The Heartbreak Kid (film út 2007)
The Heartbreak Kid is in Amerikaanske komeedzjefilm út 2007 ûnder rezjy fan 'e bruorren Peter en Bobby Farrelly, mei yn 'e haadrollen Ben Stiller, Michelle Monaghan en Malin Åkerman. It is in remake fan 'e film mei deselde namme út 1972. Der wurdt yn 'e film in protte gebrûk makke fan swarte humor. It ferhaal giet oer Eddie Cantrow, dy't yn it houliksboatsje stapt sûnder syn breid goed te kennen. Dat blykt in misse set, mar op syn houliksreis komt er dochs noch de frou fan syn dreamen tsjin. The Heartbreak Kid krige oer it algemien minne resinsjes fan 'e filmkritisy, mar wie kommersjeel súksesfol yn 'e bioskopen
The Heartbreak Kid | ||
film | ||
(Filmposter yn 'e Ingelske Wikipedy) | ||
makkers | ||
regisseur | Peter Farrelly Bobby Farrelly | |
produsint | Ted Field Bradley Thomas | |
senario | Scot Armstrong Leslie Dixon Peter Farrelly Bobby Farrelly Kevin Barnett | |
basearre op | The Heartbreak Kid (film út 1972) | |
kamerarezjy | Matthew F. Leonetti | |
muzyk | Bill Ryan Brendan Ryan | |
filmstudio | DreamWorks Pictures Davis Entertainment Conundrum Entertainment Radar Pictures | |
distribúsje | Paramount Pictures | |
spilers | ||
haadrollen | Ben Stiller Michelle Monaghan Malin Åkerman | |
byrollen | Jerry Stiller Rob Corddry Carlos Mencia Danny McBride | |
skaaimerken | ||
lân/lannen | Feriene Steaten | |
premiêre | 5 oktober 2007 | |
foarm | langspylfilm | |
sjenre | komeedzjefilm | |
taal | Ingelsk | |
spyltiid | 116 minuten | |
budget en resultaten | ||
budget | $60 miljoen | |
opbringst | $127,8miljoen |
Plot
bewurkje seksjeEddie Cantrow, in sportwinkeleigner út San Francisco, is yn 'e fjirtich en noch altyd allinnichsteand. Dat komt foar it meastepart om't er te twifelriedich is om te trouwen. Syn heit en syn bêste freon Mac sette him ûnder druk om 'e sprong dochs te weagjen as er wer in kâns hat. As er de brulloft fan syn eardere ferloofde Jodi besiket, wurdt er nei de tafel mei de bern ferballe om't er de iennichste allinnichsteande op it feest is. As in yrritante twilling fan tinerjonges him freget wêrom't er noch frijfeint is, antwurdet er dat er widner is en dat syn frou fermoarde is. Wylst er letter deprimearre weromrint nei hûs, sjocht Eddie hoe't in jonge frou op 'e strjitte bestellen wurdt fan har hântaske. Hy besiket de dief om 'e nocht tsjin te hâlden en rekket neitiid oan 'e praat mei de jonge frou, Lila.
In pear dagen letter siket Lila him op yn syn winkel en Eddie, dy't der ûnderwilens troch syn heit en Mac foar beskrobbe is dat er net daliks wurk fan har makke hat, freget har mei út op in ôfspraakje. Se hat likefolle belangstelling foar him as hy foar har, en se krije in relaasje. In stikmannich wiken letter fertelt Lila him dat se foar har wurk foar in perioade fan teminsten twa jier ferhúzje moat nei Rotterdam. As er freget oft der fierders net ien is dy't dêrhinne kin, antwurdet se dat alle oare gadingmakkers troud binne en dat har wurkjouwer gjin troude minsken om utens stjoerd as der ek net-trouden foar sa'n post yn oanmerking komme. Eddie beseft dat er foarkomme kin dat er Lila kwytrekket as er har freget om mei him te trouwen, mar hy wifelet. Syn heit en Mac trúnje him oan en jouwe him it lêste setsje. Eddie docht Lila in oansyk, sy jout tawurd en se trouwe koart dêrnei.
Tink derom: Yn de tekst hjirûnder wurdt de ôfrin fan de film beskreaun.
As jo de film sels sjen wolle, is it mooglik better dat jo it no folgjende diel fan 'e plotbeskriuwing (earst noch) net lêze. |
As it breidspear neitiid foar de houliksreis nei it Meksikaanske Cabo San Lucas riidt, docht lykwols bliken dat Eddie syn breid eins hielendal net sa goed ken. Sa sjongt se ûnderweis oan ien stik wei mei de ferskes op 'e radio mei, wat yn it begjin sjarmant is, mar nei in hoartsje flink begjint te ferfelen. Om't se foar de brulloft nea takommen binne oan it hawwen fan seksuële omgong, hawwe Eddie en Lila yn in motel ûnderweis nei Cabo San Lucas foar it earst seks, en dan ûntdekt hy dat sy it op bêd sa mâl docht dat se him dêrby fysyk ferwûnet.
