Species III
Species III is in Amerikaanske science fiction-horrorfilm út 2004 ûnder rezjy fan Brad Turner, mei yn 'e haadrollen Robin Dunne, Robert Knepper en Sunny Mabrey. It wie in tillefyzjefilm dy't produsearre waard foar it Amerikaanske tillefyzjekanaal Syfy as ferfolch op 'e bioskoopfilms Species (1995) en Species II (1998). Dêrmei wie it it trêde diel út 'e Species-filmsearje. It ferhaal folget biolooch Bruce Abbot, dy't in poppe mei fierhinne bûtenierdsk DNA foar de Amerikaanske oerheid ferberget en grutbringt. Species III krige oer it algemien negative resinsjes fan 'e filmkritisy. Nettsjinsteande dat waard yn 2007 noch in fjirde film yn deselde rige makke ûnder de titel Species: The Awakening.
Species III | ||
film | ||
(Filmposter yn 'e Ingelske Wikipedy) | ||
makkers | ||
regisseur | Brad Turner | |
produsint | David Dwiggins | |
útfierend produsint |
Frank Mancuso jr. | |
senario | Ben Ripley | |
kamerarezjy | James Coblentz | |
muzyk | Elia Cmiral | |
filmstudio | MGM Television FGM Entertainment | |
distribúsje | Metro-Goldwyn-Mayer | |
spilers | ||
haadrollen | Robin Dunne Robert Knepper Sunny Mabrey | |
byrollen | John Paul Pitoc Amelia Cooke Michael Warren | |
skaaimerken | ||
lân/lannen | Feriene Steaten | |
premiêre | 27 novimber 2004 | |
foarm | tillefyzjefilm | |
sjenre | science fiction-horrorfilm | |
taal | Ingelsk | |
spyltiid | 112 minuten | |
filmsearje | ||
filmsearje | Species | |
● foarich diel | Species II | |
● folgjend diel | Species: The Awakening |
Plot
bewurkje seksjeInkele oeren nei de klimaktyske konfrontaasje wêrby't de mei bûtenierdsk DNA besmette astronaut Patrick Ross ferdylge waard, riidt in ambulânse fan it Amerikaanske Leger nei in mortuarium mei it stoflik omskot fan 'e bûtenierdske kloan Eve, dy't nei har pearing mei Ross troch him fermoarde is doe't se har tsjin him kearde om har minsklike freonen te helpen (sjoch: Species II). De bestjoerder en byrider fan 'e ambulânse lykje twa soldaten te wêzen, mar eins is de bestjoerder de biolooch dr. Bruce Abbot, dy't trije jier earder belutsen wie by it topgeheime Projekt Athena, dat de oarspronklike minsklik-bûtenierdske hybride Sil produsearre (sjoch: Species). Hy hat de oprommingsoperaasje fan it leger ynfiltrearre om mei it lyk fan Eve út te naaien.
Wat Abbot lykwols net wit, is dat de ambulânse in ferstekling ferfiert: Portus, ien fan 'e oerlibbenen fan 'e healbloed-bûtenierdske bern fan Patrick Ross. Portus fermoardet mei syn tonge soldaat Kelley, de byrider fan 'e ambulânse. Wannear't bliken docht dat Eve dochs net dea is, wjirget Portus har. Wilens befalt Eve fan in bûtenierdske poppe, it bern fan har en Patrick Ross. Mei't it leger tsjin dy tiid foar it ferstân krigen hat dat de ambulânse net is wêr't er heart te wêzen en in siikoperaasje begûn is, grypt Abbot de poppe en flechtet dêrmei de bosk yn. Portus naait ek út. De ambulânse wurdt letter weromfûn troch it leger en ynspektearre troch spesjaal agint Wasach, dy't foar in Amerikaanske feilichheidstsjinst wurket dy't sa geheim is dat de namme net neamd wurde mei. Hy jout opdracht om in lykskôging út te fieren op it lyk fan Eve. Wannear't de patolooch-anatoom him fertelt dat Eve swier wie en koartby befallen is, heart Wasach dêr nij fan op. Hy lit it stoflik omskot kremearje en jout befel dat alle papierwurk oangeande dizze saak ferneatige wurde moat.
Tink derom: Yn de tekst hjirûnder wurdt de ôfrin fan de film beskreaun.
As jo de film sels sjen wolle, is it mooglik better dat jo it no folgjende diel fan 'e plotbeskriuwing (earst noch) net lêze. |
Abbot keart werom nei syn wenstige bestean as professor yn 'e biogemy oan in universiteit, dêr't er syn studinten foarhâldt dat it ferkeard is foar de minskheid om te beslissen hokker soarte bestean mei. As foarbyld hellet er it pokkefirus oan, dat op it punt stiet om folslein útrûge te wurden, in plan dêr't er him bot tsjin oankantet. Underwilens bringt er by him thús yn it djipste geheim Eve har dochterke grut. Dat giet hurder as by minsken, want it bûtenierdske bern, dat it oansjen hat fan in gewoan minsklik famke, groeit fiif sintimeter deis. Hy jout har de namme Sara.
