Species (film)

film út 1995 fan Roger Donaldson

Species is in Amerikaanske science fiction-horrorfilm út 1995 ûnder rezjy fan Roger Donaldson, mei yn 'e haadrollen Marg Helgenberger en Michael Madsen. De titel betsjut "Soarte". It ferhaal giet oer Sil, in minsklik-bûtenierdsk hybride wêzen mei it stal fan in tsjeppe jonge frou, dat yn in laboratoarium produsearre wurdt. Wannear't se wit te ûntsnappen, wurdt se der ynstinktyf ta dreaun har DNA troch te jaan fia fuortplanting troch pearing mei minsklike manlju. Dat soe it begjin fan 'e ein fan 'e minskheid ynliede, mei't it bûtenierdske DNA tige dominant is en him superfluch fermannichfâldiget. In espel wittenskippers en oare ekspêrs set dêrom de efterfolging yn om Sil te fangen of te deadzjen foar't se har doel folbringe kin. Species krige fan 'e filmkritisy mingde resinsjes, mar groeide yn 'e bioskopen út ta in daverjend kommersjeel súkses, foar in part troch de (foar Amerikaanske films ûngebrûklike) neakensênes fan fotomodel Natasha Henstridge yn 'e rol fan Sil. It súkses late ta it ûntstean fan in filmsearje, dy't ek fan Species hiet en trije (minder wurdearre) ferfolchfilms omfette.

Species
film
(Filmposter yn 'e Ingelske Wikipedy)
makkers
regisseur Roger Donaldson
produsint Frank Mancuso jr.
Dennis Feldman
senario Dennis Feldman
kamerarezjy Andrzej Bartkowiak
muzyk Christopher Young
filmstudio Metro-Goldwyn-Mayer
Frank Mancuso Jr. Productions
distribúsje Metro-Goldwyn-Mayer
spilers
haadrollen Marg Helgenberger
Michael Madsen
byrollen Natasha Henstridge
Forest Whitaker
Ben Kingsley
Alfred Molina
skaaimerken
lân/lannen Feriene Steaten
premiêre 7 july 1995
foarm langspylfilm
sjenre science fiction-horrorfilm
taal Ingelsk
spyltiid 108 minuten
budget en resultaten
budget $35 miljoen
opbringst $113,3 miljoen
filmsearje
filmsearje Species
● folgjend diel Species II

In likernôch tolvejierrich famke wurdt finzen holden yn in koepel fan feilichheidsglês yn in grut laboratoarium. Op 'e luchtfoarsjenning fan 'e koepel wurde tanks mei syanidegas oansletten, en de koepel wurdt dêrmei folpompt om it famke te deadzjen. Hja slacht lykwols mei de bleate hân it feilichheidsglês stikken, brekt út 'e koepel en flechtet al dravende op toffels en yn har piama it laboratoarium út, wylst rjochts en lofts fan har laboratoariummeiwurkers beswike oan it frijkommen syanidegas. Bûtendoar, dêr't it nacht is, springt it famke oer it hege stek mei stikeltrie boppe-oan dat it laboratoariumgebou omjout en naait út, de omlizzende wyldernis yn. Deunby rint in spoarline dêr't op dat stuit in trein foarby komt. It famke draaft derefteroan en wit harsels oan board fan in frachtwagon te lûken. Dêr wurdt se oanfallen troch in dronken omrinner dy't as ferstekling yn deselde wagon syn beskûl socht hat. Mar yn in hommelse útbarsting fan geweld weeft se mei him ôf troch him sa hurd tsjin 'e foarwand fan 'e wagon oan te smiten dat er syn nekke brekt.

De oare deis wurdt in groep tige ferskillende lju gearfandele troch dr. Xavier Fitch, dy't de lieding hat oer it laboratoarium dêr't it famke út ûntsnapt is. Under harren binne molekulêr biologe dr. Laura Baker, antropolooch dr. Stephen Arden, de paranormaal bejeftige Dan Smithson, dy't sa empatysk is dat er de emoasjes fan oaren lêze kin, en Preston "Press" Lennox, in hierling dy't him spesjalisearre hat yn it opspoaren en deadzjen fan gefaarlike persoanen. Fitch fertelt harren dat yn 'e 1970-er jierren, yn it ramt fan it SETI-programma om bûtenierdsk libben te finen, in boadskip de romte yn stjoerd is mei ynformaasje oer de Ierde en de minskheid, wêrûnder de minsklike DNA-struktuer. Dat is alle oanwêzigen bekend. Wat se net witte, is dat SETI yn 1993 antwurd werom krigen hat fan in ûnbekende bûtenierdske soarte. Earst kaam der in útlis hoe't men metaangas oanpasse koe om der in ûneinige boarne fan enerzjy fan te meitsjen. De wittenskippers namen dêrtroch oan dat men mei freonlike bûtenierdsen te krijen hie.

