The Scorpion King (film)

film út 2002 fan Chuck Russell

The Scorpion King is in Amerikaanske histoaryske fantasy-aventoerefilm út 2002 ûnder rezjy fan Chuck Russell, mei yn 'e haadrollen Dwayne Johnson ('The Rock') en Kelly Hu. De film is in prequel dy't ûnderdiel útmakket fan 'e Mummy-franchise, wêrfan't it ferhaal plakfynt 5.000 jier foarôfgeande oan 'e foarfallen yn 'e films The Mummy en The Mummy Returns. The Scorpion King leit út hoe't Mathayus oan 'e macht kaam as de 'Skorpioenekening', dat ek de oersetting fan 'e titel is. Dy oantsjutting is in ferwizing nei in histoaryske kening út it Proto-Dynastike Tiidrek fan it Alde Egypte, dy't troch argeologen en histoarisy oantsjut wurdt as 'Kening Skorpioen'. The Scorpion King krige lauwe reäksjes fan 'e filmkritisy, mar woeks yn 'e bioskopen út ta in beskieden kommersjeel súkses.

The Scorpion King
film
(Filmposter yn 'e Ingelske Wikipedy)
makkers
regisseur Chuck Russell
produsint Sean Daniel
James Jacks
Vince McMahon
Kevin Misher
Stephen Sommers
senario Stephen Sommers
William Osborne
David Hayter
kamerarezjy John R. Leonetti
muzyk John Debney
filmstudio WWF Entertainment
Alphaville Films
distribúsje Universal Pictures
spilers
haadrollen Dwayne Johnson
Kelly Hu
byrollen Steven Brand
Grant Heslov
Michael Clarke Duncan
Sherri Howard
Bernard Hill
skaaimerken
lân/lannen Feriene Steaten
Dútslân
Belgje
premiêre 19 april 2002
foarm langspylfilm
sjenre histoaryske fantasy-
   aventoerefilm
taal Ingelsk
spyltiid 92 minuten
budget en resultaten
budget $60 miljoen
opbringst $165,3 miljoen
filmsearje
filmsearje The Scorpion King (filmsearje)
● folgjend diel The Scorpion King 2:
   Rise of a Warrior

Foar de tiid fan 'e Egyptyske piramiden wurdt de wrâld fan 'e Aldheid ferovere troch in leger út it easten wei, dat oanfierd wurdt troch de ûnmeilydsume Memnon. Dyselde is kening om't er de bêste kriger fan syn folk is. Syn oerwinnings binne lykwols net inkeld te tankjen oan syn eigen kriichskeunst, mar teminsten likefolle oan 'e help dy't er kriget fan in tsjoender, dy't foar him de útkomst fan syn fjildslaggen foarseit. Sa kin er elts treffen mije dat er ferlieze sillen hie. Uteinlik binne der noch mar kwealk stammen oer dy't net troch Memnon ferslein en ûnder syn bewâld brocht, of alhiel útrûge binne.

De frije stammen komme gear om ûnder lieding fan kening Pheron in koälysje tsjin Memnon te foarmjen. Pheron nimt de lêst oerbleaune trije Akkaadjers, Mathayus, dy syn healbroer Jesup en harren freon Rama, oan as hiermoardners, om Memnon syn tsjoender út 'e ljochten te helpen. Hy is derfan oertsjûge dat er Memnon ferslaan kin salang't dy mar gjin magyske help hat. As betelling foar de hiermoard jout Pheron de trije Akkaadjers tweintich robinen, dy't it lêste restant fan 'e ynhâld fan syn skatkiste foarmje. It hantsjebakken mei de Akkaadjers liedt ta argewaasje by sawol Pheron syn soan, prins Takmet, dy't fynt dat syn heit harren fermogen fergriemt, as by ien fan syn bûnsgenoaten, de Nubyske kening Balthazar, dy't in hekel hat oan Akkaadjers.

Mathayus, Jesup en Rama witte nachts it legerkamp fan Memnon yn te glûpen, mar rinne dêr yn in mûklaach fan Memnon syn troepen. Jesup en Rama wurde delsketten mei pylk-en-bôge, en Rama stjert daliks, wylst Jesup finzennommen wurdt. Mathayus wit lykwols oan 'e mûklaach te ûntkommen en kringt de tinte fan Memnon syn tsjoender binnen. Dêr komt er ta de ûntdekking dat de tsjoender eins in tsjoenster is, en noch in hiel kreazenien ek, dy't Cassandra hjit. Syn wifeling om har te deadzjen jout de soldaten fan Memnon de kâns om him ek finzen te nimmen. It docht bliken dat Memnon foar de komst fan 'e Akkaadjers warskôge is troch prins Takmet, dy't syn eigen heit deade hat en oerrûn is. Memnon deadet de ferwûne Jesup foar de eagen fan Mathayus troch him de kiel troch te snijen. Cassandra warskôget him lykwols dat Mathayus net deade wurde mei troch himsels of immen ûnder syn befel, mei't dat de grime fan 'e goaden oproppe en him withoefolle takomstige oerwinnings kostje sil.

