oan foar de winter, wêrby't er yn septimber it aktyfst is. Gaadlike itenssoarten wurde yn 'e wangpûden troppe en sa yn grutte hoemannichten yn ien kear mei werom nommen nei de foarrieromte yn 'e boarch. Fan oktober/novimber oant maart/april hâldt er in wintersliep, dy't ferskate kearen ûnderbrutsen wurdt om te fretten en oan oare lichaamlike behoeften te foldwaan.

De peartiid falt yn 'e twadde helte fan april, wêrnei't it wyfke ein maaie of begjin juny, nei in draachtiid fan 28-35 dagen, in nêst fan 3-6 jongen smyt. Yn 'e regel is der mar ien smeet jiers, mar soms plantsje Sibearyske grûniikhoarntsjes har twa kear yn itselde jier fuort. De jongen komme keal en blyn te wrâld, en wurde grutbrocht troch it wyfke allinnich; it mantsje sjocht der net nei om. Mei 6 wiken leart it wyfke har jongen hoe't en wêr't se fretten sykje moatte, en mei 7 wiken wurde se ôfwûn. Noch in wike letter libje se selsstannich, al binne se pas mei 3-4 moannen folgroeid. As se 9 moannen âld binne, berikke sawol mantsjes as wyfkes foar it earst geslachtsripens. De libbensferwachting fan Sibearyske grûniikhoarntsjes is maksimaal (d.w.s. yn finzenskip) 6-7 jier, mar dat helje se yn it wyld lang net. De wichtichste natuerlike fijannen binne ferskate soarten hauken en ûlen en fierders de foks en martereftigen lykas de wezeling en de harmeling.

 
In Sibearysk grûniikhoarntsje yn Japan.

Fretten bewurkje seksje

Sibearyske grûniikhoarntsjes binne fierhinne herbivoare bistkes. Se frette benammen sieden (fan beammen), beamknoppen en -bluossems, woartels, poddestuollen, beien, nôtkerlen en bokweit. Dat fegetaryske dieet folje se lykwols soms oan mei ynsekten, weakdieren, lytse hagedissen en sels wol mei jonge fûgelpiken.

Status bewurkje seksje

It Sibearyske grûniikhoarntsje hat de IUCN-status fan "net bedrige", mei't er yn syn ferspriedingsgebiet noch rûnom foarkomt en om't de populaasje stabyl liket te wêzen. Yn westlik Jeropa wurdt er oer it algemien beskôge as in skealike eksoat, want hoewol't er in grappich bistke is om te sjen, fret er itselde soarte spul as it lânseigen iikhoarntsje (Sciurus vulgaris), en soe dy skea ûnderfine kinne fan 'e konkurrinsje. Mei de fersnipele fersprieding fan it Sibearyske grûniikhoarntsje yn westlik Jeropa is dêr lykwols foarearst noch gjin sprake fan.

Undersoarten bewurkje seksje

Der binne njoggen erkende ûndersoarten fan it Sibearyske grûniikhoarntsje:

  • Eutamias sibiricus sibiricus
  • Eutamias sibiricus asiaticus
  • Eutamias sibiricus lineatus
  • Eutamias sibiricus okadae
  • Eutamias sibiricus ordinalis
  • Eutamias sibiricus orientalis
  • Eutamias sibiricus pallasi
  • Eutamias sibiricus senescens
  • Eutamias sibiricus umbrosus

Keppelings om utens bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Lange, Rogier; Twisk, Peter; Winden, Alphons van; Diepenbeek, Annelies van, Zoogdieren van West-Europa, Utert, 2003 (St. Uitgeverij van de Koninklijke Nederlandse Natuurhistorische Vereniging en de Vereniging voor Zoogdierkunde en Zoogdierbeschrijving i.s.m. de Vereniging Natuurmonumenten), ISBN 9 05 01 10 770.

Foar oare boarnen en fierdere literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.