The Mummy (filmsearje fan Universal Pictures)

(Trochferwiisd fan The Mummy (franchise))

The Mummy is in Amerikaanske filmsearje fan 'e horror- en aventoeresjenres, produsearre troch filmstudio Universal Pictures (net te betiizjen mei in filmsearje mei deselde namme fan 'e Britske studio Hammer Film Productions). De filmsearje is op te dielen yn teminsten trije ûnderling yn tiid en toan sterk ferskillende dielrigen. It ûnderwerp is lykwols itselde: de mummy fan in boasaardige preester út it Alde Egypte, dy't by fersin wer ta libben brocht wurdt en in machtige flok oer de wrâld útsprekt, en it krewearjen fan heldhaftige argeologen om him tsjin te kearen.

The Mummy
betinker Nina Wilcox Putnam
Richard Schayer
eigner Universal Pictures
lân Feriene Steaten
begjinjier 1932
einjier 2017
films
langspylfilms The Mummy (1932)
The Mummy's Hand
The Mummy's Tomb
The Mummy's Ghost
The Mummy's Curse
Abbot and Costello Meet
   the Mummy

The Mummy (1999)
The Mummy Returns
The Mummy: Tomb of the
   Dragon Emperor

The Mummy (2017)

Klassike filmsearje (1932-1955)

bewurkje seksje

De klassike Mummy-filmsearje fan Universal Pictures bestie út seis dielen, wêryn't sokke ikoanyske horrorakteurs as Boris Karloff, Tom Tyler, Lon Chaney jr. en Eddie Parker de rol fan 'e mummy fertolken. Dizze films makken diel út fan 'e gruttere Klassike Meunsterfilmsearje fan Universal Pictures. De earste fiif wiene min ofte mear serieuze horrorfilms, mar it sechsde en ôfslutende diel, mei yn 'e haadrol it komyske duo Abbott en Costello, wie in komeedzjehorrorfilm.

Moderne filmsearje

bewurkje seksje

Filmtrilogy fan Stephen Sommers (1999-2008)

bewurkje seksje

Yn 1999 regissearre Stephen Sommers nei in senario fan himsels in remake fan 'e oarspronklike film út 1932. Yn dy film waard de toan ferskood fan horror nei aventoer, en kaam de klam net mear te lizzen op bangmakkerij en skrikmominten, mar ynstee op aksjesênes mei special effects, dy't ôfmakke waarden mei humor. De remake wie sa súksesfol dat der neitiid twa ferfolchfilms op makke waarden, de earste troch Sommers sels en de twadde yn neifolging fan him. De earste beide films hiene in heger gehalte oan eigentlike eleminten út 'e Egyptyske Aldheid en mytology as de films út 'e klassike searje. It trêde diel fan 'e moderne searje wie wat in frjemde ein yn 't byt, mei't er net oer in Egyptyske mummy gie, mar oer de mummy fan in Sineeske keizer.

Spin-offsearje (2002-2018)

bewurkje seksje

Op basis fan 'e foarfallen yn The Mummy Returns, wêryn't de Skorpioenekening (spile troch Dwayne Johnson) ien fan 'e antagonisten wie, ûntstie neitiid in spin-offsearje mei de Skorpioenekening yn 'e haadrol. Dy films spylje yn 'e Aldheid. Johnson kearde inkeld yn 'e titelrol werom foar de earste film. De rest fan 'e rige bestie út almar minder beoardiele B-films mei hieltyd oare akteurs yn 'e haadrol, dy't direkt-op-fideo útbrocht waarden. De Scorpion King-filmsearje wurdt ornaris, nettsjinsteande de oarsprong fan 'e earste film, net ta de Mummy-searje rekkene.

Reboot (2017)

bewurkje seksje

Ynstee fan troch te gean mei in fjirde film yn 'e moderne filmsearje, besleat Universal Pictures yn 2012 ta in reboot fan 'e Mummy-franchise. It plan wie om in mienskiplik sinematysk universum te skeppen foar alle meunsters út 'e Klassike Meunsterfilmsearje fan Universal Pictures, krekt sa't Marvel Comics dat ek foar syn superhelden dien hie yn it Marvel Cinematic Universe. It sinematysk universum fan 'e meunsters moast de Dark Universe-searje wurde. Yn dat ramt waard yn 2017 as ien fan 'e earste films in nije remake fan The Mummy útbrocht, mei filmstjer Tom Cruise yn 'e haadrol en Sofia Boutella as in froulike ferzje fan 'e mummy. De toan waard wer ferskood nei horror, en de humor ferdwûn frijwol hielendal. It teloarstellende kommersjele resultaat fan 'e film wie foar Universal lykwols oanlieding om it Dark Universe op te doeken foar't it goed en wol begûn wie.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.

The Mummy (filmsearje fan Universal Pictures)
The Mummy (klassike filmsearje fan Universal Pictures)
The Mummy (1932) • The Mummy's Hand (1940) • The Mummy's Tomb (1942) • The Mummy's Ghost (1944) • The Mummy's Curse (1944) • Abbott and Costello Meet the Mummy (1955)
The Mummy (moderne filmsearje)
The Mummy (filmtrilogy fan Stephen Sommers) The Mummy (1999) • The Mummy Returns (2001) • The Mummy: Tomb of the Dragon Emperor (2008)
The Mummy (reboot) The Mummy (2017)