Tink derom: Yn de tekst hjirûnder wurdt de ôfrin fan de film beskreaun.
As jo de film sels sjen wolle, is it mooglik better dat jo it no folgjende diel fan 'e plotbeskriuwing (earst noch) net lêze.

Om Mathayus dea te krijen sûnder him sels te deadzjen of troch oaren deadzje te litten, beslút Memnon om Mathayus de oare deis oan syn hals ta begrave te litten yn 'e woastyn, op in plak dêr't fleisitende eamelders libje. Dy wurde troch guon fan syn soldaten mei rikjende toartsen út harren nesten ferdreaun. Mei help fan 'e glûpske hynstedief Arpid, dy't itselde lot treft, mar dy't himsels út wit te graven, ûntkomt Mathayus oan 'e dea. Hy beslút de misje dêr't er foar ynhierd is, te foltôgjen en tagelyk syn healbroer en freon te wreekjen.

Dêrta glûpe hy en Arpid, dy't himsels oan 'e ûnwillige Mathayus ferbûn hat, de stêd Gomorra yn, dêr't Memnon syn paleis stiet. Mei de help fan in slûchslim strjitjonkje wit er it paleis yn te kommen, dêr't er yn 'e fertrekken belânet fan Memnon syn algemist Philos. Sadree't dy heart dat Mathayus Memnon fermoardzje wol, fertelt er him wêr't de kening op dat stuit is. Dat blykt it binnenplak te wêzen. Mathayus wol Memnon fan in hegere ferdjipping ôf deasjitte mei pylk-en-bôge, mar der rinne oanhâldend tsjinners yn 't paad. En dan wurdt it strjitjonkje, dat by it ferlitten fan it paleis opmurken en finzennommen is troch in pear skyldwachten, foar Memnon brocht. De kening ûntdekt yn it besit fan it jonkje de robyn dy't Mathayus him foar syn tsjinsten jûn hat, en oarderet dat de jonge de hân ôfslein wurde moat foar dieverij. Mathayus komt dat foar en jout it jonkje de gelegenheid om te ûntsnappen, mar dêrmei makket er Memnon en syn wachters opmerksum op syn oanwêzichheid. Nei in wylde efterfolging troch it paleis einiget Mathayus op 'e top fan 'e heechste toer, dêr't er ôf knoffelet. Hy falt troch it dak fan it ûnderlizzende gebou en komt telâne yn it wetter fan it bad dat Cassandra krekt oan it nimmen is.

Mathayus nimt de tsjeppe tsjoenster mei op syn flecht troch it rioel út it paleis, wêrnei't er har út Gomorra ûntfiert. Hy wit dat Memnon no efter him oan komme sil, en dat is krekt wêr't er op rekkenet, sadat er syn opdracht ferfolje en mei de kening ôfweve kin. As Cassandra nachts besiket út te naaien, ûntdekt se dat Mathayus dêr foarsoarchsmaatregels tsjin nommen hat. Mar as se him fertelt dat se al fan bern ôf oan de finzene fan Memnon is, dy't har talint foar it dwaan fan profesijen útrûpelet, seit er dat se frij is om te gean. Se hat syn libben rêden doe't er troch Memnon finzennommen wie, en dat is er net fergetten. Mar hy warskôget har wol dat der folle gefaarliker dingen yn 'e wrâld binne as hy. Cassandra beprakkesearret dat en beslút foarearst mar by him en Arpid te bliuwen.

Underwilens stjoert Memnon syn generaal Thorak der oan it haad fan in ôfdieling soldaten op út om Mathayus te deadzjen en Cassandra by him werom te bringen. It falt Mathayus raar ôf dat Memnon net sels efter him oan komt. Hy makket gebrûk fan in sânstoarm om 'e soldaten oer it mad te kommen en skeakelet se ien foar ien út, wêrby't er Thorak oant it lêste bewarret. As Thorak fataal ferwûne rekke is en op stjerren leit, slagget it him lykwols om Mathayus noch mei in pylk yn 'e boppeskonk te stekken wêrfan't de punt ynsmaard is mei skorpioenegif. Dat kostet Mathayus op in hier nei syn libben, mar Cassandra wit him mei har tsjoenderij te rêden. By wize fan útdaging en yntimidaasje stjoert Mathayus neitiid it beblette medaljon fan Thorak werom nei Memnon.