Oare dingen dy't er yn 't foar net oer har wist, binne har eardere kokaïneferslaving en har fretterigens, dy't him bang makket dat se der mei in pear jier krekt sa út komt te sjen as har alderraarst obese mem, mei wa't er op 'e brulloft yn 'e kunde kommen is. Ek komt no pas út dat de 'dief' dy't Lila 'berôve' doe't Eddie har foar it earst seach, eins har eardere feint wie, dy't har hântaske meiskuorde om't dêr syn beurs, creditcards en kaaien yn sieten, dy't sy earder fan him stellen hie. Eddie begjint sa stadichoan te beseffen dat er in grutte flater begien hat troch sa fluch mei Lila te trouwen. Hy beseft dat er net fereale op har is, en hat in grouwéligen ôfkear fan har gewoanten en har hâlden en dragen.
Oankommen yn it resort fan omke Tito, dêr't se yn Cabo San Lucas harren houliksreis trochbringe sille, wegeret Lila beslist om 'e sinnebrânoalje te brûken dy't Eddie har oanriedt. Ynstee smaart se harsels foar it sinnebaaien inkeld yn mei babyoalje. As se tsjin 'e jûns ferskriklike sinnebrân oprûn hat, jout se dêr Eddie de skuld fan. Se tjirget har sa dat Eddie harren hotelkeamer ûntflechtet. As er allinne oan 'e bar sit, rekket er oan 'e praat mei in oare Amerikaanske toeriste, Miranda, dy't út Mississippy komt.
Miranda is mei har hiele famylje yn Cabo San Lucas om't har omke Boo en muoike Beryll der elts jier harren houliksûnthjitten fernije. Eddie fielt him fuortendaliks ta Miranda oanlutsen, en bringt de rest fan 'e jûn mei har en har famylje troch. Ek de folgjende dagen bringt er oanhâldend yn it selskip fan Miranda troch, wylst Lila yn harren hotelkeamer stadichoan opbetteret. Hy kin poerbêst mei Miranda har famylje opsjitte, útsein mei har neef Martin, dy't him om 'e iene of oare reden net fertrout.
Eddie beseft dat er yn Miranda de frou fan syn dreamen fûn hat. It iennichste probleem is dat er troud is mei Lila. Hy beslút dat er sa gau mooglik twa dingen dwaan moat: Miranda fertelle dat er troud is, en Lila fertelle dat er fan har skiede wol. Dat besiket er ferskate kearen te dwaan, mar eltse kear is der wol wat dat dertusken komt. Om't de twillingjonges fan Jodi har brulloft yn itselde resort fakânsje fiere, komt dêr it ferhaal yn omrin dat Eddie in widner is en dat syn frou fermoarde is. Dat liedt ta in misferstân wêrby't Miranda him op it hert drukt dat se syn geheim al wit, wylst Eddie opluchte is dat er net hoecht te besykjen om har alles út te lizzen.
As Lila wer safierhinne opbettere is dat se ite kin op it terras fan it resort, dat fan in hege rots útsjocht oer de Stille Oseaan, besiket Eddie har dêr te fertellen dat er skiede wol. Hy wurdt lykwols op 'e nij ûnderbrutsen, diskear troch Martin en syn broer Buzz, dy't ûntdutsen hawwe hoe't it wurklik mei Eddie sit. As Miranda dan ek noch opdaagjen komt, dy't har troch Eddie ferret fielt, besiket er har dochs noch alles út te lizzen, mar se rint efterút by him wei en falt oer de lege reling fan 'e rots ôf yn see. Hy dûkt har efternei en helpt har nei it strân te swimmen, dat inkele tsientallen meters fierderop leit. Dêrby wurdt er stutsen troch in kwab en yn alle gaos litte sawol Miranda as Lila Eddie yn 'e steek.
Neitiid ûntdekt Eddie dat Lila syn paspoart ferbaarnd hat, sadat er de Feriene Steaten net mear ynkomme kin. Hy fersinkt in skoft yn in djippe depresje. Nei ferrin fan tiid bringt omke Tito, dy't him wol slite wol, Eddie yn kontakt mei minskesmokkelders. Nei trije kear om 'e nocht besocht te hawwen om mei yllegale ymmigranten oer de Amerikaanske grins te kommen, slagget it de fjirde kear einlings. Eddie nimt kontakt op mei syn heit, dy't him nei Mississppy riidt. Dêr oankommen docht lykwols bliken dat Miranda yn 'e tuskentiid troud is mei har eardere feint, mei wa't se it útmakke hie foar't se nei Meksiko gie.
