Julie E. Czerneda
Julie E. Czerneda (11 april 1955) is in Kanadeesk biologe, publisiste, redaktrise en skriuwster fan romans en koarte ferhalen, dy't ta de sjenres fan science fiction en fantasy hearre. Hja is benammen bekend wurden mei har science fiction-wurk, wêrûnder har earste roman, A Thousand Words for Stranger, en In the Company of Others, dêr't hja yn 2001 de Prix Aurora mei wûn. Sûnt de milenniumwiksel hat Czerneda har ûntjûn ta ien fan 'e meast foaroansteande Kanadeeske science fiction- en fantasy-auteurs.
Julie E. Czerneda | ||
skriuwer | ||
Julie E. Czerneda (sittend) op 'e Polaris science fiction-konvinsje. | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
echte namme | Julie E. Czerneda | |
nasjonaliteit | Kanadeesk | |
berne | 11 april 1955 | |
berteplak | ? (Kanada) | |
etnisiteit | Angelsaksysk Kanadeesk | |
wurk | ||
taal | Ingelsk | |
sjenre | SF, fantasy, non-fiksje | |
bekendste wurk(en) |
A Thousand Words for Stranger In the Company of Others Species Imperative-trilogy | |
útjouwer | DAW Books | |
prizen | Prix Aurora 2001 | |
jierren aktyf | 1993 – no | |
offisjele webside | ||
www.czerneda.com |
Libben en karriêre
bewurkje seksjeCzerneda waard berne yn 1955, yn Sintraal of Eastlik Kanada. Har heit tsjinne yn 'e Kanadeeske Loftmacht en waard nochal ris oerpleatst, dat se groeide op op loftmachtbases yn Ontario, Nij-Skotlân en op Prins Edwardeilân. Nei't har heit ôfswaaid wie, sette it gesin him nei wenjen yn Mississauga, yn Ontario, oan 'e igge fan 'e Ontariomar. Czerneda studearre biology yn Waterloo, Saskatoon en Kingston, en mette yn dy tiid skiekundestudint Roger Czerneda, dy't fan Poalsk komôf is en mei wa't hja letter trouwe soe. Czerneda en har man krigen twa bern, Jennifer en Scott, en fêstigen har úteinlik yn it ôfhandige Orillia.
Nei't se in stikmannich jierren as biologe en ûndersykster wurke hie op it mêd fan bistekommunikaasje, sette Czerneda yn 'e twadde helte fan 'e njoggentiger jierren serieus útein mei it skriuwen fan science fiction- en fantasyboeken en -ferhalen. Mei skriuwen pielde se lykwols as sûnt har jonkheid, doe't se ris in boek lêzen hie wêrfan't de ein har net oanstie. Har mem joech har doe in typmasine en sei dat se dan har eigen ein mar skriuwe moast.
Czerneda har earste roman, A Thousand Words for Stranger, kaam yn 1997 út by de Amerikaanske útjouwerij DAW Books, dy't sûnt altyd har fêste útjouwer bleaun is. Dat wie in science fiction-boek oer Sira, in frou dy't har ûnthâld kwytrekke is en as ferstekling op in lyts romtefrachtskip meifard. Hoewol't sy en kaptein Morgan, de frachtfarder, inoar earst net fertrouwe, reitsje se opinoar oanwiisd as bliken docht dat Sira om mysterieuze redens troch machtige fijannen neisitten wurdt. A Thousand Words for Stranger wie it earste diel fan 'e Trade Pact-trilogy, dy't Czerneda ferfolge mei Ties of Power (1999) en foltôge mei To Trade the Stars (2002).
Tsjin dy tiid hie se ek Beholder's Eye (1998) en Changing Vision (2000) al útbrocht (de earste beide dielen fan 'e Web Shifters-trilogy, oer de aventoeren fan 'e froulike foarmferoarer Esen-alit-Quar) en teffens it himsels steande In the Company of Others (2001), dêr't se de Prix Aurora mei wûn foar bêste roman. In oare rûnom priizge publikaasje fan Czerneda wie har Species Imperative-trilogy, dy't tusken 2004 en 2006 útkaam, en gie oer biology, polityk en it oerlibjen fan 'e minskheid yn in ynterstellêre takomst mei withoefolle rassen fan bûtenierdske wêzens. Sûnt de iuwwiksel hat Czerneda har ûntjûn ta ien fan 'e meast foaroansteande Kanadeeske science fiction- en fantasy-auteurs.
Njonken har karriêre as fiksjeskriuwster hat Czerneda ek in stikmannich blomlêzings fan science fiction- en fantasyferhalen redigearre. Fierders hat se ferskate non-fiksjeboeken publisearre oer biologyske ûnderwerpen, karriêrekar foar jongfolwoeksenen en it ûnderwiis fan eksakte fakken. Op dat lêste mêd rette se yn No Limits: Developing Scientific Literacy Using Science Fiction learaars oan en brûk science fiction om 'e ynteresse fan 'e learlingen te wekjen en fêst te hâlden.
Wurk
bewurkje seksjeRomans
bewurkje seksje- science fiction
- The Clan Chronicles (ek bekend as The Trade Pact Universe-rige)
- The Trade Pact
- 1997 – A Thousand Words for Stranger
- 1999 – Ties of Power
- 2002 – To Trade the Stars
- 2018 – Tales from Plexis (ferhalebondel)
- 2004 – Brothers Bound (koart ferhaal; prequel fan 'e Stratification-trilogy)
- Stratification (prequeltrilogy fan The Trade Pact)
- 2007 – Reap the Wild Wind
- 2008 – Riders of the Storm
- 2009 – Rift in the Sky
- Reunification (ferfolch op The Trade Pact)
- 2015 – This Gulf of Time and Stars
- 2016 – The Gate to Futures Past
- 2017 – To Guard Against the Dark
- The Trade Pact
- Webshifters-trilogy
- 1998 – Beholder's Eye
- 2002 – Prism: A Web Shifters Story (koart ferhaal; ferfolch op Beholder's Eye)
- 2000 – Changing Vision
- 2003 – Hidden in Sight
- 2005 – She's Such a Tasty Morsel: A Web Shifters Story (koart ferhaal)
- 2007 – A Touch of Blue: A Web Shifters Story (koart ferhaal)
- 2018 – The Only Thing to Fear (ferhalebondel)
- Web Shifter's Library-trilogy
- 2018 – Search Image
- 2020 – Mirage
- 2020 – Spectrum
- 1998 – Beholder's Eye
- 2001 – In the Company of Others
- 2004 – The Franchise (koart ferhaal; ferfolch op In the Company of Others)
- Species Imperative-trilogy
- 2004 – Survival
- 2005 – Migration
- 2006 – Regeneration
- 2016 – No Place Like Home (novelle)
- 2022 – To Each This World
- fantasy
- Night's Edge-rige
- 2013 – A Turn of Light
- 2014 – A Play of Shadow
- 2019 – A Dragon for William (koart ferhaal)
- 2019 – The Gossamer Mage
Koarte ferhalen
bewurkje seksje- 1997 – First Contact Inc. (yn First Contact)
- 1998 – Ware the Sleeper (yn Battle Magic)
- 1998 – Dear John (yn X the Unknown)
- 1999 – Prospect Park (yn Packing Fraction & Other Tales of Science and Imagination)
- 2000 – Down on the Farm (yn Far Frontiers)
- 2000 – The Passenger (yn Treachery & Treason)
- 2000 – The Midas Spell (yn Spell Fantastic)
- 2001 – Left Foot on a Blind Man (yn Silicon Dreams)
- 2002 – Prism: A Web Shifters Story (yn DAW's 30th Anniversary Anthology of Science Fiction; ferfolch op Beholder's Eye)
- 2003 – Bubbles and Boxes (yn New Voice in Science Fiction)
- 2003 – I Knew a Guy Once
- 2004 – Brothers Bound (yn Sirius the Dog Star; prequel fan 'e Stratification-trilogy)
- 2004 – Out of China (yn ReVisions)
- 2004 – Birthday Jitters (yn Haunted Holidays)
- 2004 – The Franchise (yn Space Stations; ferfolch op In the Company of Others)
- 2005 – She's Such a Tasty Morsel: A Web Shifters Story (yn Women of War)
- 2005 – Peel (yn Shadow of Evil)
- 2005 – What Sleeps in the Shallows Belongs to the Depths (yn Eeriecon Chapbook #4: The Buffalo Fantasy League; beheinde oplaach)
- 2005 – Over Suds (In Which Experts Discuss the Relevance of Homely Details...) (yn Alias Assumed: Sex, Lies and SD-6)
- 2006 – No Place Like Home! (yn Forbidden Planets)
- 2007 – A Touch of Blue: A Web Shifters Story (yn Heroes in Training)
- 2007 – Ascent (yn Fate Fantastic)
- 2008 – Gossamer Magic: Intended Words (yn Jim Baen's Universe Magazine)
- 2012 – Water Remembers (yn Tales of the Emerald Serpent)
- 2012 – Charity (yn When the Villian Comes Home)
- 2019 – A Dragon for William (koart ferhaal yn 'e wrâld fan Night's Edge)
Non-fiksje
bewurkje seksje- 1993 – Great Careers for People Interested in Living Things
- 1994 – Great Careers for People Who Like to Work with Their Hands
- 1996 – Great Careers for People Interested in Communications Technology (mei Victoria Vincent)
- 1996 – Great Careers for People Fascinated by Government and the Law (troch Anne Marie Males, mei bydragen fan Julie E. Czerneda en Victoria Vincent)
- 1998 – No Limits: Developing Scientific Literacy Using Science Fiction
- 1999 – Packing Fraction & Other Tales of Science and Imagination (lesboek mei science fiction-ferhalen)
Redaksje
bewurkje seksje- Tales from the Wonder Zone-blomlêzings
- 2002 – Stardust
- 2002 – Explorer
- 2002 – Orbiter
- 2004 – Odyssey
- 2007 – Polaris
- Realms of Wonder Fantasy-blomlêzings
- 2004 – Summoned to Destiny
- 2005 – Fantastic Companions
- 2006 – Mytspring
- op harsels steande blomlêzings
- 1999 – Packing Fraction & Other Tales of Science and Imagination
- 2003 – Space Inc.
- 2004 – ReVisions (mei Isaac Szpindel)
- 2007 – UNDER COVER of Darkness
- 2008 – Misspelled
- 2009 – Ages of Wonder
Prizen en nominaasjes
bewurkje seksjeJier | Priis | Resultaat | Kategory | Foar |
---|---|---|---|---|
2001 | Prix Aurora | wûn | bêste roman | In the Company of Others |
Keppelings om utens
bewurkje seksjeBoarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar oare boarnen en fierdere literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side. |