Sint-Willibrordusbasilyk (Hulst)

De Sint-Willibrordustsjerke yn Hulst is in monumintale tsjerke yn 'e styl fan de Brabânske gotyk. De oarspronklik roomsk-katolike tsjerke waard op 4 novimber 1645 oerdroegen oan de protestanten en fan 1806 oant 1929 troch sawol katoliken (koer) as protestanten (skip) brûkt. Yn 1929 waard de hiele tsjerke wer roomsk-katolyk.

Willibrordusbasilyk
Lokaasje
provinsje Seelân
plak Hulst
adres Steenstraat 2
koördinaten 51° 16' N 4° 3' E
Tsjerklike gegevens
tsjerkegenoatskip Roomsk-Katolike Tsjerke
bisdom Breda
patroanhillige Sint-Willibrord
status basilica minor
Arsjitektuer
boujier 15e iuw
boustyl Gotyk
monumintale status ryksmonumint
monumintnûmer 22778
Webside
Side Roomsk-Katolike Tsjerke East Siuwsk-Flaanderen
www.inulst.nl
Kaart
Sint-Willibrordusbasilyk (Seelân)
Sint-Willibrordusbasilyk

It hjoeddeiske oansjen fan 'e trijeskippige tsjerke ûntstie yn 'e twadde helte fan de 15e oant de earste helte fan de 16e iuw. It ûnderste diel fan 'e toer soe noch út de 14e iuw datearje kinne. Yn 1462 waard oan boumaster Everaert Spoorwater frege om de lieding te nimmen fan de ferbou fan 'e âlde tsjerke. It koer wie al foltôge, doe't der brân ûntstie en de tsjerke folslein yn 'e jiske lein waard. Nei de dea fan Spoorwater folge yn 1481 de Antwerpse arsjitekt Herman de Waeghemaekere him op. Oare arsjitekten wiene Matthijs II Keldermans (fan 1482 oant 1484) en Laurens II Keldermans (1534). De tsjerke waard yn 1535 ynwijd.

 
Preesterkoer

Nei it belis fan Hulst en de ynname fan 'e stêd yn 1645 troch Freark Hindrik gyng de tsjerke yn hannen fan de protestanten oer. Op 12 novimber fan dat jier waard der in protestantske tanktsjinst fierd, nei't earder alle bylden út de tsjerke helle wiene. Op 'e katolike earetsjinst waard it near lein, ek al bleau de grutte mearderheid fan de befolking fan Hulst roomsk. Tenei moasten de katoliken foar harren sieleheil nei Belgje. Letter namen hja in skûltsjerke yn gebrûk.

Sûnt de Frânske tiid waard de tsjerke in simultaantsjerke. De katoliken krigen foar de fiering fan de hillige misse it koer tawiisd, wylst it skip protestansk bleau. Foar dat doel moast der tusken it katolike en protestantske diel in tuskenmuorre mitsele wurde. De arsjitekt Pierre Cuypers restaurearre de toer fan de tsjerke yn 1876, nei't de klassisistyske spits fan 1724 troch brân ferlern gyng. Yn 1929 kochten de katoliken de rest fan de tsjerke fan de herfoarme gemeente, dy't oan 'e Houtmarkt in eigen tsjerke bouwe lieten en tsjintwurdich oansletten is by de PKN. Nei de oername troch de katoliken folge in grutte restauraasje yn 'e jierren 1930. De restauraasje waard de oanlieding foar paus Pius XI om de tsjerke op 22 juny 1935 de status fan basilyk te jaan.

Tsjin it ein fan de Twadde Wrâldkriich waard by de befrijing yn 1944 by besjittings de Cuypersspits troch brân ferneatige. De restauraasje fan de toer folge yn de jierren 1950 mei in opfallende moderne betonnen bekroaning fan J. Brouwer.

De basilyk waard yn maaie 2009 troch it NCRV-radioprogramma Plaza útkeazen ta de moaiste tsjerke fan Nederlân.