Doe't der in twadde boadskip kaam mei in útlis oer hoe't men it DNA fan 'e bûtenierdsen opbouwe koe en hoe't men dêr minsklik DNA mei kombinearje koe om in hybride wêzen te meitsjen, gie men der sadwaande fan út dat it behelpsum bedoeld wie. Der waard besletten om yn in geheim laboratoarium fan 'e Amerikaanske oerheid yn 'e wyldernis fan Utah in genetysk eksperimint te ûndernimmen. Men keas derfoar om it wêzen froulik te meitsjen yn 'e oertsjûging (dy't letter in fersin bliek te wêzen) dat it dêrtroch nueter en makliker te beynfloedzjen wêze soe. Ien fan 'e hûndert eksperimintele befruchte aaisellen produsearre in famke dat Sil neamd waard. Nettsjinsteande it feit dat se foar de helte út bûtenierdsk genetysk materiaal bestie, liek se yn alle opsichten in normaal minsklik bern. Allinnich ûntjoech se har yn trije moannen tiid ta in famke fan tolve jier. De wittenskippers rekken yn panyk, om't se foar it ferstân krigen dat se in hynder fan Troaje binnenhelle hiene troch de bûtenierdske ynstruksjes op te folgjen. Der waard besletten dat it eksperimint beëinige wurde moast, dat men pompte de romte dêr't Sil fêstholden waard fol mei gifgas. De útkomst wie dat Sil ûntsnapte. It team dat Fitch gearroppen hat, kriget no de opdracht om har werom te finen en te deadzjen foar't se de kâns kriget om har dominante bûtenierdske DNA yn 'e algemiene minsklike populaasje yn omrin te bringen, mei't dat de ein foar de minskheid betsjutte soe.

Tink derom: Yn de tekst hjirûnder wurdt de ôfrin fan de film beskreaun.
As jo de film sels sjen wolle, is it mooglik better dat jo it no folgjende diel fan 'e plotbeskriuwing (earst noch) net lêze.

Sil is ûnderwilens oankommen op in spoarstasjon, dêr't se út 'e frachtwagon springt en oan board giet fan in passazjierstrein. Se stelt jild en kriget help fan in âldere swarte konduktrise, dy't begrutsjen hat mei in jong famke dat fan har âldelju blykber allinnich reizgje moat. Se stelt in grutte hoemannichte iten út 'e restauraasjewagon, dat se ferslynt as is se úthongere. Neitiid komt Sil fêst te sitten yn wat foar har wol in libbene nachtmerje liket, wannear't der tentakel-eftige dingen út har hûd begjinne te groeien, dy't oanwaakse ta in hiel bosk. As Fitch en syn team letter de trein weromfine, treffe se dêr yn 'e kûpee fan it famke in grut organysk groeisel oan wêrfan't Laura beseft dat it in pop is, lykas rûpen oanmeitsje om yn flinters te feroarjen. De pop is leech en Fitch-en-dy krije foar it ferstân dat de no folwoeksen Sil folslein fan stal feroare wêze moat, en dat se har net mear weromkenne sille. De trein hat hoholden yn Los Angeles, dêr't Sil ferdwûn is mank in befolking fan acht miljoen minsken. Se hat lykwols de creditcard fan 'e troch har fermoarde konduktrise meinommen, en oan 'e hân dêrfan kin it team har spoar folgje nei in motel dêr't se har yntrek nommen hat.