Op in jûn, as Abbot noch let yn syn kantoar op 'e universiteit oan it wurk is, wurdt er dêr opsocht troch Portus, dy't op dramatyske wize ferâldere en terminaal siik is. Hy easket dat Abbot him fertelt wêr't er "it" brocht hat, dêrmei ferwizend nei de poppe fan Eve. Abbot negearret syn fragen en easken en besiket him te behanneljen. Portus fertelt him dat de oare oerlibjende healbloedbern fan Patrick Ross oan soartgelikense sykten lije. Ear't de medisinen dy't Abbot him jout, effekt hawwe kinne, komt Portus op ôfgryslike wize te ferstjerren. Abbot komt ta de konklúzje dat it kombinearre bûtenierdske en minsklik DNA fan 'e healbloeden harren ymmúnstelstel ûnderminet en harren fetber makket foar alderhanne oandwanings dy't foar folbloedminsken ûngefaarlik of ienfâldich te behanneljen binne. Hy is der wis fan dat Sara, dy't hast folslein bûtenierdsk is, sokke swierrichheden net hawwe sil.
Nettsjinsteande dat beseft Abbot dat er ferlet hat fan help om it lyk fan Portus weiwurde te litten en it DNA fan 'e bûtenierdske soarte te perfeksjonearjen. Dêrom giet er nei Dean, in studint waans stúdzjeprojekt in eksperimintele enerzjysintrale is dy't op kearnfúzje draait. Syn professor, de ûnoangename dr. Nicholas Turner, hat Dean oansein dat er fan doel is en draai de kraan fan 'e finansiering foar de sintrale ticht. Dean moat dêrom halje-trawalje in oar stúdzjeprojekt en in oare stúdzjebegelieder fine. Abbot biedt him oan om him te begelieden en teffens om alle eare en finansiering mei him te dielen dy't se úteinlik perfoarst krije sille foar harren wurk by it rêden fan 'e bûtenierdske soarte. Dean wifket, mar is net yn 'e posysje om it oanbod ôf te slaan, dat hy stimt dermei yn. Abbot praat Dean by oer Projekt Athena en Sara har erfskip as bern fan Eve en Patrick Ross.
Underwilens hat de lytse Sara har ferpoppe yn in kokon, dêr't se as folwoeksen frou wer út komt. Professor Turner is erchtinkend oer wat Abbot by de ein hat, en siket him dêrom thús op. Dêr treft er Abbot net oan, mar wol in neakene Sara, dy't him earst besiket te ferlieden, mar him dan ôfwiist. Turner lit him sa net behannelje en besiket har te ferkrêftsjen, mar Sara makket dêr koarte metten mei troch him te deadzjen. Neitiid jout Sara har ôf om in gaadliker man te finen om mei te pearjen, mei't dat is wat har ynstinkt har ynjout. Abbot komt thús mei Dean by him en ûntdekt it lyk fan Turner. Dean wol de plysje skilje, mar Abbot ûntpraat him dat en úteinlings dumpe se it stoflik omskot fan 'e professor yn in moeras.
Abbot sit net yn noed oer Sara, om't se harsels skoan ferdigenje kin en om't se mei minsklike manlju gjin neiteam produsearje kin, wat minsklike manlju ûnynteressant foar har makket om mei te pearjen. Nei't se in jûn lang nei in gaadlike sekspartner socht hat mank de studinten fan it universiteitsstedsje, fynt Sara lang om let in oare healbloedsoan fan Patrick Ross. Mei him slagget se yn in hotelkeamer op bêd, mar ear't se pearje kinne, wurdt se syn sykten gewaar en slacht se him fan har ôf. Letter keart Sara sûnder wat bedijd te hawwen werom nei hûs, sa't Abbot al foarsein hie, en treft dêr Dean. Dyselde rekket fuortendaliks fereale op har, en Sara fielt har ek wat oanlutsen ta him, hoewol net om mei him te pearjen. Der ûntstiet in nuveraardige bân tusken de studint en de bûtenierdske frou. De healbloed dêr't Sara hast mei peare hat, kringt it laboratoarium yn 'e kelder fan Abbot syn hûs binnen en falt Sara oan. Abbot wol harren it mar útfjochtsje litte mei't er earder al in stikmannich aaisellen fan Sara "rispe" hat, mar Dean stiet derop om har te help te kommen. Yn it gefjocht rekket Abbot deadlik ferwûne foar't de healbloed troch Sara en Dean deade wurde kin. Neitiid bliuwe Dean en Sara tegearre efter. Hoewol't Abbot him mei syn lêste siken op it hert drukt hat om syn wurk fuort te setten, hinget Dean dernei oer om mar in ein te breidzjen oan it hiele projekt. Sara trunet him oan om 'e takomst fan har soarte op 'e Ierde te rêden. De liken fan 'e healbloed en Abbot geane it moeras yn, professor Turner en Portus efternei.
