The DUFF (roman)
The DUFF is in jeugdroman fan 'e hân fan 'e Amerikaanske skriuwster Kody Keplinger. De titel ferwiist nei de ôfkoarting DUFF foar "Designated Ugly Fat Friend", oftewol de "Lilke Fette Freon(dinne) fan Tsjinst". It boek fertelt it ferhaal fan Bianca Piper, in learlinge oan 'e middelbere skoalle yn in lyts plak op it plattelân fan 'e Amerikaanske steat Kentucky, dy't op in stuit de oantsjutting DUFF opplakt kriget fan in yrritante jonge út har klasse. Hoe't Bianca dêrmei omgiet, en mei de skieding fan har âlden, it alkoholisme fan har heit en de weromkear fan 'e eks-frijer dy't har tige kwetst hat, is op syn minst ferrassend. The DUFF waard yn 2010 publisearre troch de útjouwerij Poppy yn New York. In lettere roman fan Keplinger, Lying Out Loud, spilet yn deselde wrâld as The DUFF, mar hat oare haadpersoanen. De romantyske komeedzje The DUFF, út 2015, is in ferfilming dy't hiel loskes op 'e roman mei deselde namme basearre is.
The DUFF | ||
algemiene gegevens | ||
auteur | Kody Keplinger | |
taal | Ingelsk | |
foarm | roman | |
sjenre | jeugdliteratuer | |
skreaun | 2008 | |
1e publikaasje | 2010, New York | |
oarspr. útjwr. | Poppy | |
kodearring | ||
ISBN | 978-0 31 60 84 239 |
Eftergrûn
bewurkje seksjeThe DUFF begûn as in grap doe't Kody Keplinger (1991) yn 2009 yn it eksamenjier fan 'e middelbere skoalle siet op 'e McLean County High School yn Kentucky. Doe't se koart nei âld en nij de term "DUFF", in ôfkoarting foar "Designated Ugly Fat Friend" (oftewol de "Lilke Fette Freon(dinne) fan Tsjinst") foar it earst hearde fan in famke dat oan har tafel siet yn 'e kantine. Keplinger wist net wat it betsjutte, dat se fernaam dêrnei. Doe't it har útlein waard, sa sei se yn 2014 yn in fraachpetear yn 'e pleatslike krante, de Messenger-Inquirer fan Owensboro, hie se trije gedachten: "Yn it foarste plak: 'Wat grappich.' Doe: 'Wat gemien.' En doe: 'Dat bin ik. Ik bin de DUFF.'" Se prate deroer mei har freondinnen en sei tsjin dyselden dat se der in boek oer skriuwe soe. Dat wie earst in grap, mar waard letter bittere earnst. Geandewei it skriuwen krige se lykwols foar it ferstân dat "eltsenien tinkt dat hy of sy de DUFF yn syn of har groep is."
Ynhâld
bewurkje seksjeBianca Piper is in learlinge oan in lytse middelbere skoalle yn in stedsje op it plattelân fan 'e Amerikaanske steat Kentucky. Hja is frijwat synysk, sarkastysk en pessimistysk en hat net folle op mei de dingen dêr't famkes fan har jierren ornaris drok mei binne, lykas sport, jonges en útgean. Bianca hat twa goede freondinnen, de sportive cheerleader Casey Blithe en de naïve mar altyd optimistyske en fleurige Jessica Gaither. Dy beide slepe har geregeldwei mei nei in útgeansgelegenheid foar de pleatslike jongerein dy't The Nest hjit.