Eddie lit him lykwols net tsjinhâlde, en kringt te neare nacht Miranda har hûs binnen om har yn har sliepkeamer wekker te meitsjen sadat er har syn leafde ferklearje kin. Miranda freget him oft er soms gek wurden is. Harren bizarre petear einiget as har man wekker wurdt. Eddie seit dan ta dat er fuortgean sil as Miranda him fertelt dat se echt wier hâldt fan har man, wat se docht. Eddie dript te lider slein ôf en freget syn heit om om te sjen. As Miranda harren neisjocht, hat er noch in kâns. Syn heit werpt in blik oer it skouder en antwurdet ûntkennend, mar hy hat him te betiid wer omdraaid: Miranda ferskynt op it balkon en sjocht harren nei sûnder dat de beide mannen it trochhawwe.
Oardel jier letter is Eddie skieden fan Lila. Sy hat by de skieding syn sportwinkel yn San Francisco krigen, en Eddie is emigrearre nei Cabo San Lucas, dêr't er tegearre mei omke Tito in saak hat dy't surfplanken en oare wettersportnedichheden oan toeristen ferhiert. Op in dei arrivearret Miranda dêr wer foar it jierlikse houliksjubileum fan omke Boo en muoike Beryll. Se siket Eddie op en fertelt him dat se skieden is en wol mei him op in ôfspraakje wol. Eddie is de wrâld te ryk en praat dy jûns mei har ôf. As Miranda wer ôfset is, giet Eddie nei syn nije frou Consuela ta en fertelt har dat er letter dy jûns in earnstich petear mei har hawwe moat.
Rolferdieling
bewurkje seksje- haadrollen
personaazje | akteur/aktrise |
Eddie Cantrow | Ben Stiller |
Miranda | Michelle Monaghan |
Lila | Malin Åkerman |
- byrollen
personaazje | akteur/aktrise |
Doc Cantrow, de heit fan Eddie | Jerry Stiller |
Mac, Eddie syn bêste freon | Rob Corddry |
'omke' Tito | Carlos Mencia |
Martin, Miranda har neef | Danny McBride |
Buzz, Miranda har neef | Roy Jenkins |
Boo, Miranda har omke | Scott Wilson |
Beryll, Miranda har muoike | Polly Holliday |
Deborah, de frou fan Martin | Amy Sloan |
Gayla, de frou fan Buzz | Stephanie Courtney |
Doc syn freondinne yn Las Vegas | Kayla Kleevage |
Manuel | Luis Accinelli |
Tammy, de frou fan Mac | Lauren Bowles |
Consuela | Eva Longoria (cameo) |
Anderson, Miranda har pake | Jerry Sherman |
Jodi | Ali Hillis |
Produksje
bewurkje seksjeThe Heartbreak Kid waard regissearre troch de bruorren Peter en Bobby Farrelly nei in senario skreaun troch Scot Armstrong, Leslie Dixon, Kevin Barnett en harrensels. It wie in remake fan The Heartbreak Kid út 1972, dêr't in budget fan $60 miljoen foar beskikber wie. As produsinten wiene by de film Ted Field en Bradley Thomas belutsen foar de filmstudio's DreamWorks Pictures, Davis Entertainment, Conundrum Entertainment en Radar Pictures. De kamerarezjy waard fersoarge troch Matthew F. Leonetti, en de filmmuzyk wie fan 'e hân fan Bill Ryan en Brendan Ryan. Paramount Pictures die de filmdistribúsje. The Heartbreak Kid gie op 5 oktober 2007 yn premiêre.
Untfangst
bewurkje seksjeThe Heartbreak Kid krige oer it algemien minne resinsjes fan 'e filmkritisy. Sa neamde Peter Travers fan it tydskrift Rolling Stone it de minste remake fan it jier. Op 'e webside Rotten Tomatoes, dy't resinsjes sammelet, hie The Heartbreak Kid in leech goedkarringspersintaazje fan 29%, basearre op 156 ûnderskate resinsjes. De konsensuskrityk fan 'e webside, gearstald út al dy resinsjes, stelde: "Nettsjinsteande inkele ynnimmende optredens is The Heartbreak Kid noch sa baanbrekkend, noch sa grappich as eardere films fan 'e Bruorren Farrelly." Op Metacritic, de wichtichste konkurrint fan Rotten Tomatoes, behelle The Heartbreak Kid in goedkarringspersintaazje fan 46%, basearre op 30 resinsjes.
Resultaat
bewurkje seksjeYn 'e Feriene Steaten en Kanada brocht The Heartbreak Kid $36,8 miljoen op, en yn alle oare lannen en territoaria $91 miljoen. Yn totaal kaam dêrmei wrâldwiid de opbringst út $127,8 miljoen. Nettsjinsteande de negative resinsjes betsjutte dat, ôfset tsjin it budget fan $60 miljoen, in winst fan $68,8 miljoen.
Keppelings om utens
bewurkje seksje- (in) Offisjele webside fan The Heartbreak Kid
- (in) Ynformaasje oer The Heartbreak Kid yn 'e Internet Movie Database
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side. |