Sil, no in tsjeppe jonge frou dy't omtrint 22 jier liket, wurdt dreaun troch ynstinkten dy't se net begrypt om har DNA te fersprieden. Dêrta moat se pearje mei in minsklike man om in bern te produsearjen. De wittenskippers beseffe dat sa'n bern binnen in healjier geslachtsryp wêze sil as it him krekt like hurd ûntwikkelet as Sil sels. En as it in soan blykt te wêzen, is de hikke fan 'e daam, mei't dy syn DNA binnen de koartste kearen wiid ferspriede kin troch hûnderten froulju swier te meitsjen. Sil besiket in nachtklub, dêr't se in man, Robbie, útsiket as gaadlike sekspartner. Se giet mei him nei hûs en risselwearret om mei him op bêd, mar op it lêste stuit skrillet se tebek. Robbie lit him dan net mear ôfkonfoaie en besiket har te ferkrêftsjen, mei as gefolch dat se him fermoardet. Wannear't it team, dat Sil ûnderwilens op 'e hakken sit, letter it stoflik omskot fan Robbie fynt, stelt Laura oan 'e hân fan ynsulinefleskes yn syn ôffal fêst dat Robbie sûkersykte hie. Guon bisten hawwe it fermogen om sykten yn mooglike pearingspartners fêst te stellen en wize dy dêrom ôf, en Laura fermoedet dat it mei Sil krektsa is.

De oare deis wurdt Sil op 'e strjitte oanriden by in ferkearsûngemak. De dieder riidt troch en sy wurdt bewusteleas nei it sikehûs ta brocht troch in goedmienende omstanner. Dat is de rike John Carey, dy't yn it sikehûs oanbiedt om foar Sil har medyske behanneling te beteljen. Dat blykt net nedich te wêzen, want sadree't se by besleur komt, genêst se sels har brutsen skouderblêd foar de eagen fan 'e feralterearre dokter fan 'e earste help. Se lit har troch Carey meitroaie nei syn hûs, wylst it team har wer op it spoar komt trochdat de kjel wurden dokter kontakt opnimt mei de plysje. By Carey thús besiket Sil seks mei him te hawwen yn in bubbelbad, mar se wurde steurd as Laura en Press Lennox it hûs binnenfalle. Sil transformearret fan 'e weromstuit foar it earst ta har bûtenierdske foarm, in twafuottige mutante mei boarsten wêrfan't de spiennen útstutsen wurde kinne as tentakels. Om him stil te hâlden, triuwt Sil Carey ûnder wetter, dêr't er ferdrinkt. Sels ûntkomt se neaken, mar sûnder sjoen te wurden, troch de mei gâns begroeiïng oerdutsen tún.

By in nachtwinkel kringt Sil, no wer yn har minsklike foarm mar noch hieltyd neaken, de auto fan in froulike klant binnen. Se docht har foar as it slachtoffer fan seksueel misbrûk om har fertrouwen te winnen, mar gizelet har letter yn har eigen hûs. Se keart werom nei de wente fan John Carey om har efterfolgers te observearjen en ûntdekt de fierdere plannen fan Fitch troch út 'e fierte wei syn lippen te lêzen wannear't er de leden fan syn team opdrachten jout. By har gizelster thús brûkt Sil in snoeimês om harsels in finger ôf te knippen, dy't prompt weromgroeit. Dêrnei knipt se har gizelster ek in finger ôf, wat fansels in bliuwende wûne opleveret. De finger fan 'e frou goait Sil fuort, mar har eigen ôfknipte finger bewarret se. Fitch is der ûnderwilens fan oertsjûge dat Sil op 'e nij besykje sil om in man op te pikken yn deselde nachtklub dêr't se earder Robbie troffen hie, om't se fierder yn Los Angeles ûnbekend is. Dêrom geane de leden fan it team dêr de folgjende jûns nei ta om yn 'e momkape fan gewoane nachtklubbesikers de boel yn 'e rekken te hâlden.

As Sil yndie by de nachtklub opdûkt en opmurken wurdt troch Dan Smithson, naait se gau út yn 'e auto fan har gizelster, dy't se earder folladen hat mei de fêstbûne frou sels en in stikmannich jerrycans benzine. Mei Fitch en syn team op 'e hakken ûntjout der him in efterfolging troch de hierspjeldbochten fan 'e Heuvels fan Hollywood, wêrby't Sil op in stuit moedwillich har auto fan 'e dyk riidt en op in transformatorhúske botse lit. De auto ûntploft en feroaret troch de jerrycans benzine in ûnbidige fjoersee. Sels springt Sil op 'e tiid út 'e auto, mar har gizelster komt om. Fitch en syn team treffe letter, as de brânwacht de flammen lang om let dwêstge hat, it ferkoalde lyk fan in frou yn 'e auto oan, dy't in finger mist. De finger, dy't deunby weromfûn wurdt, liket ôfskuord te wêzen yn 'e eksploazje. Wannear't ûndersyk útwiisd dat it Sil har finger is, giet Fitch derfan út dat it lyk yn 'e auto fan Sil is en dat de siiktocht foarby is.

