Ties of Power is in science fiction-roman fan 'e hân fan 'e Kanadeeske skriuwster Julie E. Czerneda. De titel betsjut: "Machtsbannen" of "Konneksjes fan 'e Macht". It boek foarmet it twadde diel fan 'e trilogy The Trade Pact, dy't ta de romansearje The Clan Chronicles heart. Hoewol't it it twadde boek fan 'e dy rige wie, dat publisearre waard, is Ties of Power yn 'e ynterne gronology fan The Clan Chronicles it fyfde diel, mei't Czerneda tsien jier letter de prequeltrilogy Stratification skreaun hat. Ties of Power fertelt it ferhaal fan Sira di Sarc, in jonge frou fan 'e Clan, dy't tsjin alle tradysjes fan har folk yn in partnerskipsbân oangien is mei de minsklike romteskipskaptein Jason Morgan. De ferhaalline fan Sira is skreaun yn it ik-perspektyf, wylst de oare ferhaallinen yn it personele perspektyf gearstald binne. It boek waard yn 1999 publisearre troch de New Yorkske útjouwerij DAW Books.

Ties of Power
algemiene gegevens
auteur Julie E. Czerneda
taal Ingelsk
foarm roman
sjenre science fiction
1e publikaasje 1999, New York
oarspr. útjwr. DAW Books
rige
rige The Clan Chronicles
● foarich diel A Thousand Words for Stranger
● folgjend diel To Trade the Stars
kodearring
ISBN 0 88 67 78 506

Sjoch foar wat foarôfgie: A Thousand Words for Stranger, § Ynhâld.

Ties of Power set útein as Barac sud Sarc, in lid fan 'e Clan en de neef fan Sira di Sarc, yn frijwillige ballingskip giet om't er troch de Ried fan 'e Clan op alle mooglike manearen tsjinwurke wurdt. Hy besiket nammentlik noch altyd út te sykjen wa't ferantwurdlik wie foar de moard op syn broer Kurr (sjoch: A Thousand Words for Stranger). No giet er op 'e siik nei Sira, fan wa't er wit dat hja it antwurd op dy fraach hat. (Sira woe it him lykwols earder net fertelle, om't de ferantwurdlike har heit, Jarad di Sarc wie, en se wist dat Barac gjin skyn fan kâns hawwe soe as er besykje soe en nim it op tsjin 'e folle sterkere mentale fermogens fan Jarad.)

Barac fynt Sira en har minsklike partner, kaptein Jason Morgan, op 'e planeet Pocular, dêr't Sira de Spacer's Haven runt, in kroech anneks kasino dat se mei gokken wûn hat, wylst Morgan syn jild fertsjinnet mei it sykjen nei Poculaarske truffels, dy't har gewicht yn goud wurdich binne. Sira makket yn 'e Spacer's Haven gebrûk fan har mentale fermogens fan teleportaasje, telekineze en telepaty om harsels de reputaasje fan in Poculaarske hekse te jaan. Barac is der tsjûge fan dat Sira oant op it ferfeelsume ôf lestichfallen wurdt troch Drapsk, dy't wolle dat se meikomt nei harren thúswrâld om diel te nimmen oan 'e ien of oare wedstryd op it mêd fan magy. (Drapsk binne in bûtenierdsk ras fan wêzens dy't heal sa grut binne as in minske, mei hollen mei twa feareftige antennen derop, mar sûnder eagen, earen of noas, hoewol't se lykwols dochs sjen, hearre en rûke kinne. De Drapsk steane bekend om harren hoflikens en ûnnoazelens, mar wurde oeral dêr't se komme mei respekt behannele, om't harren lytste ienheid fan besibskip de stamme is, en om't in misse behanneling fan ien Drapsk der sûnder útsûndering ta liedt dat in pear hûndert Drapsk neitiid delkomme om ferhaal te heljen.)

