Sythiemastate
Sythiemastate stie krekt east fan de âlde buorren fan Hallum, gemeente Ferwerderadiel. Fan de state is neat werom te finen.
De oarsprong sil yn de 13e of 14e iuw lein hawwe. Foar it earst wurde de Sythiema's neamd neffens Upcke fan Burmania yn 1397. Onne Sythiema soe doe grytman fan Ferwerderadiel west hawwe. Mooglik wie hy deselde as 'Onna Sikama tho Hallum' dy't yn 1408 as segelder foarkomt. Yn in folgjende generaasje wurdt in Syds Sithiema neamd, dy't mei 'Fettie te Bornwerd' troude, mooglik stamjend út de Remmersma's fan Dokkum en letter wertroud mei Sape Minnoltsma te Boarnwert.¹)
De filiaasje fan de Sithiema's yn de 15e iuw is fierders op guon punten problematysk. Grif is der kontinuïteit fan de 14de iuw út, mar de details binne net dúdlik. Benammen de relaasje mei de Botnia's fan Marrum, de Sickema's te Hallum en de Jellinga's te Britsum is ûndúdlik. Om 1461 krige in Tzaling Sytyama in skeel mei in oare Hallumer ealman, Schelte Jaijama. Op Palmsnein fan it folgjende jier dagen hja elkoar út ta in kampslach yn Marrum, mei as gefolch dat Tjalling deadlik ferwûne rekke en stoar. Hy hie lykwols syn tsjinstanner yn in knibbel rekke, dy't dêr letter ek oan ferstoar. De skiedskriuwer Ocko Scharlensis skriuwt oer Tjalling: "dat hij was een zeer stout en koen man, de stoutste en onversaagste onder alle heerschappen op die tijd in Friesland, die veel oorloogde tegen de vetkoopers in Ferwerderadeel en daaromtrent, want hij ze een groot vijand was." Syn eardere freonen moatte him wol tige ferrieden hawwe om sa'n haat te fertsjinjen. Neffens Worp fan Thabor soe Tjalling oar fan oarsprong lykwols gjin Sythiema mar in Botnia west hawwe. ²) Of dat wier sa is, wie en is noch altiten net mei wissichheid te sizzen. Ek yn de 16e en 17e iuw bestienen hjiroer al fragen. Upcke fan Burmania, Winsemius en Schotanus bygelyks suggerearren dat Tjalling Sytyama alias Botnia yndie in sib wie fan de Sythiema's. Ut wraak foar syn deaslach soe de Britsumer haadling Lieuwe Jellinga, krekt as Tjalling Botnia/Sythiema in Skieringer en neffens Burmania in soan fan Syds Sithiema en Fettie te Boarnwert, yn 1463 Remke Donia ferbaarnd hawwe. ³)
In soan fan Syds Sithiema en broer fan Lieuwe Jellinga wie neffens Burmania Onne Sithiema dy't yn 1472 grytman fan Ferwerderadiel west hawwe soe. Onne syn soan Syds Sytiama (ek Sixtus neamd) stelde yn 1498 syn hues to Hallum by nacht ende by dey open voor de stad Leeuwarden. Yn 1500 wie hy grytman fan Ferwerderadiel en yn 1505 waard hy ûnder de edelen fan Ferwerderadiel neamd. Syn widdo Womck Juckema wie yn 1511 eigneresse en brûkster fan Sythiemastate.