De leden fan it team keare werom nei harren hotel, dêr't Laura en Lennox it dy jûns mei-inoar oanlizze. Arden, dy't ek in eachje op Laura hie, kriget dêr in min sin fan, dat noch oanboazet as syn besykjen om in oare frou te fersieren op in fiasko útrint. Sil, dy't ûnderwilens har lange blûne hier knipt en brún ferve hat, giet nei it hotel ta mei it idee om 'e oantreklike Lennox te ferlieden. Wannear't se sjocht dat dy yn 'e hotelkeamer fan Laura Baker bedarret, brekt se yn yn 'e njonkenlizzende keamer om harren aktiviteiten troch de wand hinne te beharkjen. De keamer dêr't se ynbrutsen hat, blykt dy fan Arden te wêzen, en as dy de jûn deprimearre opjout en út 'e wei giet, treft er Sil oan. Se makket him wiis dat se him yn 'e hotelbar sjoen hie mar te skruten wie om him oan te sprekken. Se wol seks mei him hawwe en dat lit Arden him net twa kear sizze.

Wilens wurdt Dan Smithson op 't langelêst gewaar dat de nuvere emoasjes dy't er al in skoftke oppikt, Sil harres binne. Hy spoart har op yn Arden syn keamer, mar kloppet ynstee oan by Laura en Lennox om fersterking te krijen. Wannear't Arden yn Sil ejakulearret, fynt der fuortendaliks in befruchting plak en wurdt se sa fluch swier dat Arden binnen in heale minút de poppe yn har bewegen fiele kin. Te let kriget er foar it ferstân wa't er foar him hat, en Sil deadet him om him stil te hâlden. Wannear't Lennox, Laura en Smithson trijeresom de keamer fan Arden binnenfalle, naait Sil út nei't se har bûtenierdske stal wer oannommen hat. Laura, Lennox, Smithson en de alarmearre Fitch bewapenje harsels mei swier wapenreau en folgje it spoar nei de parkearkelder fan it hotel, dêr't Sil de tagong ta it rioel iepenbrutsen hat. Yn it rioel befalt Sil fan in poppe foar't it team har dêrhinne folgje kin.

Fitch lit him by de oaren wei lokje, sadat er in maklike proai wurdt en Sil him deadet. Smithson ûntdekt de poppe, tsjin dy tiid al in jonkje fan in jier as trije, yn in grot dy't troch in ierdbeving mei it rioel yn ferbining kommen is te stean. Lennox leit it op in hier nei ôf wannear't Sil him fan boppenôf ien fan har spiententakels om 'e kiel wuollet en him dêrmei fan 'e fuotten tilt om him te wjirgjen. Hy wit lykwols syn jachtmês te lûken en befrijt himsels troch de tentakel ôf te snijen. Smithson wurdt oanfallen troch it sichtber âlder wurdende jonkje, dat in bûtenierdske foarm oannimt. Hy brûkt in flammewerper om mei it wêzen ôf te weven, wat in dobbe yn ljochte lôge set dy't folrûn is mei ierdoalje út in troch de ierdbeving leksleine piiplieding. It jonkje falt yn 'e baarnende ierdoalje en komt om, mar Smithson ferliest syn lykwicht en falt der sels ek hast yn, sadat er mei syn hiele gewicht oan 'e fingerseinen hinget. Lennox en Laura driuwe Sil de baarnende ierdoalje yn, wêrnei't se besykje Smithson op te hysjen. Sil dûkt lykwols wer op en grypt ien fan Smithson syn skonken beet, wêrnei't Lennox in ôfseage jachtgewear brûkt om Sil de holle ôf te sjitten. De stjerrende Sil sakket werom yn 'e baarnende oalje, wylst Laura en Lennox Smithson omheech skuorre. Trijeresom geane se werom nei it hotel.

 
Marg Helgenberger.
 
Michael Madsen.
 
Natasha Henstridge.