Underweis werom nei Gomorra moetsje Mathayus, Cassandra en Arpid de algemist Philos, dy't nei drigeminten fan Thorak oangeande syn belutsenens by Mathayus syn eardere ûntsnapping út it paleis, besletten hat dat it sûner foar him is om 'e tsjinst fan Memnon te ferlitten. Yn 'e wyldernis hat er einlings syn grutte projekt foltôge om buskrûd te meitsjen, sa't de Sinezen dat ek dogge. Hy jout him by Mathayus-en-dy, mar net folle letter rint it selskip yn in mûklaach fan 'e rebellen, dy't nei de moard op kening Pheron oanfierd wurde troch Balthazar. Dy wol Mathayus daliks deadzje litte, mar syn bûnsgenoate, keninginne Isis, wjerhâldt him dêrfan. Ynstee fjochtet er in duël mei Mathayus út, wêrby't dyselde him earlik ferslacht. Mei tsjinnichheid nimt Balthazar dêrnei Mathayus-en-dy op yn it kamp fan 'e rebellen.

Koart dêrnei kriget Cassandra in fizioen wêryn't se sjocht hoe't Memnon mei syn troepen it kamp oerfalt en alle rebellen ôfslachtet. Ek sjocht se hoe't Mathayus troch in soldaat fan Memnon mei in pylk yn 'e rêch sketten wurdt en delstoart. Se fertelt Mathayus oer wat se sjoen hat en profetearret ek dat as it moanneljocht op it paleis fan Memnon delskynt, de kening feroarje sil yn 'e ûnoerwinlike Skorpioenekening. Fierders warskôget se him dat er stjerre sil as er de konfrontaasje mei Memnon oangiet, mar Mathayus wurdt dêr net benaud fan. Ynstee bewissiget er har derfan dat hy syn eigen lotsbestimming bepaalt. Cassandra jout har dy jûns by Mathayus op bêd. Se sliepe mei-inoar, mar as Mathayus de oare moarns wekker wurdt, is Cassandra poater. Hja is weromkeard nei Memnon mei de bedoeling om him fan binnenút tsjin te wurkjen.

Memnon is derfan oertsjûge dat hy foarbestimd is om 'e Skorpioenekening te wurden. As it safier is, sil er Cassandra ta frou nimme. Hy hat har oant safier gewurde litten, om't it algemien bekend is dat froulike tsjoensters harren boppenatuerlike krêften ferlieze as se net mear faam binne. Mar as er sels ûnoerwinlik is, sil er gjin ferlet mear hawwe fan har tsjoenderij. Dyseldichste jûns noch kringe Mathayus, Arpid, Philos, Balthazar, keninginne Isis en in stikmannich fan har kriichsfammen Gomorra yn. Philos en Arpid bringe op strategyske plakken yn 'e kelder fan it paleis sekken buskrûd oan, en Isis en har fammen hâlde de tagong ta it paleis ticht foar Memnon syn troepen. Mathayus en Balthazar geane it paleis yn om in wraam op Memnon dwaan. Underwilens is Memnon erchtinkend wurden oer de relaasje fan Cassandra mei Mathayus. Hy fertinkt har derfan mei syn fijân sliept te hawwen, en twingt har om in proef te ûndergean om te sjen oft se noch wol oer har krêften beskikt. Cassandra hat lykwols al har krêften noch. Sa docht bliken dat it ferhaal dat tsjoensters harren krêften ferlieze as se gjin faam mear binne, in myte is dy't troch tsjoensters eigenhandich de wrâld yn holpen is om harren te beskermjen tsjin 'e ûnwinske avânses fan gleie manlju.

