Noardeastpolder

(Trochferwiisd fan Suderleech)

De Noardeastpolder (Nederlânsk: Noordoostpolder), yn it Frysk ek wol it Suderleech neamd, is in polder en in gemeente yn de provinsje Flevolân, mei 50.043 ynwenners (1 jannewaris 2024, boarne: CBS), en mei in gebiet fan 595,41 km2, dêrfan 135,37 km2 wetter.

Lizzing fan Noardeastpolder
Satellytfoto fan de Noardeastpolder

De Noardeastpolder wie in part fan it Suderseeprojekt, it projekt om de eardere Sudersee yn te polderjen. Op 3 oktober 1939 waard de dyk fan De Lemmer nei Urk sletten, wat betsjutte dat Urk net langer in eilân wie. Op 13 desimber 1940 waard ek de Oeriselder dyk sletten, sadat de takomstige polder omsletten wie troch lân en diken. Op 9 septimber 1942 wie it wetterpeil omleechbrocht oant dat fan de fearten yn de nije polder, sa't de polder offisjeel drûchfallen wie. Binnen de polderdyken lei ek Skoklân, wat dêrmei ek part fan it fêstelân woarn wie.

Oant 1 july 1962 waard de nije polder bestjoerd troch in lândrost; op dy datum waard de polder tydlik in gemeente fan Oerisel, oant de gemeente 1 jannewaris 1986 part waard fan de nije provinsje Flevolân.

By de ynrjochting fan de polder wie útgongen fan ien haadplak yn it sintrum, mei dêromhinne tsien lytsere doarpen op net mear as 5 kilometer fan it haadplak, en by elts plak in bosk. De nammen fan de plakken binne allegear nammen fan plakken dy't ea yn dy omkriten lein hawwe, mar dy't yn de see ferdwûn binne.

 
Sânsûgers oan 't wurk by de oanlis, 1937

De polder wurdt yn trije parten dield troch de haadfearten, de Lemster Feart, de Urker Feart en de Swolster Feart, dy't yn Emmeloard by elkoar komme.

Oan it oarspronklike dikeplan binne letter de A6 fan De Jouwer nei Lelystêd en de N50 fan Emmeloard nei Kampen tafoege.

Komôf plaknammen yn de gemeente

bewurkje seksje
  • Emmeloord ûntlient syn namme oan it doarpke op de noardpunt fan it eardere eilân Skoklân.

Dat eilân lei yn de Sudersee. It doarpke hiet earder (1478) Emelwerth. Eem, it earste diel fan Emel-, komt fan it Germaanske amy, in algemiene oantsjutting foar in natuerlike wetterrin. Werth betsjut terp. Sûnt 1650 sjogge wy lykwols dat de namme omset is nei Emeloirt. Oirt (troch de i efter de o sprekt men it út as oart) betsjut punt, krektas yn Dinteloort en IJoort (letter IJdoorn). De oergong fan werth nei oart hat wierskynlik te krijen mei de ôfbrokkeling fan it eilân Skoklân. Dêrtroch wie Emelwerth hieltyd minder in terp mar kaam stees mear op de punt (oirt) fan it eilân te lizzen.

  • Ens is sadwaande ek oan syn namme komd, it is neamd nei it súdlike diel fan it eilân Skoklân. De wenkearnen Middelbuurt en Zuidert foarmen tegearre Ens, dat yn 1859 ûntromme waard, doe't it wenjen dêr te gefaarlik waard.
  • Bant is neamd nei it doarpke Bantegea, dat eartiids yn Lemsterlân lei en wierskynlik troch de see ferswolge is. Yn Lemsterlân hat men trouwens nei de oarlochde namme Bantegea jûn oan in eartiidsk ûnderdiel fan it doarp Ychten.
  • Kreil is ofwol ferneamd nei in sânbank yn de eardere Sudersee by Strum, ofwol nei it Kreiler Wâld.
  • Espel hat ek de namme west fan in doarp, dat ea benoarden Urk lei. Dat ferdwûne doarp komt yn de histoarje ek foar ûnder de nammen Espelbergh en Espelo.
  • Kraggenburch hat syn namme ûntliend oan de eardere flechthaven oan de mûning fan it Swolske Djip. De ljochtwachterswente, it einpunt fan in lange lieddaam, is nei de ynpoldering net ôfbrutsen en stiet no yn it nije lân.
  • Luttelgeast waard neamd nei in plakje, dat ea by it doe tige foarname Kúnder lei.
  • Marknesse is neamd nei Marcnesse of Marenesse, in doarp dat neffens de kroniken yn de buert fan Urk en Skoklân lein hat.
  • Nagele is in namme, dy't doe't de Noardeastpolder ûntstie, krekt net ferdwûn wie. Alde Suderseefiskers bewearden wol, dat se harren netten skuorden oan de restanten fan it plak Nagele (op âlde kaarten foarkommend ûnder de nammen Naghele en Nakala) dat ea tusken Urk en Skoklân lei. Byleauwige seelju hearden dêr by stoarmwaar sels de klokken fan de troch de see ferwoaste toer lieden.
  • Rutten is ôflaat fan Ruthne, in doarp dat yn de 14e iuw noch noardlik fan Urk lein hawwe moat.
  • Tollebeek lei earder yn de buert fan Urk, it plak is in stêdebân oangien mei Tollembeek yn Belgje

In part fan de gemeente Urk leit al yn de polder, mar Urk is in aparte gemeente.

Sustergemeente

bewurkje seksje

De gemeente Noardeastpolder hat de Noarske gemeente Ringerike as sustergemeente.

Keppeling om utens

bewurkje seksje
Flevolân
 
Flagge fan de provinsje Flevolân
Almeare - Dronten - Lelystêd (haadstêd) - Noardeastpolder - Urk - Zeewolde
  ·   ·