Tilted Kilt Pub & Eatery
Tilted Kilt Pub & Eatery is in Amerikaanske sportbar- en restaurantkeatling mei in Keltysk tema, dy't ek yn Kanada aktyf is. It is in saneamd breastaurant, dat him foarstean lit op syn krap klaaide, kreaze servearsters, dy't in unifoarmke drage dat bestiet út in "miny-kilt" en in lyts plaid- en wytkleurich topke, dat it dekolletee en de búk bleat lit. Der binne ek obers, dy't in kilt fan gewoane lingte drage. De namme Tilted Kilt betsjut "brike kilt", in term dêr't de suggestje yn besletten leit dat men ûnder de rokjes fan 'e servearsters sjen kinne soe.
Tilted Kilt Pub & Eatery | ||
algemien | ||
nasjonaliteit | Amerikaansk | |
type | privaat | |
sektor | restaurant | |
haadkertier | Tempe (Arizona) | |
oprjochte | 2003 | |
oprjochter | Mark DiMartino Shannon Reilly John Reynaud | |
eigner | Ron Lynch | |
mem | Tilted Kilt Franchise Operating | |
sifers | ||
omset | $250 miljoen | |
aktyf yn | de Feriene Steaten, Kanada | |
wurknimmers | 4.000 | |
tal lokaasjes | 107 (aug. 2015) | |
offisjele webside | ||
tiltedkilt.com |
Skiednis
bewurkje seksjeIt earste filiaal fan 'e Tilted Kilt Pub & Eatery waard yn 2003 yn Las Vegas iepene, as ûnderdiel fan it Rio Hotel and Casino. De oprjochters wiene restauranteigner Mark DiMartino en syn sakepartners Shannon Reilly en John Reynaud. It konsept foar de ûndernimming wie basearre op oare breastaurants: in moderne sportbar dêr't tsjeppe en healneakene servearsters it iten en drinken optsjinje. Inkeld troch it konsekwint trochfierde Keltyske tema wykte Tilted Kilt ôf fan soartgelikense horekagelegenheden.
Doe't DiMartino syn plan oan ynvestearders foarlei, duorre it mar in oere ear't er troch harren skille waard om te fernimmen hoe gau't er sa'n restaurant iepenje koe. De restaurantkeatling wreide him fluch út oer de hiele Feriene Steaten en ek nei Kanada. Yn augustus 2015 wiene der 107 filialen, wêrby't it yn prinsipe allegear gie om franchisenimmers. Om't der yn febrewaris 2014 berjochte waard dat Tilted Kilt 93 lokaasjes hie en dêropta nochris 27 yn ûntwikkeling, liket it tige wierskynlik dat der sûnt augustus 2015 alwer nije filialen bykommen binne.
Tilted Kilt hat sûnt 2009 ferskate Amerikaanske autokoereurs sponsore.
Sfear
bewurkje seksjeTilted Kilt omskriuwt himsels as "in moderne Amerikaanske, Skotske en Ierske sportpub". It menu is in miks fan tradisjoneel en modern iten dat yn pubs servearre wurdt, lykas fish and chips, "Aldierske Dublinstoofpot" en "T.K. Ierske nacho's". Elts filiaal hat teminsten 24 ûnderskate biersoarten op 'e taap, wêrûnder it Ierske biermerk Guinness, dat min ofte mear it fêste taapbier is. Fierders binne der yn elts filiaal tillefyzjes oanwêzich dy't oanhâldend ôfstimd binne op sportstjoerders, en teffens biljerttafels en dartsbuorden en ferskate oare wenstige kroechspultsjes.
Oar
bewurkje seksjeTilted Kilt en syn hjoeddeistige eigner, Ron Lynch, wiene it ûnderwerp fan in ôflevering út 'e realitytillefyzjesearje Undercover Boss út novimber 2012, wêrby't Lynch mei in ferburgen kamera undercover gie as wurknimmer yn ien fan 'e filialen fan Tilted Kilt.
Keppelings om utens
bewurkje seksjeBoarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side. |