As Sira har bûten de Spacer's Haven bejout, nei it primitive ynlânske doarp dat Morgan syn útfalsbasis is foar it truffelsykjen, fynt dêr in oanfal plak. De dieders deadzje ferskate Pocularen, wylst de oare doarpsbewenners en Morgan tydlik it bewustwêzen ferlieze. Sira wurdt koarte tiid ûntfierd, en as se letter net fier fan it doarp weromfûn wurdt, blykt dat se operearre is en dat har aaistokken ferwidere binne. Hja beseft daliks dat ien of mear leden fan 'e Ried fan 'e Clan dêrefter sitte moatte, dy't har genetysk erfskip net 'ferlern gean' litte woene oan in 'perverse' (sa't sy it sjogge) partnerskipsbân mei in minske. Sira is des duvels en stjoert Morgan efter de dieders oan om wraak te nimmen en om wat fan har stellen is, werom te heljen.

Underwilens is Sira har suster Rael belutsen rekke by in gearspanning ûnder lieding fan har beppe Ica di Teerac tsjin 'e Ried fan 'e Clan. De gearspanners binne Clanleden dy't fan miening binne dat de Ried harren folk in dwersferkearde kant út liedt. Ica stjoert Rael út om kontakt te lizzen mei Sira, mar as Rael it ynlânske doarp op Pocular berikt dêr't Sira fanwegen de oprûne wûnen it bêd hâlde moat, kriget se net de ûntfangst dy't se ferwachte. Sira, dy't net alhiel helder is, wit net mear wa fan har folk oft se fertrouwe kin, en se fertinkt Rael fan mandéligens oan 'e oanfal op har. Dêrom teleportearret se harsels út it doarp wei nei in plak dêr't nimmen har ea ferwachtsje soe: de Makmoora, it romteskip fan 'e Drapsk, dat oan 'e grûn stiet yn 'e romtehaven fan Pocular. De Drapsk binne alhiel feringele mei de komst fan 'e Mystika, sa't se Sira neame, en se stopje har fuort yn in medyske kapsule dy't har wûnen folle flugger as normaal helpt te genêzen. As se dêr in moai skoft letter wer út komt en fan doel is om ûnder djippe en oanhâldende tankbetsjûgings de Makmoora wer te ferlitten, docht bliken dat de Drapsk it izer smeid hawwe doe't it hjit wie, en dat it skip no ûnderweis is nei Drapskii, harren thúswrâld.

Tink derom: Yn de tekst hjirûnder wurdt de ôfrin fan it ferhaal beskreaun.
As jo it ferhaal sels lêze wolle, is it mooglik better dat jo it no folgjende diel fan 'e plotbeskriuwing (earst noch) net lêze.

Sira besiket harren út te lizzen dat se oare dingen te dwaan hat, mar de ûnskuldich útsjende Drapsk hâlde har op in alderhoflikste manear finzen. Se hawwe sels in apparaat dat tagong behinderet ta de M'hir (it mystike besteansnivo dat de leden fan 'e Clan brûke foar harren mentale fermogens), sadat se harsels net iens fuortteleportearje kin. Ienris oankommen op Drapskii, ûntdekt Sira ta har ûntsteltenis dat de Drapsk mear ferstân hawwe fan 'e M'hir as de Clan. Nei't al har besykjen om op subtile wize fuort te glûpen en op botte manearen in ûntsnapping te forsearjen op neat útrûn binne, docht Sira mei oan 'e wedstryd yn magy, wêrby't se it opnimme moat tsjin in ferneamde gûchelder (dy't gjin inkele kâns makket) en in wêzen dat troch in oare Drapsk-stamme fan in troch harren ûntdutsen planeet helle is. Dy Rugheraan hat ek in konneksje mei de M'hir, mar hjir op Drapskii, by syn eigen folk wei, leit er stadichoan dea te gean. Sira kriget sa'n begrutsjen mei it wêzen dat se har eigen fermogens brûkt om him troch de M'hir hinne nei hûs te stjoeren. Dat is alles dat nedich is om 'e wedstryd te winnen.

Dan docht bliken dat de Drapsk eins hiel wat oars fan har wolle. Drapskii, sa wurdt har no ferteld, is eins harren oarspronklike thúswrâld net, mar in planeet dêr't se har op nei wenjen set hawwe om't dy in konneksje mei de M'hir hie. Dy konneksje is lykwols inkele generaasjes lyn fertige, wat it libben foar de Drapsk op in riedseleftige en net neier omskreaune wize tige dreech makke hat. Sûnt dy tiid sykje se om 'mystisy' dy't harren helpe kinne om 'e konneksje te reparearjen. Sira, dy't ûnderwilens in swak foar de lytse wêzens krigen hat, en yn 't bysûnder foar de Makii, de stamme dy't har nei Drapskii ta brocht hat, en foar Copelup, de 'skeptikus' dy't har gids op 'e planeet is, beslút om te besykjen om harren te helpen. Hja wit de konneksje yndie foar in part te reparearjen, mar ear't se har taak foltôgje kin, wurdt se oanfallen troch ûnbekende wêzens. Copelup rêdt har libben troch har gemien yn 'e earm te knipen, sadat se har konsintraasje ferliest en út 'e M'hir weromskuord wurdt nei har lichem.

Neitiid lizze de Drapsk har út dat de M'hir bewenne wurdt troch syn eigen fauna, mei dêrûnder ûnskeadlike libbensfoarmen, mar ek rôfdieren, lykas it ding dat Sira oanfallen hat. It idee fan 'e Clan, dat Sira oppenearret, dat de M'hir neat oars is as in mentale konneksje tusken de leden fan harren folk dy't sysels skepen hawwe, liedt by de Drapsk ta grutte hilariteit. Se lizze Sira út dat har partnerskipsbân mei Morgan net folslein is, mei as gefolch dat har persoanlikheid yn 'e M'hir yn ûnbalâns is. It is dy ûnbalâns dy't de oanfal fan it rôfwêzen útlokke hat. Hoewol't de konneksje fan 'e planeet mei de M'hir noch net hielendal reparearre is, ferbiede de Drapsk Sira strang om har wer yn 'e M'hir te bejaan, om't se der wis fan binne dat dat har dea wurde sil. Se binne al lang bliid mei wat se oant safier berikt hat, en by de festiviteiten dy't folgje, wurdt Sira der troch de kaptein fan 'e Makmoora ta ferlaat om mei him oan in ûnwierskynlike seremoanje diel te nimmen. Letter blykt dat se dêrtoch, ta ferheardens fan harsels en ta alteraasje fan 'e leden fan oare Drapsk-stammen, as lid opnommen is yn 'e stamme fan 'e Makii.

Underwilens is Morgan op it spoar fan 'e dieders fan 'e oanfal op Sira fia Supermerk Plexis nei de planeet Ret 7 reizge. Hy wurdt efterfolge troch Barac, dy't op Plexis de lapen gearsmyt mei Morgan syn reuseftige kreefteftige freon, de Carasiaan Huido Maarmatoo'kk. Twaresom reizgje ek dy beiden nei Ret 7. Dêr is in medysk ûndersyksynstitút fêstige, dat Baltir hjit, en dêr't de (amfibyske) Retske eigner, in briljante sjirurch en genetikus dy't himsels ek Baltir neamt, en Faitlen di Parth, it lid fan 'e Ried fan 'e Clan dat efter de oanfal siet, harren ophâlde. Sira arrivearret op Ret 7 mei de Makmoora. Dat skip hat in bemanning fan 450 Makii-Drapsk, dy't de oanfal op har op Pocular no as in oanfal op harsels beskôgje (hja is ommers in lid fan harren stamme). Alle spilers komme op dyselde planeet gear as ek Rael, de plysjekommandant Lydis Bowman en har ûnderhearrigen, en de krokkedileftige Sakissishee-piraten Grackik en Rek dêr ferskine.

Barac wurdt finzen nommen troch Baltir en Faitlen, mar wer befrijd as Morgan nachts yn it ûndersyksynstitút ynbrekt. Dyselde nachts besykje ek Sira en Rael, dy't har mei-inoar fermoedsoene hawwe, mei help fan Huido en de Drapsk it ynstitút te berikken, mar de beide froulju reitsje yn it gedrang Huido kwyt as de Retske ynwenners fan 'e stêd har yn 'e reinige nacht oerjouwe oan in orgy fan publike fuortplanting yn 'e strjitten. As se dêrnei yn in mûklaach rinne, bringt Rael harsels mei teleportaasje yn feilichheid, net beseffend dat Sira harsels net mear yn 'e M'hir bejaan kin. Nei't se finzen nommen is, wurdt Sira jitris tsjin har wil troch Baltir operearre, mar neitiid wit se, hoewol slim ferswakke, al har eigen genetysk materiaal yn 'e laboratoaria te ferneatigjen foar't se mei help fan 'e piraat Rek ûntsnapt.

Rek sjocht Sira as in opgeande stjer en nimt de gok om mei har de lapen gear te smiten, wylst har suster Grackik fêsthâldt oan in bûnsgenoatskip mei Faitlen di Parth en Baltir. Dat liedt ta iepen oarloch tusken de beide Sakissishee-piraten: Rek en Sira wurde op harren flecht troch Grackik út 'e loft sketten en moatte op in eilantsje in needlâning meitsje. Sira, dy't dochs al yn minne steat wie, betteret dêr net fan op, en Rek ferberget har op it eilân foar't se ôfset om mei Grackik ôf te weven. Mei help fan Rael en de Drapsk wit Morgan har dêr te finen krekt op 'e tiid foar't se oan bloedferlies en toarst beswykt. Yn dy ferswakke steat hat se har eigen mentale fermogens net mear yn 'e besnijing, dat einlik is har fermogen as Kiezer dan frij om Morgan te beproevjen, eat dat Sira oant dan ta hieltyd tsjinkeard hie om't se bang wie om Morgan te deadzjen. No't se sa ferswakke is, trochstiet Morgan de beproeving lykwols sûnder muoite, mei as gefolch dat harren partnerbân folslein wurdt (en de M'hir tenei net mear gefaarlik terrein wêze sil foar Sira).

Baltir, dy't oppakt wie troch Bowman-en-dy, wurdt oerdroegen oan 'e autoriteiten op Ret 7. De Drapsk, dy't der net gerêst op binne dat er syn fertsjinne lean wol krije sil, sette in hege priis op syn holle. Te let arrivearret Rek, dy't einlings ôfweeft hat mei har suster Grackik, mar se is moai op 'e tiid om har troch Sira ûnthjitten beleanning op te easkjen. Faitlen is ûntsnapt, mar mei har bûnsgenoaten, âld en nij, op sleeptou set Sira koerts nei de planeet Camos, dêr't se alle leden fan 'e Clan (minder as tûzen yn totaal) gearropt. Faitlen, dy't syn plannen smeid hie sûnder de oare leden fan 'e Ried fan 'e Clan dêrby te belûken, wurdt deade troch Sira har heit Jarad, net om't er syn dochter tenei kommen is, mar om't er besocht hie him te bedragen.

Bowman hat inkele ûnbekenden meinommen nei de gearkomste, dat leden fan 'e ried fan tafersjoch fan it Hannelspakt blike te wêzen. Twa fan sokken hawwe it rjocht en nûgje in nij ras fan wêzens út om lid fan dy konfederaasje te wurden. No wurdt de Clan dêrta útnûge, sadat se yn 'e takomst de beskerming fan it Hannelspakt genietsje sille, mar ek sadat oare rassen yn 'e takomst tsjin harren ynminging beskerme wêze sille. By in stimming fan 'e Ried fan 'e Clan dy't unanym wêze moat, is Jarad di Sarc de iennichste dy't tsjinstimt. Hy mient in oerwinning behelle te hawwen, mar dan bringt Sira him swietkes yn 't sin dat sy Keazene is no't har parnerbân mei Morgan folslein is. En as Earste Keazene fan it Hûs di Sarc hat sy rjocht op 'e sit fan di Sarc yn 'e Ried fan 'e Clan. Jarad jout net sûnder slach of stjit op, mar nei't Sira him yn in mentaal duël ferslein hat en hy him slûksturtsjend ôfjûn hat, wurdt sy as lid opnommen yn 'e Ried fan 'e Clan. De stimming wurdt nochris oerdien en om't der dan unanimiteit blykt te wêzen, wurdt de Clan lid fan it Hannelspakt.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
The Clan Chronicles
Stratification: Reap the Wild Wind • Riders of the Storm • Rift in the Sky | The Trade Pact: A Thousand Words for Stranger • Ties of Power • To Trade the Stars | Reunification: This Gulf of Time and Stars • The Gate to Futures Past • To Guard Against the Dark