In brune rôt út it rioel kringt de grot binnen, dêr't er de troch Lennox ôfsniene spiententakel fan Sil fynt en opfret. In oare rôt kuieret foarby mar wurdt grypt en ferslynt troch de earste rôt, dy't mei sichtbere faasje mutearret ta in grizelich meunster.

Rolferdieling

bewurkje seksje
haadrollen
personaazje                  akteur/aktrise
dr. Laura Baker Marg Helgenberger
Preston "Press" Lennox Michael Madsen


byrollen
personaazje akteur/aktrise
Sil Natasha Henstridge
Dan Smithson Forest Whitaker
dr. Xavier Fitch Ben Kingsley
dr. Stephen Arden Alfred Molina
de jonge Sil Michelle Williams
de bûtenierdske Sil Dana Hee (lichem)
Frank Welker (stim)
John Carey Whip Hubley
Robbie Anthony Guidera
troch Sil gizele frou Marliese Schneider
man yn nachtklub Matthew Ashford
frou yn nachtklub Caroline Barclay
swarte konduktrise Esther Scott
resepsjonist yn motel Gary Bullock
resepsjoniste yn sikehûs Patricia Belcher

Produksje en distribúsje

bewurkje seksje

Senarioskriuwer Dennis Feldman krige it idee foar Species yn 1987, doe't er oan Real Men wurke, in oare film oer in bûtenierdske ynvaazje fan 'e Ierde. Hy hie in artikel lêzen fan science fiction-skriuwer Arthur C. Clarke, wêryn't dyselde betoogde dat it ûnwierskynlik is dat bûtenierdske wêzens ea de Ierde berikke sille yn in romteskip, de ûnbidige ôfstannen fan it hielal yn acht nommen, kombinearre mei it ûnoploste probleem fan flugger-as-ljochtreizgjen. Eventueel takomstich kontakt mei in bûtenierdske beskaving sil dêrom neffens him foar 't neist plakfine troch útwikseling fan ynformaasje. Clarke stelde him dêrby ynstruksjes foar oangeande it bouwen fan in robot of keunstmjittige yntelliginsje, mar Feldman frege him ôf wat der barre soe as der ynstee ynstruksjes kamen oer genetyske manipulaasje om bûtenierdsk DNA te kreëarjen. In bûtenierdske ynvaazje soe dan troch de minskheid sels binnenhelle wurde kinne.

Op basis fan dat idee skreau Feldman in skript dêr't er neitiid mei te suteljen gie by de grutte filmstudio's fan Hollywood lâns. Metro-Goldwyn-Mayer (MGM) toande belangstelling en brocht Feldman yn kontakt mei filmprodusint Frank Mancuso jr. De film, dy't Species kaam te hjitten, waard regissearre troch Roger Donaldson. As produsinten wiene Mancuso en Feldman by it projekt belutsen foar de MGM en Mancuso syn produksjemaatskippij Frank Mancuso Jr. Productions. Foar de film wie in budget beskikber fan $35 miljoen. De kamerarezjy wie yn 'e hannen fan Andrzej Bartkowiak, en de filmmuzyk waard fersoarge troch Christopher Young. De Switserske keunstner H.R. Giger, dy't ek de Xenomorph (it bûtenierdske meunster út 'e Alien-filmsearje) optocht hie, ûntwurp it bûtenierdske stal fan Sil.

 
It Millennium Biltmore Hotel yn Los Angeles wie ien fan 'e opnamelokaasjes foar Species.

De opnamen foar Species fûnen plak yn ein 1994 en begjin 1995. In grut part fan 'e sênes waard filme op lokaasje yn Los Angeles, û.o. op Sunset Strip, yn 'e buert Pacific Palisades, yn 'e Heuvels fan Hollywood en yn it Biltmore Hotel. De Id Club, de fiktive nachtklub út 'e film, waard spesjaal foar de film boud yn it Pantages Theatre yn Hollywood. De auto-efterfolging wêrby't Sil har eigen dea yn sêne set, waard opnommen yn 'e heuvels boppe it Dodger Stadium by Elysian Park.

De iepeningssênes fan Sil har ûntsnapping yn Utah waarden filme yn it Legerdepot Tooele, wylst de binnensênes yn it laboratoarium opnommen waarden yn it echte laboratoarium fan 'e Rockwell International Corporation yn Kalifornje. It oerstappen fan Sil út 'e frachttrein op 'e passazjierstrein fûn plak op in spoarstasjon út 'e Fiktoriaanske Tiid yn Brigham City (Utah). De klimaktyske sênes yn it rioel en de oanbuorjende grot waarden hielendal yn 'e studio opnommen, op in filmset dy't betocht wie troch produksje-ûntwerper John Muto.