Op in jûn yn jannewaris, as Bianca dêr wer ris oan 'e bar kola's drinkt en wachtet oant it tiid is om op hûs oan wylst se tasjocht hoe't Casey en Jessica har fermeitsje op 'e dûnsflier, wurdt se oansprutsen troch har klasgenoat Wesley Rush. No moat Bianca neat fan Wesley hawwe, want hoewol't er tige oantreklik is, hat er de reputaasje in rokkejager te wêzen, dy't eltse wike mei in oar famke omslacht. Se sit dus net te wachtsjen op in petear mei him, mar hy leit har út dat er wol dat oaren sjogge dat er mei har praat, om't sy de DUFF fan har freonegroep is. Bianca wit net wat dat is, dat Wesley leit har út dat DUFF in ôfkoarting is foar "Designated Ugly Fat Friend" ("Lilke Fette Freon(dinne) fan Tsjinst"). Hy heakket dêroan ta dat in konneksje fan him mei har derfoar soargje sil dat Casey en/of Jessica mei him útgean wolle sil. Bianca is sa misledige dat se him in glês kola yn it gesicht goait, Casey en Jessica opsiket en meiskuort, en nei hûs giet. Neitiid kin se de gedachten oan wat Wesley sein hat, net mear kwytwurde om't se beseft dat er gelyk hat: sy is de DUFF fan har groepke.
Bianca is al jierrenlang stilwei fereale op in klasgenoat fan harres, dy't Toby Tucker hjit. Toby is gjin sportiveling lykas Wesley, mar in bytsje in nerd dy't goed meikomme kin op skoalle en it smout opsizze kin. Bianca dreamt derfan om him te freegjen om mei har út te gean, mar der binne ferskate obstakels dy't har dat belette. Yn it foarste plak kin se net mear goed út har wurden komme as se yn oanwêzigens fan Toby is. Boppedat hat se trije jier lyn in hiel aaklike ûnderfining hân, doe't se foar it earst fereale rekke op in jonge. Dy siet trije klassen heger as har en omreden fan it leeftydsferskil liek it harren better om it stil te hâlden. Se hiene inkele moannen in geheime, seksuele relaasje, en Bianca tocht dat se ferkearing hiene, mar úteinlik die bliken dat sy in skarrel wie dy't er derby hie. Bianca kaam dêr pas efter doe't syn wiere faam har bestean ûntdiek en del kaam om har it mannewaar op te sizzen.
Dy jonge wie Jake Gaither, de âldere broer fan Jessica, mei wa't Bianca pas neitiid befreone rekke is. Sy en Casey hawwe Jake syn bedragerij foar Jessica altyd stilholden. Mar nei har ûnderfining mei Jake hat Bianca harsels foarnommen dat se har nea wer yn in posysje pleatse sil wêryn't in jonge har sa sear dwaan kin. Hoewol't it sadwaande ek mei Toby Tucker neat wurde kin, koesteret Bianca dochs har dreamen oer him. As se op in dei, in skoftke nei har konfrontaasje mei Wesley yn The Nest, Toby tsjin ien sizzen heart dat er al twa jier ferkearing hat mei in famke dat nei in oare skoalle giet, is dat foar Bianca dochs in aaklike snútslach. Letter dyselde deis heart Bianca tafallich har heit Mike oan 'e tillefoan rûzje hawwen mei har mem Gina. It houlik fan har âlden is de lêste jierren yn it neigean rekke en de iennichste dy't dat net sjen kin (of wol) is har heit. Har mem is in skriuwster fan selshelpboeken, dy't troch it hiele lân lêzings jout en hieltyd minder faak thúskomt. Mei tsjinnichheid bejout Bianca har dy jûns mei Casey en Jessica nei The Nest. As Wesley har dêr oan 'e bar op 'e nij oansprekt, tutet se him spontaan om harsels ôflieding te besoargjen fan 'e rotdei dy't se hân hat. Fuort dêrnei jout se him in klap yn it gesicht as is it syn skuld dat se him tute hat en skonket fuort, Wesley alhiel yn betizing efterlittend.
Tink derom: Yn de tekst hjirûnder wurdt de ôfrin fan it ferhaal beskreaun.