 
De Barmhertige Samaritaan fan Jan Baptist Lodewijck Maes (1794-1856)

Nei't de katoliken de tsjerke werom kochten, waard de skiedingsmuorre tusken it koer en it skip ôfbrutsen. Earder hie de parochy yn 'e jierren 1841-1842 it koer hielendal beskilderje litten, mar om mear ienheid yn de nije romte te bringen waarden de muorreskilderings dêr no wer ferwidere. It trijeskippige koer wurdt ôfsletten troch trije straalkapellen en it noarder en súdlik sydskip hawwe elts nochris fouwer rjochthoekige sydkapellen. De earste kapel oan 'e noardlike kant fan it koer wurdt brûkt as doopkapel. By de tredde kapel is de tagong ta de eartiidske bibleteek en lettere sakristy fan de tsjerke. Op wjerskanten fan it haadalter steane de symboalen fan de basilyk: it conopeum en it tintinnabulum.

De twa bylden oan 'de pylders fan 'e krusing stelle de hilligen Willibrordus en Eligius foar.

By de restauraasje yn 'e jierren 1930 waard ûnder it houten plafond fa it tsjerkeskip in stiennen ferwulft mitsele. De preekstoel stamt út 1806, de âlde 17e-iuwske preekstoel ferhûze nei de herfoarme tsjerke.

Yn 'e tsjerke hinget it skilderij "De barmhertige Samaritaan" fan Jan Baptist Lodewijck Maes (1794-1856) út Gent. De staasjes fan de krúswei binne makke troch Jan Jozef Deloose (1769-1849) út Sint-Niklaas.

De glês-yn-leadramen mei Nij-Testamintyske foarstellings datearje benammen út de twadde helte fan 'e 19e iuw en it begjin fan 'e 20e iuw. Dêrnjonken binne der ek in tal lytsere ramen, dy't wijd binne oan religieuze tema's en de skiednis fan 'e stêd en omkriten.

Yn 'e toer sieten fanwegen it goede sicht op de omkriten yn 'e Twadde Wrâldkriich Dútske soldaten, dy't dêr teksten mei in hakenkrús de muorren krasten. Nei de kriich ûnstie der spul oer de fraach oft dy teksten der wei helle wurde moasten, mar der waard foar keazen om se as oantinken te bewarjen.

 
Oargel

It oargel fan de tsjerke giet werom op in ynstrumint út 1610-1612 fan de Antwerpse oargelbouwer Loys Isoré. Hy boude it as in ienmanualich ynstrumint mei 13 registers. De lûken fan it oargel waarden yn 1762 op 'e nij beskildere troch de keunstskilder Johan Baltisperger. Op de loftse doar is in oargel te sjen en rjochts kening David mei de harp. Yn de rin fan de tiid waard it ynstrumint feroare troch Jacob François Moreau (1740) en Louis Delhaye (1764).

Doe't de katoliken in diel fan it gebou werom krigen, namen hja it oargel út 1775 út harren skûltsjerke mei. Nei alle gedachten wie dat in oargel fan Delhaye.

Beide oargels waarden demontearre doe't de roomsen it hiele gebou oernamen en hja lieten yn 1936 in folslein nij oargel bouwe troch Vermeulen bouwe, dy't gebrûk makke fan it materjaal fan 'e âlde oargels. De wynlade dy't dêrby brûkt waard, wie fan Cavaillé-Coll en kaam út it oargel fan it eardere Paleis fan Folksflyt út Amsterdam (1874). Tsjintwurdich sit dy wynlade yn it Cavaillé-Coll-oargel fan it konsertgebou fan Haarlim.

Yn 1971 waard by in restauraasje it ynstrumint yn 'e âlde oargelkas mei de beskildere doarren mei gebrûk fan materjaal fan de âlde oargels rekonstruearre. Flentrop út Saandam wreide it út mei in posityf, in frij pedaal en in twadde manuaal.[1]

Yn 'e toer hingje klokken út 1563, getten troch Willem Wegewaert, en út 1669, getten troch Pieter Hemony.

Keppeling om utens

bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes: