To Guard Against the Dark
To Guard Against the Dark is in science fiction-roman fan 'e hân fan 'e Kanadeeske skriuwster Julie E. Czerneda. De titel betsjut: "Om te Wekjen tsjin it Tsjuster". It boek foarmet it trêde diel fan 'e trilogy Reunification, en it njoggende en lêste diel fan 'e romansearje The Clan Chronicles. To Guard Against the Dark giet fierder mei it ferhaal fan bûtenierdske Sira di Sarc en har minsklike partner Jason Morgan. De ferhaalline fan Sira is skreaun yn it ik-perspektyf, wylst de oare ferhaallinen yn it personele perspektyf skreaun binne. It boek waard yn 2017 publisearre troch de New Yorkske útjouwerij DAW Books.
To Guard Against the Dark | ||
algemiene gegevens | ||
auteur | Julie E. Czerneda | |
taal | Ingelsk | |
foarm | roman | |
sjenre | science fiction | |
1e publikaasje | 2017, New York | |
oarspr. útjwr. | DAW Books | |
rige | ||
rige | The Clan Chronicles | |
● foarich diel | The Gate to Futures Past | |
● folgjend diel | ― (lêste diel) | |
kodearring | ||
ISBN | 978-0 75 64 08 787 |
Ynhâld
bewurkje seksjeOan 'e ein fan The Gate to Futures Past, it foarrige diel fan The Clan Chronicles, die bliken dat de M'hiray (oftewol de leden fan 'e Clan) en de Om'ray (dêr't hja fan ôfstammen) eins wêzens fan enerzjy binne, de Sjongers, dy't yn matearje bestrûpt rekke binne. Hja komme út in parallel universum, dat hja it Al-wat-is neame, wylst hja it fysike hielal dat bewenne wurdt troch de minskheid en in grut tal bûtenierdske rassen betitelje as it Neat-echt. Dy beide universa wurde faninoar skaat troch in buffer dy't de Clan fan âlds de 'M'hir' neamde, de Drapsk de 'Rokige Wei', de Hoveny it 'nul-roaster' en Sjongers it 'Tuskenyn'. De Sjongers diele it Al-wat-is mei oarsoartige wêzens, wêrûnder guon fan skriklike macht. De âlde, grutdiels ferdwûne beskaving fan 'e Hoveny hie in brek slein troch it Tuskenyn nei it Al-wat-is, dat se eksploitearren as in boarne fan enerzjy sûnder te beseffen wat se diene. It ferdwinen fan 'e Hoveny-beskaving, frijwol fan it iene op it oare stuit, wie it wurk fan 'e machtige wêzens út it Al-wat-is, dy't harren hielal ferdigenen.
Doe't Sira di Sarc, in lid fan 'e Clan, sûnder erch de âlde technology fan 'e Hoveny wer yn wurking stelde, waard in nij lek yn it Al-wat-is slein. Op 'e nij kamen de machtige wêzens dêre fanwegen om harren te ferdigenjen. It lek waard tichte, mar dat wie net genôch. Om foar te kommen dat de wêzens yn it Neat-echt yngripe soene, mei jammerdearlike gefolgen foar de wêzens dy't dêr libben, moasten alle Sjongers weromkeare nei it Al-wat-is. Dat betsjutte dat Sira har partnerbân mei de minsklike romtefarder Jason Morgan ferbrekke moast, in hertferskuorrende beslissing, dy't beiden djip ûngelokkich yn ferskillende universa efterliet. (Sjoch foar in yngeandere beskriuwing fan wat foarôf gie: This Gulf of Time and Stars, § Ynhâld en The Gate to Futures Past, § Ynhâld.)
To Guard Against the Dark iepenet yn 'e wente fan Jason Morgan op Ettlers Planeet, dêr't er him weromlutsen hat om syn soelaas yn alkohol te sykjen. Allinnich troch de net ôflittende soarch fan syn bêste freon, de (kreefteftige) Carasiaan Huido Maarmatoo'kk, dy't him op Ettlers Planeet opwachte doe't er weromkaam út it planetestelsel fan 'e Hoveny (sjoch: The Gate to Futures Past) komt er troch dy minne tiid hinne. Mar wat him safier kriget dat er ree is om syn libben wer op te pakken, is in besyk fan Lydis Bowman, in kommandant fan 'e plysje fan it Hannelspakt, dy't noch altyd ûndersyk docht nei de genoside op 'e Clan yn 'e romte fan it Hannelspakt (sjoch: This Gulf of Time and Stars).
Dy misdie waard útfierd troch de Gearstallers, in bûtenierdsk ras fan wêzens dy't trochgean kinne foar minsken, mar wêrby't it 'lichem' eins út tweintich oant tritich dielen bestiet dy't in soarte fan koloanje foarmje en ek los faninoar libje kinne. Mar it is dúdlik dat de Gearstallers troch oaren brûkt waarden, en ek de minsklike misdiesyndikaten fan 'e planeet Deneb, dy't by it skriklik barren belutsen wiene, wiene mar stikken ark yn 'e hannen fan wichtiger spilers. Lykas dejingen dy't it gifgas produsearre hawwe dat foar leden fan 'e Clan deadlik wie, mar foar alle oare soarten wêzens ûnskealik. It spoar liedt Bowman nei in Brill-smokkelder dy't Manouya hjit, mar better bekend is as 'de Fasilitator'.
Op in oar plak yn it Hannelspakt komme de gearspanners byinoar nei wa't Bowman op 'e siik is. It binne de Brill en de Omacrons en in hantsjefol oare rassen bûtenierdske wêzens, dy't nei de fal fan 'e Hoveny-beskaving in konfederaasje opsetten dy't 'it Earste' hiet (d.w.s. it earste nei de fal fan 'e Hoveny). Harren steatsferbân, dat draaide om in bluodderige ûnderlinge striid om 'e macht en in nuodlike mienskiplike dûns om genoside op oaren te dwaan foar't dy it op jin diene, waard letter opslokt troch it Hannelspakt. Dat wie in nij soarte fan konfederaasje, dy't it near lei op 'e wize fan bestean dy't de leden fan it Earste wend wiene, en wêryn't de minskheid de dominante soarte wie. Benammen de agressive Brill en de Omacrons, dy't har as swak en freonlik foardogge, mar eins slûchslim en ferriedlik binne, hawwe harren nea dellein by de wetten fan it Hannelspakt. De útrûging fan 'e Clan wie de earste stap om harren âlde macht werom te krijen. In twadde stap sil de útrûging fan 'e minskheid wêze. Oan 'e Gearstallers, dy't ek dêrfoar it smoarge wurk opknappe moatte, is alle besit fan 'e minskheid ûnthjitten.
Tagelyk binne de mysterieuze Rugheranen, wêzens dy't heal yn it materiële hielal libje en heal yn it Tuskenyn, ek warber mei harren eigen plannen, mar om't nimmen dy soarte begrypt, bliuwe harren bedoelings ek in riedsel. Wol is dúdlik dat it Tuskenyn sterk skansearre rekke is, wat beide universa dy't deroan grinzgje yn gefaar bringt. Yn it Al-wat-is hat Sira ûnderwilens in eigen dreamwurklikheid foar harsels skepen, wêryn't se allinnich yn De Sulverne Foks ferbliuwt, it âlde romteskip fan harsels en Morgan. Om't se himsels net hawwe kin, is dat it tichtst dat se by him yn 'e buert komme kin. Alle tiid bringt se dêr troch, ta wanhope fan 'e oare Sjongers, mei it folgjen mei har fingers fan 'e stâlen en blêden fan 'e planten dy't Morgan op 'e wanden fan harren sliepkeamer skildere hie.
Tink derom: Yn de tekst hjirûnder wurdt de ôfrin fan it ferhaal beskreaun.
As jo it ferhaal sels lêze wolle, is it mooglik better dat jo it no folgjende diel fan 'e plotbeskriuwing (earst noch) net lêze. |
De oare Sjongers witte Sira pas út har dreamwrâld te skuorren as bliken docht dat net alle Sjongers nei it Al-wat-is weromkeard binne. In stik as tolve leden fan 'e Clan, ôfkomstich fan 'e opstannige koloanje op 'e planeet Acranam, binne oan 'e genoside troch de Gearstallers ûntkommen en lykwols net mei Sira en de oaren út it Hannelspakt ôfreizge (sjoch: This Gulf of Time and Stars). Under lieding fan 'e op macht beluste Wys di Caraat besykje se op 'e planeet Snosbor IV in nije takomst foar de Clan op te bouwen. Dêrta hat sa'n lytse groep lykwols alle genetysk ferskaat nedich dat mar te besetten is. Sadwaande hawwe se de yn stasiskisten goedholden lichems fan twa leden fan 'e Clan ûntdutsen: Wys har eigen soan, Yihtor di Caraat, en Sira har suster Rael di Sarc. Beide binne no ûnderweis nei Snosbor IV.
Om Wys har plannen te dwerseidzjen en ek de lêste Sjongers werom te heljen nei it Al-wat-is, keare twa Sjongers nei it fysike hielal werom, dêr't se de beide lichems besette. Yihtor docht dat mei syn eigen lichem, mar Rael freget Sira om yn har plak te gean, mei't net allinne har macht, mar ek har kennis fan it Hannelspakt folle grutter is. Sadwaande lit Sira har úteinlik beprate om yn Rael har lichem werom te kearen nei it fysike hielal. Hoewol't Sjongers yn dat hielal oars altyd harren oantinkens ferlieze oan it Al-wat-is en oan wat se sels eins binne, ûnthâlde Yihtor en Sira dat diskear wol troch in oanhâldend mystyk kontakt mei oare Sjongers, dy't meigien binne nei it Tuskenyn.