Nei Womck har dea fererve Sythiemastate op harren soan Haring. Hy wie yn 1549 1549 lid fan Deputearre Steaten en ‘medegecommiteerde’ foar it regeljen fan in geskink oan de prins fan Spanje, dy't letter kening Philips II wurde soe. Ek wie hy ôffurdige op de lândei fan 17 jannewaris 1550, wêrop de eed fan huldiging oan Philips II besprutsen waard, far it gefal keizer Karel V ferstjerre soe. Yn 1540 hie Syds fan Tiaerda, troud mei Harings suster Moed al op de state longere: yn syn testamint fan dat jier stelde hy dat it like dat Haring sûnder bern ferstjerre soe; "also verhoepen myn huusfrowe ende ick dat hy dye state, te weten dat tymmert, bespreken sal een van onse soens." Yn 1550 fermakke Jeye Sickinghe, frou fan Haring Sythiema, har oandiel fan "Sythiema husingen ende tymmeringe, structuren ende edificien, groot ende cleyn, sampt hoff, plantinge van bomen, opgravinge van grafften ende dergelycke, met levende beesten, rechten en ghewalt" oan har man. Hja hâlde der ek rekken mei dat Haring sûnder bern stjerre soe; yn dat gefal soenen de bern fan Moed en Syds Tiaerda it heule goed erve. Jeye ferstoar yn 1552 en Haring hat foar har grêf in sark meitsje litten troch de ferneamde stienhouwer Benedictus Gerbrands te Frjentsjer. Nei de dea fan Jeye wertroude Haring, ridder fan Jeruzalim, mei His fan Eminga dy't yn 1578 noch op Sythiema wenne. Harren portretten út 1603 kommend fan Wiardastate hingje yn it Frysk Museum te Ljouwert. By His krige Haring dochs noch meardere bern. Yn 1580 wenne harren soan Syds Sythiema op de state. Hy wie troud mei Frouck fan Cammingha en ek harren portretten út 1608 binne yn it Frysk Museum. Yn 1640 wie harren soan Haring eigener. Dizze Haring fan Sythiema II wie ien fan de yn Hallum wenjende lânjonkers oan wa't op 19 febrewaris 1664 troch de Steaten fan Fryslân oktroai ferliene waard foar de oanlis fan it trekwei lâns de feart fan Hallum nei de Dokkumer Ie. Hy erfde fan syn muoike His fan Eminga yn 1657. It wapen fan Haring en syn frou Perk fan Ringia kaam foar op de poarte fan Wiardastate te Goutum; mooglik wenne it pear dêr. Se binne yn Hallum begroeven ûnder de sark fan syn âlden.
Harren dochter, lêste fan Sythiema, boaske Frans Hessels fan Eminga en stoar jong yn 1675. Hy wertroude in nammegenoate en beneamde as syn erfgenamt syn soan Syds Hessels. Dy komt neffens Cannegieter foar yn it floreenkohier fan 1698 en ferstoar yn 1708. Yn it stimkohier fan 1698 is Arent fan Bolten kurator oer Syds Hessels. Yn 1728 fererve Sythiemastate oan Ruurd fan Burmania troud mei Elisabeth fan Eminga en sa kaam de state yn hannen fan Minno Frans fan Burmania, dy't ek eigener wie fan Waltastate te Boazum, dat hy slope liet. Omdat Walta lykwol belêste wie mei in fidei commis datearjend fan 1538, makke de widdo Ewsum, frouwe fan Lulema dêrtsjin beswier en de erfgenamten fan Minno Frans, Sixma fan Andla wie net sa goed of hy moast Waltastate wer opbouwe. Dêrom liet hy op syn beurt Sythiemastate te Hallum slope. Yn 1796 wurde it hoarnleger en de terreinen ferkocht wêrûnder de 'poortfenne', it appelhôf en `de trans over het geheel'. D. Cannegieter neamt dat der `enige jaren geleden' in pear kelders fûn binne en dat it `fraaie bosch binnen de grachten de laatste jaren' hielendal útrûge is.
Oerbliuwsels
bewurkje seksjeIt laach Fan Sythiema hie twa grêfkelders yn it koar aan de Hallumer tsjerke. op de stien dy 't de yngong fan de earste kelder bedekte wurde de nammen Haringh Onne fan Sijthiema, Hessel fan Sijthiema, Idsaert fan Sijthiema en Bibiana fan Sijthiema fermelden. Dêrneist leit in sark fan Sijds fan Sijthiema († 1636) en syn frou Frouck fan Kamminga († 1623). Op dizze sark hawwe de kertierwapens fan Sytthiema, Eminga, Roorda, Camminga, Ringia, Goslinga, Donia en Liauckama stien. Teffens stiet op dizze sark dat op 11 july 1668 de "Edele en Erentpheste Joncker Haring van Sijthiema op Sijthiema, oud 57 jaren" stoarn is en syn frou Perck fan Ringia yn 1673, noch mar 40 jier âld. Op 18 july 1675 is ferstoarn Bouck Susanna fan Sythiema, de frou fan de "hoog welgeboren heer Frans van Eminga, nog maar 18 jaar oud".