Hastings, de studint mei wa't Dean in keamer dielt yn 'e studinteflat op 'e kampus fan 'e universiteit, kriget lykas alle studinten biogemy oan 'e universiteit in e-mail fan in tsjep frommeske dat Amelia hjit. Hja ûnthjit seks foar de studint dy't har beskate gegevens stjoere kin. Wannear't Dean syn oantekeninings oer Sara yn harren keamer omtommelje lit, sjocht Hastings dy yn en beseft dat it krekt is wêr't er ferlet fan hat om yn oanmerking te kommen foar seks mei Amelia. Dat, hy mailt har de gegevens troch. Amelia stimt deryn ta om him te moetsjen. Underweis nei him ta docht bliken dat se in healbloed is, wannear't se by in bezinestasjon seks hat mei in brutale en frou-ûnfreonlike pompbetsjinde, dy't se neitiid fermoardet. Oankommen op 'e universiteit wol Amelia dat Hastings har ferklearret hoe't er oan 'e ynformaasje kommen is dy't er har tamaild hat. Hastings wol dat har net fertelle, mar nei't se in studinte ombrocht hat, feroaret er fan gedachten. Hy nimt har mei nei de wente fan Abbot, dêr't Amelia mei Sara yn 'e kunde komt. De beide froulju beslute gear te wurkjen om't se itselde doel hawwe: it fuortbestean fan harren soarte op 'e Ierde. Under twang wurdt Hastings oan it wurk set om te dwaan wat Dean net woe, te witten: it perfeksjonearjen fan it bûtenierdske DNA troch Sara harres te brûken om dat fan 'e healbloeden te reinigjen fan minsklik DNA. Ek wolle se dat er de troch Abbot rispe aaisellen fan Sara befruchtet en sa bûtenierdske partners foar harren kreëarret.
Dean, dy't Amelia yn 'e studinteflat gewaar wurden mar op 'e tiid útnaaid is, wurdt bûtendoar oansprutsen troch spesjaal agint Wasach, dy't Amelia yn 'e rekken hâldt sûnt se har e-mails nei ferskate universiteiten ferstjoerd hat. Tegearre geane se nei it hûs fan Abbot, dêr't se Hastings út 'e kloeren fan 'e beide bûtenierdske froulju rêde en tagelyk de rispe aaisellen fan Sara stelle. Mei Sara en Amelia op 'e hakken flechtsje se nei de eksperimintele enerzjysintrale dêr't Dean wurke foar't dr. Turner de stekker út dat projekt loek. Hastings en Wasach skeakele de feilichheidsprotokols fan 'e sintrale út, wat in katastrofale meltdown mooglik makket. Dean lokket de beide bûtenierdske froulju it binnenste fan 'e sintrale yn, dêr't er fan in smelle rinbrêge ôf de container mei aaisellen yn 'e kearn falle lit. Dêrop wurdt er oanfallen troch Amelia, mar hy wurdt rêden troch Sara, dy't Amelia yn 'e kearn smyt. Amelia skuort Sara lykwols mei oer de râne fan 'e rinbrêge. Dean wit mei in ôfstânsbetsjinning de skacht nei de kearn te sluten krekt foar't der in meltdown plakfine sil. Neitiid bliuwt de hiele boel geheim, útsein dat der in ûngelok yn 'e kearnsintrale plakfûn hat, dêr't de "spoarleas weiwurden" professor Turner de skuld fan op 'e lea skood kriget, mei't Dean en Hastings syn tagongspaske brûkt hawwe om mei it kompjûtersysteem fan 'e sintrale om te knoeien. Wasach set ôf nei Washington, D.C. om derfoar te soargjen dat fierders alles yn 'e dôfpot ferdwynt, wylst Dean opbetteret fan syn ferwûnings en Hastings in wichtige les leard hat om net te reägearjen op nuvere e-mails fan kreaze froulju.
Trije wiken letter folget in erchtinkende Hastings Dean nei de wente fan dr. Abbot, dêr't er Sara libben en wol oantreft, mei boppedat in likernôch tsienjierrich jonkje by har. Dean jout dan ta dat er net alhiel earlik west hat oer wat der yn it binnenste fan 'e kearnsintrale bard is. Amelia skuorde Sara yndie mei oer de râne fan 'e rinbrêge, mar Sara wist har mei ien hân fêst te klamjen wylst Amelia yn 'e kearn foel. Om't Sara Dean fan Amelia rêden hie, liek it him net mear as lyk om lyk, om yn ruil dêrfoar Sara har libben te rêden troch har wer by de rinbrêge op te lûken foar't er de skacht nei de kearn sleat. Nei't er wer opbettere wie, hat er it bûtenierdske DNA fan 'e healbloeden fan minsklike swakten reinige om har in libbenspartner te jaan, sadat se net allinne hoecht te wêzen.
