Reap the Wild Wind (roman)
Reap the Wild Wind is in science fiction-roman mei dúdlike fantasy-eleminten fan 'e hân fan de Kanadeeske skriuwster Julie E. Czerneda. De titel betsjut: "Rispje de Wylde Wyn". It boek foarmet it earste diel fan 'e Stratification-trilogy, dy't ta de romansearje The Clan Chronicles heart. Hoewol't it it fjirde boek fan 'e dy rige wie, dat publisearre waard, is Reap the Wild Wind yn 'e ynterne gronology fan The Clan Chronicles it alderearste diel. It boek fertelt it ferhaal fan Aryl Sarc, in jonge frou fan 'e Clan, dy't op 'e planeet Cersi libbet yn 'e tiid dat dy troch de minskheid ûntdutsen wurdt. Reap the Wild Wind is skreaun yn it personele perspektyf en waard yn 2007 publisearre troch de New Yorkske útjouwerij DAW Books.
Reap the Wild Wind | ||
algemiene gegevens | ||
auteur | Julie E. Czerneda | |
taal | Ingelsk | |
foarm | roman | |
sjenre | science fiction | |
1e publikaasje | 2007, New York | |
oarspr. útjwr. | DAW Books | |
rige | ||
rige | The Clan Chronicles | |
● foarich diel | ― (1e diel) | |
● folgjend diel | Riders of the Storm | |
kodearring | ||
ISBN | 978-0 75 64 04 871 |
Ynhâld
bewurkje seksjeOp 'e planeet Cersi libje de Om'ray, in ras fan bûtenierdske wêzens dy't der krekt sa útsjogge as minsken, mar dat net binne. De Om'ray, dy't letter bekend komme sille te stean as 'de Clan', binne op Cersi ferdield yn sân hast folslein isolearre faninoar libjende clans. De gebieten dy't dy clans faninoar skiede, wurde bewenne troch twa oare bûtenierdske rassen: de Oud en de Tikitik. Inkeld jonge manlike Om'ray (de saneamde ûnKeazenen) meie ienris yn harren libben, by in ritueel dat 'Passaazje' hjit, de gebieten fan 'e Oud en de Tikitik trochkruse, as se geslachtsryp wurde en de lokrop fan in froulike Om'ray (in Kiezer) fan in oare clan beäntwurdzje.
Alle trije rassen leauwe dat se lânseigen binne op Cersi, en fan it bestean fan oare planeten hawwe se gjin weet. Hja libje freedsum, sij it net yn harmony, op Cersi gear troch in grûnslach fan twa ûnoantaastbere begjinsels:
- Sa't de wrâld is, hat er altyd west en moat er ek altyd bliuwe.
- Dêrom mei neat op 'e wrâld feroarje.
Mindere, mar like ûnbûchsume regels behearskje alle kontakten tusken de trije rassen. As de minskheid lykwols de planeet Cersi ûntdekt en der begjint om te sneupen, komme boppesteande begjinsels foar it earst sûnt de Om'ray har heuge kinne, yn 'e knipe en ûntstiet der ûntsjinkearber feroaring.
Aryl Sarc is in jonge Om'ray-frou fan seldsum sterke telepatyske fermogens, dy't ta de Yena heart, in clan fan minder as trijehûndert leden. De Yena liede heech yn 'e beammen fan in oerwâld boppe in troch deadlike rôfdieren bewenne moeras in primityf bestean as jager-sammelders. Ienris yn it jier as de M'hir-wyn fan 'e bergen waait, litte de rastis-beammen harren siedpûden fleane, dy't fol sitte mei dresel. Dat is in fiedingsstof foar de jonge rastis-plantsjes, mar it is ek de foarnaamste itensboarne foar de Yena. De siedpûden moatte lykwols fluch byinoar socht wurde, want as se yn sinneskyn telâne komme, begjin de jonge plantsjes as wylden te groeien, en is de dresel binnen in pear oeren ûnytber. As se yn it skaad bedarje, bliuwt de dressel wat langer goed, mar ek net mear as in pear dagen. Pas nei't de dresel troch de Yena foarbakt is, kin it in jier lang opslein en iten wurde.
Reap the Wild Wind set útein as de M'hir begjint te waaien en in stikmannich spesjaal útkarde Yena har opmeitsje om 'e dresel te rispjen. Aryl sels is ta har teloarstelling net útkard, mar Bern Teerac, oan wa't se har yn it geheim fersein hat, wol. Mei har âldere broer Costa folget Aryl de rispers temûk nei de beamtoppen. Wylst de rispers dêr oan it wurk binne, wurde se observearre troch in ûnbekend fleanend objekt, dat sels wer observearre wurdt troch Aryl en Costa. Der folget in ramp as in groep rôffûgeleftige wastryls it fleanende ding oanfalt, mei as gefolch dat it eksplodearret. Troch de skokweach komme alle rispers te fallen, en Aryl en Costa ek. Aryl wit harsels as iennichste fêst te gripen, en yn uterste need rêdt se Bern troch him mei har mentale fermogens nei in grutte tûke ta te triuwen. Alle oare rispers, en ek Costa, fine lykwols de dea, en de hiele rispinge giet ferlern.
Neitiid ûntdekt Aryl, dy't sels net wit wat se dien hat, dat teleportaasje in fermogen is dat mank de Om'ray soms foarkomt, hoewol nea sa sterk as by har. Mar it is in ferbean talint, dat ferburgen holden wurde moat, om't it in feroaring is dy't tsjin 'e ôfspraken mei de Oud en de Tikitik yngiet. Wat ek tsjin dy ôfspraken yngiet, is dat de Yena net genôch dresel hawwe om oan 'e Tikitik te jaan yn ruil foar ljochtjaande technology dy't nachts de gefaarlike rôfdieren fan it oerwâld by harren wenten wei hâldt. Aryl har mem, Taisal di Sarc, de Sprekster fan 'e Yena, ûnderhannelet mei de Sprekker fan 'e Tikitik, en hja komme ta in kompromis: de Yena jouwe de helte (ynstee fan twatrêde part) fan harren dresel oan 'e Tikitik en krije yn ruil dêrfoar in sels útkeazen diel fan 'e nedige technology.
Dat betsjut lykwols noch altyd dat der fierstente min iten is om it jier troch te kommen. Drastyskte maatregels binne nedich om in kâns te hawwen om te oerlibjen. Yn it foarste plak wurde alle geslachtsripe jongemannen op Passaazje stjoerd sadat der minder mûlen binne om te foljen. Under harren is ek Bern Teerac, en sa moat de fereale Aryl tasjen hoe't har frijer ôfset út Yena op 'e siik nei in nij bestean en in oare frou by ien fan 'e oare Om'ray-clans.
Tink derom: Yn de tekst hjirûnder wurdt de ôfrin fan it ferhaal beskreaun.
As jo it ferhaal sels lêze wolle, is it mooglik better dat jo it no folgjende diel fan 'e plotbeskriuwing (earst noch) net lêze. |
As Aryl letter, op 'e sneup nei de krap oanwêzige ytbere fruchten fan it oerwâld, op frjemdlingen stjit dy't dúdlik deselde technology brûke as it fleanende ding dat ûnder de rispinge ûntploft is, wurdt se dêrnei troch in groep Tikitik ûntfierd. De lieder fan dy groep neamt himsels Tinzereizger, en jout Aryl de namme Yn-Ofsûndering-fan-Oaren. Hy wol dat Aryl har bejout nei in basis dy't de frjemlingen midden yn 'e foar de Tikitik hillige Mar fan Fjoer fêstige hawwe. Dêr moat hja foar him spionearje; hy riddenearret dat de frjemdlingen in Om'ray earder fertrouwe sille as in Tikitik, om't de frjemdlingen en de Om'ray as twa drippen wetter opinoar lykje. Aryl hat gjin oare kar as om oan Tinzreizger syn easken te foldwaan.
Ienris oankommen by it bouwurk dat de frjemdlingen yn 'e mar oanlein hawwe, docht bliken dat inkeld guon fan harren op 'e Om'ray lykje. Boppedat is de konfrontaasje mei de "hast-Om'ray" foar Aryl mislikmeitsjend om't er krekt in Om'ray liket, mar net liket te bestean as se telepatysk nei him rikt. Der binne trije fan de frjemdlingen yn 'e basis: in "hast-Om'ray" dy't himsels Marcus Bowman neamt en seit dat er in "Minske" is, in reuseftich kreefteftich wêzen (in "Carasiaan") dat Janex Jymbobobii hjit en in graatmeager fragyl wêzen (in "Trant") dat harket nei de namme Pilip. Aryl hat al rillegau genôch ynformaasje dy't Tinzereizger hawwe wol, want de frjemdlingen sizze dat se har taal leard hawwe te praten trochdat se al langere tiid kontakten ûnderhâlde mei de Oud. Ek fertelle se har dat de Oud harren útnûge hawwe om nei de wrâld te kommen. It probleem is lykwols dat se Aryl net wer gean litte wolle, sadat se gjin mooglikheid hat om dy ynformaasje oan Tinzereizger oer te bringen.