Mei Offinga en Goslinga hearde Sythiema ta de wichtichste staten fan Hallum, as wy soks teminsten ôfmjitte oan de grutte ômgrêfte stinsterreinen en de neite fan it doarp en de tsjerke. Op de kaarten fan Sibrandus Leo (1579) en Winsemius (1622), en ek op lettere kaarten, is Sythiema stees as aadlike state oanjûn.
De kadasterkaarten jouwe it terrein dúdlik oan. It wie rjochthoekich en lei mids in grêft, wêrbinnen noch in omgrêfte eilân lei. Nei't de Hear Regnerus te Hallum, dy't it terrein jierren bewurke, om 1980 melde, soe dêr in soad pún fûn wêze en in stins stien hawwe kind. Yn it oare terrein wienen kronkelpaden wer te kennen, blykber oerbliuwsels fan de troch Cannegieter fermelde bosk.
Yn 1977 is it terrein bouryp makke en binne yn de line fan it noch besteande Poartepaad de fûneminten fûn fan in poartegebou oer in grêft. It poartsje, dat yn 1899 ôfbrutsen is, wie neffens de tekening fan D. Cannegieter en Bulthuis/Stellingwerf 1671 datearre.
Neffens gegevens fan it Biologysk Archeologysk Ynstitút, dat de opgraving útfierde, bestie it opgeande mitselwurk fan it poartegebou ûnderoan út reade bakstien fan 26 x 6,5 sm, hegerop út giele stien fan 20,3 x 4,5 sm mei in bûtenkant fan pearsreade stien fan 18,5-19 x 4,5 sm. De oerspanning ûnder de brêge wie krap 2 m tusken twa lânhaden, dy't oan beide kanten twa âldere fûndearrings hienen steunbeareftige blokken mitselwurk, dêr't de oanset fan mitsele bôgen yn te sjen wie. De 17e-iuwske poarte ferfong dus in mitsele bôgebrêge, dêr't it middendiel beweechber fan west hawwe kin. De foar- en eftergevel fan de 17e-iuwske poarte sille op it plak fan de âldere pylders stien hawwe. Dy wienen fundearre op in bêd fan balken. De wangen fan de lânhaden wienen keppele troch fjouwer lange trekbalken mei ankers, twa op âldere bôgeoansetten en twa yn de ûnderbou fan de foar- en eftergevel fan de poarte.
De tekening fan Stellingwerf toant in gearstald gebou, dêr't de tagong en de heaks dêrop steande fleugel fan ûnderkeldere wienen. Mooglik stamme it de tagong noch út de Midsiuwen en waard dêr yn de 16e iuw in wenfleugel oanboud. De krúskesinen steane dêr ommers noch yn nissen en de topgevels hawwe lytse pinakels. Letter soe dat part útwreide wêze kinne en in heaks dêrop steande oanbou krigen hawwe kinne mei in leger part fan it âldste boublok. De tekening jout lykwols gjin mooglikheden ta datearjen.
- ¹) Sjoch Minnoltsma te Boarnwert en Remmersma te Dokkum.
- ²) Ien mooglike ferklearring foar de dûbelde namme Sytyama alias Botnia is betizing mei Tzaling Botnia's pakesizzer Tzialingh Sidses Sitzema of Botnia. Sjoch Botniastate te Marrum en GJB (1998) 136-137. In oare ferklearring kin wêze dat Tjalling Botnia yndie besibbe wie mei de Sythiema's.
- ³) By Worp fan Thabor wurde de beide foarfallen noch net eksplisyt mei elkoar yn ferbân brocht. Sjoch ek Jellingastate te Britsum, Botniastate (Marrum) te Marrum, Doniastate en Jayemastate te Hallum.
Bewenners
bewurkje seksje- 1307 Oene Sijthiema
- 1420 - 1461 Tjalling Sythijema
- < 1505 Syds van Sythiema en syn frou Womck Juckema
- 1505 - 1522 Womck Juckema
- 1522 - 1557 Haring fan Sythiema
- < 1636 nei alle gedachten Sijds fan Sijthiema
- < 1668 Haring van Sythiema en syn frou Perck fan Ringia
- 1668 - 1673 Perck fan Ringia
- 1673 - 1675 Bouck Susanna fan Sythiema en Frans Hessels fan Eminga
- 1675 – 1698 Frans Hessels fan Eminga
- 1698 – 1708 Syds Hessels fan Eminga
- 1728 Ruurd fan Burmania troud mei Elisabeth fan Eminga
- Minno Frans fan Burmania
- Sixma fan Andla
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|