As jo it ferhaal sels lêze wolle, is it mooglik better dat jo it no folgjende diel fan 'e plotbeskriuwing (earst noch) net lêze. |
Letter op skoalle pleaget Wesley Bianca om't se him tute hat, in feit dêr't er frijwat waanwiis oer docht. Bianca bewissiget him derfan dat se him noch altyd hatet en nimt har foar om him út 'e wei te gean. It tafal wol lykwols dat inkele dagen letter de leararesse Ingelsk, frou Perkins, de klasse in húswurkopdracht jout om in essay te skriuwen oer de roman The Scarlett Letter fan Nathaniel Hawthorne, dy't se yn klasseferbân lêzen hawwe. Dêrfoar wurde de learlingen yn twatallen yndield, en Bianca wurdt ta har argewaasje oan Wesley keppele. Se prate ôf dat Wesley letter by har thús delkomme sil sadat se it essay skriuwe kinne. Mar dat is krekt de deis dat Bianca har mem fia har abbekaat de papierren foar in skieding fan Bianca har heit stjoert. Har heit, dy't foar Bianca har berte alkoholist wie mar al achttjin jier nofter is, kriget troch dy klap in weromfal. Hy giet oan 'e drank en slacht de wenkeamer koart en klien. As Bianca thúskomt, treft se dêr in ravaazje oan en har heit dy't syn roes útsliept.
Bianca wol Wesley dan net oer de flier hawwe, dat ynstee slacht se foar om by him del te gean. Wesley komt út in tige begoedige fermidden en bewennet mei syn âlden en syn suske Amy in mânske filla. Hy is lykwols allinne thús as Bianca dêr komt. Yn syn keamer krije se wer rûzje, dat útrint op tútsjen. Bianca, dy't mear as ea tefoaren ôflieding fan 'e sitewaasje thús brûke kin, nimt it inisjatyf ta it hawwen fan seksuele omgong. Salang't se mei Wesley op bêd is, dy't lykas ferwachte in goede minner blykt te wêzen, hoecht se net te tinken oan har problemen. Se hâldt lykwols neitiid fol dat se him hatet en hy giet troch mei har "Duffy" te neamen, wat se hiel ferfelend fynt. Bianca fertelt oan Casey noch Jessica wat der foarfallen is mei Wesley, en likemin hoe't it derfoar stiet mei har thússitewaasje, mei't se har skammet foar it hâlden en dragen fan har heit.
Op skoalle fertelt Jessica sûnder euvelmoed dat har broer Jake fjirtjin dagen thús komt fan 'e universiteit. De oantinkens oan har aaklike relaasje mei Jake, dy't dat by Bianca opropt, en de flugge delgong fan har heit fan in freonlike man en in soarchsume heit ta in ûnferskillige en bytiden gewelddiedige sûplap, meitsje dat Bianca mei gauwens Wesley wer opsiket om seks te hawwen, sadat se in skoftke alles ferjitte kin. Se beseft dat se sels feroaret yn in soartemint drugsferslaafde, dy't hieltyd op 'e siik is nei in nije fix, mar se kin it net helpe. It rint al rillegau út op in oanhâldende stikeme seksuele relaasje, in soarte fan friends with benefits mar dan sûnder de freonskip, wêrby't Bianca en Wesley trije of fjouwer kear yn 'e wike by him thús mei-inoar op bêd geane. Meitiid fernimt Wesley nei de redens foar har sykjen nei ôflieding, dat se fertelt him oer Jake Gaither, mar hâldt de sitewaasje mei har heit geheim.
Casey en Jessica fertelt Bianca likemin wat oer har heit en alhielendal neat oer Wesley. Jessica kin se maklik foar it lapke hâlde, mar Casey sjocht samar troch har leagens hinne, dat Bianca begjint har freondinnen te mijen, ta lulkens fan Casey en fertriet fan Jessica. Uteinlik, as se har ûnder druk sette, bychtet Bianca it nijs fan 'e skieding fan har âlden op, mar oer de oare dingen lit se neat los. Casey fernimt dat en fielt har bûtensletten. It komt ta in heechoprinnende rûzje tusken de beide freondinnen, dy't yn kwetsende skelwurden oer en wer einiget.
Njonkelytsen ljochtet it wat op foar Bianca. Har heit liket himsels te werpakken, en op Falentynsdei wurdt se troch omstannichheden twongen om te praten mei Toby Tucker. It docht bliken dat syn ferkearing in pear wiken lyn útgien is. Hy toant foar it earst belangstelling foar Bianca. Dyselde deis, lykwols, komt Bianca har mem Gina thús om it mei har heit Mike oer de skieding te hawwen. Mike, dy't himsels oanpraat hat dat de skiedingspapierren in misse set fan Gina har abbekaat binne, kriget neitiid op 'e nij in weromfal en rekket wer oan 'e drank.