Aryl ûntdekt fierders dat de frjemdlingen yn 'e Mar fan Fjoer ynteressearre binne fanwegen de oerâlde ruïnes dy't har op 'e boaiem yn 'e midden fan 'e mar befine. It is foar Aryl, dy't har hiele libben lang leard hat dat de wrâld is sa't er altyd west hat, tige dreech om har foar te stellen dat de Mar fan Fjoer ea drûch lân west hat. En dat is noch mar ien fan 'e radikale ideeën dêr't de frjemdlingen har de holle mei folstopje. Nei in stikmannich dagen wurde de trije frjemdlingen troch oare frjemdlingen nei in oar plak op 'e wrâld roppen, dêr't nei't it skynt in ûntdekking dien is. Se nimme Aryl mei yn ien fan harren fleanende masines, mar ûnderweis, as se leech oer it blêdedak fan it oerwâld fleane, wurde se oanfallen troch de Tikitik. De fleanende masine wit te ûntkommen, mar is slim skansearre rekke, en oan 'e foet fan 'e bergen stoart er del. Aryl har libben wurdt dêrby rêden troch Janex Jymbobobii, dy't har mei har eigen lichem beskermet en dêrtroch sels de dea fynt. Ek Pilip komt om, sadat Aryl en Marcus Bowman tegearre oerbliuwe. Aryl rêdt Marcus it libben troch him mei te nimmen nei in âlde Yena-ynstallaasje yn 'e bergen dy't "de Wachters" hjit. (Dat binne lange buizen dy't lûd toetsje as de M'hir-wyn dertrochhinne waait, wat foar de Yena de warskôging is dat se sjen moatte dat se de siedpûden rispje.)
In twadde ferhaalline fan it boek folget de metaalbewurker Enris Mendolar, dy't diel útmakket fan 'e Om'ray-clan Tuana. De Tuana wenje op 'e iepen flakte en binne foar it meastepart lânbouwers. Se hawwe gjin kontakt mei de Tikitik, mar nammenste mear mei de Oud. Dy bringe Enris op in dei in mysterieus stikje technology, mei de fraach om út te sykjen wat it is. Troch in protte eksperimintearjen ûntdekt er dat it in opname-apparaat is, dêr't stimmen op fêstlein binne dy't in taal sprekke dy't er net ferstean kin. It meast riedseleftige is lykwols dat der in hângreep op sit, dêr't de fingers fan in Om'ray persiis yn passe, wylst de Om'ray al harren technology fan 'e Oud en de Tikitik krije.
Koarte tiid letter is Enris troch omstannichheden twongen om Tuana te ferlitten en op Passaazje te gean. Underweis wurdt er oanholden troch deselde Oud dy't him it opname-apparaat jûn hie, en dy't him no twingt om mei te kommen. Mei ien fan 'e fleanmasines fan 'e Oud bejouwe se har nei in plak yn 'e bergen, dêr't frjemdlingen dy't Enris noch nea sjoen hat en sels it bestean net iens fan fermoede, opgravings oan it dwaan binne. It docht bliken dat ien fan 'e fleanende tastellen fan 'e frjemdlingen delstoart is, en dat se dat net weromfine kinne. Om't der in Om'ray oan board wie, hat de Oud, dy't wit dat Om'ray inoar fan grutte ôfstân mei harren telepatyske fermogens weromfine kinne, Enris meinommen. Dy wit sûnder muoite de iene Om'ray yn it berchlân te finen, dy't Aryl Sarc blykt te wêzen.
Nei't Marcus en Aryl rêden binne, wurde Aryl en Enris meinommen nei it kamp fan 'e frjemdlingen yn 'e bergen. Koart nei't se dêr arrivearje, wurdt der lykwols telepatysk alaarmslein yn Yena, in berjocht dat Aryl en Enris beide opfange. Yn wanhope teleportearret Aryl harren beiden nei Yena ta om te helpen. As se dêr by it fallen fan 'e nacht oankomme, docht bliken dat de Tikitik alle ljochten yn it doarp ûntmantele hawwe. Om't ljocht it iennichste is dat de hongerige rôfdieren op ôfstân hâldt dy't by nacht by de beammen op omheech klimme út it tsjustere moeras derûnder, betsjut dat de deastraf foar Yena. Trochdat Enris in fjoeroanstekker by him hat, slagget it Aryl en him om 'e rôfdieren dy nachts mei fjoer op in ôfstân te hâlden. (De Yena sels hawwe gjin materiaal om fjoer te meitsjen, mei't dat neffens harren ôfspraken mei de Tikitik strang ferbean is.) Dêrfoar moatte se wol it heale doarp ôfbaarne, mar se rêde dermei it libben fan it diel fan 'e Yena dat beskûl socht hat yn it mienskipshûs.