In pear wiken letter, wannear't it jonkje folwoeksen wurden is en it lichem fan mânske keardel krigen hat, sette Dean en Hastings it bûtenierdske pear ôf by in âlde spoarbrêge. Dean seit tsjin Sara dat se fan no ôf oan harsels rêde moat. Hy freget har noch wêrom't se him fan Amelia rêden hat, mar se antwurdet dat er dat miskien op in dei sels wol útfine sil. De ymplikaasje is dat se him begûn is te sjen as in freon. Wylst se de mei rêchsekken tariste bûtenierdske wêzens yn minsklik stal neisjogge, merkt in senuweftige Hastings op dat troch Dean syn tadwaan de minskheid ta útstjerren doemd is. Dean antwurdet dat er begrutsjen mei Sara hie, mar dat er net gek is: hy hat derfoar soarge dat har libbenspartner steryl is, sadat se harren net fuortplantsje kinne. Op Hastings syn fraach wat der barre sil wannear't Sara-en-dy dat ûntdekke, antwurdet Dean dat er dat net wit.
Rolferdieling
bewurkje seksje- haadrollen
personaazje | akteur/aktrise |
Dean | Robin Dunne |
dr. Bruce Abbot | Robert Knepper |
Sara | Sunny Mabrey |
- byrollen
personaazje | akteur/aktrise |
Hastings | John Paul Pitoc |
Amelia | Amelia Cooke |
spesjaal agint Wasach | Michael Warren |
dr. Nicholas Turner | Christopher Nearne |
de jonge Sara | Savanna Fields |
Colleen | Patricia Bethune |
Portus | Joel Stoffer |
Yosef | James Leo Ryan |
de jonge Portus | Christopher R. Gillum |
soldaat Robert Kelley | Matthew Yang King |
Eve | Natasha Henstridge (cameo) |
Cobb de benzinepompbetsjinde | Rick Dean |
Produksje en distribúsje
bewurkje seksjeProduksje
bewurkje seksjeSpecies III waard regissearre troch Brad Turner nei in senario fan Ben Ripley. As produsint wie David Dwiggins by it projekt belutsen foar de produksjestudio's MGM Television en FGM Entertainment. De kamerarezjy wie yn 'e hannen fan James Coblentz, en de filmmuzyk waard fersoarge troch Elia Cmiral. Frank Mancuso jr., dy't as produsint by de foargeande beide Species-films belutsen west hie, wie de útfierend produsint foar Species III. Hy makke dizze trêde film as in tillefyzjefilm en rjochte him dêrby op in doelgroep fan jongfolwoeksenen. Dat wie de reden dat de haadpersoanen yn Species III jonger binne as yn 'e beide earste dielen fan 'e filmsearje. Mancuso woe ek dat it oansjen fan 'e bûtenierdske wêzens justjes oanpast waard fan it konsept dat de Switserske ûntwerper H.R. Giger foar de oare films optocht hie. Dêrom waarden se werûntwurpen troch Rob Hinderstien.
Distribúsje
bewurkje seksjeDe distribúsje fan Species III waard fersoarge troch Metro-Goldwyn-Mayer. De film wie in tillefyzjefilm dy't produsearre waard foar it Amerikaanske science fiction-tillefyzjekanaal Syfy. Dat stjoerde Species III foar it earst út op 27 novimber 2004.
Untfangst
bewurkje seksjeFan 'e filmkritisy krige Species III oer it algemien negative resinsjes. Op 'e webside Rotten Tomatoes, dy't resinsjes sammelet, hat de film in tige leech goedkarringspersintaazje fan 17%, basearre op 6 ûnderskate resinsjes. De webside DVD Talk joech oan Species III ek in negative beoardieling en skreau: "Dizze film is ûnderûntwikkele mei in absurde plot en minne special effects." Deselde resinsint fûn ek dat de film inkeld âlde ideeën recycle en it brekme oan in effektyf ferhaal besocht te fertsjustermoanjen troch sênes mei froulike neakenens ta te foegjen. De popkultuerwebside Den of Geek! skreau oer Species III: "As jo dizze mediafranchise sjen wolle, moatte jo [dit diel] oerslaan en streekrjocht nei de de lêste film gean."
Keppelings om utens
bewurkje seksjeBoarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side. |
Species (filmsearje) | |
---|---|
Species (1995) • Species II (1998) • Species III (2004) • Species: The Awakening (2007) |