Op in middei nei skoalle kriget Bianca, as se autopech hat, in lift fan Wesley en syn suske Amy. Bianca hat ûnderwilens foar it ferstân krigen dat it by Wesley thús ek net allegear roazegeur en moanneskyn is: syn âlden binne frijwol altyd op reis en Amy wennet net yn 'e filla, mar by har beppe, dy't in hekel hat oan Wesley om't er neffens har de famylje te skande makket mei syn wyldsinnige manear fan libjen. As se Amy by beppe ôfsette, komt it âldminske bûtendoar en feecht Wesley de mantel út om't er Amy bleatstelt oan 'e ferdjerlike ynfloed fan ien fan syn "freondinnen". It duorret eefkes foar't Bianca beseft dat beppe ymplisearre hat dat sy in slet is, mar as se deroer neitinkt, beslút se dat it âldminske der net iens safier by troch is.
Neitiid bringt Wesley har thús, dêr't se har heit stomdronken oantreffe. As har heit Wesley sjocht, neamt er Bianca in "hoer", en wannear't se him syn flesse drank ôfpakt, slacht er har del. Dêrop slacht Wesley him heal bewusteleas en skuort Bianca mei it hûs út. Se geane nei syn hûs, dêr't se him oer de skieding fan har âlden en it alkoholisme fan har heit fertelt. Wesley treastget har wylst se útgûlt. Dêrnei hawwe se foar it earst seks dy't mear betsjut as inkeld lichaamlike ûntlading. As Bianca de oare moarns yn 'e earms fan Wesley wekker wurdt en beseft dat se gefoelens foar him hat, wurdt se rare kjel. Se ferbrekt halje-trawalje de relaasje mei Wesley, foarsafier't der teminsten wat te ferbrekken falt, en skillet Casey om har ôf te heljen. Underweis nei hûs bychtet Bianca einlings en te'n lêsten har relaasje mei Wesley en it hiele DUFF-konsept oan Casey op. Se jout ta dat se gefoelens foar Wesley hat, mar hâldt by heech en by leech fol dat se net fan him hâldt. Hoe dan ek moat se sjen dat se by him wei bliuwt, want hoe soe in jonge as hy no ea fan in DUFF as har hâlde kinne?
Sadree't er dy deis by sûpe en stút is, ûntskuldiget Mike Piper him út en tenei foar syn dochter oer. Tegearre mei Bianca jit er alle drank troch it goatsgat. Neitiid begjint er wer nei A.A.-gearkomsten te gean om syn drankferslaving ûnder de tomme te hâlden. Bianca leit har skeel mei Casey en Jessica hielendal by en de trije freondinnen wurde wer like close as fan âlds. No is it Wesley dy't se besiket te mijen, wat net bot slagget. Se tinkt der de hiele dei oan dat se net oan him tinke moat. Pas as Toby Tucker har om in ôfspraakje freget, kin se Wesley wat ferjitte. Toby en Bianca krije ferkearing, mar hoewol't Bianca dêr jierrenlang fan dreamd hat, is it net alhiel wat se derfan ferwachte hie. Toby is de aardichste, sympatykste jonge fan 'e wrâld, mar as hy har oanrekket, fielt se gewoan net de opwining dy't Wesley sûnder ienige muoite yn har oproppe koe.
Dan docht bliken dat har gefoelens foar Wesley dochs net ûnbeäntwurde wiene. Wesley syn suster Amy komt by Bianca om har te betankjen foar wat se foar har broer dien hat. Bianca stiet earst foar in riedsel, mar dan heart se de geroften op skoalle dat Wesley begûn is mei it ôfpoeierjen fan famkes dy't him mei op in ôfspraakje freegje, eat dat noch nea earder bard is. Wesley, waans biedwurd wie: "Wesley Rush rint net efter famkes oan; hy lit famkes efter him oan rinne", lit in bryfke foar Bianca efter mei de tekst: "Wesley Rush rint net efter famkes oan, mar efter dy rint er wol oan." As se syn tillefoantsjes net oannimt, stjoert er har in leafdesbrief en der wurdt by huize Piper sels in rottekrûddjoer bosk reade roazen fan Wesley besoarge, wêrfan't Bianca earst tinkt dat it fan Toby komt.