De oare moarns folget in konfrontaasje mei de Ynwijden (de lieders fan eltse Om'ray-mienskip), dêr't ek Aryl har mem Taisal di Sarc ta heart. De 'Kleasters', dêr't de Ynwijden wenje, binne in metalen bouwurk dat op in lytse ôfstân fan it doarp stiet. Eltse Om'ray-clan beskikt oer eigen Kleasters, dy't der allegear min ofte mear itselde útsjogge. Foarôfgeande oan 'e konfrontaasje mei de Tikitik hiene de âlden fan dagen en de bern fan Yena beskûl fûn yn 'e Kleasters. No skowe de Ynwijden Aryl en oaren lykas har, dy't oer nije mentale talinten beskikke, de skuld op 'e lea fan 'e dieden fan 'e Tikitik. It wurdt besletten, troch Taisal en de oare Ynwijden, dat sokke Yena ferballe en deaferklearre wurde moatte. Dêrnei sille se Tikitik om ferjeffenis freegje en hoopje se dat alles wer weromgean kin nei de status quo ante.
Aryl is poerrazen oer dit ferrie. Mei Enris en ienentweintich ferballe Yena ferlit se de Kleasters, mar de Tikitik behinderje harren om út Yena wei te gean. It is dúdlik dat dy blokkade duorje sil oant de nacht, as de rôfdieren mei de ballings ôfweve sille. Teleportaasje is yn it eachweid fan 'e Tikitik gjin opsje en boppedat kin Aryl net twaentweintich oaren tagelyk mei-teleportearje. Underwilens hat de reek fan 'e yn 'e brân stutsen wenten de oandacht lutsen fan 'e frjemdlingen, dy't ien fan harren op ôfstân bestjoerde waarnimmers stjoerd hawwe om te sjen wat der te rêden is. Enris is derfan oertsjûge dat de frjemdlingen ek hearre kinne wat der bart. Sadwaande rjochtet Aryl har dan streekrjocht ta Marcus Bowman. Hja bringt him yn 't sin dat se yn 'e bergen syn libben rêden hat, en freget him no syn skuld yn te lossen troch de libbens fan harsels en de oare ballingen te rêden. Marcus harket nei har en komt mei in grut loftskip dêr't er de ballingen, ta konsternaasje fan 'e Tikitik, mei evakuëarret.
De ballingen wurde nei Grona ta brocht, in oare Om'ray-clan, dy't krekt as de Tuana op 'e flakte fan 'e Oud libbet. Dêr wurde de ballingen wolkom hjitten en yn 'e mienskip opnommen, hoewol't se stilhâlde ûnder hokker omstannichheden oft se Yena krekt ferlitten hawwe. Ek de rol fan Marcus Bowman wurdt ferswein; ynstee sizze se dat de Oud harren nei Grona ta flein hawwe. Noch Enris, noch Aryl fiele har thús yn Grona, en Enris makket plannen om troch te reizgjen nei Vyna, de fierste en riedseleftichste Om'ray-clan, dêr't nimmen by minskewitten wat fan heard hat, mar dy't dúdlik noch bestiet (sa kinne alle Om'ray mei harren telepatyske fermogens fiele). Aryl moetet yn Grona har âlde frijer Bern Teerac wer, dy't no Bern sud Caraat hjit, mei't er 'keazen is' troch Oran di Caraat, in Kiezer fan Grona. Hja is, nettsjinsteande har jonge jierren, ek in Ynwijde, en Aryl merkt al rillegau dat de bân fan Bern en Oran net ien fan gelikensen is, mar dat Oran Bern oerhearsket. De Ynwijde hat gjin ynteresse yn oare lju behalven om se te brûken om sels machtiger te wurden yn har mentale fermogens. Trochdat Aryl Bern by de rispinge rêden hie en om't keazenen gjin geheimen foar inoar hawwe, wit Oran dat Aryl in nij talint foar teleportaasje hat.
As Oran dúdlik makket dat se dat fermogen sels ek hawwe wol en dat se ferwachtet dat Aryl it har leare sil, beslút Aryl dat der yn Grona gjin plak foar har is. Se draait har om en rint streekrjocht it doarp út. Se wit noch net wêr't se hinne sil, mar se is wisberet om harsels net wer dingen oplizze te litten troch Ynwijden. In eintsje bûten it doarp wurdt se byhelle troch Enris, dy't seit dat er wat foar har meibrocht hat. As er oer syn skouder wiist, merkt Aryl pas dat sy beiden folge wurde troch alle ballingen út Yena.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|