Balthazar weeft handich ôf mei de ferriedlike prins Takmet, en wreket sa kening Pheron. Dêrnei hâldt er it meastepart fan Memnon syn paleiswacht tsjin wylst Mathayus efter Memnon sels oan giet. As Cassandra efter Mathayus in soldaat opdoemen sjocht mei pylk-en-bôge, driget har fizioen út te kommen. Hja smyt harsels yn 'e baan fan 'e pylk, mar Mathayus grypt har fêst en draait harren beiden om, sadat er har mei syn lichem beskermet. De pylk rekket him yn 'e rêch en hy stoart del. In poerrazene Cassandra deadet de soldaat, mar Mathayus blykt net dea te wêzen. Hy nimt syn bôge op en pakt dan de iennichste pylk dy't er foar hannen hat, ek al moat er dy himsels út 'e rêch skuorre. Dêrmei sjit er Memnon yn 'e kiel, dy't efteroer fan 'e toer falt dêr't er him op befynt. Op dat stuit litte Philos en Arpid it buskrûd yn 'e kelder fan it paleis ûntploffe, wat de dea betsjut foar it meastepart fan Memnon syn paleiswacht.

Mei de dea fan Memnon is it gefjocht foarby; de troepen fan 'e kening fiele oan út hokker rjochting de wyn waait, en bûge harren del foar Mathayus. Om't er Memnon ferslein hat, is er no neffens de jildende wet de nije kening. It moanneljocht skynt del op it paleis, en Mathayus, dy't ommers in fergiftiging mei skorpioenegif oerlibbe hat, wurdt ta de ûnoerwinlike Skorpioenekening. Neitiid nimme Mathayus en Balthazar as freonen ôfskie as Balthazar en keninginne Isis weromkeare nei harren eigen lannen. Cassandra, dy't no Mathayus syn keninginne is, foarseit in lange tiid fan frede en wolfeart, mar warskôget him dat soks net foar ivich duorje sil. Mathayus antwurdet dat se tegearre harren eigen lotsbestimming bepale sille.

Rolferdieling

bewurkje seksje
 
Dwayne Johnson.
 
Kelly Hu.
haadrollen
personaazje akteur/aktrise
Mathayus Dwayne Johnson
Cassandra Kelly Hu


byrollen
personaazje akteur/aktrise
kening Memnon Steven Brand
Arpid Grant Heslov
Balthazar Michael Clarke Duncan
keninginne Isis Sherri Howard
Philos Bernard Hill
prins Takmet Peter Facinelli
Thorak Ralf Moeller
Jesup Branscombe Richmond
kening Pheron Roger Rees
haadman Conrad Roberts
stamlieder Joseph Ruskin
Rama Esteban Cueto
boal Nils Allen Stewart

The Scorpion King waard makke as prequel fan twa films fan 'e Mummy-franchise: The Mummy, út 1999, en The Mummy Returns, út 2001, beide mei Brendan Fraser en Rachel Weisz yn 'e haadrollen. Yn The Mummy Returns kaam in personaazje foar dat 'de Skorpioenekening' neamd waard, in 5.000 jier âlde kening dy't opwekke waard út 'e dea. De rol waard fertolke troch showwrakselder Dwayne Johnson yn syn debút as filmakteur. It wie sa'n populêr en nijsgjirrich figuer, dat de produsinten neitiid besleaten om der in prequel oan te wijen, dêr't syn foarskiednis yn ferteld wurde koe. Dat waard The Scorpion King, wêrfoar't Dwayne Johnson op 'e nij yn 'e hûd fan 'e Skorpioenekening kroep.

The Scorpion King kaam ta stân as in ynternasjonale ko-produksje fan 'e Feriene Steaten, Dútslân en Belgje. Regisseur fan 'e film wie Chuck Russell, dy't earder û.m. ferantwurdlik wie foar ien fan 'e dielen fan 'e Nigthmare on Elm Street-horrorfilmsearje en foar de aksjefilm Eraser, mei Arnold Schwarzenegger. As produsinten wiene Sean Daniel, James Jacks, Vince McMahon, Kevin Misher en Stephen Sommers by it projekt belutsen foar de filmstudio's Alphaville Films en WWF Entertainment (no WWE Studios). It senario wie skreaun troch Sommers, William Osborne en David Hayter. John R. Leonetti hie sizzenskip oer de kamerarezjy, en de filmmuzyk waard fersoarge troch komponist John Debney. Der wie foar de film in budget beskikber fan $60 miljoen.

Historisiteit

bewurkje seksje

Koartsein hat The Scorpion King alhiel gjin historisiteit. De titel fan 'e film ferwiist nei in histoaryske kening út it Protodynastike Tiidrek fan it Alde Egypte, dy't bekend stiet as 'Kening Skorpioen', mar mei wa't de film fierders neat te krijen hat. The Scorpion King hjit yn 'e Egyptyske Aldheid te spyljen, mar hellet ek toponimen en etnonimen út 'e Mesopotamyske Aldheid oan, wylst de measte personaazjes Gryksktalige nammen drage. De makkers fan 'e film hawwe oeral wat fan harren gading wie, weinommen en it goed trochinoar hutsele, sadat The Scorpion King histoarysk sjoen abslút nearne mear op slacht.