Op suggestje fan Toby lêst Bianca Wuthering Heights, fan Emily Brontë. Unferwachts sjocht se yn 'e plot fan dy roman, mei de trijehoeksferhâlding tusken Catherine Earnshaw en har beide frijers Heathcliff en Edgar Linton, in sitewaasje dy't analooch is oan har eigen relaasje mei Wesley en Toby. Underwilens kriget se foar it ferstân dat har eigen status fan DUFF ferrifeljend en ûnbelangryk is, mei't eltsenien bytiden wol de DUFF fan syn of har groep is, wat neat te betsjutten hat foar jins fierdere ûntwikkeling. Se nimt har foar om tenei gjin foaroardielen tsjin oare minsken mear te koesterjen. As se op in ôfspraakje mei Toby yn The Nest is, merkt hy op dat Wesley nei har sit te stoarjen. Toby freget har dan oft se net leaver by Wesley wêze wol, om't se sa oerdúdlik gefoelens foarinoar hawwe. Krekt sa't Bianca Toby brûkt om te besykjen en ferjit Wesley, sa brûkt Toby har om oer syn eks-freondinne Nina hinne te kommen. Hy bychtet op dat hy, likemin as sy, de echte gemy tusken harren fielt dy't der wêze moatte soe. Bianca en Toby beslute freonen te bliuwen en in punt efter de ferkearing te setten. Bianca jout har by Wesley, fan wa't se op net mis te fersteane wize in ferkearing easket sa't normale teenagers dy hawwe, dus foarearst sûnder seks. Hy beslút te nimmen wat er krije kin en ûnthjit har dat er har nea wer "Duffy" neame sil.
Untfangst
bewurkje seksjeKody Keplinger skreau The DUFF yn 2008, doe't se sels noch mar santjin jier wie en yn it eksamenjier fan 'e middelbere skoalle siet. It duorre eefkes om in útjouwerij te finen, mar op 7 septimber 2010 waard The DUFF publisearre troch Poppy, in ymprint foar literatuer foar jongfolwoeksenen fan Little, Brown and Company yn New York. It boek wie tige súksesfol en helle sels de bestsellerlist fan 'e renommearre krante The New York Times (yn 'e Feriene Steaten it ultime bewiis dat men it as skriuwer "makke" hat).
Yn in resinsje yn 'e Britske krante The Guardian stie: "Hoewol't The DUFF steamjende leafdessênes befettet en in trijehoeksferhâlding dy't perfoarst ta trochlêzen oansette sil, boarret Keplinger ek serieuzere tema's oan: lichemsbyld, alkoholisme en de offers dy't men bringe moat foar freonskip. Hja hat der ek slach fan om te skriuwen yn 'e autentike stim fan in teenager. Dat helpt ôfgryslik om it boek geande te hâlden."
Filmadaptaasje
bewurkje seksje- De Wikipedy hat ek in side The DUFF (film).
Yn febrewaris 2015 kaam ûnder rezjy fan Ari Sandel in ferfilming fan The DUFF út, dy't ek The DUFF hjit. De haadrollen waarden spile troch Mae Whitman as Bianca en Robbie Amell as Wesley. De film krige fan 'e filmkritisy oer it algemien positive resinsjes en wie ek kommersjeel súksesfol yn 'e bioskopen. It ferhaal út it boek is yn 'e film lykwols sa ferienfâldige en feroare dat it amper noch werom te kennen is. Sa wurdt de hiele subplot oer de skieding fan Bianca har âlden en it alkoholisme fan har heit weilitten, en itselde jildt foar Bianca har heit sels. Yn 'e film wennet se gear mei har mem ynstee fan mei har heit. Toby Tucker en Bianca har freondinnen Casey en Jess hawwe yn 'e film totaal oare persoanlikheden oanmetten krigen, wylst de antagoniste út 'e film, Madison Morgan, hielendal net yn it boek foarkomt. Fierders is alle seks út it boek yn 'e film weiwurden en is de frijwat swakke ein fan it boek yn 'e film folslein feroare yn in spannende klimaks.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar sekundêre boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side. |