 
By it Legerdepot Tooele yn Utah waard de nachtlike ûntsnapping fan Sil út it laboratoarium filme.

Distribúsje

bewurkje seksje

De distribúsje fan Species waard fersoarge troch Metro-Goldwyn-Mayer. De film gie op 7 july 1995 yn 'e Amerikaanske bioskopen yn premiêre. Species waard yn maart 1997 útbrocht op dvd en yn augustus 1999 ek op VHS-keapfideo. Yn july 2006 kaam de film foar it earst út op blu-ray. It by de film hearrende soundtrackalbum ferskynde pas op 6 oktober 2008 yn in beheinde oplaach fan 3.000 eksimplaren by platemaatskippij Intrada Records.

Fan 'e filmkritisy krige Species mingde resinsjes. Roger Ebert fan 'e Chicago Sun-Times joech de film 2 fan 4 stjerren en hie krityk op wat hy opfette as it algemiene brekme oan yntelliginsje fan 'e plot. Krektsa fûn Owen Gleiberman fan it tydskrift Entertainment Weekly dat it Species ûntbriek oan ferbyldingskrêft en oannimlike special effects. Yn Variety omskreau Godfrey Cheshire de film as in "oangripend, sij it net bot orizjineel ferhaal oer in bûtenierdske soarte dy't ús eigen besiket te oerweldigjen". Ek fûn er dat Ben Kingsley en de oare akteurs "net mear as twadiminsjele rollen hawwe om har yn fêst te biten". De foaroansteande ynternetfilmkritikus James Berardinelli parte oan Species 21/2 fan 4 stjerren ta. Hy skreau: "Salang't men net stilstean bliuwt om nei te tinken oer wat der bart, is [de film] by steat om wat goedkeape spanning te bieden, mei noch wat humor dêropta ek."

Op 'e webside Rotten Tomatoes, dy't resinsjes sammelet, hat Species in ûndergemiddeld goedkarringspersintaazje fan 44%, basearre op 71 ûnderskate resinsjes. De konsensuskrityk fan 'e webside, gearstald út al dy resinsjes, stelt: "[De film] lit flitsen sjen fan [ûnoanboarre] potinsjeel om op yngenieuze wize [de sjenres fan] eksploitaasjefilm en science fiction-horror mei-inoar te fermingen. As it derop oankomt, is it [Species] der lykwols benammen om te dwaan om flitsen fan in neakene Natasha Henstridge te toanen." Op Metacritic, de wichtichste konkurrint fan Rotten Tomatoes, behellet Species in goedkarringspersintaazje fan 49%, basearre op 25 resinsjes.

 
H.R. Giger mei in byld fan 'e troch himsels ûntwurpen bûtenierdske foarm fan Sil.

Species brocht yn 'e bioskopen yn 'e Feriene Steaten en Kanada $60,0 miljoen op, en yn alle oare lannen en territoaria $53,3 miljoen. Wrâldwiid kaam de opbringst dêrmei út op $113,3 miljoen. Ofset tsjin it budget fan $35 miljoen betsjut dat in winst fan $78,3 miljoen, hoewol't dêr de marketingkosten noch wol ôf moatte.

Filmsearje en adaptaasjes

bewurkje seksje

It súkses fan Species late neitiid ta it ûntstean fan in filmsearje dy't ek Species hjit. Der ferskynden trije ferfolchfilms: Species II (1998), Species III (2004) en Species: The Awakening (2007), wêrfan't de lêste beiden tillefyzjefilms wiene dy't produsearre waarden troch it Amerikaanske tillefyzjekanaal Syfy. Dêrnjonken ferskynde der in ferboeking fan it filmsenario fan Species, skreaun troch Dennis Feldman en Yvonne Navarro, en teffens publisearre Dark Horse Comics yn 1997 in fjouwerdielige stripsearje op basis fan 'e film, mei as titel Species: Human Race.

Keppelings om utens

bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.

Species (filmsearje)
Species (1995) • Species II (1998) • Species III (2004) • Species: The Awakening (2007)