Stienwikerlân

(Trochferwiisd fan Steenwijkerland)

Stienwikerlân (Nederlânsk: Steenwijkerland; Nedersaksysk: Steenwiekerlaand of Stienwiekerlaand) is in gemeente yn de provinsje Oerisel mei 45.460 (1 jannewaris 2024, boarne: CBS) op in oerflak fan likernôch 330,00 km² (dêr't likernôch 33 km² fan wetter is).

Stienwikerlân

Gemeentehûs
flagge wapen
lokaasje
polityk
lân Nederlân
provinsje Oerisel
sifers en geografy
haadplak Stienwyk
grutste plak Stienwyk
ynwennertal 45.460 (1 jannewaris 2024) [1]
befolkingstichtens 154 ynw./km²
oerflak 321,59 km²
● wêrfan lân 288,27 km²
● wêrfan wetter 33,32 km²
tal stêden 3
tal doarpen 19
ferkearsieren A31 N331 N333 N334 N351
spoar fan Swol nei Ljouwert
skiednis
oprjochte 2001
oar
netnûmer 0521
tiidsône UTC +1
simmertiid UTC +2
webside Side gemeente
Stienwikerlân mei wenplakken

Gemeentenamme

bewurkje seksje

Op 1 jannewaris 2001 waarden de gemeenten Iselham en Brederwiede oan de gemeente Stienwyk tafoege. De ynwenners fan dy twa eardere gemeenten wienen it lykwols net iens mei de namme Stienwyk. Se joegen oan in namme as "Kop fan Oerisel" of "Stienwikerlân" better te finen, om't by allinnich de namme "Stienwyk" it krekt like oft de gemeenten troch Stienwyk anneksearre wienen. Troch dy protesten is de namme fan de gemeente op 1 jannewaris 2003 feroare ta Stienwikerlân.

It haadplak fan de gemeente is Stienwyk. De gemeente hat 3 stêden, Bloksyl, Stienwyk en Follenhove, en 28 doarpen en 17 buorskippen.

Plaknamme Ynwenners (1 jannewaris 2023)[2]
Aldemerk 2.610
Baarlo 60
Baars 125
Basse 265
Belt-Schutsloot 605
Blankenham 320
Bloksyl 1.395
De Bult 530
Eesveen 610
Follenhove 4.370
Giteren 2.865
Iselham 85
Sint-Janskleaster 2.520
Kalenberch 225
Kallenkote 335
De Kúnder 925
Marijenkampen 170
Nederland 20
Onna 310
Ossensyl 570
Paaslo 405
De Pol 260
Scheerwolde 620
Stienwyk 17.495
Stienwikerwâld 1.890
Tuk 2.165
Wanneperveen 1.730
Wetering 175
Willemsoard 880
Witte Paarden 220
Zuidveen 620

Fierder hat de gemeente noch in rige buorskippen: Barsbeek, Basserveld, Blauwe Hand, De Klosse (foar in part), Dinxterveen, Doosje, Dwarsgracht, Heetveld, Jonen, Kadoelen, De Kolk (foar in part), Leeuwte, Moespot, Molenhoek, Muggenbeet, Ronduite, Zuideinde.

Ferdieling sitten gemeenteried

bewurkje seksje
Gemeenteriedssiten
Partij 2006 2010 2014 2018 2022[3]
BGL (Bûtengewoan Leefber) 2 3 6 6 8
CPB (Kristlike Partij Boargerbelangen) 3 3 4 3 5
PvdA 8 6 5 5 4
VVD 3 4 3 4 3
CDA 5 5 4 4 2
CU 2 2 2 2 2
GL - - - 2 2
D66 - 1 3 1 1
PAS (Progressyf Alternatyf Stienwikerlân) 2 2 - - -
SP 2 1 - - -
Totaal 27 27 27 27 27
Opkomst ? ? ? ? 55,19%

Keppeling om utens

bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

  Stienwikerlân  
Stêden:
BloksylFollenhoveStienwyk
Doarpen:
AldemerkBelt-SchutslootBlankenhamEesveenGiterenKallenkoteDe KúnderOssensylScheerwoldeSint-JanskleasterStienwikerwâldWanneperveenWillemsoard
Buorskippen en útbuorrens:
BaarloBaarsBarsbeekBasseBasserveldBlauwe handDe BultDoosjeDinxterveenDwarsgrachtEeseHeetveldIselhamJonenKadoelenKalenberchDe Klosse (foar in part)De KriegerDe KolkLeeuwteMarijenkampenMoespotMolenhoekMuggenbeetNederlandOnnaPaaslooPoepershoekDe PolRoekeboschRonde BlesseRonduiteThijTukWesteindeWeteringWitte PaardenZuideindeZuidveen
  ·   ·  
Oerisel
 
Flagge fan de provinsje Oerisel
Almelo - Borne - Dalfsen - Dimter - Dinkellân - Haaksbergen - Hardenberg - Hellendoorn - Hengelo - Hôf fan Twinte - Ynskedee - Kampen - Losser - Oldenzaal - Olst-Wijhe - Ommen - Raalte - Rijssen-Holten - Staphorst - Stienwikerlân - Swartewetterlân - Swol (haadstêd) - Tubbergen - Twinterâne - Wierden
  ·   ·