Tjaerd fan Heloma

Tjaard fan Heloma, ek: Theotardus Vai Heloma, wie grytman fan de eardere gemeente Aenjewier. Anjewier wie de twadde gritenij fan Sânwâlden en de lytste fan allegear. Grinzge yn it noarden oan Utingeradiel, yn it easten oan Opsterlân, yn it suden oan Skoatterlân en yn it westen oan Haskerlân. Aenjewier hat fjouwer doarpen: Gersleat, Tsjalbert, Lúnbert en Terbant, en noch in gedielte fan It Hearrenfean.

Tjaard wie de soan fan Michiel Tjaards fan Heloma en troude mei Froukje van Teijens. Syn frou oerlibbe him. Op 22 maaie 1652 waard hy grytman fan Aenjewier en wie yn 1648 folmacht op de Lândei fan Fryslân. Yn 1654 siet hy mei yn de steatskommisje, belêste mei it oprjochtsjen fan in ticht- en wurkhûs yn Fryslân.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Hobbe Baert van Sminia - Nieuwe naamlijst van Grietmannen van de vroegste tijden af tot het jaar 1795