Underwilens hat Morgan him by Bowman en har adjudanten, Russell Terk en Twa-Leeljes Finelle, jûn. Op 'e planeet Auord ûnderskeppe se in stasiskiste mei ûnbekende ynhâld dy't Yihtor di Caraat blykt te befetsjen. Hy is der min oan ta, nei't syn lichem sa lang yn stasis bewarre is, mar wit Morgan-en-dy op it spoar te setten fan Rael, dy't Morgan as syn skoansuster beskôget. Nei't Morgan har rêden hat, mient er dat it echt Rael is, en Sira, dy't wit dat se him úteinlik wer efterlitte moatte sil, lit him yn dy waan. Mar se ferriedt har mei har trant fan praten en har manear fan bewegen, sadat Morgan nei in pear dagen begjint te beseffen wa't er wier foar him hat. It wersjen yn 'e wittenskip dat it mar tydlik is, makket it der foar de beide leafsten net makliker op.
Morgan en Sira wiene fan doel om nei Snosbor IV ta, mei't se beriddenearje dat de restearjende leden fan 'e Clan har dêr ophâlde moatte, mar troch yngripen fan Bowman en Terk wurde se omlaat nei it ûnbidige romtestasjon Supermerk Plexis. Yihtor set allinnich ôf nei Snosbor IV, dêr't er sûnder folle swierrichheden mei syn mem en har trewanten ôfweve kin om dêrnei werom te kearen nei it Al-wat-is. Op Plexis reitsje Morgan en Sira ûnderwilens behelle yn hiel oare saken. De leden fan it Earste hawwe it romtestasjon útkeazen om harren tsjin minsken rjochte gifgas te testen, mar harren operaasje rint mei in skamper ôf as bliken docht dat in twadde geheime organisaasje, de Korporaasje, harren plannen dwerseide hat.
De lieding fan 'e Korporaasje is yn 'e hannen in groep froulike Carasianen, in ras dat nei bûten ta altyd útholden hie dat de wyfkes moardmasines wiene dy't mar kwealk selsbewust wiene. It tsjinstelde blykt wier te wêzen: froulike Carasianen binne guon fan 'e yntelliginste wêzens dy't der besteane, en om't hja troch de mantsje-Carasianen let en set wurde, besteegje se hast al har tiid oan tinken, plannen meitsjen, reserverplannen meitsjen en reserveplannen foar reserveplannen meisjen. Dat brekt it Earste no op, want de Korporaasje hat foar alle setten dy't sy betinke al in antwurd ree. Sa waarden de op minsken lykjende Gearstallers dy't de pakketten mei gifgas oer it romtestasjon ferspraten, folge troch in oare soarte, beameftige gearstallers, dy't lid binne fan 'e Korporaasje, en dy't pakketsjes like fluch wer fuorthellen. De konfrontaasje op Plexis komt ta in klimaks as de Korporaasje in fideogearkomste mei de Ried fan Bestjoer fan it Hannelspakt belein blykt te hawwen, wêroan't se al it bewiismateriaal foarlizze dat se sammele hawwe. De lieders fan 'e Brill en de Omacrons wurde dêrnei oppakt troch Bowman-en-dy, en de Omacrons, dy't efter de skermen de wiere oanstifters fan alle leed wiene, wurde út it Hannelspakt set.
Dan restearje noch de swierrichheden dy't feroarsake wurde troch de Rugheranen, want dy blike ferantwurdlik te wêzen foar de skea oan it Tuskenyn, trochdat se besykje om harren wrâld, dy't 'Wyt' hjit, yn syn hiele hear en fear oer te bringen fan it fysike hielal nei it Tuskenyn. Harren doel is om dêrmei trochbrekke te kinnen nei it Al-wat-is, dêr't se in nij jachtterritoarium hoopje te finen. De Rugheranen lykje wol mysterieus en ûnbehelpsum, mar Sira hat harren yn har wiere foarm sjoen op 'e planeet Cersi, dêr't se rúmn neamd waarden (sjoch: This Gulf of Time and Stars), en doe hat se ûntdutsen dat it eins geduchte rôvers binne. Troch gearwurking tusken Sira, Morgan en it heal-bewuste mystike wêzen dat de planeet Wyt is, kinne de plannen fan 'e Rugheranen lykwols foarkomd wurde, en dêrmei wurdt ek de skea oan it Tuskenyn reparearre.
Sira hat no alles dien dêr't se foar weromkeard wie nei it Neat-echt, en dêropta in stikmannich dingen dy't se net fan doel wie. No is it foar har tiid en nim ôfskie fan Morgan, om werom nei it Al-wat-is. Morgan sels is wisberet om net in twadde kear allinnich efter te bliuwen, en risselwearret temûk om himsels tekoart te dwaan. Mar Sira kin gjin ôfskie nimme en talmet oanhâldend, oant de oare Sjongers begripe dat it nea wer goedkomme sil mei har as se Morgan ferlitte moat. Mei't Sira har allinnich bewust bliuwe kin fan wat se eins is trochdat oare Sjongers har yn it Tuskenyn oanhâldend tasjonge en sa in mystike bân yn stân hâlde, beslute se om in lyts part fan harren suver ûneinige libben te besteegjen oan dat tasjongen fan har, sadat Sira en Morgan harren libben yn it fysike hielal tegearre útlibje kinne. Sira hat harren ommers allegear rêden; no is it harren beurt om har te rêden.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|