Distribúsje

bewurkje seksje

De distribúsje fan The Scorpion King wie yn 'e hannen fan Universal Pictures. De film gie op 19 april 2002 yn 'e Feriene Steaten yn premiêre. It album mei de soundtrack waard koart dêrfoar, op 26 maart, al útbrocht.

De resinsjes fan 'e filmkritisy wiene foar The Scorpion King oer it algemien lau, hoewol't de foaroansteande resinsint Roger Ebert de film yn 'e Chicago Sun-Times noch trije fan fjouwer stjerren joech. Yn it tydskrift Variety skreau Dennis Harvey dat de film wol spannend wie, mar dat soks mear te tankjen wie oan âlderwetsk stuntwurk as oan 'e fisuële effekten, dy't er mar meagerkes fûn. Nathan Rabin, fan The A.V. Club, wie ek myld posityf oer de film, dy't er omskreau as "typyske simmerfilmkost, ûntwurpen om ta jin nommen, fan genoaten en tagelyk wer fergetten te wurden."

Yn it blêd Entertainment Weekly joech Owen Gleiberman The Scorpion King in 6+ op in skaal fan 1 oant 10. Hy omskreau de film as "fuortslepend en foarsisber", mar heakke dêroanta dat Dwayne Johnson "it spul byinoar hâldt." James Berardinelli fan ReelViews parte de film twa stjerren fan fjouwer ta. Syn oardiel wie: "It is mooglik om in ûnderhâldende aksje/aventoerefilm fan dit soarte fe meitsjen, mar The Scorpion King is dat net." En yn 'e New York Post ferskynde in negative resinsje fan Jonathan Foreman, dy't The Scorpion King ferliek mei Conan the Barbarian, út 1982, en fûn dat er dêrby mar hiel bleek ôfstiek.

Op 'e webside Rotten Tomatoes, dy't resinsjes sammelet, hie The Scorpion King in minder as gemiddeld goedkarringspersintaazje fan 41%, basearre op 135 ûnderskate resinsjes. De konsensuskrityk fan 'e webside, gearstald út al dy resinsjes, stelt: "Aksje-aventoerfilms binne der net folle flauwer as The Scorpion King." Op Metacritic, de wichtichste konkurrint fan Rotten Tomatoes, behelle de film in goedkarringspersintaazje fan 45%, basearre op 30 resinsjes.

The Scorpion King brocht yn 'e Feriene Steaten en Kanada yn 'e bioskopen $91 miljoen op, en yn alle oare lannen en territoaria nochris $74,3 miljoen. Wrâldwiid kaam de opbringst dêrmei út op $165,3 miljoen. Ofset tsjin it budget fan $60 miljoen komt dat del op in winst fan $105,3 miljoen, hoewol't dêr de marketingkosten noch ôf moatte. Nettsjinsteande de lauwe reäksjes fan 'e filmkritisy woeks The Scorpion King, benammen tanksij de ûnbidige populariteit fan showwrakselder Dwayne Johnson, út ta in beskieden kommersjeel súkses.

Ferfolchfilms

bewurkje seksje

Nei it útkommen fan The Scorpion King wiene der yn 't earstoan plannen om in ferfolchfilm te meitsjen mei op 'e nij Dwayne Johnson yn 'e haadrol, mar dat rûn op 'e non, en fan útstel kaam ôfstel. Uteinlik kaam der wol in filmsearje, dy't ek The Scorpion King hiet, mar alle folgjende dielen wiene B-films en Johnson kearde nea wer yn 'e rol fan 'e Skorpioenekening werom. It earste ferfolch wie The Scorpion King 2: Rise of a Warrior, út 2008, mei Michael Copo yn 'e titelrol. Dêrnei folge yn 2012 The Scorpion King 3: Battle for Redemption en yn 2015 The Scorpion King 4: Quest for Power, beide mei Victor Webster as de Skorpioenekening. In fyfde film, Scorpion King: Book of Souls, kaam yn 2018 út mei Zach McGowan yn 'e haadrol.

Keppelings om utens

bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.

The Scorpion King (filmsearje)
The Scorpion King (2002) • The Scorpion King 2: Rise of a Warrior (2008) • The Scorpion King 3: Battle for Redemption (2012) • The Scorpion King 4: Quest for Power (2015) • Scorpion King: Book of Souls (2018)